Waterschapsblad van Wetterskip Fryslân
Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
---|---|---|---|
Wetterskip Fryslân | Waterschapsblad 2020, 13399 | Beleidsregels |
Zoals vergunningen, bouwplannen en lokale regelgeving.
Adressen en contactpersonen van overheidsorganisaties.
U bent hier:
Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
---|---|---|---|
Wetterskip Fryslân | Waterschapsblad 2020, 13399 | Beleidsregels |
Beliedsplan de Fryske taal by Wetterskip Fryslân 2020-2024
Yn jannewaris 2014 is de Wet gebrûk Fryske taal (WgFt) fan krêft wurden. Dizze wet skriuwt foar dat de bestjoersorganen dy’t yn Fryslân funksjonearje en dy net ta de ryksoerheid rekkene wurde kinne- in beliedsplan oangeande it gebrûk fan de Fryske taal opstelle. En oer it gebrûk fan de Fryske taal yn skriftlike stikken en yn it mûnlinge ferkear moatte rigels fêststeld wurde yn in feroardering. De wet skriuwt net foar op hokker termyn beliedsplan en de rigels (de feroardering) klear wêzen moatte, mar omtrint seis jier nei ynfiering fan de wet wurdt it tiid dat ek Wetterskip Fryslân oan de ferplichtingen út de wet foldocht.
2. Wetlik ramt (ynternasjonaal, nasjonaal en provinsjaal)
Nederlân hat as lid fan de Rie fan Europa it ferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden ratifisearre. Ek is it Europeeske Hânfêst foar regionale en minderheidstalen troch Nederlân ûnderskreaun. Yn it Hânfêst is fêstlein dat de dielnimmende lannen wurkje oan in takomst dy’t ‘geunstich’ is foar talen. It Hânfêst jout hânfetten foar it beskermjen en befoarderjen fan minderheidstalen yn it deistige libben. Fan de lidsteaten wurdt frege soarch te dragen foar ûnderwiis yn de regionale of minderheidstaal, foar foarsjenningen yn de media, mar ek foar foarsjenningen yn it iepenbier bestjoer.
Yn Nederlân is de Fryske taal yn 1970 offisjeel erkend en sûnt binne der ferskate wetten ôfkundige en ôfspraken makke om de posysje fan it Frysk te boargjen. Op dit stuit binne yn dit ferbân fan belang de Wet gebrûk Fryske taal (WgFt) en de Bestuursafspraak Fryske Taal en Kultuer.
De WgFt is yn it plak kommen fan de Wet Frysk yn het Rjochtsferkear en parten fan de Algemiene Wet Bestjoersrjocht. It útgongspunt fan de WgFt is it waarboargjen fan de likense posysje fan it Frysk en it Nederlânsk. Troch de wet is it Orgaan foar de Fryske Taal yn it libben roppen. Dit orgaan hat taken ta oansjen fan de beskerming en befoardering fan de Fryske Taal en rapportearret oer hoe de Fryske bestjoersorganen mei de wet omgean. Fierderop mear oer de ynhâld fan de wet.
Op basis fan artikel 2a fan de WgFt slute Ryk en provinsje periodyk in ‘bestjoersôfspraak’ om de mienskiplike ferantwurdlikheid foar de Fryske taal en kultuer (fuortkommend út boppe neamd ferdrach en hânfêst) fêst te lizzen
De provinsje Fryslân hat omtrint de Fryske taal en kultuer in eigen rol en ferantwurdlikheid. It belied is foar de perioade 2017-2021 fêstlein yn it dokumint “Mei hert, holle en hannen 2017-2021.” De provinsje wol yn neamde perioade mei ynwenners, ynstellingen, oerheden en it Ryk wurkje oan in libben en krêftich Fryslân dêr’t kleur en smaak oansit. Ta beslút is der noch it Deltaplan Frysk. Dat plan jout prioriteit ta oan ûnder oaren de útfiering fan de taalwetjouwing en de ûntjouwing fan digitale helpmiddels. Foar de útfiering fan de taalwetjouwing is yn 2018 in provinsjale subsydzje beskikber kommen.
Foar Wetterskip Fryslân binne benammen 6 artikels út haadstik 2 fan de Wet gebrûk Fryske taal fan belang.
Yn artikel 3 wurdt regele dat ‘elkenien’ de Fryske taal brûke kin in het ferkear mei bestjoersorganen dy’t yn Fryslân funksjonearje. Dat jildt ek foar it ferkear mei de ûnder de ferantwurdlikheid fan it bestjoersorgaan wurkjende persoanen.
Artikel 4 regelet –komplemintêr oan artikel 3- dat bestjoersorganen en de ûnder har ferantwurdlikheid wurkjende persoanen harren binnen de provinsje Fryslân fan de Fryske taal betsjinje meie.
