Beslút fan Deputearre Steaten fan 31 maart 2026 ta it wizigjen fan it Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafonds en iepenstellings fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân, dy’t heart by it beslút fan Deputearre Steaten fan 9 desimber 2025

Deputearre Steaten fan de Provinsje Fryslân,

 

Mei it each op kêst 1.3, tredde lid, fan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022,

 

 

BESLUTE

 

It Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafonds en iepenstellings fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân, dy’t heart by it beslút fan Deputearre Steaten fan 9 desimber 2025, as neikomt te wizigjen:

Kêst I  

Paragraaf 2.1 Frysktalige literatuer wurdt as neikomt wizige:

 

  • A.

    Paragraaf 2.1 Frysktalige literatuer, ûnderdiel b, wurdt:

    • b.

      It subsydzjeplafond foar aktiviteiten lykas neamd kêst 2.1.2 fan de regeling is € 100.000,-, en jildt fan 12 jannewaris 2026 oant en mei 9 oktober 2026.

Kêst II  

Dit wizigingsbeslút giet yn mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal Blad dêr’t it yn pleatst wurdt en wurket werom oant en mei 23 desimber 2025.

Ljouwert, 31 maart 2026

drs. A.A.M. Brok, foarsitter

drs. ing. J.J. Algra, sekretaris

Naar boven