BIJLAGE
Model h 1. kandidatelist
WICHTICH! LÊS EARST DE TALJOCHTING.
Mei blokletters ynfolje.
List fan kandidaten foar de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal / Provinsjale Steaten fan
............... / de rie fan de gemeente ............... / de eilânsrie fan it iepenbier lichem ............... / it Europeesk
Parlemint op ............... [in kiesrûnte ............... (...............)] 1 ynlevere troch ............... (namme), wenjend ............... (wenplak), op ............... (datum):
Oantsjutting fan de politike groepearring: ...............
Nr. | Namme 2 | Foarletters | Bertedatum | Wenplak | Korrespondinsje-adres + postkoade Tink derom: it is net ferplichte om jo wenadres oan te jaan! Jo kinne ek in oar korrespondinsje-adres – dat gjin postbusnûmer wêze mei – oanjaan, bygelyks it adres fan it partijkantoar.
Sjoch taljochting punt 2. |
1. | ........ | .......... | ............... | ............... | ............... |
2. | ensfh. | | | | |
By dizze list binne oerlein: 3
○ in ferklearring fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente, of it bestjoerskolleezje fan it iepenbier lichem dêr’t de
yntsjinner as kiezer registrearre is, dat er it foech hat om oan de ferkiezing diel te nimmen;
○ in ferklearring fan de lêsthawwer fan in politike groepearring dêr’t de yntsjinner it foech yn takend wurdt om boppe de list
de oantsjutting fan de oanbelangjende groepearring te pleatsen;
○ op syn minst tsien / tweintich / tritich ferklearrings fan kiezers dat hja de list stypje;
○ in ferklearring fan elke kandidaat dy’t op de list stiet dat er mei syn kandidaatstelling ynstimt;
○ in kopy fan in jildich identiteitsbewiis fan elke kandidaat dy’t gjin sit hat yn it fertsjintwurdigjend orgaan dêr’t de ferkiezings
foar holden wurde;
○ in bewiis dat de tapaslike boarchsom betelle is;
○ in ferklearring fan foarnommen fêstiging fan elke kandidaat dy’t op it stuit net yn de gemeente / de provinsje / it iepenbier
lichem wennet;
○ foar de ferkiezing fan de leden fan it Europeesk Parlemint: in ferklearring fan elke kandidaat dy’t op de list stiet dat
er net yn in oare lidsteat kandidaat foar it Europeesk Parlemint wêze sil;
De neikommende persoan(en) hat (hawwe), as de yntsjinner behindere is, it foech om fersommen te ferhelpen, as bedoeld yn kêst
I 2 fan de Kieswet:
1. | ............... (namme), |
| ............... (wenplak) |
| ............... (korrespondinsje-adres – dat gjin postbusnûmer wêze mei) 4 |
2. | ensfh. |
As lêsthawwer, mei it foech om dizze list mei oare listen ta in kombinaasje fan listen te ferbinen, wurdt oanwiisd:
| ............... (namme), |
| ............... (wenplak) |
| ............... (korrespondinsje-adres – dat gjin postbusnûmer wêze mei)5 |
| ensfh. |
As syn plakferfanger(s) wurdt (wurde) oanwiisd:
1. | ............... (namme), |
| ............... (wenplak) |
| ............... (korrespondinsje-adres - dat gjin postbusnûmer wêze mei)6 |
2. | ensfh. |
TALJOCHTING
1. Hoe’t de kandidaten op de list oanjûn wurde moatte
De namme meie neiere oantsjuttings (lykas sr. en jr.) oan tafoege wurde, op betingst dat dy lykas wenst ôfkoarte wurde. Efter
de foarletters kin tusken heakjes de ropnamme fan de kandidaat oanjûn wurde. Efter de foarletters of, as soks oanjûn is, de
ropnamme, mei om it slachte fan de kandidaat oan te jaan, ’(m)’ of ’(f)’ tafoege wurde.
