Staatscourant van het Koninkrijk der Nederlanden

Datum publicatieOrganisatieJaargang en nummerRubriek
Ministerie van Binnenlandse Zaken en KoninkrijksrelatiesStaatscourant 2017, 69672Overig

Bestjoerlike oerienkomst Frysk taalbelied yn de nije gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân en yn de nij te foarmjen gemeente Waadhoeke

Partijen,

De gemeenten it Bilt, Littenseradiel, Ljouwerteradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân, hjir fertsjintwurdige troch de boargemasters fan niisneamde gemeenten, hanneljend ta útfiering fan de besluten fan de kolleezjes fan B&W fan 10 oktober, 24 oktober, 7 novimber en 14 novimber;

De gemeente Frjentsjerteradiel, hjir fertsjintwurdige troch wethâlder C.M. de Pee, dêrta folmachtige troch de boargemaster, hanneljend te útfiering fan it beslút fan B&W fan 14 novimber 2017;

De gemeente Ljouwert, hjir fertsjintwurdige troch loko-boargemaster S. Feitsma, dêrta folmachtige troch de boargemaster, hanneljend ta útfiering fan it beslút fan B&W fan 14 novimber 2017;

De provinsje Fryslân, hjir fertsjintwurdige troch de Kommissaris fan ’e Kening, hanneljend ta útfiering fan it beslút fan it kolleezje fan 9 oktober 2017;

de Steat fan ’e Nederlannen, hjir fertsjintwurdige troch de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes;

Hjirnei mei-inoar te neamen: Partijen;

Mei it each op

  • de kultuertaalkundige situaasje yn de nije gemeente Ljouwert, wêrby’t likernôch 70% fan de befolking fan goed 121.400 ynwenners de Fryske taal ridlik oant hiel goed praat, ferspraat oer stedskearnen en plattelân;

  • de kultuertaalkundige situaasje yn de nij te foarmjen gemeente Waadhoeke, wêrby’t mear as 75% fan de befolking fan goed 46.500 ynwenners de Fryske taal ridlik oant hiel goed praat, ferspraat oer stedskearnen en plattelân;

  • de kultuertaalkundige situaasje yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân, wêrby’t mear as 75% fan de befolking fan goed 90.000 ynwenners de Fryske taal ridlik oant hiel goed praat, ferspraat oer stedskearnen en plattelân;

  • de unike kultuertaalkundige situaasje yn de gemeente it Bilt, werby’t likernôch 60% fan de befolking fan goed 10.000 ynwenners de Biltske streektaal ridlik oant hiel goed praat en dêr’t de Biltske taal dêr yn libben gebrûk is;

  • de ûntjouwings op it mêd fan meartaligens troch in tanimmende ynternasjonalisearring, toeristyske ympulsen en fraach út it bedriuwslibben wei;

  • it ûndertekenjen en bekrêftigjen troch Nederlân fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden (hjirnei: Europeesk Hânfêst);

  • de mearjierrige oerienkomsten tusken de Steat fan ’e Nederlannen en de provinsje Fryslân yn it ramt fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (hjirnei: BFTK);

  • de wetlike bepalings oangeande it Frysk, lykas beskreaun yn de Wet gebrûk Fryske Taal;

  • de rol fan de provinsje Fryslân as ‘taalskipper’ oangeande it boargjen fan de status fan de Fryske taal en kultuer, it opstellen fan de langetermynaginda foar it Frysk en it beweitsjen fan de fuortgong en de útfiering;

  • it feit dat elke by dizze gemeentlike weryndieling belutsen gemeente oant no ta eksplisyt of ymplisyt eigen taalbelied hân hat, op guon mêden mei-inoar te ferlykjen en op oare mêden ferskillend;

  • de bepalings yn it Europeesk Hânfest oangeande nije bestjoerlike yndielingen (kêst 4, twadde lid, en kêst 7, earste lid ûnder b);

  • it feit dat alle niisneamde gemeenten ûnderdiel binne fan de Wet fan 8 maart 2017 ta weryndieling fan de gemeenten it Bilt, Frjentsjerteradiel, Littenseradiel, Ljouwert, Ljouwerteradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân (Staatsblad – 2017, 104).

