Wet fan 2 oktober 2013 oangeande regels foar it brûken fan de Fryske taal yn it bestjoerlik ferkear en yn it rjochtsferkear (Wet gebrûk Fryske taal)

Wy Willem-Alexander, by de graasje fan God, Kening fan de Nederlannen, Prins fan Oranje-Nassau, ensfh. ensfh. ensfh.

Al wa’t dizze sjen sille of lêzen hearre, salút! dogge te witten:

Sa’t Wy yn berie nommen hawwe, dat it winsklik is om yn in taalwet it plak fan de Fryske taal yn it bestjoerlik ferkear en yn it rjochtsferkear te ferankerjen en de gelikense rjochten fan de Nederlânske taal en de Fryske taal yn de provinsje Fryslân te garandearjen;

Sa is it, dat Wy, nei de Ofdieling advisearring fan de Ried fan Steate heard te hawwen, en mei mien oerlis fan de Steaten-Generaal, goedfûn en ferstien hawwe, lykas Wy hjirby goedfine en fersteane:

HAADSTIK 1. ALGEMIENE BEPALINGEN

Kêst 1

Yn dizze wet wurdt ferstien ûnder Us Minister: Us minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes.

Kêst 2

De offisjele talen yn de provinsje Fryslân binne it Nederlânsk en it Frysk.

Kêst 2a

Mei it each op de mienskiplike ferantwurdlikheid en soarchplicht foar de Fryske taal en kultuer slute it Ryk en de provinsje Fryslân periodyk bestjoersôfspraken foar de útwurking fan de ferantwurdlikheid oangeande de Fryske taal en kultuer. Fanwegen de ynternasjonale ferdrachsôfspraken datoangeande kinne de bestjoersôfspraken ek beliedsterreinen ynhâlde dy’t fan belang binne foar de Fryske taal en kultuer en dy’t lizze bûten it brûken fan de Fryske taal yn it bestjoerlik ferkear en yn it rjochtsferkear.

HAADSTIK 2. IT BRUKEN FAN DE FRYSKE TAAL YN IT BESTJOERLIK FERKEAR

Kêst 3

  • 1. Elkenien kin de Fryske taal brûke yn it ferkear mei bestjoersorganen, foarsafier’t dy yn de provinsje Fryslân fêstige binne, en ek mei de persoanen dy’t ûnder harren ferantwurdlikheid wurkje.

  • 2. It earste lid jildt net as it bestjoersorgaan it fersyk dien hat om de Nederlânske taal te brûken om reden dat it brûken fan de Fryske taal ta in ûnevenredige belesting fan it bestjoerlik ferkear liede soe.

Kêst 4

  • 1. Bestjoersorganen en de persoanen dy’t ûnder harren ferantwurdlikheid wurkje, kinne yn it ferkear binnen de provinsje Fryslân de Fryske taal brûke.

  • 2. It earste lid jildt net as de oare partij it fersyk dien hat om de Nederlânske taal te brûken, om reden dat it brûken fan de Fryske taal ta in ûnbefredigjend ferrin fan it mûnling ferkear liede soe.

Kêst 5

  • 1. Yn de provinsje Fryslân fêstige bestjoersorganen dy’t gjin diel útmeitsje fan de sintrale oerheid, stelle regels op oer it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken en yn it mûnling ferkear. Yn dy regels steane yn alle gefallen bepalingen oangeande it fuortsterkjen fan it plak fan de Fryske taal binnen it wurkgebiet fan it oanbelangjende bestjoersorgaan.

  • 2. Yn oanfolling op de regels bedoeld yn it foarige lid, stelle dy bestjoersorganen ek in beliedsplan oangeande it brûken fan de Fryske taal op.

  • 3. De bestjoersorganen fan de gemeenten It Amelân, Skiermûntseach, Skylge, Flylân en Weststellingwerf binne frijsteld fan de ferplichtingen as bedoeld yn it earste en twadde lid.

