Convenant Friese taal in het onderwijs 2011

Partijen:

– De Minister van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap, de Minister van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties en de Minister van Economische Zaken, Landbouw en Innovatie, allen handelend als bestuursorgaan en als vertegenwoordiger van de Staat der Nederlanden, hierna gezamenlijk te noemen het Rijk, ieder voor zover het zijn verantwoordelijkheid betreft,

– Provincie Fryslân, te dezen rechtsgeldig vertegenwoordigd door de commissaris van de Koningin, en hierna te noemen de provincie,

Overwegende dat

het, gelet op:

  • het rapport Ruimte, Regie en Rekenschap van de Commissie decentralisatievoorstellen provincies onder leiding van mevrouw Lodders (2008),

  • het Bestuursakkoord Rijk-provincies 2008–2011,

  • het advies van de Stuurgroep decentralisatie Friese taal van Rijk naar de provincie Fryslân, Fries in het onderwijs: meer ruimte, regie en rekenschap voor de provincie Fryslân, onder leiding van mr. R.J. Hoekstra (2010), en

  • de brief van de Minister van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap en de Minister van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties aan de Voorzitter van de Tweede Kamer der Staten-Generaal, van 30 juni 2011, Kamerstukken II 2010/11, 31293 31289, nr. 105,

wenselijk is om de provincie Fryslân meer dan voorheen te betrekken bij het rijksbeleid inzake de Friese taal in het onderwijs, en

het, vooruitlopend op de totstandkoming van een wettelijke regeling die in voorbereiding is ingevolge hierboven genoemde brief, die beoogt erin te voorzien dat provinciale staten van Fryslân de bevoegdheid krijgen tot het vaststellen van de kerndoelen Fries en dat de mogelijkheid tot ontheffing ten aanzien van het vak Fries wordt uitgebreid met de mogelijkheid van gedeeltelijke ontheffing, wenselijk is een en ander dienaangaande vast te leggen;

Komen overeen:

Artikel 1. Kerndoelen

  • 1. De kerndoelen Fries die bij algemene maatregel van bestuur zijn vastgesteld op grond van artikel 9 van de Wet op het primair onderwijs en op grond van artikel 13 van de Wet op de expertisecentra, en de kerndoelen Friese taal en cultuur die bij algemene maatregel van bestuur zijn vastgesteld op grond van artikel 11e van de Wet op het voortgezet onderwijs, worden niet gewijzigd dan nadat over het ontwerp van zo een wijziging door de Minister van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap aan gedeputeerde staten van Fryslân advies is gevraagd en dat advies is uitgebracht. Gedeputeerde staten brengen het advies binnen acht weken uit. De Minister van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap kan alleen gemotiveerd van het advies afwijken.

  • 2. De adviesprocedure, bedoeld in het eerste lid, brengt zo min mogelijk administratieve lasten voor scholen met zich mee.

Artikel 2. Ontheffing

  • 1. Gedeputeerde staten van Fryslân formuleren in samenwerking met het onderwijsveld criteria voor het verlenen van een ontheffing als bedoeld in artikel 9, vierde lid, van de Wet op het primair onderwijs, en als bedoeld in artikel 11e, eerste lid, van de Wet op het voortgezet onderwijs, die op voldoende draagvlak kunnen rekenen bij de scholen. Gedeputeerde staten treden over de geformuleerde criteria in overleg met de Minister van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap.

  • 2. Gedeputeerde staten van Fryslân formuleren in samenwerking met het onderwijsveld criteria voor het verlenen van gedeeltelijke ontheffing van de kerndoelen Fries in het primair onderwijs en van de kerndoelen Friese taal en cultuur in voortgezet onderwijs, welke criteria op een voldoende draagvlak kunnen rekenen bij de scholen, met het oog op de mogelijkheid tot gedeeltelijke ontheffing zoals die onderdeel is van de in voorbereiding zijnde wettelijke regeling ingevolge de brief van de Minister van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap en de Minister van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties aan de Voorzitter van de Tweede Kamer der Staten-Generaal, van 30 juni 2011, Kamerstukken II 2010/11, 31293 31289, nr. 105, die beoogt erin te voorzien dat de mogelijkheid tot ontheffing ten aanzien van het vak Fries wordt uitgebreid met de mogelijkheid van gedeeltelijke ontheffing.

  • 3. Het is van groot belang dat de criteria, bedoeld in het eerste en tweede lid, zo min mogelijk administratieve lasten voor scholen met zich meebrengen.

