Beslút fan Deputearre Steaten fan 31 maart 2026 ta it wizigjen fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân

Deputearre Steaten fan de Provinsje Fryslân,

 

Mei it each op kêst 1.3, tredde lid, fan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022,

 

 

BESLUTE

 

De Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân as neikomt te wizigjen:

Kêst I  

Paragraaf 2.4 wurdt as neikomt wizige:

 

  • A.

    In kêst 2.4.13, twadde lid, wurdt it wurd “subsydzjefêststelling” ferfangen troch it wurd “subsydzjeferliening”.

Kêst II  

Paragraaf 2.6 wurdt as neikomt wizige:

 

  • A.

    In kêst 2.6.10, ûnderdiel a, wurdt it wurd “subsydzjefêststelling” ferfangen troch it wurd “subsydzjeferliening”.

  • B.

    In kêst 2.6.11, twadde lid, wurdt it wurd “subsydzjefêststelling” ferfangen troch it wurd “subsydzjeferliening”.

Kêst III  

Paragraaf 3.2 wurdt as neikomt wizige:

 

  • A.

    Kêst 3.2.3 twadde lid komt te ferfallen.

Kêst IV  

Paragraaf 5.1 wurdt as neikomt wizige:

 

  • A.

    Kêst 5.1.12 wurdt:

    • Kêst 5.1.12 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

      • 1.

        De aktiviteiten wurde útfierd yn it kalinderjier wêryn’t de subsydzje-oanfraach yntsjinne is.

      • 2.

        Nei in foar dat doel motivearre en skriftlik fersyk, kin de termyn, neamd yn lid 1, foar ien kear foar de doer fan op syn heechst 12 moanne ferlinge wurde.

  • B.

    In kêst 5.1.12a, twadde lid, wurdt it wurd “subsydzjefêststelling” ferfangen troch it wurd “subsydzjeferliening”.

Kêst V  

Paragraaf 5.2 wurdt as neikomt wizige:

 

  • A.

    In kêst 5.2.13, twadde lid, wurdt it wurd “subsydzjefêststelling” ferfangen troch it wurd “subsydzjeferliening”.

Kêst VI  

Dit wizigingsbeslút giet yn mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal Blad dêr’t it yn pleatst wurdt en wurket werom oant en mei 23 desimber 2025.

Ljouwert, 31 maart 2026

drs. A.A.M. Brok, foarsitter

drs. ing. J.J. Algra, sekretaris

Naar boven