  • 4. Bestjoersorganen dy’t gjin diel útmeitsje fan de sintrale oerheid en dy’t net yn de provinsje Fryslân fêstige binne, wêrfan’t it wurkgebiet de provinsje Fryslân of in part dêrfan beslacht, kinne regels stelle oangeande it brûken fan de Fryske taal, yn it bysûnder yn skriftlike stikken.

Kêst 6

  • 1. Us Minister wa’t it oangiet, kin foar ûnderdielen fan de sintrale oerheid wêrfan’t it wurkgebiet de provinsje Fryslân of in part dêrfan beslacht, regels stelle oer it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken en yn it mûnling ferkear.

  • 2. Foar it útfieren fan it earste lid kin in ûnderdiel fan de sintrale oerheid in beliedsplan opstelle oangeande it brûken fan de Fryske taal.

Kêst 7

  • 1. In skriftlik stik yn de Fryske taal wurdt tagelyk ek yn de Nederlânske taal opsteld, as it:

    • a. ornearre is of ek ornearre is foar bestjoersorganen fêstige bûten de provinsje Fryslân of bestjoersorganen fan de sintrale oerheid; of

    • b. algemien ferbinende foarskriften of beliedsregels ynhâldt.

  • 2. De bekendmakking, meidieling of it op besjen lizzen fan in skriftlik stik as bedoeld yn it earste lid wurdt yn alle gefallen ek yn de Nederlânske taal opsteld, of it moat wêze dat ridlikerwize oannommen wurde kin dat dêr gjin ferlet fan is.

Kêst 8

  • 1. As in skriftlik stik yn de Fryske taal opsteld is, stelt it bestjoersorgaan op fersyk in oersetting dêrfan yn de Nederlânske taal beskikber.

  • 2. It bestjoersorgaan kin foar it oersetten in fergoeding fan op syn meast de kosten freegje.

  • 3. It oersetten kin gjin fergoeding foar frege wurde, as it skriftlik stik:

    • a. de oantekens fan de gearkomste fan in fertsjintwurdigjend orgaan ynhâldt en:

      • 1.° it belang fan de fersiker streekrjocht by wat oantekene is behelle is, of

      • 2.° it fêststellen fan algemien ferbinende foarskriften of beliedsregels oanbelanget; of

    • b. in beslút of oare hanneling ynhâldt yn hokker gefal de fersiker belanghawwer is.

Kêst 9

  • 1. Elkenien kin yn gearkomsten fan fertsjintwurdigjende organen dy’t yn de provinsje Fryslân fêstige binne de Fryske taal brûke.

  • 2. Wat yn de Fryske taal sein is, wurdt yn de Fryske taal notulearre.

HAADSTIK 3. IT BRUKEN FAN DE FRYSKE TAAL YN IT RJOCHTSFERKEAR

Kêst 10

  • 1. Hy dy’t foar it útfieren fan in wetlik foarskrift mûnling in eed, belofte of befêstiging ôflizze moat, hat it foech om yn stee fan de wetlik foarskreaune wurden dyselde wurden yn de Fryske taal út te sprekken.

  • 2. Yn it gefal, bedoeld yn it earste lid, komme:

    • a. as in eed ôflein wurdt, foar de wurden: ‘Zo waarlijk helpe mij God Almachtig’ yn it plak de wurden: ‘Sa wier helpe my God Almachtich’;

    • b. as in belofte ôflein wurdt, foar de wurden: ‘Dat beloof ik’ yn it plak de wurden: ‘Dat ûnthjit ik’;

    • c. as in befêstiging ôflein wurdt, foar de wurden: ‘Dat verklaar ik’ yn it plak de wurden: ‘Dat ferklearje ik’.

