Provinciaal blad van Fryslân
| Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
|---|---|---|---|
| Fryslân | Provinciaal blad 2026, 20088 | algemeen verbindend voorschrift (verordening) |
Zoals vergunningen, bouwplannen en lokale regelgeving.
Zoals belastingen, uitkeringen en subsidies.
Officiële publicaties van de overheid.
Adressen en contactpersonen van overheidsorganisaties.
U bent hier:
| Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
|---|---|---|---|
| Fryslân | Provinciaal blad 2026, 20088 | algemeen verbindend voorschrift (verordening) |
Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2027
Deputearre Steaten fan Fryslân,
Mei it each op kêst 1.3, tredde lid, fan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022;
Oerwagende dat it yn it ramt fan it Taalplan Frysk 2030 te winskjen is om de posysje fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis troch subsydzje te befoarderjen, dat alle skoallen yn it primêr en fuortset ûnderwiis it op foldwaande nivo oanbiede neffens de kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026 en dat de posysje fan it Frysk ek yn oare ûnderwiissektoaren fuortsterke wurdt;
Beslute de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2027 as neikomt fêst te stellen:
Foar it folgjen fan in oplieding of kursus as bedoeld yn kêst 2, lid 3, komme allinnich kosten yn ‘e beneaming as de oplieding of kursus nei de datum fan ûntfangst fan de oanfraach begjint. As in mearjierrige oplieding al begûn is komt allinnich it kolleezjejild foar kolleezjejierren dy't nei dy datum begjinne foar subsydzje yn ‘e beneaming.
Kêst 5 Net-subsidiabele kosten
Yn oanfolling op kêst 2.4 fan de UAsv wurdt gjin subsydzje jûn foar de kosten foar:
Om foar in subsydzje yn ‘e beneaming te kommen, moat oan de neikommende kritearia foldien wurde:
Kêst 8 Subsydzjeplafond en oanfraachperioade
It subsydzjeplafond wurdt yn de neikommende dielplafonds ûnderferdield:
By de oanfraach lykas bedoeld yn kêst 2, lid 4, wurde de neikommende ynformaasje en stikken jûn:
In begrutting mei in oersjoch fan de kosten en opbringsten fan de aktiviteiten dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt, foarsjoen fan in taljochting. Deputearre Steaten wike, mei tapassing fan kêst 2.5, lid 4, UAsv, ôf fan kêst 2.5, lid 2, UAsv. Kêst 2.5, lid 2, is dêrom net fan tapassing op de oanfraach en de ynformaasje en stikken by de oanfraach.
Yn ôfwiking fan it foegestatút provinsje Fryslân 2018 wurdt oan de teammanager Subsydzjesaken mandaat ferliend ta it fêststellen fan it formulier, lykas neamd yn kêst 9, lid 1, fan dizze regeling.
Mei behâld fan kêst 2.4 fan de Asv wurdt it subsydzje yn alle gefallen wegere as en foar safier’t:
Mei behâld fan de ferplichtings yn paragraaf 2.4 fan de Asv en de UAsv, is de subsydzjeûntfanger ferplichte om:
Kêst 14 Ferantwurding en fêststelling subsydzje les- of lêsmateriaal
Subsydzjes foar de oanskaf fan Frysktalich les- of lêsmateriaal, lykas bedoeld yn kêst 2, lid 1, wurde daliks troch it kolleezje fêststeld, sûnder foarôfgeande beskikking ta subsydzjeferliening.
Kêst 18 Ferantwurding en fêststelling subsydzje Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis fuortsterkje
Dizze regeling giet yn mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal Blad dêr’t er yn stiet.
Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 17 novimber 2026,
Foarsitter drs. A.A. M. Brok
Sekretaris drs. ing. J.J. Algra
De provinsje Fryslân hat as taak de Fryske taal en kultuer te beskermjen en te befoarderjen, ûnder oare yn it ûnderwiis. Yn dat ramt is Taalplan Frysk 2030 yn 2021 úteinset. Taalplan Frysk 2030 is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en de ûnderskate ûnderwiispartners om de kwaliteit en ynset fan it Frysk op skoallen yn de provinsje Fryslân te befoarderjen. Mei dizze subsydzjeregeling wurdt it oanbieden en yntegrearjen fan de Fryske taal en kultuer yn de foarskoalske opfanglokaasjes en it ûnderwiis stimulearre. De regeling is rjochte op it yn it wurk setten fan de Fryske taal en kultuer yn it kurrikulum op foarskoalske opfanglokaasjes en skoallen yn ‘e provinsje Fryslân. De provinsje Fryslân fynt it in goede saak om de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis troch subsydzje fuort te sterkjen, dat it op foldwaande nivo oanbean wurde kin. Dêrmei wol de provinsje skoallen yn it primêr en fuortset ûnderwiis stypje om oan de kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026 foldwaan te kinnen en tagelyk de posysje fan it Frysk yn oare ûnderwiissektoaren fuort te sterkjen.
Taljochting yn ‘e folchoarder fan ‘e kêsten
Kêst 2 Subsidiabele aktiviteiten
Yn dizze subsydzjeregeling komme fiif ûnderskate aktiviteiten foar in subsydzje yn ‘e beneaming.
De earste subsidiabele aktiviteit is de oanskaf fan Frysktalich les- of lêsmateriaal, om’t aktueel materiaal needsaaklik is om learlingen ûnderwiis te jaan oer de Fryske taal en kultuer en it lêzen fan Frysktalige boeken te stimulearjen. It kolleezje wol mei dizze subsydzjeregeling in bydrage leverje oan de kosten foar it oanskaffen fan dat materiaal.
Dêrnjonken is it meidwaan litten fan learlingen oan aktiviteiten op it mêd fan kultuer- of erfgoededukaasje oer de Fryske taal en kultuer yn de provinsje Fryslân in subsidiabele aktiviteit. It giet dan om it yn ‘e kunde kommen mei it materiële en ymmateriële erfgoed fan Fryslân. It idee is in leechdrompelige wize fan subsidiearjen, om’t wy tinke dat it meidwaan oan in aktiviteit op it mêd fan kultuer- of erfgoededukaasje oer de Fryske taal en kultuer in bydrage leveret oan kennis of bewustwurding fan de Fryske taal en kultuer.
Likefolle de omfang fan dy bydrage.
De tredde subsidiabele aktiviteit yn dizze regeling is it folgjen fan in oplieding of kursus troch ien of mear meiwurkers of wurknimmers fan de oanfreger op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk foar it Frysk. Mei dy aktiviteit wurdt in bydrage levere oan it fergrutsjen fan de kennis en kwaliteit fan it ûnderwiis op it mêd fan de Fryske taal en kultuer.
Under de aktiviteit wurdt ferstien it folgjen fan de folsleine oplieding of kursus, ek as dy meardere jierren duorret. Aparte kolleezjes, lessen of kursusjierren wurde net as selsstannige aktiviteiten oanmurken. Foar it folgjen fan ien oplieding of kursus kin dêrom mar ienkear subsydzje jûn wurde. Dat betsjut dat foar in takomstich jier foar deselde oplieding of kursus net op 'e nij subsydzje krigen wurde kin.
De aktiviteit foar it oanbieden fan meartalich fuortset ûnderwiis neffens it konsept fan Taalryk is yn dizze regeling subsidiabel, om’t it Taalryk-netwurk in dúdlike fisy op meartaligens yn ‘e praktyk bringt. Skoallen yn it fuortset ûnderwiis dy’t sertifisearre binne as Taalryk-skoalle wurkje op basis fan de kwaliteitsstandert foar meartalich fuortset ûnderwiis. Om oanhâldend oan dy standert foldwaan te kinnen freget dat fan dielnimmende skoallen in substansjele finansjele ynvestearring. Mei de subsydzjeregeling wol it kolleezje in bydrage oan dy kosten leverje.