Persoanen dy’t troud binne of west hawwe of persoanen fan wa’t it partnerskip registrearre is of registrearre west hat, wurde
op de list oanjûn, itsij mei de eigen namme, itsij, foarsafier’t hja dêr op grûn fan kêst 9 fan Boek 1 fan it Boargerlik Wetboek
of kêst 9 fan Boek 1 fan it Boargerlik Wetboek BES it foech ta hawwe, mei de namme fan oarehelte of registrearre partner of
mei de eigen namme mei in lizzend streekje folge troch of foarôfgien troch de namme fan de oarehelte of registrearre partner.
2. It wenplak en it korrespondinsje-adres oanjaan
It oanjaan fan it wenplak fan de kandidaat is ferplichte.
It oanjaan fan it adres en de postkoade fan de kandidaat is lykwols net ferplichte. Yn ferbân mei de korrespondinsje wurdt
de kandidaat dy’t syn wenadres net op de kandidatelist hawwe wol, frege om in korrespondinsje-adres oan te jaan (dat gjin
postbusnûmer wêze mei), bygelyks it adres fan it partijkantoar. Ferskillende kandidaten kinne fan itselde korrespondinsje-adres
gebrûk meitsje.
3. It maksimum tal nammen op in list
De list meie de nammen fan op syn meast fyftich kandidaten op pleatst wurde. De list fan in politike groepearring wêrfan de
oantsjutting pleatst wie boppe in kandidatelist dêr’t by de lêst holden ferkiezing fan de leden fan it oanbelangjend fertsjintwurdigjend
orgaan mear as fyftjin sitten oan takend binne, mei in tal nammen op pleatst wurde dat op syn meast tachtich bedraacht.
4. De yntsjinner fan de list
De yntsjinner moat it foech hawwe om oan de oanbelangjende ferkiezing diel te nimmen. As de yntsjinner net as kiezer registrearre
is yn de gemeente of it iepenbiere lichem dêr’t it haadstimburo fêstige is, moat er in ferklearring fan de boargemaster en
wethâlders fan de gemeente / it bestjoerskolleezje fan it iepenbier lichem dêr’t er as kiezer registrearre is, oerlizze ynhâldende
dat er it foech hat om oan de ferkiezing diel te nimmen. It haadstimburo kin de yntsjinner derop fergje dat er fan syn identiteit
bliken docht. Dejinge dy’t in kandidatelist by de gesachhawwer fan Sint Eustaasjes of Saba yntsjinnet, moat fan syn identiteit
bliken dwaan.
5. It pleatsen fan in oantsjutting fan in politike groepearring boppe de list
De lêsthawwer fan de oanbelangjende politike groepearring kin de yntsjinner it foech takenne om boppe de list de oantsjutting
fan dy groepearring te pleatsen. sa’t dy troch it sintraal stimburo registrearre is. By de list moat in ferklearring fan de
lêsthawwer oerlein wurde dêr’t dat foech út bliken docht (model H 3-1).
De yntsjinner mei boppe de list ek in oantsjutting pleatse, foarme troch it gearfoegjen fan de foar de oanbelangjende ferkiezing
registrearre oantsjuttings of ôfkoartings dêrfan, as him it foech datoangeande troch de lêsthawwers fan de ûnderskate groepearrings
takend is. By de list moat in ferklearring fan de lêsthawwers oerlein wurde dêr’t dat foech út bliken docht (model H 3-2).
In sa foarme oantsjutting mei op syn heechst út 35 letters of oare tekens bestean.
6. Ferklearrings fan stipe
By de ferkiezings fan de leden fan de Twadde Keamer, it Europeesk Parlemint, de Provinsjale Steaten en gemeenterieden dêr’t
it tal te ferpartsjen sitten yn de rie op syn minst 39 bedraacht, moatte foar elke ôfsûnderlike kandidatelist 30 ferklearrings
fan kiezers, dy’t yn de kiesrûnte wenje dêr’t de list foar ynlevere wurdt, oerlein wurde dat hja de list stypje (model H 4).