Oerwagende,

  • dat yn de nije gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân en yn de nij te foarmjen gemeente Waadhoeke de Fryske kultuer en identiteit foar stêd en plattelân koestere wurde moatte, dêr’t de Fryske taal in wichtige drager fan is;

  • dat it Biltsk in bysûndere posysje ynnimt yn it talelânskip, dy’t fan grut belang is foar de eigen identiteit en kultuer fan de ynwenners fan de gemeente It Bildt;

  • dat yn de nije gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân en yn de nij te foarmjen gemeente Waadhoeke ambisjeus en differinsjearre taalbelied fierd wurde moat, sadanich dat op dat mêd alle boargers der op foarútgeane;

Komme it folgjende oerien:

  • 1. Yn de nije gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân en de nij te foarmjen gemeente Waadhoeke wurdt troch de kolleezjes fan B&W stribbe nei taalbelied dat oanslút op ynternasjonale ferdraggen en bilaterale oerienkomsten lykas it Europeesk Hânfêst en de BFTK;

  • 2. Dêrby wurdt foar de konkrete útwurking fan it Europeesk Hânfêst en de BFTK gebrûk makke fan it saneamde ‘menusysteem’. It giet dêrby ûnder oare om yn te setten op personielsbelied mei kwaliteitseasken op it mêd fan de Fryske taal, meartalich ûnderwiis, kommunikaasje mei de boargers, sichtberens fan it Frysk en kulturele ympulsen;

  • 3. Der nei te stribjen dat it besteande gebrûksnivo fan de Fryske taal, sa’t dat yn de praktyk en yn it deistich libben ta utering komt, der as gefolch fan de gemeentlike fúzje, yn algemiene sin, net op efterútgean sil;

  • 4. Troch de nije gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân en de nij te foarmjen gemeente Waadhoeke wurdt in plan fan oanpak opsteld foar de konkrete útwurking fan it taalbelied en it boargjen dêrfan. De gemeenten hâlde mei beide aspekten rekken yn de personiele formaasje;

  • 5. Yn it ramt fan dizze oerienkomst wurde troch de fúzjegemeenten en de provinsje Fryslân yn oerlis saneamde proefprojekten opsteld en útfierd om de posysje fan de Fryske taal yn de gemeenten te ferbetterjen. Yn de nij te foarmjen gemeente Waadhoeke sil ynset wurde op meartaligens, wêrûnder it Biltsk. Dy proefprojekten kinne in foarbyld foar oare gemeenten yn de provinsje Fryslân wêze;

  • 6. De provinsje Fryslân stipet de gemeenten beliedsmjittich en as dat nedich is finansjeel, troch amtlike ynset en advys op basis fan har beliedsbrief ‘Mei hert, holle en hannen’ en it Deltaplan Frysk dat dêr ûnderdiel fan is;

  • 7. De Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes nimt de útkomsten fan dat belied op yn de periodike trijejierlikse rapportaazje fan de Steat fan ’e Nederlannen oan de Rie fan Europa yn it ramt fan it Europeesk Hânfêst. Foar in nulrapportaazje oan de Minister moat yn 2017 troch de ûndertekenjende gemeenten foar de ûnderskate dielterreinen (bygelyks ûnderwiis) earst fêststeld wurde wat de stân fan saken fan de ferskate niveau’s fan it Frysk yn de fusearjende gemeenten is;

  • 8. Yn ferbân mei kêst 15 fan it Europeesk Hânfêst stelle de fúzjegemeenten nei de nulrapportaazje yn 2017 in trijejierlikse skriftlike rapportaazje op foar it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes oer de útfiering fan de ymplemintaasje fan it belied foar de Fryske taal;

