Beslút fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân ta fêststelling fan in oanfraachperioade en subsydzjeplafond hearrende by de Subsidieregeling Frysk foar no en letter 2026

Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân,

 

mei it each op

  • -

    kêst 1.3, tredde lid fan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022 en

  • -

    kêst 4 fan de Subsidieregeling Frysk foar no en letter 2026

beslute fêst te stellen:

 

it Iepenstellingsbeslút Subsidieregeling Frysk foar no en letter 2026

Kêst 1 Oanfraachperioade

Oanfragen kinne mei yngong fan 22 april 2026 oant en mei 30 septimber 2026 yntsjinne wurde.

Kêst 2 Subsydzjeplafond

  • 1.

    It subsydzjeplafond foar de Subsidieregeling Frysk foar no en letter 2026 bedraacht foar de oanfraachperioade neamd yn kêst 1: € 1.000.000,-.

  • 2.

    It subsydzjeplafond wurdt yn de neikommende dielplafonds ûnderferdield:

     

    Aktiviteit

    Ferwizing subsydzjeregeling

    Dielplafond

    Frysktalich les- of lêsmateriaal oanskaffe

    Kêst 2, lid 1

    € 200.000,-

    Dielnimme oan aktiviteiten op it mêd fan kultuer- of erfgoededukaasje oer de Fryske taal en kultuer

    Kêst 2, lid 2

    € 200.000,-

    In oplieding of kursus op it mêd fan de Fryske taal en kultuer folgje

    Kêst 2, lid 3

    € 50.000,-

    Meartalich fuortset ûnderwiis neffens het konsept fan Taalryk oanbiede

    Kêst 2, lid 4

    € 100.000,-

    In plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis ûntwikkelje en yn it wurk sette

    Kêst 2, lid 5

    € 450.000,-

  • 3.

    De ferdieling fan de middels bart neffens kêst 11 fan de Subsidieregeling Frysk foar no en letter 2026.

  • 4.

    Deputearre Steaten kinne nei ôfrin fan de oanfraachperioade de dielplafonds oanpasse, mits dêr gjin oanfregers mei beneidiele wurde.

Kêst 3 It yngean

Dit beslút giet yn mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal Blad dêr’t t yn pleatst wurdt.

Kêst 4 Siteartitel

Dit beslút wurdt oanhelle as: Openstellingsbesluit Subsidieregeling Frysk foar no en letter 2026.

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 7 april 2026,

Foarsitter drs. A.A. M. Brok

Sekretaris drs. ing. J.J. Algra

Naar boven