Untslachbeslút vice-foarsitter Konsultatyf Orgaan Fryske taal

De Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes,

Mei it each op it brief fan it Konsultatyf Orgaan Fryske taal fan 14 febrewaris 2006;

Mei it each op kêst 3 fan it Ynstellingsbeslút Konsultatyf Orgaan Fryske taal (Stcrt. 1998, nû. 33; 2002; nû. 62);

Mei it each op kêst 4 fan it Beneamingsbeslút Konsultatyf Orgaan Fryske taal (Stcrt. 2002, nû. 62);

Beslút:

Kêst 1

Oan frou ir. Krol-Benedictus, wenjend yn Boarnburgum, wurdt earfol ûntslach jûn as vice-foarsitter en tagelyk ek as lid fan it Konsultatyf Orgaan Fryske taal.

Kêst 2

Dit beslút giet yn op de twadde dei nei de datum fan útjefte fan de Staatscourant dêr’t it yn pleatst wurdt en wurket werom oant en mei 14 maart 2006.

’s-Gravenhage, 18 july 2006.
De Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes,
ut syn namme,
L.A.M. van Halder,
direkteur-generaal Keninkryksrelaasjes en Bestjoer.

Naar boven