Yn gemeenten dêr’t it tal te ferpartsjen sitten yn de rie minder as 39 is, mar op syn minst 19, jildt in ferplichte tal fan
20 stipeferklearrings, wylst yn gemeenten of iepenbiere lichems mei minder as 19 sitten 10 stipeferklearrings oerlein wurde
moatte. Kiezers dy’t in stipeferklearring ôflizze wolle, moatte dy binnen in termyn fan sân dagen foarôfgeand oan de kandidaatstelling
of op de dei fan kandidaatstelling ûndertekenje op de sekretary fan de gemeente of it iepenbier lichem dêr’t hja as kiezer
registrearre binne. By de ferkiezing fan de Twadde Keamer op Bonêre, Sint Eustaasjes en Saba kinne stipeferklearrings ynlevere
wurde by de gesachhawwer op Sint Eustaasjes en Saba of by it haadstimburo op Bonêre. By de ferkiezing fan de leden fan it
Europeesk Parlemint yn de iepenbiere lichems Bonêre, Sint Eustaasjes en Saba wurde de stipeferklearrings ynlevere binnen in
termyn fan sân dagen foarôfgeand oan of op de wurkdei foar de dei fan de kandidaatstelling.
Der hoege gjin stipeferklearrings by in kandidatelist oerlein te wurden, as:
a. de oantsjutting fan de politike groepearring pleatst wie boppe in kandidatelist dêr’t by de lêst holden ferkiezing fan it
oanbelangjend orgaan ien of mear sitten oan takend binne;
b. oantsjuttings fan twa of mear groepearrings gearfoege wurde, op betingst dat by de lêst holden ferkiezing fan it oanbelangjend
orgaan, itsij oan de mienskiplike groepearring, itsij oan op syn minst ien dêrfan, ien of mear sitten takend binne.
c. twa of mear groepearrings as ien nije groepearring ûnder in nije namme tegearre of mei-inoar oan de ferkiezing fan it oanbelangjend
orgaan dielnimme, op betingst dat by de lêst holden ferkiezing fan it oanbelangjend orgaan, oan elk fan de ôfsûnderlike groepearrings
ien of mear sitten takend binne.
7. Ferklearring fan ynstimming
By de list moat fan elke kandidaat dy’t dêrop stiet in skriftlike ferklearring oerlein wurde dat er ynstimt mei syn kandidaatstelling
op dy list (model H 9). As de kandidaat bûten Nederlân tahâldt, is de ferklearring net oan it foarskreaune formulier bûn en
kin ek oer de faks ferstjoerd wurde.
8. Identiteitsbewiis
By de list moat fan elke kandidaat dy’t dêrop stiet en dy’t gjin sit hat yn it fertsjintwurdigjend orgaan dêr’t de ferkiezing
foar holden wurdt, in kopy fan in identiteitsbewiis oerlein wurde. As identiteitsbewiis wurde akseptearre de dokuminten dy’t
yn kêst 1 fan de Wet op de identifikaasjeplicht neamd wurde, te witten:
– in jildich Nederlânsk paspoart, of in paspoart fan ien fan de lannen fan de Europeeske Uny, respektivelik Europeeske Ekonomyske
romte;
– in jildige Nederlânske identiteitskaart of in identiteitskaart fan ien fan de lannen fan de Europeeske Uny, respektivelik
Europeeske Ekonomyske romte;
– in jildich Nederlânsk rydbewiis of in rydbewiis fan ien fan de lannen fan de Europeeske Uny, respektivelik Europeeske Ekonomyske
romte;
– in dokumint dat in frjemdling neffens de Frjemdlingewet 2000 ta syn foldwaan hawwe moat om dêr syn identiteit, nasjonaliteit
of ferbliuwsrjochtlike posysje mei fêststelle te kinnen.
