Beslút ta ferlinging Bestjoersôfspraak en Utfieringskonvenant Fryske taal en kultuer

14 september 2010

Nr. 2010-0000469575

De Steatssiktaris fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes,

Mei út namme fan de Ministers fan Bûtenlânske Saken, Justysje, Underwiis, Kultuer en Wittenskip, en Folkssûnens, Wolwêzen en Sport

Mei it each op it brief fan it kolleezje fan deputearre steaten fan Fryslân fan 26 maaie 2010 (merkteken: 00893875), ynhâldende fersyk ta ferlinging fan de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2001 mei ien jier;

Beslút:

Kêst 1

De Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2001 en dêrmei gearhingjend it Utfieringskonvenant Fryske taal en kultuer 2009, dy’t beide op 31 desimber 2010 ôfrinne, wurde op fersyk fan de provinsje Fryslân ferlinge oant en mei 31 desimber 2011.

Kêst 2

Dit beslút sil, mei taljochting, yn de Nederlânske en de Fryske taal yn de Staatscourant pleatst wurde.

De Steatssiktaris fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes,

A.Th.B. Bijleveld-Schouten.

TALJOCHTING

De provinsje Fryslân motivearret yn boppeneamd brief fan 26 maaie 2010 syn fersyk sa:

  • Yn simmer 2010 sil de Stjoergroep ‘Desintralisaasje Fryske taal fan Ryk nei de provinsje Fryslân ta’ nei ferwachting advys útbringe oangeande de troch de kommisje-Lodders («Mingde kommisje desintralisaasjeútstellen provinsjes») bepleite desintralisaasje fan ferantwurdlikheden en foech op it mêd fan de Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta. Nei oanlieding fan de ynhâld fan dat advys sil troch partijen by de Bestjoersôfspraak besjoen wurde moatte oft, en as dat it gefal is, hoe’t en oer hokker ûnderwerpen op it mêd fan de Fryske taal en kultuer ôfspraken tusken Ryk en provinsje Fryslân makke wurde moatte.

  • De demisjonêre status fan it hjoeddeisk kabinet en de foarming fan in nij kabinet folgjend op de lanlike ferkiezings fan 9 juny steane op koarte termyn it ta stân kommen en it ûndertekenjen fan in eventuele fjirde bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer yn de wei.

  • Fierders wurde yn maart 2011 nije ferkiezings foar provinsjale steaten hâlden. Dêrnei is de foarming fan in nij kolleezje fan deputearre steaten oan de oarder. It soe nei it oardiel fan de provinsje Fryslân in goede saak wêze om op grûn fan de nije politike omstannichheden op ryks- en provinsjaal nivo yn kaart te bringen oft, en as dat it gefal is, hoe’t in nije Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer ta stân brocht wurdt.

It Ryk sjocht yn dy arguminten oanlieding genôch om it fersyk fan de provinsje Fryslân te honorearjen.

De Steatssiktaris fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes,

A.Th.B. Bijleveld-Schouten.

Naar boven