Kêst 11

In persoan dy’t yn de provinsje Fryslân wennet, feitlik tahâldt of sit hat en dy’t op in rjochtsitting by de rjochtbank Noard-Nederlân of it gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert fan amtswegen it wurd fiert, of ferplichte is om him oan in ferhoar te ûnderwerpen of it foech hat om it wurd te fieren, hat it foech om dat yn de Fryske taal te dwaan.

Kêst 12

  • 1. As in fertochte, partij, tsjûge of belanghawwer him op de rjochtsitting op grûn fan kêst 11 betsjinje wol fan de Fryske taal, bepaalt de rjochter dy’t de sitting liedt fan amtswegen of op fersyk dat, as soks nedich is, bystân jûn wurdt troch in tolk. Kêst 276 fan it Wetboek fan Straffoardering is fan tapassing as it ûndersyk op de rjochtsitting plakhat yn it ramt fan in strafsaak.

  • 2. De fergoeding oan de tolk dy’t op grûn fan it earste lid tolke hat, komt foar rekken fan it Ryk.

  • 3. Yn ôfwiking fan it twadde lid kin de rjochter bepale dat yn in sivile saak de fergoeding oan de tolk foar rekken komt fan dyjinge dy’t frege hat om bystân fan in tolk, as efterôf bliken docht dat de kosten fan bystân troch in tolk sûnder needsaak makke binne.

Kêst 13

As in fertochte of tsjûge him by it ûndersyk op de rjochtsitting yn in strafsaak bûten de gefallen as bedoeld yn kêst 11, fan it Frysk betsjinje wol en oannimlik makket dat er him yn it Nederlânsk net goed genôch útdrukke kin, bepaalt de rjochter dy’t de sitting liedt, as er soks winsklik achtet, dat bystân jûn wurdt troch in tolk. Kêst 276 fan it Wetboek fan Straffoardering is fan tapassing.

Kêst 14

  • 1. Wat yn it Frysk sein is wurdt, as it yn it proses-ferbaal opnommen wurdt, yn dy taal werjûn. De rjochter kin bepale dat in oersetting yn it Nederlânsk makke wurdt.

  • 2. As nei it oardiel fan de rjochter werjefte fan wat sein is yn it Frysk yn ridlikheid net frege wurde kin, wurdt it yn it Nederlânsk yn it proses-ferbaal opnommen en wurdt dêryn oantekene dat de Fryske taal brûkt is.

Kêst 15

  • 1. Yn strafsaken, sivile saken en bestjoersrjochtlike saken dy’t yn behanneling binne by de rjochtbank Noard-Nederlân of it gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert, meie prosesstikken, útsein dagingen yn strafsaken, yn it Frysk steld wurde.

  • 2. Yn dagingen yn strafsaken as bedoeld yn it earste lid, en ek yn oproppingen of útnoegingen foar in sitting yn oare saken, wurdt oanjûn dat de fertochte, partij, tsjûge of belanghawwer it rjocht hat om op de sitting Frysk te praten as de oanbelangjende persoan of partij yn de provinsje Fryslân wennet, feitlik tahâldt of sit hat. As sa’n fermelding ûntbrekt, wurdt allinnich mei de behanneling fan de saak trochgien as oannimlik is dat de fertochte, partij, tsjûge of belanghawwer net yn syn belangen skea tabrocht wurdt of lykwols noch foldwaande gelegenheid hân hat om him op it brûken fan it Frysk op de sitting ta te rieden.

  • 3. As soks foar in goede beoardieling fan yn it Frysk stelde prosesstikken as bedoeld yn it earste lid winsklik is, kin de rjochter fan amtswegen of op fersyk fan ien fan de oaren dy’t by de saak belutsen binne soargje foar in oersetting yn it Nederlânsk, dy’t oan de stikken taheakke wurdt.

  • 4. De kosten fan in oersetting as bedoeld yn it tredde lid komme foar rekken fan it Ryk.