Oer en wer bestean der dus rjochten: de boarger mei him yn it Frysk ta de oerheid rjochtsje en de oerheid mei him yn it Frysk ta de boargers rjochtsje.
De leden 1 en 2 fan artikel 5 liede as folget:
Yn de provinsje Fryslân fêstige bestjoersorganen dy’t net oant de sintrale oerheid behearre, stelle rigels op oer it gebrûk fan de Fryske taal yn skriftlike stikken en yn it mûnling ferkear. De rigels befetsje yn elk gefal bepalingen rjochte op it fersterkjen fan de posysje fan de Fryske taal binnen it wurkgebiet fan it oanbelangjende bestjoersorgaan.
Yn 2010 is by WF de ‘oardering foar it gebrûk fan de Fryske taal yn it skriftlike ferkear’ fêststeld. Dizze feroardering moat neffens de wet dus oanfolle wurde mei in bepaling oer it gebrûk fan de Fryske taal yn it mûnlinge ferkear.
Yn artikel 7 wurdt regele yn hokker gefallen in yn it Frysk steld stik yn it Nederlânsk oerset wurde moat. Artikel 8 jout rigels oer it op fersyk oersetten fan yn it Frysk stelde stikken. Beide artikels sille by Wetterskip Fryslân nei alle gedachten net faak fan tapassing wêze om't it yn ús ynterprovinsjale wetterskip net gebrûklik is dat in dokumint útslutend yn it Frysk opsteld wurdt. (Dit beliedsplan foarmet in útsûndering. )
Artikel 9 giet oer it gebrûk fan it Frysk yn fertsjintwurdigjende organen, lykas bygelyks it AB. It artikel regelet dat it gebrûk fan it Frysk tastien is en dat de notulearring yn it Frysk plak fine moat. In bepaling dy ûnderwilens troch de technyk efterhelle is. No’t der byld- en lûdopnamen fan de gearkomsten makke wurde, is der fan ‘notulen’ gjin sprake mear.
(Mei it each op de nije technyk hat de EU yn 2016 rjochtlinen oannommen om ynformaasje en tsjinsten fan de oerheid foar elkenien tagonklik te meitsjen. De steatssekretaris fan Ynlânske Saken hat de rjochtline yn 2018 omset yn it Tijdelijk Besluit digitale toegankelijkheid overheid. Ut dat beslút folget dat de útstjoeringen fan de Wetterskipsgearkomsten (algemien bestjoer en kommisjes) fanôf 23 septimber 2020 nei ôfrin ûndertitele wurde moatte sadat minsken dy’t net mear in skerp gehoar ha yn in letter stadium kennis nimme kinne fan de gearkomsten fan de fertsjinwurdigjende organen. De Fryske Akademy wurket yn gearwurking mei de Radboud Universiteit oan in spraakwerkenningsprogramma wêrmei ek gearkomsten wêryn it Hollânsk en it Frysk trochinoar brûkt wurde, automatysk ûndertitele wurde. De Fryske gemeenten, de provinsje Fryslân en it Wetterskip wurkje hjiryn gear en betelje mei-inoar de kosten. It algemien bestjoer sil yn in letter stadium noch beslute moatte oer de datum fan yngong fan de ûndertiteling.
4. Hoe is it no yn de praktyk?
Yn it bestjoerlik sirkwy wurdt by Wetterskip Fryslân omraak Frysk praten. Fan de 25 leden fan it algemien bestjoer betsjinje gâns leden har yn 'e AB- en kommisjegearkomsten fan de Fryske taal . Oannimlik is dat it selde jildt foar it ferkear tusken bestjoerders en yngelannen. Amtners fan it wetterskip prate oer en wer op grutte skaal Frysk. Ek yn it ferkear mei de yngelannen is it brûken fan de Fryske taal de gewoanste saak fan de wrâld . Oangeande it mûnling ferkear jilde by Wetterskip ( noch ) gjin regels . Wol is artikel 2 fan de WgFt fan tapassing en dat betsjut dat elk der rekken mei hâlde moat dat hy of sy troch boargers yn it Frysk oansprutsen wurde kin/mei.