Op Bonêre, Sint Eustaasjes en Saba wurde as identiteitsbewiis akseptearre de dokuminten as bedoeld yn kêst 2 fan de Wet identifikaasjeplicht
BES, te witten:
– in jildich Nederlânsk nasjonaal paspoart, of in paspoart fan ien fan de lannen fan de Europeeske Uny, respektivelik Europeeske
Ekonomyske romte;
– in jildige identiteitskaart fan Bonêre, Sint Eustaasjes en Saba;
– in jildich rydbewiis as bedoeld yn de wegeferkearswetjouwing fan Bonêre, Sint Eustaasjes en Saba;
– in dokumint dat in frjemdling neffens de Wet talitting en útsetting BES ta syn foldwaan hawwe moat om dêr syn identiteit,
nasjonaliteit of ferbliuwsrjochtlike posysje mei fêststelle te kinnen.
9. Boarchsom
Elke kandidatelist (groep fan listen, stel identike listen) moat yn begjinsel in beskate boarchsom foar betelle wurde. By
de ferkiezings foar de Twadde Keamer en it Europeesk Parlemint bedraacht dy boarchsom € 11.250,-, by de ferkiezings foar Provinsjale
Steaten € 1.125,-, by de ferkiezings foar de gemeenterie € 225,- en by de ferkiezings foar de eilânsrie yn ien fan de iepenbiere
lichems USD 225. Wa’t de boarchsom betelle hat, krijt (foar elke kiesrûnte) in bewiis dêrfan. Dat bewiis moat by it yntsjinjen
fan de list oerlein wurde.
De ferplichting ta it beteljen fan in boarchsom en it oerlizzen fan in bewiis fan betelling dêrfan jildt net foar in kandidatelist
fan in politike groepearring, as de oantsjutting dêrfan boppe in kandidatelist pleatst wie dêr’t by de lêst holden ferkiezing
fan de leden fan it oanbelangjend fertsjintwurdigjend orgaan ien of mear sitten oan takend binne. Dat jildt ek foar it gearfoegjen
fan oantsjuttings fan twa of mear groepearrings, as by de lêst holden ferkiezing fan de leden fan it oanbelangjend fertsjintwurdigjend
orgaan, itsij oan de mienskiplike groepearrings, itsij oan op syn minst ien dêrfan, ien of mear sitten takend binne.
10. Ferklearring fan foarnommen fêstiging
By gemeenteriedsferkiezings, ferkiezings foar Provinsjale Steaten en eilânsriedsferkiezings moat de kandidaat dy’t gjin ynwenner
is fan de oanbelangjende gemeente of provinsje of it oanbelangjend iepenbier lichem in troch de kandidaat ûndertekene ferklearring
oerlizze dêr’t út bliken docht dat er fan doel is om him by beneaming nei wenjen te setten yn respektivelik de gemeente, de
provinsje of it iepenbier lichem.
11. Kombinaasje fan listen
Op de dei fan de kandidaatstelling, tusken 09.00 en 17.00 oere (pleatslike tiid), kinne kandidatelisten fan ferskillende politike
groepearrings ta in kombinaasje fan listen ferbûn wurde troch by it sintraal stimburo in mei dat doel opstelde mienskiplike
ferklearring yn te leverjen fan de lêsthawwers dy’t op de listen oanjûn binne (model I 10). By de ferkiezing fan de leden
fan de Twadde Keamer kin op Bonêre, Sint Eustaasjes en Saba in soartgelikense ferklearring, tusken 09.00 en 17.00 oere (pleatslike
tiid) ek by de gesachhawwer ynlevere wurde. Hy stjoert de ferklearring (mei in begeliedende ferklearring dêrby – model Ya
9) uterlik op de dei nei de dei fan de kandidaatstelling om 17.00 oere (Europeesk-Nederlânske tiid) elektroanysk troch nei
it sintraal stimburo.