  • 9. De kolleezjes fan B&W fan de gemeenten bringe ien kear jiers in koart skriftlik ferslach út oer de foarútgong fan de ymplemintaasje fan it gemeentlik taalbelied oan harren gemeenteried, mei in ôfskrift oan it kolleezje fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân, fan hoe’t de útfiering fan it taalbelied yn it dêroan foarôfgeande jier stal krigen hat en hoe’t de budzjetten bestege binne;

  • 10. De ûnderskate bestjoerlike fertsjintwurdigers fan neamde Partijen, dêrûnder begrepen de nije gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân en de nij te foarmjen gemeente Waadhoeke, hawwe yn foarkommend gefal oerlis oer eventuele fraachstellings dy’t opkomme by it útfieren fan de formulearre ôfspraken;

  • 11. Yn 2020 sil de provinsje ôfsûnderlik mei de kolleezjes fan B&W fan de gemeenten de ôfspraken foar de earste kear hifkje. Dêrby sil útdruklik praat wurde oer de ynset (finansjele middels dêryn begrepen) foar de perioade nei 2020.

  • 12. Dizze bestjoerlike oerienkomst kin beëinige wurde as de nije gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân en de nij te foarmjen gemeente Waadhoeke dat mei-inoar akkoartsje.

  • 13. Dizze bestjoerlike oerienkomst wurdt fan krêft de dei nei de ûndertekening fan dizze oerienkomst troch Partijen.

Sa is oerienkommen yn twafâld, yn de Nederlânske likegoed as yn de Fryske taal en yn njoggenfâld ûndertekene,

Dit beslút sil yn de Nederlânske en yn de Fryske taal yn de Staatscourant publisearre wurde.

Ljouwert, 17 novimber 2017

Ut namme fan de gemeente it Bilt, G. Krol

Ut namme fan de gemeente Frjentsjerteradiel, C.M. de Pee

Ut namme fan de gemeente Littenseradiel, J. Liemburg

Ut namme fan de gemeente Ljouwert, S. Feitsma

Ut namme fan de gemeente Ljouwerteradiel, J.R.A. Boertjens

Ut namme fan de gemeente Menameradiel, Th.R. Piersma

Ut namme fan de gemeente Súdwest-Fryslân, H.H. Apotheker

Ut namme fan de provinsje Fryslân, De Kommissaris fan de Kening, A.A.M. Brok

Ut namme fan de Steat fan ’e Nederlannen, De Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, K.H. Ollongren

Bestuurlijke overeenkomst Fries taalbeleid in de nieuwe gemeenten Leeuwarden en Súdwest-Fryslân en in de nieuw te vormen gemeente Waadhoeke

Partijen,

De gemeenten het Bildt, Leeuwarderadeel, Littenseradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân, hier vertegenwoordigd door de burgemeesters van voornoemde gemeenten, handelende ter uitvoering van de besluiten van de colleges van B&W van 10 oktober, 24 oktober, 7 november en 14 november 2017;

De gemeente Franekeradeel, hier vertegenwoordigd door wethouder C.M. de Pee, handelende ter uitvoering van het besluit van B&W van 14 november 2017;

De gemeente Leeuwarden, hier vertegenwoordigd door loco-burgemeester S. Feitsma, daartoe gevolmachtigd door de burgemeester, handelde ter uitvoering van het besluit van B&W van 14 november 2017;

De provincie Fryslân, hier vertegenwoordigd door de commissaris van de Koning, handelende ter uitvoering van het besluit van het college van GS 9 oktober 2017;

De Staat der Nederlanden, hier vertegenwoordigd door de Minister van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties;

hierna gezamenlijk te noemen: Partijen,

Met het oog op

  • de cultuurtaalkundige situatie in de nieuwe gemeente Leeuwarden, waarbij ongeveer 70% van de bevolking van ongeveer 121.400 inwoners de Friese taal redelijk tot zeer goed spreekt, verspreid over stedelijke kernen en platteland;

  • de cultuurtaalkundige situatie in de nieuw te vormen gemeente Waadhoeke, waarbij meer dan 75% van de bevolking van ongeveer 46.500 inwoners de Friese taal redelijk tot zeer goed spreekt, verspreid over stedelijke kernen en platteland;