  • 5. Yn ôfwiking fan it fjirde lid kin de rjochter bepale dat yn in sivile saak de fergoeding oan de oersetter foar rekken komt fan de partij dy’t om in oersetting frege hat, as efterôf bliken docht dat de kosten sûnder needsaak makke binne.

Kêst 16

  • 1. As stikken of opjeften, dy’t op grûn fan wetlik foarskrift yn iepenbiere registers ynskreaun wurde moatte, yn de Fryske taal steld binne, wurdt dêrnjonken it oerlizzen foardere fan letterlike oersettingen yn it Nederlânsk, opmakke en yn oerienstimming ferklearre mei it orizjineel, troch in beëdige oersetter dy’t foar de Fryske taal it foech hat en talitten is of, as de ynskriuwing op in notariële akte slacht, troch de notaris, dy’t de akte passearre hat.

  • 2. De yn de Fryske taal stelde stikken of opjeften wurde mei de oersettingen yn it register ynskreaun. Of it moat wêze dat yn de stikken of opjeften oars bepaald is, jildt de tekst fan de Nederlânske oersetting.

  • 3. As it om in notariële akte yn de Fryske taal giet ta oprjochting fan in feriening of stifting, of ynhâldende de karbrieven fan sa’n rjochtspersoan, kin yn ôfwiking fan it earste en twadde lid ôfsjoen wurde fan in oersetting yn it Nederlânsk as de feriening of stifting folslein of foar in part yn de provinsje Fryslân wurksum is.

  • 4. Yn ôfwiking fan it earste lid wurde yn de provinsje Fryslân akten fan de boargerlike stân sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk opmakke.

Kêst 17

  • 1. Yn alle gefallen dat in ûntwerp fan in akte de goedkarring hawwe moat fan in rjochter, kin de definitive akte yn de Fryske taal opmakke wurde, mitsdat dêrûnder steld wurdt in ferklearring fan in beëdige oersetter dy’t foar de Fryske taal it foech hat en talitten is dêr’t út bliken docht, dat de akte in sekuere oersetting is fan it ûntwerp dat de rjochter goedkard hat. Wurdt de akte notarieel passearre, dan kin de ferklearring fan de beëdige oersetter ferfongen wurde troch in ferklearring fan de notaris, dy’t de akte passearret.

  • 2. Fan in ûntwerp fan in akte yn it Nederlânsk kin ôfsjoen wurde as it ûntwerp fan in akte foarlein wurdt oan in rjochter fan de rjochtbank Noard-Nederlân of it gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert.

HAADSTIK 4. YNSTELLING ORGAAN FOAR DE FRYSKE TAAL

Kêst 18

  • 1. Der is in Orgaan foar de Fryske taal, hjirnei te neamen: it Orgaan.

  • 2. It Orgaan is yn Ljouwert fêstige.

Kêst 19

  • 1. It Orgaan hat as taak om de gelikense posysje fan de Fryske taal en de Nederlânske taal yn de provinsje Fryslân te befoarderjen.

  • 2. It Orgaan docht dat yn alle gefallen troch:

    • a. te rapportearjen oer it ferlet en de winsken oangeande de Fryske taal en kultuer yn relaasje ta dizze wet, en ek ta it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden en it Ramtferdrach oangeande it beskermjen fan nasjonale minderheden oan:

      • 1°. Us Minister;

      • 2°. oare ministers, foar safier’t dy ferantwurdlik binne foar ûnderdielen fan de sintrale oerheid dy’t yn de provinsje Fryslân fêstige binne of de provinsje Fryslân as wurkgebiet hawwe;

      • 3°. oare bestjoersorganen, foarsafier’t dy yn de provinsje Fryslân fêstige binne of de provinsje Fryslân as wurkgebiet hawwe; en

      • 4°. rjochterlike ynstânsjes foarsafier’t dy yn de provinsje Fryslân fêstige binne of de provinsje Fryslân as wurkgebiet hawwe;

    • b. te advisearjen oer it ta stân kommen en it útfieren fan de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer en de útfieringskonvenanten, oan:

      • Us Minister; en

      • deputearre steaten fan de provinsje Fryslân;

    • c. stipe te jaan by it opstellen fan regels en beliedsplannen lykas bedoeld yn de kêsten 5 en 6.