12. Sintralekandidaatstelling
By de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer en fan Provinsjale Steaten fan in provinsje dy’t út mear as ien kiesrûnte
bestiet, kinne politike groepearrings gebrûk meitsje fan de mooglikheid fan sintrale kandidaatstelling. Dy mooglikheid kinne
groepearrings allinnich gebrûk fan meitsje as hja oan ien fan de neikommende betingsten foldogge:
– de ferkiezings wurdt yn alle kiesrûnten oan dielnommen mei in list dêr’t mear as tritich nammen fan kandidaten op pleatst
binne mits de nammen, mei útsûndering fan op ‘en heechsten de lêste fiif, deselde binne en yn deselde folchoarder set binne.
– de ferkiezings wurdt oan dielnommen mei in identike kandidatelist yn alle kiesrûnten troch politike groepearrings wêrfan de
oantsjutting pleatst wie boppe in kandidatelist dêr’t by de lêst holden ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer, respektivelik
Provinsjale Steaten, ien of mear sitten oan takend binne.
De regeling is ek fan tapassing wannear’t oantsjuttings gearfoege binne, as by de lêst holden ferkiezing fan de leden fan
it oanbelangjend fertsjintwurdigjend orgaan, itsij oan de mienskiplike groepearrings, itsij oan op syn minst ien dêrfan, ien
of mear sitten takend binne.
As fan de mooglikheid fan sintrale kandidaatstelling gebrûk makke wurdt, moat(te) de kandidatelist(en) ynlevere wurde by it
haadstimburo fan kiesrûnte 12 (De Haach) by ferkiezings foar de Twadde Keamer en by it haadstimburo fan de kiesrûnte dêr’t
de gemeente yn leit dêr’t de gearkomste fan Provinsjale Steaten holden wurdt by in ferkiezing foar Provinsjale Steaten.
By de ferkiezing fan de leden fan it Europeesk Parlemint jildt in kandidatelist foar it hiele lân. Dy list moat by it sintraal
stimburo (de Kiesrie) ynlevere wurde. Foar de iepenbiere lichems jildt dat de kandidatelisten by de gesachhawwer op it bestjoerskantoar
ynlevere wurde.
13. Tiden fan ynleverjen
By de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer en fan de eilânsrieden wurde de kandidatelisten op de dei fan de kandidaatstelling
fan 09.00 oant 15.00 oere (pleatslike tiid) ynlevere. By de ferkiezing fan de leden fan it Europeesk Parlemint yn de iepenbiere
lichems Bonêre, Sint Eustaasjes en Saba wurde de kandidatelisten ynlevere op de wurkdei foar de dei fan de kandidaatstelling
fan 09.00 oant 15.00 oere (pleatslike tiid).
Model H 3-1. Machtiging ta it pleatsen fan de oantsjutting fan in politike groepearring boppe in kandidatelist
Mei blokletters ynfolje.
Underskreaune, ............... (namme), dy’t de lêsthawwer, as bedoeld yn kêst G 1 / G 2 / G 3, tredde lid fan de Kieswet,
is fan ............... (folsleine statutêre namme fan de oanbelangjende politike groepearring), kent hjirby oan ...............
(namme), yntsjinner fan de ûndersteande list fan kandidaten foar de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal
/ Provinsjale Steaten fan ............... / de rie fan de gemeente ............... / de eilânsrie fan it iepenbier lichem
............... / it Europeesk Parlemint op ..............., it foech ta om boppe de list de neikommende oantsjutting fan
de oanbelangjende groepearring, lykas dy neffens de kêsten G 1, G 2 of G 3 fan de Kieswet registrearre is, te pleatsen: ...............
List fan kandidaten: 7
| | | |
Nr. | Namme | Foarletters | Wenplak |
1. | ............... | ............... | ............... |
2. | ensfh. | | |
| | | Datum: ............... Hantekening: ............... |
Model H 3-2. Machtiging ta it pleatsen fan in oantsjutting, foarme troch it gearfoegjen fan de oantsjuttings fan politike
groepearrings of ôfkoartings dêrfan, boppe in kandidatelist
Mei blokletters ynfolje.
