Ynstellingsbeslút konsultatyf orgaan Frysk

28 januari 2010

Nr. 2010-0000013769

De Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes,

Mei it each op kêst 7, fjirde lid, fan it Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden (Trb. 1993, 1 en 199; 1998, 20);

Mei it each op it Ramtferdrach oangeande it beskermjen fan nasjonale minderheden (Trb. 1995, 73 en 197; 2005, 77);

Mei it each op kêst 9, tsiende lid, fan de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2001 (Stcrt. 2001,125);

Beslút:

Kêst 1

Der is in konsultatyf orgaan foar de Fryske taal en kultuer, hjirnei te neamen: it KO Frysk.

Kêst 2

  • 1. It KO Frysk hat as taak om oan de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes te rapportearjen oer it ferlet en de winsken oangeande de Fryske taal en kultuer yn gearhing mei it Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden en mei it Ramtferdrach oangeande it beskermjen fan nasjonale minderheden.

  • 2. It KO Frysk hat fierders as taak om oan de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes advys út te bringen oer de útfiering fan de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2001 en fan de útfieringskonvenanten; soks yn gearhing mei it Europeesk Hânfest en it Ramtferdrach dêr’t yn it earste lid op doeld wurdt.

Kêst 3

  • 1. It KO Frysk bestiet út fiif leden, dêrûnder in foarsitter en in vice-foarsitter.

  • 2. De foarsitter, vice-foarsitter en oare leden fan it KO Frysk wurde, op foardracht fan dit orgaan, troch de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes beneamd foar in tiidrek fan op syn heechsten fjouwer jier.

  • 3. By it beneamen fan de foarsitter en de vice-foarsitter en by it beneamen fan de oare leden fan it KO Frysk wurdt rekken hâlden mei itjinge dat bepaald is yn kêst 12, tredde lid, fan de Ramtwet advyskolleezjes.

  • 4. It KO Frysk kin waarnimmers talitte.

Kêst 4

  • 1. Foar syn wurksumheden kriget de foarsitter fan it KO Frysk in fergoeding fan € 220,- de gearkomste.

  • 2. Foar harren wurksumheden krije de leden fan it KO Frysk dy’t dêrfoar yn ’e beneaming komme, in fergoeding fan € 170,– de gearkomste.

  • 3. De Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes fergoedet oan de leden fan it KO Frysk de reiskosten op basis fan iepenbier ferfier earste klas of op basis fan eigen ferfier, makke foar it bywenjen fan gearkomsten foar it KO Frysk, sûnder dat dêr bewiisstikken fan oerlein hoege te wurden.

  • 4. De fergoeding fan eigen ferfier berint de hichte fan it bedrach lykas neamd yn kêst 2 fan de Reisregeling binnenlân.

Kêst 5

  • 1. Ta skriuwer fan it KO Frysk wurdt beneamd: de skriuwer fan it Berie foar it Frysk.

  • 2. It KO Frysk wurdt yn syn wurksumheden bystien troch it buro fan it Berie foar it Frysk.

Kêst 6

It KO Frysk fiert de taken dy’t yn kêst 2 neamd wurde, út op grûn fan in twajierliks wurkprogram, dat yn nau oerlis mei it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes opsteld wurdt.

Kêst 7

It behear fan de stikken dy’t ferbân hâlde mei de wurksumheden fan it KO Frysk bart yn oerstimming mei de behearregels, op grûn fan de Argyfwet 1995 en it Argyfbeslút 1995. De oanbelangjende stikken wurde nei beëinigjen fan de wurksumheden opburgen yn it argyf fan it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes.

Kêst 8

It Instellingsbesluit consultatief orgaan Friese Taalwurdt ynlutsen.

Kêst 9

Dit beslút giet yn op de twadde dei nei de datum fan útjefte fan de Staatscourant dêr’t it yn pleatst wurdt.

