Beslút fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân fan 17 novimber 2026 ta it wizigjen fan it Beslút ta fêststelling fan in oanfraachperioade en subsydzjeplafond hearrende by de Subsidieregeling Frysk foar no en letter 2026

Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân,

 

mei it each op

  • -

    kêst 1.3, tredde lid fan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022; en

  • -

    kêst 4 fan de Subsidieregeling Frysk foar no en letter 2026

BESLUTE

Kêst I

It Beslút ta fêststelling fan in oanfraachperioade en subsydzjeplafond hearrende by de Subsidieregeling Frysk foar no en letter 2026, dy’t heart by it beslút fan Deputearre Steaten fan 7 april 2026, as neikomt te wizigjen:

 

Kêst 2 lid 2, wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    It subsydzjeplafond wurdt yn de neikommende dielplafonds ûnderferdield:

    Aktiviteit

    Ferwizing subsydzjeregeling

    Dielplafond

    Frysktalich les- of lêsmateriaal oanskaffe

    Kêst 2, lid 1

    € 145.000,-

    Dielnimme oan aktiviteiten op it mêd fan kultuer- of erfgoededukaasje oer de Fryske taal en kultuer

    Kêst 2, lid 2

    € 230.000,-

    In oplieding of kursus op it mêd fan de Fryske taal en kultuer folgje

    Kêst 2, lid 3

    € 50.000,-

    Meartalich fuortset ûnderwiis neffens het konsept fan Taalryk oanbiede

    Kêst 2, lid 4

    € 100.000,-

    In plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis ûntwikkelje en yn it wurk sette

    Kêst 2, lid 5

    € 475.000,-

Kêst II  

Dit wizigingsbeslút giet yn mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal Blad dêr’t it yn pleatst wurdt en wurket werom oant en mei 7 april 2026.

Ljouwert, 17 novimber 2026

drs. A.A.M. Brok, foarsitter

drs. ing. J.J. Algra, sekretaris

Naar boven