Underskreaune(n), 8 ............... (namme/nammen), dy’t de lêsthawwer(s), as bedoeld yn kêst G 1 / G 2 / G 3, tredde lid, fan de Kieswet, is/binne
fan ............... (folsleine statutêre namme/nammen fan de oanbelangjende politike groepearring(s) kent/kenne hjirby oan
............... (namme), yntsjinner fan de ûndersteande list fan kandidaten foar de ferkiezing fan de leden fan de Twadde
Keamer fan de Steaten-Generaal / Provinsjale Steaten fan ............... / de rie fan de gemeente ............... / de eilânsrie
fan it iepenbier lichem ............... / it Europeesk Parlemint op ..............., it foech ta om boppe de list de neikommende
oantsjutting, foarme troch it gearfoegjen fan de oantsjuttings fan de oanbelangjende groepearrings, lykas dy neffens de kêsten
G 1, G 2 of G 3 fan de Kieswet registrearre binne, of ôfkoartings dêrfan te pleatsen: ...............
List fan kandidaten:9
| | | |
Nr. | Namme | Foarletters | Wenplak |
1. | ............... | ............... | ............... |
2. | ensfh. | | |
| | | Datum: ............... Hantekening: ............... |
Model H 4. Ferklearring fan stipe fan in kandidatelist
WICHTICH! LÊS EARST DE TALJOCHTING.
Mei blokletters ynfolje.
Underskreaune, ............... (namme), wenjend yn ............... (wenplak 10), ferklearret de ûndersteande list fan kandidaten foar de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal
/ Provinsjale Steaten fan ............... / de rie fan de gemeente ............... / de eilânsrie fan it iepenbier lichem
............... / it Europeesk Parlemint op ............... [yn kiesrûnte ............... (...............)] 11 te stypjen.
Oantsjutting fan de politike groepearring: ...............
List fan kandidaten:12
| | | |
Nr. | Namme | Foarletters | Wenplak |
1. | ............... | ............... | ............... |
2. | ensfh. | | |
| | | Datum: ............... Hantekening: ............... |
Yn te foljen troch de boargemaster / gesachhawwer
De boargemaster / gesachhawwer fan ............... ferklearret dat de ûndertekener yn syn gemeente / iepenbier lichem as kiezer
registrearre is.
Datum: ...............
De boargemaster / gesachhawwer,
TALJOCHTING
Ferklearrings fan stipe kinne allinnich mar ôflein wurde troch persoanen dy’t yn de kiesrûnte dêr’t de list foar jildt, as
kiezer foar de oanbelangjende ferkiezing registrearre binne.
In kiezer dy’t in ferklearring fan stipe ôflizze wol, ûndertekenet dy ferklearring binnen in termyn fan sân dagen foarôfgeand
oan de kandidaatstelling of op de dei fan kandidaatstelling op de sekretary fan de gemeente / it iepenbier lichem dêr’t er
as kiezer registrearre is, yn oanwêzigens fan de boargemaster / gesachhawwer of troch in amtner dy’t dêrfoar oanwiisd is.
De kiezer docht dêrby fan syn identiteit bliken.
By de ferkiezing fan de leden fan it Europeesk Parlemint ûndertekenet de kiezer, dy’t yn de iepenbiere lichems Bonêre, Sint
Eustaasjes of Saba registrearre is en dy’t in ferklearring fan stipe ôflizze wol, dy ferklearring binnen in termyn fan sân
dagen foarôfgeand oan of op de wurkdei foar de dei fan de kandidaatstelling. De ûndertekening is op de sekretary fan it iepenbier
lichem dêr’t er registrearre is, yn oanwêzigens fan de gesachhawwer of in amtner dy’t er dêrfoar oanwiisd hat of syn plakferfangende
eilânsdeputearre. De kiezer docht fan syn identiteit bliken.