  • de cultuurtaalkundige situatie in de nieuwe gemeente Súdwest-Fryslân, waarbij meer dan 75% van de bevolking van ongeveer 90.000 inwoners de Friese taal redelijk tot zeer goed spreekt, verspreid over stedelijke kernen en platteland;

  • de unieke cultuurtaalkundige situatie in de gemeente het Bildt, waar zo’n 60% van de bevolking van ongeveer 10.000 inwoners de Bildtse streektaal redelijk tot zeer goed spreekt en dat de Bildtse taal aldaar in levend gebruik is;

  • de ontwikkelingen op het gebied van meertaligheid door een toenemende internationalisering, toeristische impulsen en vraag vanuit het bedrijfsleven;

  • de ondertekening en bekrachtiging door Nederland van het Europees Handvest voor regionale talen of talen van minderheden (hierna: Europees Handvest);

  • de meerjarige overeenkomsten tussen de Staat der Nederlanden en de provincie Fryslân in het kader van de Bestuursafspraak Friese taal en cultuur (hierna: BFTC);

  • de wettelijke bepalingen betreffende het Fries, zoals die neergelegd zijn in de Wet gebruik Friese taal;

  • de rol van de provincie Fryslân als ‘taalschipper’ aangaande het borgen van de status van de Friese taal en cultuur, het opstellen van de langetermijnagenda voor het Fries en het bewaken van de voortgang en de uitvoering;

  • het feit dat elke bij deze gemeentelijke herindelingen betrokken gemeente tot nu toe expliciet of impliciet een eigen taalbeleid voerde, op sommige gebieden vergelijkbaar en op andere gebieden verschillend;

  • de bepalingen in het Europees Handvest aangaande nieuwe bestuurlijke indelingen (artikel 4, tweede lid en artikel 7, eerste lid, onder b);

  • het gegeven dat alle voornoemde gemeenten onderdeel zijn van de Wet van 8 maart 2017 tot herindeling van de gemeenten Franekeradeel, het Bildt, Leeuwarden, Leeuwarderadeel, Littenseradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân (Staatsblad – 2017, 104).

Overwegende,

  • dat in de nieuwe gemeenten Leeuwarden en Súdwest-Fryslân en in de nieuw te vormen gemeente Waadhoeke de Friese cultuur en identiteit voor stad en platteland dienen te worden gekoesterd, waarvan de Friese taal een belangrijke drager is;

  • dat het Bildts een bijzondere positie inneemt in het talenlandschap, deze van groot belang is voor de eigen identiteit en cultuur van de inwoners van de gemeente het Bildt;

  • dat in de nieuwe gemeenten Leeuwarden en Súdwest-Fryslân en de nieuw te vormen gemeente Waadhoeke een ambitieus en gedifferentieerd taalbeleid dient te worden gevoerd, zodanig dat er sprake is van vooruitgang op dat gebied voor de burgers.

Spreken het volgende af,

  • 1. In de nieuwe gemeenten Leeuwarden en Súdwest-Fryslân en de nieuw te vormen gemeente Waadhoeke wordt door de colleges van B&W gestreefd naar een taalbeleid in lijn met internationale verdragen en bilaterale overeenkomsten zoals het Europees Handvest en de BFTC.

  • 2. Daarbij wordt voor de concrete uitwerking van het Europees Handvest en de BFTC gebruik gemaakt van het zogenaamde ‘menusysteem’. Het gaat hierbij onder andere om inzet te plegen voor een personeelsbeleid met kwaliteitseisen op het gebied van de Friese taal, meertalig onderwijs, communicatie met de burgers, zichtbaarheid van het Fries en culturele impulsen.

  • 3. Er naar te streven om het bestaande gebruiksniveau van de Friese taal, zoals dat in de praktijk en in het dagelijks leven tot uiting komt, als gevolg van de gemeentelijke fusie, in algemene zin, niet achteruit te laten gaan.