Artikel 3. Overleg

Omtrent de uitvoering van de activiteiten van dit convenant wordt ten minste eenmaal per jaar door de partijen overleg gevoerd.

Artikel 4. Looptijd

  • 1. Dit convenant treedt in werking met ingang van de dag na ondertekening van dit convenant, en eindigt op het tijdstip van inwerkingtreding van de wettelijke regeling die ingevolge de brief van de Minister van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap en de Minister van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties aan de Voorzitter van de Tweede Kamer der Staten-Generaal, van 30 juni 2011, Kamerstukken II 2010/11, 31293 31289, nr. 105, in voorbereiding is en die erin voorziet dat provinciale staten van Fryslân de bevoegdheid krijgen tot het vaststellen van de kerndoelen Fries en dat de mogelijkheid tot ontheffing ten aanzien van het vak Fries wordt uitgebreid met de mogelijkheid van gedeeltelijke ontheffing.

  • 2. Indien het parlement het wetsvoorstel, bedoeld in het eerste lid, niet aanneemt, overleggen partijen over de voortzetting van dit convenant.

Artikel 5. Opzegging

Een partij kan dit convenant met inachtneming van een opzegtermijn van zes maanden schriftelijk tussentijds opzeggen, met opgaaf van redenen en na overleg met de andere partij.

Artikel 6. Vertaling en publicatie

  • 1. Dit convenant is opgesteld in de Nederlandse- en in de Friese taal. Ingeval van verschillen tussen de Nederlandse tekst en de Friese tekst, is eerstgenoemde tekst leidend.

  • 2. De tekst van dit convenant wordt in de Nederlandse- en Friese taal gepubliceerd in de Staatscourant.

Artikel 7. Citeertitel

Dit convenant wordt aangehaald als: Convenant Friese taal in het onderwijs 2011.

Aldus overeengekomen in tweevoud, op 22 december 2012 te ’s-Gravenhage,

De Staat der Nederlanden,

De Minister van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap, mede namens: de Minister van Economische Zaken, Landbouw en Innovatie,

De Minister van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties,

Provincie Fryslân,

De commissaris van de Koningin in de provincie Fryslân,

BIJLAGE

Konvenant Fryske taal yn it ûnderwiis 2011

Partijen:

  • De Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en de Minister fan Ekonomyske Saken, Lânbou en Ynnovaasje, elk foar oer hanneljend as bestjoersorgaan en as fertsjintwurdiger fan de Steat fan de Nederlannen, hjirnei oantsjut as it Ryk, elk foarsafier’t it syn ferantwurdlikheid oanbelanget,

  • Provinsje Fryslân, hjirre rjochtsjildich fertsjintwurdige troch de kommissaris fan de Keninginne, en hjirnei oantsjut as de provinsje;

Yn berie nimmend dat

it, mei it each op:

  • it rapport Ruimte, Regie en Rekenschap fan de Kommisje desintralisaasje-útstellen provinsjes ûnder lieding fan frou Lodders (2008),

  • it Bestjoersakkoart Ryk-provinsjes 2008-2011,

  • it advys fan de Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal fan Ryk nei de provinsje Fryslân ta, Fries in het onderwijs: meer ruimte, regie en rekenschap voor de provincie Fryslân, ûnder lieding fan mr. R.J. Hoekstra (2010), en

  • it brief fan de Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip en de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes oan de Foarsitter fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal, fan 30 juny 2011, Keamerstikken II 2010/11, 31293 31289, nr. 105,

winsklik is om de provinsje Fryslân mear as foarhinne te beheljen yn it ryksbelied oangeande de Fryske taal yn it ûnderwiis, en

it, foarútrinnend op it ta stân kommen fan in wetlike regeling dy’t yn tarieding is nei oanlieding fan it hjirboppe neamd brief en dy’t der yn foarsjen wol dat provinsjale steaten fan Fryslân it foech krije om de kearndoelen Frysk fêst te stellen en dat de mooglikheid fan ûntheffing oangeande it fak Frysk útwreide wurdt mei de mooglikheid fan parsjele ûntheffing, winsklik is om datoangeande ien en oar fêst te lizzen;

Komme oerien:

Kêst 1. Kearndoelen

  • 1. De kearndoelen Frysk dy’t by algemiene maatregel fan bestjoer fêststeld binne op grûn fan kêst 9 fan de Wet op it primêr ûnderwiis en op grûn fan kêst 13 fan de Wet op de ekspertizesintra, en de kearndoelen Fryske taal en kultuer dy’t by algemiene maatregel fan bestjoer fêststeld binne op grûn fan kêst 11e fan de Wet op it fuortset ûnderwiis wurde earst feroare as oer it ûntwerp fan sa’n feroaring troch de Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip oan deputearre steaten fan Fryslân advys frege is en dat advys útbrocht is. Deputearre steaten bringe it advys binnen acht wike út. De Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip kin allinnich mei opjefte fan reden fan it advys ôfwike.