In kiezer mei net mear as ien ferklearring fan stipe ûndertekenje.
In oerleine ferklearring fan stipe kin net ynlutsen wurde.
Der hoege gjin stipeferklearrings by in kandidatelist oerlein te wurden, as:
a. de oantsjutting fan de politike groepearring boppe in kandidatelist pleatst wie dêr’t by de lêst holden ferkiezing fan it
oanbelangjend orgaan ien of mear sitten oan takend binne;
b. oantsjuttings fan twa of mear groepearrings gearfoege wurde, op betingst dat by de lêst holden ferkiezing fan it oanbelangjend
orgaan, itsij oan de mienskiplike groepearring, itsij oan op syn minst ien dêrfan, ien of mear sitten takend binne;
c. twa of mear groepearrings as ien nije groepearring ûnder in nije namme tegearre of mei-inoar oan de ferkiezing dielnimme,
op betingst dat by de lêst holden ferkiezing fan it oanbelangjend orgaan, oan elk fan de ôfsûnderlike groepearrings ien of
mear sitten takend binne.
Kêst Z 4, twadde en tredde lid fan de Kieswet
Lid 2. Dejinge dy’t by in ferkiezing troch jefte of ûnthjit in kiezer omkeapet of oars derta twingt om in ferklearring as
bedoeld yn kêst H 4, earste lid, ôf te lizzen om in list te stypjen, wurdt straft mei in finzenisstraf fan op ‘en heechsten
seis moanne of in jildboete fan de tredde kategory;
Lid 3. Mei deselde straf wurdt de kiezer straft dy’t him troch jefte of ûnthjit ta it by folmacht stimmen of it ôflizzen fan
in stipeferklearring omkeapje lit.
Model H 9. Ferklearring fan ynstimming mei de kandidaatstelling
WICHTICH! LÊS EARST DE TALJOCHTNG.
Mei blokletters ynfolje.
De ferklearring fan ynstimming
Underskreaune, ............... (namme), wenjend yn ............... (wenplak 13), ferklearret dat hy/sy dermei ynstimt dat hy/sy foarkomt op ûndersteande list fan kandidaten foar de ferkiezing fan de leden
fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal / Provinsjale Steaten fan ............... / de rie fan de gemeente ...............
/ de eilânsrie fan it iepenbier lichem ............... / it Europeesk Parlemint op ............... [yn kiesrûnte ...............
(...............)]. 14
Oantsjutting fan de politike groepearring: ...............
List fan kandidaten:15
| | | |
Nr. | Namme | Foarletters | Wenplak |
1. | ............... | ............... | ............... |
2. | enz. | | |
| | | Datum: ............... Hantekening: ............... |
Oanwizing fan in lêsthawwer
Underskreaune ferklearret, om’t by de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal / Provinsjale Steaten
fan ............... / de rie fan de gemeente ............... / it Europeesk Parlemint syn wenplak bûten it Europeesk part
fan Nederlân leit, / by de ferkiezing fan de eilânsrie fan it iepenbier lichem ............... syn wenplak bûten dat iepenbier
lichem leit, of om’t gebrûk makke wurdt fan in ‘memmelist’ 16 (sjoch taljochting), dat hy/sy as syn lêsthawwer, as bedoeld yn kêst H 10 of kêst H 10a fan de Kieswet, oanwiist:
Namme: ...............
Wenplak: ...............
Korrespondinsje-adres: ................17
Datum: ...............
Hantekening: ...............
TALJOCHTING
1. De ferklearring fan ynstimming
De ferklearring fan ynstimming wurdt ôflein troch elke kandidaat op de kandidatelist. In oerleine ferklearring fan ynstimming
kin net ynlutsen wurde. As jo bûten Nederlân tahâlde, is de ferklearring net bûn oan hokfoar formulier dan ek en kin er ek
oer de faks ferstjoerd wurde.