  • 4. Door de nieuwe gemeenten Leeuwarden en Súdwest-Fryslân en de nieuw te vormen gemeente Waadhoeke wordt een plan van aanpak opgesteld voor de concrete uitwerking van het taalbeleid en de borging ervan. De gemeenten houden met beide aspecten rekening in de personele formatie.

  • 5. In het kader van deze overeenkomst worden door de fusiegemeenten en de provincie Fryslân in overleg zogenaamde pilotprojecten opgesteld en uitgevoerd, om de positie van de Friese taal in de gemeenten te verbeteren. In de nieuw te vormen gemeente Waadhoeke zal hierbij ingezet worden op meertaligheid, waaronder het Bildts. Deze pilotprojecten kunnen een voorbeeld zijn voor andere gemeenten in de provincie Fryslân.

  • 6. De provincie Fryslân ondersteunt de gemeenten beleidsmatig en waar nodig financieel, door ambtelijke inzet en advies op basis van de beleidsbrief ‘Mei hert, holle en hannen’ en het Deltaplan Frysk dat hier onderdeel van uit maakt.

  • 7. De Minister van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties betrekt de uitkomsten van dit taalbeleid in de driejaarlijkse rapportage van de Staat der Nederlanden aan de Raad van Europa in het kader van het Europees Handvest. Voor een nulrapportage aan de Minister moet in 2017 door de ondertekende gemeenten voor de verschillende deelterreinen (bijvoorbeeld onderwijs) eerst worden vastgesteld wat de stand is van de verschillende niveaus van het Fries in de fuserende gemeenten.

  • 8. In verband met artikel 15 van het Europees Handvest maken de fusiegemeenten na de nulrapportage in 2017 een driejaarlijkse schriftelijke rapportage voor de Minister van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties over de implementatie van het beleid voor de Friese taal.

  • 9. De colleges van B&W van de gemeenten brengen eenmaal per jaar een kort schriftelijk verslag uit over de voortgang van de implementatie van het gemeentelijke taalbeleid aan hun gemeenteraad, met een afschrift aan het college van gedeputeerde staten van de provincie Fryslân, van de wijze waarop de uitvoering van het taalbeleid in het daaraan voorafgaande jaar is verricht en hoe de budgetten zijn besteed.

  • 10. De verschillende bestuurlijke vertegenwoordigers van genoemde Partijen, waaronder begrepen de nieuwe gemeenten Leeuwarden en Súdwest-Fryslân en de nieuw te vormen gemeente Waadhoeke, hebben in voorkomend geval overleg over eventuele vraagstellingen die opkomen bij het uitvoeren van de in deze bestuurlijke overeenkomst geformuleerde afspraken.

  • 11. In 2020 zal de provincie separaat met de gemeenten de afspraken voor de eerste keer evalueren. Daarbij zal expliciet worden gesproken over de inzet (inclusief financiële middelen) voor de periode na 2020.

  • 12. Deze bestuurlijke overeenkomst kan worden beëindigd indien de nieuwe gemeenten Leeuwarden en Súdwest-Fryslân en de nieuw te vormen gemeente Waadhoeke dat met elkaar overeenkomen.

  • 13. Deze bestuurlijke overeenkomst treedt in werking de dag na de dag van de ondertekening van deze overeenkomst door Partijen.

Aldus overeengekomen in tweevoud, zowel in de Nederlandse als in de Friese taal en in negenvoud ondertekend,

Dit besluit zal in de Nederlandse en in de Friese taal in de Staatscourant worden gepubliceerd.

Leeuwarden, 17 november 2017

Namens de gemeente het Bildt, G. Krol

Namens de gemeente Franekeradeel, E.A. van Zuijlen

Namens de gemeente Littenseradiel, J. Liemburg

Namens de gemeente Leeuwarden, S. Feitsma

Namens de gemeente Leeuwarderadeel, J.R.A. Boertjens

Namens de gemeente Menameradiel, Th.R. Piersma

Namens de gemeente Súdwest-Fryslân, H.H. Apotheker

Namens de provincie Fryslân, De commissaris van de Koning, A.A.M. Brok

Namens het Ministerie van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties, K.H. Ollongren