  • 2. De advysproseduere, neamd yn it earste lid, liedt ta sa min mooglik administrative lêsten foar skoallen.

Kêst 2. Untheffing

  • 1. Deputearre steaten fan Fryslân formulearje yn oparbeidzjen mei it ûnderwiisfjild kritearia foar it jaan fan in ûntheffing yn de sin fan kêst 9, fjirde lid, fan de Wet op it primêr ûnderwiis, en fan kêst 11e, earste lid, fan de Wet op it fuortset ûnderwiis, dy’t op foldwaande draachflak by de skoallen rekkenje kinne. Deputearre steaten hawwe mei de Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip oerlis oer de formulearre kritearia.

  • 2. Deputearre steaten fan Fryslân formulearje yn oparbeidzjen mei it ûnderwiisfjild kritearia foar it jaan fan parsjele ûntheffing fan de kearndoelen Frysk yn it primêr ûnderwiis en fan de kearndoelen Fryske taal en kultuer yn it fuortset ûnderwiis, kritearia dy’t op foldwaande draachflak by de skoallen rekkenje kinne, mei it each op de mooglikheid fan parsjele ûntheffing dy’t ûnderdiel is fan de wetlike regeling dy’t yn tarieding is nei oanlieding fan it brief fan de Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip en de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes oan de Foarsitter fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal, fan 30 juny 2011, Keamerstikken II 2010/11, 31293 31289, nr. 105, dy’t der yn foarsjen wol dat de mooglikheid fan ûntheffing oangeande it fak Frysk útwreide wurdt mei de mooglikheid fan parsjele ûntheffing.

  • 3. It is tige wichtich dat de kritearia yn de sin fan it earste en twadde lid, ta sa min mooglik administrative lêsten foar skoallen liede.

Kêst 3. Oerlis

Oangeande de útfiering fan de aktiviteiten fan dit konvenant lizze de partijen op syn minst ienris yn it jier mei-inoar oer.

Kêst 4. Rintiid

  • 1. Dit konvenant giet yn op de dei nei it ûndertekenjen fan dit konvenant, en einiget wannear’t de wetlike regeling yngiet dy’t nei oanlieding fan it brief fan de Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip en de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes oan de Foarsitter fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal, fan 30 juny 2011, Keamerstikken II 2010/11, 31293 31289, nr. 105, yn tarieding is en dy’t deryn foarsjocht dat provinsjale steaten fan Fryslân it foech krije om de kearndoelen Frysk fêst te stellen en dat de mooglikheid fan ûntheffing oangeande it fak Frysk útwreide wurdt mei de mooglikheid fan parsjele ûntheffing.

  • 2. As it parlemint it wetsútstel, neamd yn it earste lid, net oannimt, lizze de partijen oer de fuortsetting fan dit konvenant oer.

Kêst 5. Opsizzing

In partij kin dit konvenant mei achtslaan fan in opsistermyn fan seis moanne skriftlik tuskentiids opsizze, mei opjefte fan reden en nei oerlis mei de oare partij.

Kêst 6. Oersetting en publikaasje

  • 1. Dit konvenant is opmakke yn de Nederlânske en de Fryske taal. As de Nederlânske tekst en de Fryske tekst ferskille, dan is de earstneamde tekst liedend.

  • 2. De tekst fan dit konvenant wurdt yn de Nederlânske en Fryske taal yn de Staatscourant publisearre.

Kêst 7. Siteartitel

Dit konvenant wurdt oanhelle as: Konvenant Fryske taal yn it ûnderwiis 2011.

Sa is oerienkommen yn twafâld, op 22 desimber 2011 te De Haach,

De Steat fan de Nederlannen,

De Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, mei út namme fan: de Minister fan Ekonomyske Saken, Lânbou en Ynnovaasje,

De Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes,

Provinsje Fryslân,

De kommissaris fan de Keninginne yn de provinsje Fryslân,

Naar boven