De aktiviteit foar it ûntwikkeljen en yn it wurk setten fan in plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis is útdruklik net allinne rjochte op it skriuwen fan in plan, mar ek om dat plan yn it wurk te setten. Dêrby kin it bygelyks gean om it opsetten fan in eksamentrajekt Frysk, it ûntwikkeljen fan in skoaleigen kurrikulum, rjochte op it yn it wurk setten fan de kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026, it yntegrearjen fan Frysk en meartaligens yn in oplieding, of it oanstellen fan in boppe-skoalske koördinator foar it skriuwen fan plannen dy’t derta liede dat de Fryske taal en kultuer yn in skoalkoepel fuortsterke wurde. Ek it tawurkjen nei meartalich ûnderwiis, neffens 3TS of Taalryk, kin ûnder dy aktiviteit falle.
Ta de kosten dy't streekrjocht oan de subsidiabele aktiviteiten ta te rekkenjen en reedlikerwize nedich binne foar de útfiering dêrfan, hearre ek de kosten fan boeken en oare stúdzjematerialen dy't nedich binne foar it folgjen fan in oplieding of kursus lykas bedoeld yn kêst 2, lid 3.
In oplieding of kursus dy't op de datum fan ûntfangst fan de oanfraach al úteinset is, komt net foar subsydzje yn ’e beneaming. Ek de kosten foar it restearjende part wurde net subsidiearre. Dat betsjut bygelyks dat by in kursus fan fjouwer wike dy't op it stuit fan oanfreegjen al twa wike rint, ek de lêste twa wike net subsidiearre wurde.
Foar mearjierrige opliedingen jildt in útsûndering, omdat dêr foar alle kolleezjejierren ôfsûnderlik kolleezjejild betelle wurde moat. As in mearjierrige oplieding al begûn is, kin dêrom wol subsydzje jûn wurde foar it kolleezjejild fan de noch net úteinsette kolleezjejierren. It kolleezjejild foar it rinnende kolleezjejier bliuwt folslein bûten beskôging, likefolle oft dat yn ien kear of yn terminen betelle wurdt.
De folsleine oplieding bliuwt ien subsidiabele aktiviteit. Foar de oerbliuwende kolleezjejierren wurdt dêrom ien kear subsydzje jûn; foar ôfsûnderlike kolleezjejierren kin net wer subsydzje krigen wurde. De oare betingsten bliuwe jildich, dêrûnder de eask dat de oplieding op syn lêst op 31 desimber 2029 ôfsletten is.
Kêst 5 Net-subsidiabele kosten
It kolleezje wol mei dizze subsydzjeregeling sa doelfêst mooglik subsidiearje. Om dy reden binne yn oanfolling op kêst 2.4 fan de UAsv in oantal kosten fan subsydzje útsletten.
Kosten foar de ferfanging fan dosinten dy't dielnimme oan de subsidiabele aktiviteiten komme net foar subsydzje yn ’e beneaming. As in dosint bygelyks in oplieding of kursus folget, binne de kosten foar it oernimmen fan dy syn lessen net subsidiabel. Dy ferfangingskosten bliuwe foar rekken fan de oanfreger.
Foar opliedings of kursussen dy't fergees oanbean wurde of dêr't fia in oare provinsjale regeling of foarsjenning in fergoeding beskikber foar is, wurdt op grûn fan dizze regeling gjin subsydzje jûn. De oanfreger moat dêrfoar gebrûk meitsje fan it oare provinsjale kanaal. De útsluting jildt ek as de oanfreger dy fergoeding net oanfrege of ûntfongen hat. It giet derom dat de oanfreger foar de oanbelangjende oplieding of kursus foar dy fergoeding yn ‘e beneaming komme kin. Dat kin bygelyks jilde foar in oplieding ta Koördinator taal en meartaligens yn it basisûnderwiis en foar de kursus Klasse Frysk.
Yn dit kêst binne de kritearia opnommen dêr’t oanfragen oan foldwaan moatte om foar in subsydzje yn ‘e beneaming te kommen.
By de oanskaf fan les- of lêsmateriaal wurdt yn dizze subsydzjeregeling allinne hifke oft it materiaal oanskaft is en oft it om Frysktalich materiaal giet. It kin nedich wêze dat materiaal foar in part yn in oare taal of meartalich skreaun is. Om dy reden foldocht ek materiaal dat foar in part yn it Frysk skreaun is oan dat kritearium, mits it materiaal as doel hat it fergrutsjen fan de kennis oer de Fryske taal en kultuer. Materiaal dat hielendal net yn it Frysk skreaun is komt net foar subsydzje yn de beneaming. Ek al kin dat materiaal goed oanslute by de lessen oer de Fryske taal en kultuer. Foar de útfiering fan dizze regeling is keazen om allinne Frysktalich materiaal foar subsydzje yn 'e beneaming komme te litten.