Foar de hiele Fryske befolking jildt dat net mear as 15 % harsels by steat achtet it Frysk te skriuwen. By it wetterskip sil dat net folle oars wêze, want der wurdt praktysk net skriftlik yn it Frysk kommunisearre . Bestjoersútstellen wurde allinnich mar yn it Nederlânsk steld. Ek yn parseberjochten en advertinsjes komt de Fryske taal mar inkeldris foar . De webside fan Wetterskip Fryslân is hast folslein Nederlânsktalich . It personielsblêd befettet komselden in tekst yn it Frysk . Dat jildt ek foar folders . De organisaasje hat muoite om de Fryske wetternammen konsekwint te brûken . By de nammen fan keunstwurken wurdt út en troch keazen foar in Fryske namme . In inkelde kear kriget in projekt of in dokumint in Fryske titel , tink oan " Folslein skjin " of " Wurkje tûk en Feilich " . Oangeande it skriftlike ferkear is by feroardering regele dat de bestjoersorganen en de amtners de frije kar ha tusken of it Frysk of it Nederlânsk . Dit wurdt ek wol de twataligens neamd . Ek is fêstlein dat der safolle as mooglik sprake wêze sil fan folgjend taalgebrûk . ( It wetterskip brûkt skriftlik de taal dy ' t yn earste ynstânsje brûkt is , dat betsjut dat ynkommende Frysktalige brieven en mails yn it Frysk beändere wurde.) Foar safier dat nei te gean is, wurdt dy regel neilibbe. Meastentiids wurdt dêrby de help ynroppen fan in amtner dy ' t wol by steat is en stel in Fryske mail of brief op. Mar in pear amtners dy't har hjir oan weagje. Op it kompjûternetwurk is it mooglik de Fryske stavering te hifkjen.
Fikse belangstelling foar kursussen
By de beskriuwing fan de hjoeddeiske situaasje mei net fergetten wurde dat it wetterskip yn 2018 trije kursussen Frysk organisearre hat. In groep fan 36 amtners toande dêr belangstelling foar en naam diel oan “Lear mar Frysk” ,”Praat mar Frysk” of “Skriuw mar Frysk”. Mooglik binne se dêrta motivearre troch de sekretaris-direkteur dy fjouwer jier lyn oansteld is en dy’t him ornaris yn petearen en taspraken fan de Fryske taal betsjinnet.
Dat it Frysk en it Nederlânsk by Wetterskip Fryslân fredich njonken inoar libje docht bliken út de nammejouwing fan de fergadersealen. Hoewol alle wetternammen yn ús provinsje offisjeel in Fryske namme ha, hawwe de sealen in dûbbeldtalige namme: “Slotermeer” en “Sleattemer Mar” steane beide pontifikaal as namme op de doar. Soks moat kinne en foaral ek sa bliuwe.
Der wurdt keazen foar in net al te swiersettich formulearre útgongspunt.
“Yn Fryslân heart de Fryske taal der gewoan by. By Wetterskip Fryslân is dat net oars. Mûnling hoecht nimmen him te ferbrekken. Dat jildt yn it ferkear tusken boargers en wetterskip, yn de sealen dêr’t bestjoeren besluten nimme en op de wurkflier yn it oerlis tusken amtners. En skriftlik wurdt it Frysk brûkt ‘as it sa útkomt’. Boargers dy’t yn harren brieven en mails it Frysk brûke krije yn it Frysk antwurd en as it wetterskip de ‘stjoerder’ is (bygelyks op har webside, yn parseberjochten en foarljochtingsmateriaal) kin foar it Frysk keazen wurde as dat de boadskip of de omgong mei minsken t’en goede komt.”
De wet skriuwt foar dat de oerheidsorganen har ynsette foar it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk. Binnen Wetterskip Fryslân is dêr romte foar sûnder dat der al te grouwélige yngrepen plak fine moatte dy’t ek nochris in slompe jild kostje.
It fersterkjen fan it Frysk kin yn de perioade 2020-2024 plak fine troch de folgjende fiif maatregels te nimmen:
Troch de namme fan de organisaasje te neamen wurdt de telefoan by Wetterskip Fryslân foar in part al yn it Frysk opnommen. Tenei sil it lykwols justjes fierder gean. It petear dat ûntstiet sil as it heal kin yn it Frysk fierd wurde, útsein as de jinge dy’t skillet oanjout it Frysk net machtich te wêzen of leaver yn it Hollânsk kommunisearret. De man/frou dy’t de telefoan betsjinnet kriget de ynstruksje hjir ‘linich’ mei om te gean. Dit útgongspunt jildt ek as it wetterskip by gelegenheid gebrûk makket fan in callcenter. Troch de tsjinst is oanjûn dat dizze maatregel op koarte termyn te realisearjen is mei it besteande tiim en de besteande middels.
By de yngong fan it Wetterskipsgebou sil tenei mei help fan in dúdlik buordsje kenber makke wurde dat ‘elts dy’t wend is Frysk te sprekken, him of har by it wetterskip net hoecht te ferbrekken.’ De minsken dy’t it earste kontakt mei de besiker ha binne hjir no al op ta rieden en by it selektearjen fan nije meiwurkers moat it in ûnderdiel foarmje fan de funksje-easken. (Op it boerd by de yngong fan it terrein fan it wetterskip wurdt útsoarte it ‘welkom’ oanfold mei ‘wolkom’.)