  • 3. De yn it twadde lid, ûnder a, ûnder 1° oant en mei 4°, neamde bestjoersorganen en ynstânsjes stjoere binnen trije moannen nei ûntfangst fan de rapportaazje in reaksje oan it Orgaan op de oan harren rjochte rapportaazje.

Kêst 20

  • 1. It Orgaan bestiet út fiif leden, ûnder wa in foarsitter en in vice-foarsitter.

  • 2. De foarsitter, vice-foarsitter en oare leden fan it Orgaan wurde, op foardracht fan deputearre steaten fan de provinsje Fryslân, troch Us Minister beneamd, tydlik út it amt set en ûntslein. De beneaming jildt foar in perioade fan op syn meast fjouwer jier. Werbeneaming is mooglik foar in perioade fan op syn meast fjouwer jier.

  • 3. It Orgaan kin waarnimmers talitte.

Kêst 21

  • 1. It Orgaan hat in siktaris.

  • 2. De siktaris is foar syn wurk foar it Orgaan inkeld en allinne ferantwurding skuldich oan it Orgaan.

  • 3. Oan de siktaris kinne oare meiwurkers tafoege wurde.

  • 4. De siktaris en de oare meiwurkers binne gjin lid fan it Orgaan.

  • 5. Us Minister beneamt, befoarderet, set tydlik út it amt en ûntslacht, nei oerlis mei de foarsitter fan it Orgaan, de siktaris en de oare meiwurkers.

Kêst 22

It Orgaan fiert de yn de kêst 19 neamde taken út op grûn fan in twajierliks wurkprogram, dat nei oerlis mei Us Minister opsteld wurdt.

Kêst 23

It behear fan de stikken dy’t ferbân hâlde mei de wurksumheden fan it Orgaan bart yn oerstimming mei de behearregels en it bepaalde by en út krêft fan de Argyfwet 1995. De oanbelangjende stikken wurde nei beëinigjen fan de wurksumheden oerdroegen oan it argyf fan it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes.

HAADSTIK 5. IT OPNIMMEN FAN DE FRYSKE FORMULEARRINGEN OANGEANDE EED EN BELOFTE YN OARE WETJOUWING

Kêst 24

Oan kêst 3 fan de Advokatewet wurdt it neikommende lid tafoege:

  • 3. Wannear’t de eed of belofte, bedoeld yn it twadde lid, yn de Fryske taal ôflein wurdt, is de tekst fan de eed of belofte as folget:

    ‘Ik swar (ûnthjit) trou oan de Kening, it neilibjen fan 'e Grûnwet, earbied foar de rjochterlike autoriteiten, en dat ik gjin saak oanrikkemandearje of ferdigenje sil, dêr’t ik ynderlik fan oertsjûge bin dat dy net rjochtfeardich is.’

Kêst 25

Oan kêst 16 fan Boek 1 fan it Boargerlik Wetboek wurdt it neikommende lid tafoege:

  • 5. Wannear’t de eed of belofte, bedoeld yn it fjirde lid, yn de Fryske taal ôflein wurdt, is de tekst fan de eed of belofte as folget:

    ‘Ik swar (ûnthjit) dat ik de funksje fan amtner fan de boargerlike stân mei earlikheid en soarchfâldichheid útoefenje sil en dat ik de wetlike foarskriften oangeande de boargerlike stân op ’en sekuersten neikomme sil; dat ik fierders, foar it krijen fan myn oanstelling, streekrjocht noch midlik, ûnder hokker namme of útwynsel dan ek, oan immen eat jûn of tasein haw, en dat ik, om eat yn dizze funksje te dwaan of te litten, fan gjinien tasizzingen of geskinken, likefolle hokker, oannimme sil, midlik of streekrjocht. Sa wier helpe my God almachtich’. (‘Dat ferklearje en ûnthjit ik’).