Foar it meidwaan oan aktiviteiten op it mêd fan kultuer- of erfgoededukaasje binne skoallen frij yn de kar foar it type aktiviteit, salang’t de aktiviteit derop rjochte is om learlingen yn groepsferbân yn ‘e kunde komme te litten mei it materiële en ymmateriële erfgoed fan Fryslân. Meidwaan oan sa’n aktiviteit draacht by oan de realisaasje fan it doel om alle bern yn Fryslân de kâns te bieden om (oer) de Fryske taal en kultuer te learen en dy te brûken.
Foar it folgjen fan in oplieding of kursus wurdt hifke oft de oplieding of kursus troch in meiwurker of wurknimmer fan de oanfreger folge wurdt. Allinne opliedings of kursussen, jûn troch in saakkundich dosint of in opliedingsynstitút kinne foar in subsydzje yn ‘e beneaming komme. Fierder jildt dat de skoallings- of opliedingsaktiviteiten uterlik 31 desimber 2029 ôfsletten wêze moatte.
Foar it oanbieden fan meartalich fuortset ûnderwiis neffens it konsept fan Taalryk wurdt hifke oft de oanfreger lid is fan it netwurk Taalryk. Dat hifket it kolleezje by Cedin.
Foar it ûntwikkeljen en yn it wurk setten fan in plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis wurdt hifke oft it plan ek feitlik ta útfiering laat. Fierder jildt dat de aktiviteiten foar it ûntwikkeljen en yn it wurk setten fan it plan uterlik 31 desimber 2029 ôfsletten wêze moatte.
Foar skoallen yn it primêr en fuortset ûnderwiis moat it plan ek in dúdlike ferwizing hawwe nei de kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026. Yn it plan moat dúdlik nei foaren komme dat de aktiviteiten, sa’t dy yn it plan beskreaun binne, in bydrage leverje oan it yn it wurk stellen fan de kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026.
Kêst 7 Hichte fan it subsydzje
Fanwegen kosten en doelmjittigens is derfoar keazen om gjin subsydzjes leger as € 200,- te jaan.
Foar it meidwaan oan aktiviteiten op it mêd fan kultuer- of erfgoededukaasje jildt in fêst subsydzjebedrach fan € 15, - de dielnimmende learling de oanfraach. Allinnich learlingen dy't oan op syn minst ien fan de oanfrege aktiviteiten meidogge, telle mei foar de berekkening fan de subsydzje. As bygelyks allinnich twa klassen oan in aktiviteit meidogge, dan wurdt it subsydzje allinnich mar berekkene oer de dielnimmende learlingen út dy twa klassen. Elke learling telt foar elke oanfraach ien kear mei, nettsjinsteande it tal aktiviteiten dêr't dy learling oan dielnimt.
De skoalle kin it bedrach ek brûke foar de reiskosten dy't mei it dielnimmen gearhingje. Dy kosten wurde net ôfsûnderlik fergoede en komme dus net boppe op it bedrach fan € 15,- de learling. De útsûndering foar reiskosten yn kêst 6 makket allinnich mar dúdlik dat dy kosten út it fêste subsydzjebedrach betelle wurde meie.
Kêst 8 Subsydzjeplafond en oanfraachperioade
Om safolle mooglik oanfregers in kâns te jaan op subsydzje yn dizze subsydzjeregeling is it tal te ûntfangen subsydzjes yn ien oanfraachperioade begrinzge. In opfang- of skoallokaasje kin yn ien oanfraachperioade de type subsidiabele aktiviteit, lykas neamd yn kêst 2 fan de regeling, maksimaal ien kear subsydzje krije.