De Wet Gebruik Friese Taal regelet dat elkenien it Wetterskip yn it Frysk yn ‘e mjitte komme mei. Dat betsjut dat der rekken mei holden wurde moat dat soks ek bart. It Wetterskip hat der foar te soargjen dat it minsken yn tsjinst hat dy’t it Frysk machtich binne. By it yn tsjinst nimmen fan meiwurkers kin dêr rekken mei holden wurde. Fan minsken dy’t yn Fryslân wurkje wolle kin/sil frege wurde dat se har ynspanne wolle om it Frysk passyf te behearskjen, dat wol sizze dat se it Frysk ferstean. Yn de praktyk leveret dit eins nea swierrichheden op. Troch it fergees oanbieden fan geskikte kursussen kin der oan bydroegen wurde dat sawol it passive as aktive brûken fan it Frysk ferbettere wurdt. Foar de goeie oarder: fan nimmen sil frege wurde dat er it Frysk aktyf behearsket, dus dat er it prate kin, mar by de seleksje fan meiwurkers dy’t in protte yn kontakt stean mei boargers sil der fansels wol oandacht foar wêze moatte.
De oanfolle feroardering Frysk by Wetterskip Fryslân sil oan it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân foar lein wurden. De oardering is opsteld mei de útgongspunten sa as dy in dit beliedsplan opnommen binne. De oardering is as bylage taheakke oan dit beliedsplan.
In yn te stellen amtlike wurkgroep sil him dwaande hâlde mei it Frysk by Wetterskip Fryslân. De sekretaris fan de wurkgroep sil foar de organisaasje en de bûtenwacht it amtlike oansprekpunt wêze foar saken dy’t te krijen ha mei de Fryske taal. De wurkgroep moat jierliks in tal ideeën betinke en útfiere wêrtroch (it brûken fan it) Frysk by Wetterskip Fryslân fersterke wurdt. Derby moat tocht wurde oan kreative aksjes dy’t it Frysk ûnder de oandacht bringe sûnder dat se in slompe jild kostje. De wurkgroep rapportearret oan/ oerleit mei it DO oer de te ûndernimmen aktiviteiten en it algemien bestjoer sil út en troch ynformearre wurde oer de saken dy’t de wurkgroep by it ein hat.
De provinsje Fryslân hat subsydzjejild beskikber om dit soarte fan aksjes te stypjen. Der sil noch dizze maitiid in bydrage fan de provinsje frege wurde om de aksjes dy’t de kommende jierren ûntwikkele wurde, mei te finansieren. Bij need sil yn ús eigen begrutting jierliks in bedrach fan maksimaal 5000 euro rûst wurde moatte foar it fersterkjen fan it Frysk oerienkomstich de Wet gebrûk Fryske taal.
Yn it ein fan de rinnende bestjoersperioade (ein 2023/begjin 2024) moat dit beliedsplan evaluearre wurde oan de hân fan de folgjende mjitpunten:
Hoe binne (oan de hân fan in enkête fêst te stellen) yn it generaal de reaksjes op it nije telefoanbelied? Yn 2020 is de webside fan Wetterskip Fryslân folslein Nederlânsktalich; hoe is dat yn 2023/24? Yn 2020 is it tal parseberjochten yn it Frysk lyts (om krekt te wêzen 0), hoe is dat yn 2023/24? Hoe stiet it mei it brûken fan it Frysk yn publikaasjes as foldermateriaal, personielsblêd, advertinsjes en gean sa mar troch. ( 2020: hast folslein Nederlânsktalich). Hoe is de belangstelling foar de taalkursussen Frysk? Hoefolle jild wurdt der útjûn oan it befoarderjen fan it brûken fan it Frysk? (2020: 0 euro). Oan de hân fan de útkomsten fan de evaluaasje moat besjoen wurde hoe’t it fierder moat mei it Frysk by it wetterskip.
Kopieer de link naar uw clipboard
https://zoek.officielebekendmakingen.nl/wsb-2020-13399.html
De hier aangeboden pdf-bestanden van het Staatsblad, Staatscourant, Tractatenblad, provinciaal blad, gemeenteblad, waterschapsblad en blad gemeenschappelijke regeling vormen de formele bekendmakingen in de zin van de Bekendmakingswet en de Rijkswet goedkeuring en bekendmaking verdragen voor zover ze na 1 juli 2009 zijn uitgegeven. Voor pdf-publicaties van vóór deze datum geldt dat alleen de in papieren vorm uitgegeven bladen formele status hebben; de hier aangeboden elektronische versies daarvan worden bij wijze van service aangeboden.