Kêst 26

De Gerjochtsdoarwarderswet wurdt as folget wizige:

A

Yn kêst 9 wurdt, ûnder it fernûmerjen fan it twadde en tredde lid ta tredde en fjirde lid, it neikommende lid ynfoege:

  • 2. Wannear’t de eed of belofte, bedoeld yn it earste lid, yn de Fryske taal ôflein wurdt, is de tekst fan de eed of belofte as folget:

    ‘Ik swar (ûnthjit) trou oan de Kening en de Grûnwet.’

    ‘Ik swar (ûnthjit), dat ik my hâlde en drage sil neffens de wetten en foarskriften sa’t dy op myn amt fan tapassing binne en dat ik myn taak earlik en sekuer útfiere sil.’

    ‘Fierders swar (ferklearje) ik, dat ik, om ta gerjochtsdoarwarder beneamd te wurden, midlik of streekrjocht oan gjinien, ûnder wat namme of wat útwynsel ek, likefolle hokker jeften of geskinken tasein of ôfjûn haw, noch tasizze of ôfjaan sil’.

B

Yn kêst 23 wurdt, ûnder it fernûmerjen fan it fjirde lid ta fyfte lid, it neikommende lid ynfoege:

  • 4. Wannear’t de eed of belofte, bedoeld yn it tredde lid, yn de Fryske taal ôflein wurdt, is de tekst fan de eed of belofte as folget:

    ‘Ik swar (ûnthjit) trou oan de Kening en de Grûnwet.’

    ‘Ik swar (ûnthjit), dat ik my hâlde en drage sil neffens de wetten en foarskriften sa’t dy op myn amt fan tapassing binne en dat ik myn taak earlik en sekuer útfiere sil.’

C

Yn kêst 28 wurdt, ûnder it fernûmerjen fan it tredde en fjirde lid ta fjirde en fyfte lid, it neikommende lid ynfoege:

  • 3. Wannear’t de eed of belofte, bedoeld yn it twadde lid, yn de Fryske taal ôflein wurdt, is de tekst fan de eed of belofte as folget:

    ‘Ik swar (ûnthjit) trou oan de Kening en de Grûnwet.’

    ‘Ik swar (ûnthjit), dat ik my hâlde en drage sil neffens de wetten en foarskriften sa’t dy op it amt fan gerjochtsdoarwarder fan tapassing binne en dat ik myn taak earlik en sekuer útfiere sil.’

Kêst 27

De Wet beëdige tolken en oersetters wurdt as folget wizige:

A

Yn kêst 13 wurdt, ûnder it fernûmerjen fan it twadde ta tredde lid, it neikommende lid ynfoege:

  • 2. Wannear’t de eed of belofte, bedoeld yn it earste lid, yn de Fryske taal ôflein wurdt, is de tekst fan de eed of belofte as folget:

    ‘Ik swar/ûnthjit dat ik myn wurk as beëdige tolk earlik, sekuer en ûnpartidich útfiere sil en my by it útoefenjen fan myn wurk as tolk hâlde en drage sil sa’t dat in beëdige tolk foeget.’

    ‘Ik swar/ûnthjit dat ik geheimhâlding betrachtsje sil oangeande fertroulike ynformaasje dêr’t ik troch myn wurk kunde oan krij.’

B

Yn kêst 14 wurdt, ûnder it fernûmerjen fan it twadde en tredde lid ta tredde en fjirde lid, it neikommende lid ynfoege:

  • 2. Wannear’t de eed of belofte, bedoeld yn it earste lid, yn de Fryske taal ôflein wurdt, is de tekst fan de eed of belofte as folget:

    ‘Ik swar/ûnthjit dat ik myn wurk as beëdige oersetter earlik, sekuer en ûnpartidich útfiere sil en my by it útoefenjen fan myn wurk as oersetter hâlde en drage sil sa’t dat in beëdige oersetter foeget.’

