Beneaming leden en foarsitter fan it Orgaan foar de Fryske taal

De minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes,

Sjoen it brief fan deputearre steaten fan 10 desimber 2013;

Mei it each op de Wet gebrûk Fryske taal;

beslút:

Kêst 1

De neikommende persoanen wurde beneamd,

De hear K.S. Spoelstra, wenjend te Terband, ta foarsitter tagelyk lid fan it Orgaan foar de Fryske taal;

De hear F.K. Weima, wenjend te Amsterdam, ta lid fan it Orgaan foar de Fryske taal;

Mefr. B. Pander, wenjend te Amsterdam, ta lid fan it Orgaan foar de Fryske taal.

Kêst 2

Yn oerienstimming mei it bepaalde yn kêst 20, twadde lid, fan de Wet gebrûk Fryske taal, wurdt besletten yn kêst 1 neamde persoanen te beneamen foar in perioade fan fjouwer jier.

Kêst 3

Dit beslút giet yn op 1 jannewaris 2014.

Fan dit beslút, dat yn 'e Nederlânske en de Fryske taal yn 'e Staatscourant pleatst wurdt, wurdt in ôfskrift stjoerd oan belutsene, oan it Orgaan foar de Fryske taal en de Algemiene Rekkenkeamer.

De minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, R.H.A. Plasterk.

Naar boven