2. It oanwizen fan in lêsthawwer
Betingsten
De kandidaat wiist yn trije gefallen in lêsthawwer oan:
1. As it giet om de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer, Provinsjale Steaten, de gemeenterie of it Europeesk Parlemint
en it wenplak fan de kandidaat leit bûten it Europeesk part fan Nederlân, dan is de kandidaat ferplichte om in lêsthawwer
oan te wizen dy’t yn it Europeesk part fan Nederlân wennet.
2. As it giet om de ferkiezing fan de eilânsrie fan in iepenbier lichem (Bonêre, Sint Eustaasjes of Saba) en it wenplak fan de
kandidaat leit bûten it iepenbier lichem dêr’t de ferkiezing foar jildt, dan is de kandidaat ferplichte om in lêsthawwer oan
te wizen dy’t yn it iepenbier lichem wennet dêr’t de ferkiezing foar jildt.
3. De politike groepearring fan de kandidaat makket gebrûk fan in saneamde ‘memmelist’ by de ferkiezing fan de leden fan de Twadde
Keamer of Provinsjale Steaten. De kandidaat kin dan in lêsthawwer oanwize, mar is dêr net ta ferplichte.
Yn alle oare gefallen mei de kandidaat gjin lêsthawwer oanwize.
Gefolgen fan de machtiging
De lêsthawwer hat it foech om inkelde beneamingshannelings te ferrjochtsjen, as de kandidaat keazen is. Dy hannelings binne
bedoeld foar it al as net oanfurdigjen fan, of it net yn oanmerking komme wollen foar, in eventuele beneaming (kêsten V 2,
earste, fjirde en fyfte lid, V 3, earste, twadde, en tredde lid en W 2, earste lid, ûnderdiel f, fan de Kieswet).
De kandidaat dy’t in lêsthawwer oanwiisd hat, kin dy hannelings net mear sels ferrjochtsje. De kandidaat hat wol it foech
om in folmacht yn te lûken. De kandidaat moat dat skriftlik of oer de faks bekend meitsje oan de foarsitter fan it sintraal
stimburo en, foarsafier nedich, in nije lêsthawwer oanwize.
As de kandidaat foar ferskillende provinsjes in aparte ynstimmingsferklearring ôfjout, moat yn elke ferklearring deselde lêsthawwer
oanwiisd wurde.
In memmelist
It brûken fan in memmelist troch de politike groepearring hâldt yn dat de politike groepearring in folchoarder fan kandidaten
foar in ferkiezing fêststeld hat, om’t de politike groepearring foar twa of mear kiesrûnten ferskillende listen ynlevere hat.
Boppedat is de memmelist uterlik fjirtjin dagen nei de kandidaatstelling oan it sintraal stimburo meidield.
Om dêrnei de beneamingshannelings maklik ferrjochtsje te litten, kinne kandidaten in sintrale persoan machtigje. Dy persoan
meldt dan, út namme fan dejingen dy’t neffens de memmelist noch net oan bar binne, oan it sintraal stimburo dat hja harren
beneaming net oanfurdigje, of net foar beneaming yn oanmerking komme wolle.
Model H 12. Bewiis fan betelling fan in boarchsom foar de kandidaatstelling
Underskreaune ferklearret dat op ............................................. as boarchsom foar de kandidaatstelling ynbard
is fan ............................................. (namme), wenjend ............................................. (wenplak
18) foar de ferkiezing fan de leden fan 19
○ de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal in bedrach fan € 11.250,–.
○ Provinsjale Steaten fan ............................................. in bedrach fan € 1.125,–.
○ de rie fan de gemeente ............................................. / de eilânsrie fan it iepenbier lichem .............................................
in bedrach fan € 225,– of USD 225. 20
○ it Europeesk Parlemint in bedrach fan € 11.250,–.
Plak: .............................................
Datum: .............................................
.............................................,
(namme en funksje fan, en ûndertekening troch, dejinge dy’t mei it ynbarren fan de boarchsom belêstige is)