    ‘Ik swar/ûnthjit dat ik geheimhâlding betrachtsje sil oangeande fertroulike ynformaasje dêr’t ik troch myn wurk kunde oan krij.’

C

Kêst 35 wurdt as folget wizige:

1. It twadde lid ferfalt ûnder it fernûmerjen fan it tredde en fjirde lid ta twadde en tredde lid.

2. Yn it tredde lid (nij) wurdt ‘it earste oant en mei it tredde lid’ ferfongen troch: it earste en twadde lid.

Kêst 28

Oan de taheakke by de Wet op de rjochterlike organisaasje wurdt tafoege:

Wannear’t de eed of belofte troch in saakkundich lid yn de Fryske taal ôflein wurdt, is de tekst fan de eed of belofte as folget:

Ik swar/ûnthjit dat ik trou wêze sil oan de Kening, en dat ik de Grûnwet en alle oare wetten ûnderhâlde en neikomme sil.

Ik swar/ferklearje dat ik streekrjocht noch midlik, ûnder wat namme of útwynsel ek, foar it krijen fan in beneaming oan immen eat jûn of tasein haw, noch jaan of tasizze sil.

Ik swar/ferklearje dat ik nea likefolle hokker jeften of geskinken oannimme of ûntfange sil fan hokker persoan dan ek fan wa’t ik wit of tink dat hy in proses hat of krije sil dêr’t ik as saakkundich lid yn behelle wêze kinne soe.

Ik swar/ûnthjit dat ik gegevens dy’t ik as saakkundich lid ta myn foldwaan krij en dêr’t ik fan wit of yn alle ridlikheid fan oannimme moat dat dy in fertroulik karakter hawwe, geheim hâlde sil, útsein as in wetlik foarskrift, likefolle hokker, my ta meidieling ferplichtet of as út myn wurk as saakkundich lid de needsaak ta meidieling folget.

Ik swar/ûnthjit dat ik myn wurk as saakkundich lid earlik, sekuer en ûnpartidich, sûnder ûnderskie te meitsjen tusken persoanen, ferrjochtsje sil en my dêrby hâlde en drage sil sa’t in goed saakkundich lid foeget.

Sa wier helpe my God Almachtich!/Dat ferklearje en ûnthjit ik!

Op........................, waard yn.....................

yn bywêzen fan (1)..............................

troch (2).............................

de boppeneamde eed/belofte ôflein.

(1).............................

(2).............................

Kêst 29

Yn kêst 3 fan de Wet op it notarisamt wurdt, ûnder it fernûmerjen fan it tredde oant en mei it fyfte lid ta fjirde oant en mei sechde lid, it folgjende lid ynfoege:

  • 3. Wannear’t de eed, bedoeld yn it twadde lid, yn de Fryske taal ôflein wurdt, is de tekst fan de eed as folget:

    ‘Ik swar trou oan de Kening en de Grûnwet en earbied foar de rjochterlike autoriteiten.

    Ik swar, dat ik my hâlde en drage sil neffens de wetten, de regleminten en de oarderingen dy’t op it notarisamt fan tapassing binne en dat ik myn taak earlik, sekuer en ûnpartidich útfiere sil; dat ik geheimhâlding betrachtsje sil oangeande alles dêr’t ik troch myn amt kunde oan krij en dat ik fierders, streekrjocht noch midlik, ûnder hokker namme of útwynsel dan ek, foar it krijen fan myn beneaming oan immen eat jûn of tasein haw, noch jaan of tasizze sil.’