Foar it folgjen fan in oplieding of kursus kin de oanfreger in oersjoch fan de kosten of in bewiis fan ynskriuwing yntsjinje. In bewiis fan ynskriuwing is foldwaande as de dielnimmer, de oplieding of kursus en de kosten der op steane. In ôfsûnderlike oersjoch fan de kosten is dan net nedich. It aktiviteiteplan bliuwt yn beide gefallen ferplichte.
By in mearjierrige oplieding is it kolleezjejild foar ferfolchjierren op it stuit fan de oanfraach faak noch net bekend. De oanfreger hoecht dêr net op te wachtsjen. Yn dat gefal wurdt it by de oanfraach bekende kolleezjejild ek brûkt foar de berekkening fan de subsidiabele kosten foar de jierren dêrnei. It bewiis fan ynskriuwing of it oersjoch hoecht de definitive bedraggen foar dy jierren dus noch net te befetsjen.
As in subsydzje foar it ûntwikkeljen en yn it wurk setten fan in plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis jûn wurdt, dan jildt de ferplichting dat it uterlik 31 desimber 2029 realisearre wêze moat.
Om’t de subsydzjes foar it oanskaffen fan Frysktalich les- of lêsmateriaal efternei jûn wurde, wurde de subsydzjes daliks fêststeld, sûnder foarôfgeande beskikking ta subsydzjeferliening. In aparte ferantwurding is dêrmei oerstallich.
Kêst 15, 16 en 18 Fan amtswegen fêststelle
By de subsydzjes foar it meidwaan oan aktiviteiten op it mêd fan kultuer- of erfgoededukaasje, it folgjen fan in oplieding of kursus, en it yn it wurk setten fan in plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer, wurdt it subsydzje fan amtswegen fêststeld. It kolleezje fiert by wize fan stekproef kontrôles út, op grûn dêr't fan kontrolearre wurdt oft de aktiviteiten dien binne, foldien is oan de ferplichtings dy't oan it subsydzje ferbûn binne en him yn it subsydzjetrajekt gjin ûnregelmjittichheden foardien hawwe.
Kêst 17 Ferantwurding en fêststelling subsydzje Taalryk
Foar subsydzjes foar it oanbieden fan meartalich fuortset ûnderwiis neffens it konsept fan Taalryk tsjinnet de subsydzjeûntfanger in oanfraach ta subsydzjefêststelling yn. By dy oanfraach sit in aktiviteiteferslach en in finansjeel ferslach, neffens de systematyk fan de Asv. Yn ôfwiking fan de haadregel is in akkountantsferklearring net in eask. It aktiviteiteferslach en it finansjeel ferslach slute oan by it aktiviteiteplan en de begrutting dy’t by de oanfraach om subsydzje yntsjinne binne. Mooglike ôfwikings wurde taljochte.
Yn kêst 9, lid 4, ûnderdiel b, is fêstlein dat by de oanfraach ta subsydzjeferliening ôfwykt wurdt fan kêst 2.5, twadde lid, fan de UAsv. Dat betsjut dat by de oanfraach noch gjin berekkening fan it oeretaryf foar leankosten oerlein hoecht te wurden. By de fêststelling fan it subsydzje moat de subsydzjeûntfanger de leankosten lykwols wol neffens kêst 2.5 fan de UAsv ûnderbouwe. Dat hâldt yn dat ynsjoch jûn wurdt yn de hantearre oeretariven en it tal oan de aktiviteiten bestege oeren. Sa wurdt de administrative lêst by de oanfraach beheind, wylst by de fêststelling genôch kontrôle mooglik bliuwt.
Kopieer de link naar uw clipboard
https://zoek.officielebekendmakingen.nl/prb-2026-20088.html
De hier aangeboden pdf-bestanden van het Staatsblad, Staatscourant, Tractatenblad, provinciaal blad, gemeenteblad, waterschapsblad en blad gemeenschappelijke regeling vormen de formele bekendmakingen in de zin van de Bekendmakingswet en de Rijkswet goedkeuring en bekendmaking verdragen voor zover ze na 1 juli 2009 zijn uitgegeven. Voor pdf-publicaties van vóór deze datum geldt dat alleen de in papieren vorm uitgegeven bladen formele status hebben; de hier aangeboden elektronische versies daarvan worden bij wijze van service aangeboden.