Kêst 10

Dit beslút wurdt oanhelle as: Ynstellingsbeslút Konsultatyf Orgaan Frysk 2010.

Dit beslút wurdt mei de taljochting yn de Nederlânske taal en de Fryske taal yn de Staatscourant publisearre.

In ôfskrift fan dit beslút wurdt stjoerd oan de Algemiene Rekkenkeamer en oan it KO Frysk.

De Minister fan Ynlanske Saken en Keninkryksrelaasjes,

G. ter Horst.

TALJOCHTING

Op 15 jannewaris 1998 hat de Steatssiktaris fan Ynlânske Saken it Konsultatyf Orgaan foar de Fryske taal (hjirnei te neamen: KO Frysk) ynsteld. Ut krêft fan it Instellingsbesluit consultatief orgaan Friese taal (Staatscourant 1998, nû. 33, 14 maart 2002) hat dit orgaan as taak om oan de Minister fan Ynlânske Saken te rapportearjen oer it ferlet en de winsken oangeande de Fryske taal en kultuer yn gearhing mei it Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden en om te advisearjen oer de útfiering fan de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer. In stikmannich saken jouwe oanlieding ta it ferfangen fan dat ynstellingsbeslút.

Mei it ratifisearjen troch Nederlân fan it Ramtferdrach oangeande it beskermjen fan nasjonale minderheden wurdt oan it orgaan ek in rapportearjende rol jûn oangeande it ferlet en de winsken oanbelangjende de Friezen as nasjonale minderheidsgroep. Nederlân hat dat ferdrach fan tapassing ferklearre op de Friezen. Dizze nije taak is ferwurde yn kêst 2, earste lid, fan it nije Ynstellingsbeslút. Om’t it net inkeld en allinne mear giet om de Fryske taal, mar ek om de Friezen as nasjonale minderheid wurdt de namme fan it orgaan wizige yn Konsultatyf Orgaan Frysk.

Yn kêst 3 is de beneamingsproseduere fan de foarsitter en de leden aktualisearre. It KO Frysk bestiet út fiif leden, dêrûnder in foarsitter en in vice-foarsitter. Beneamingsbesluten oangeande it KO Frysk wurde publisearre yn de Staatscourant. It beneamen fan leden fynt net pleats fia it Ynstellingsbeslút mar yn in apart beslút. Neffens kêst 12, tredde lid, fan de Ramtwet advyskolleezjes wurdt by it beneamen fan foarsitter, vice-foarsitter en oare leden fan it KO Frysk út soarte stribbe nei evenredige dielnimming fan froulju en manlju yn it orgaan. Fierders kin it KO Frysk saakkundigen talitte by syn gearkomsten.

Yn kêst 4 is fêstlein dat de foarsitter en de leden foar elke gearkomste in fergoeding krije neffens de Wet fergoedings advyskolleezjes en kommisjes en it Beslút fergoedings advyskolleezjes en kommisjes. Fierders is yn kêst 4, tredde lid, foarsjoen yn de fergoeding fan de reiskosten foar it bywenjen fan gearkomsten foar it KO Frysk. Dêrby wurdt foar de kosten foar eigen ferfier oansletten by kêst 2 fan de Reisregeling binnenlân.

Kêst 5 bepaalt dat ta skriuwer fan it KO Frysk beneamd wurdt de skriuwer fan it Berie foar it Frysk. Dizze skriuwer stiet it KO Frysk by yn syn wurksumheden.

Kêst 6 bepaalt dat it KO Frysk syn taken útfiert op grûn fan in twajierliks wurkprogram. It wurkprogram wurdt yn oerlis mei it ministearje fan BZK opsteld.

Kêst 7 regelet de argivearring fan de stikken fan it KO Frysk en de oerdracht fan it argyf oan BZK nei beëinigjen fan de wurksumheden.

De Minister fan Ynlanske Saken en Keninkryksrelaasjes,

G. ter Horst.

Naar boven