Kêst 30

Oan de earste taheakke by de Wet rjochtsposysje rjochterlike amtners wurdt tafoege:

Wannear’t de eed of belofte troch in rjochterlik amtner yn de Fryske taal ôflein wurdt, is de tekst fan de eed of belofte as folget:

Ik swar/ûnthjit dat ik trou wêze sil oan de Kening, en dat ik de Grûnwet en alle oare wetten ûnderhâlde en neikomme sil.

Ik swar/ferklearje dat ik streekrjocht noch midlik, ûnder wat namme of útwynsel ek, foar it krijen fan in beneaming oan immen eat jûn of tasein haw, noch jaan of tasizze sil.

Ik swar/ferklearje dat ik nea likefolle hokker jeften of geskinken oannimme of ûntfange sil fan hokker persoan dan ek fan wa’t ik wit of tink dat hy in proses hat of krije sil dêr’t myn amtsferrjochtingen yn te pas komme kinne soene.

Ik swar/ûnthjit dat ik gegevens dy’t ik by it útoefenjen fan myn amt ta myn foldwaan krij en dêr’t ik fan wit of yn alle ridlikheid fan oannimme moat dat dy in fertroulik karakter hawwe, geheim hâlde sil, útsein as in wetlik foarskrift, likefolle hokker, my ta meidieling ferplichtet of as út myn amt de needsaak ta meidieling folget.

Ik swar/ûnthjit dat ik myn amt earlik, sekuer en ûnpartidich, sûnder ûnderskie te meitsjen tusken persoanen, ferrjochtsje sil en my dêrby hâlde en drage sil sa’t in goed rjochterlik amtner foeget.

Sa wier helpe my God Almachtich!/Dat ferklearje en ûnthjit ik!

Op........................, waard yn.....................

yn bywêzen fan (1)..............................

troch (2).............................

de boppeneamde eed/belofte ôflein.

(1).............................

(2).............................

HAADSTIK 6. SLOTBEPALINGEN

Kêst 31

Us Minister soarget foar in oersetting yn de Fryske taal fan dizze wet en fan de út krêft fan dizze wet fêststelde regelingen en docht dêrfan meidieling troch pleatsing yn de Staatscourant.

Kêst 31a

De kêsten 2:7 oant en mei 2:12 fan de Algemiene wet bestjoersrjocht ferfalle.

Kêst 32

De Wet gebrûk Fryske taal yn it rjochtsferkear wurdt ynlutsen.

Kêst 33

Mei yngong fan in by keninklik beslút fêst te stellen tiidstip is de tekst fan kêst 14 fan dizze wet as folget:

Kêst 14
  • 1. Wat yn it Frysk sein is, wurdt, as it yn it proses-ferbaal opnommen wurdt, yn dy taal werjûn. De rjochter kin bepale dat in oersetting yn it Nederlânsk makke wurdt.

  • 2. As op grûn fan kêst 13 yn in strafsaak gebrûk makke is fan de Fryske taal, wurdt it yn it Nederlânsk yn it proses-ferbaal opnommen en wurdt dêryn oantekene dat it Frysk brûkt is.

Kêst 34

De kêsten fan dizze wet geane yn op in by keninklik beslút te bepalen tiidstip, dat foar de ûnderskate kêsten of ûnderdielen dêrfan ferskillend fêststeld wurde kin.

Kêst 35

Dizze wet wurdt oanhelle as: Wet gebrûk Fryske taal.

Drage op dat dizze yn it Steatsblêd pleatst wurde sil en dat alle ministearjes, autoriteiten, kolleezjes en amtners wa’t soks oangiet, de hân hâlde sille oan de sekuere útfiering.

Jûn yn Wassenaar, 2 oktober 2013

Willem-Alexander

De Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes R.H.A. Plasterk

De Minister fan Feilichheid en Justysje I.W. Opstelten

Utjûn desantjinde oktober 2013

 

De Minister fan Feilichheid en Justysje,

I.W. Opstelten

Naar boven