Provinciaal blad van Fryslân
| Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
|---|---|---|---|
| Fryslân | Provinciaal blad 2026, 19681 | algemeen verbindend voorschrift (verordening) |
Zoals vergunningen, bouwplannen en lokale regelgeving.
Zoals belastingen, uitkeringen en subsidies.
Officiële publicaties van de overheid.
Adressen en contactpersonen van overheidsorganisaties.
U bent hier:
| Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
|---|---|---|---|
| Fryslân | Provinciaal blad 2026, 19681 | algemeen verbindend voorschrift (verordening) |
Feroardering provinsjale prizen en beneaming provincie Fryslân 2026
Provinsjale Steaten fan Fryslân,
Yn har omgean littend dat prizen takend wurde foar bysûndere bydragen oan of ferrjochtings op it mêd fan kultuer, muzyk, literatuer, sport en wittenskip yn Fryslân om dy te stimulearjen en it fakgebiet út te dragen;
Omtinken hawwend foar kêst 145 Provinsjewet
Beslute de Feroardering provinsjale prizen en beneaming provinsje Fryslân 2026 fêst te stellen as neikommend:
De beneaming, de perioade fan ’e beneaming en taakgebiet of fakgebiet fan de Dichter fan Fryslân resultearje yn de beneaming fan in poëtyske ambassadeur foar it stimulearjen fan poëzij yn Fryslân foar in tiidrek fan trije jier, grut € 2700,- yn ’t jier mei oanfoljend fergoeding foar gedichten, optredens en projekten.
Deputearre Steaten stalle neffens priis en beneaming in advyskommisje gear dy’t as taak hat om ’e wurken dan wol fertsjinsten te hifkjen en te advisearjen oer it takennen fan ’e priis en stelle in Beliedsregel fêst dêr’t it beneamen en ’e wize fan wurkjen fan ’e advyskommisje foar it hifkjen yn regele wurde.
De ambysje fan de provinsje Fryslân is om in bloeiend kultureel libben mei de enerzjy en it fermogen om Fryslân hieltyd wer yn beweging te bringen. Kultuer lit ús yn ‘e kunde komme mei oare tinkbylden, oare wrâlden, oare tiden. It biedt in nij perspektyf, docht ús oars sjen, rekket ús. Kultuer – yn ‘e breedste sin fan it wurd – draacht by oan ‘e bining fan minsken mei de mienskip, soarget foar sosjale gearhing, foar wille en talintûntwikkeling. Dy rike kultuer yn ús provinsje, yn al syn foarmen, draacht by oan ús brede wolfeart.
Der binne acht provinsjale prizen en ien beneaming. Fan literatuer, byldzjende keunst oant amateurteäter en design. De provinsje wol mei har grutte ferskaat oan prizen en beneaming wurdearring útsprekke foar de winner en syn/har wurk, mar ek alle potinsjele winners yn syn/har dissipline stimulearje. Dêrneist wol de provinsje troch de wei fan dy prizen en beneaming soargje foar mear bekendheid oer de rike Fryske kultuer yn Nederlân en dêr in poadium oan jaan.
De Gysbert Japicxprijs is de wichtichste literêre priis fan Fryslân. De priis waard yn 1947 troch it provinsjaal bestjoer ynsteld. Dichter Obe Postma wie yn dat jier de earste winner fan de Gysbert Japicxpriis. De namme fan de priis ferwiist nei de Fryske dichter Gysbert Japicx (1603-1666), berne yn Boalsert. Gysbert Japicx is de bekendste Fryske renêssânseskriuwer en wurdt sjoen as de grûnlizzer fan it Frysk as skreaune taal. It Frysk dat yn de midsiuwen brûkt waard om de wetten op te skriuwen, wie yn de 17e iuw nammentlik ferdwûn. Nederlânsk wie doe de offisjele taal fan it bestjoer. Gysbert Japicx skreau wól Frysk en lei dêrmei de basis foar de Fryske skriuwtaal.
De dr. Obe Postmaprijs is ferneamd nei Obe Postma (1868-1963). Hy wie wiskundelearaar, ynteressearre yn skiednis en tagelyk dichter. Neist dichter wie hy ek in kundich oersetter fan poëzij. Yn 1947 krige hy de earste Gysbert Japicxpriis foar syn dichtbondel ‘It sil bestean’.
De priis is op inisjatyf fan Provinsjale Steaten yn 1984 ynsteld foar literêre oersettings fan of nei it Frysk yn alle sjenres (sûnt 2022 spesifyk foar folwoeksenenliteratuer)
Tiny Mulder (1921 – 2010) wie in alsidige Fryske skriuwster, dichteres, sjoernaliste en oersetster. Se groeide op yn en bûten Fryslân, learde as tiener Frysk en sleat har yn de Twadde Wrâldoarloch oan by it ferset. Nei de oarloch wurke se fjirtich jier foar it Friesch Dagblad en wie se aktyf as korrespondint, resinsint en radiomakker. Har literêre wurk omfettet poëzy, romans, ferhalen, berneboeken en in soad oersettingen, wêrûnder Alice yn Wûnderlân. Har bekendste roman is Tin iis, basearre op har oarlochsûnderfinings. Mulder waard manmachtich bekroand, ûnder mear mei meardere Rely-Jorritsmaprizen en de Gysbert Japicxpriis. Se jildt as in markante en ynfloedrike stim yn de Fryske literatuer.
De priis is yn 2022 ynsteld foar literêre oersettings fan of nei it Frysk yn alle sjenres foar jeugd- en berneliteratuer.
De Bernlefpriis is ferneamd nei de bline Fryske bard Bernlef út de 8e iuw. ‘Bard’ is in namme foar sjonger en dichter yn dy tiid. Der is lykwols net in soad oer him bekend. Der binne sels gjin gedichten of lieten fan him oerlevere. Bernlef libbe om 785 hinne yn de omkriten fan Warffum, no provinsje Grinslân, doe noch ûnderdiel fan de Fryslannen.
De Bernlefpriis is de Fryske provinsjale muzykpriis foar artysten en organisaasjes dy’t in bysûndere bydrage oan de Fryske muzykkultuer leverje. De Bernlefpriis moat muzikanten en bands útnûgje om mear Fryske muzyk te meitsjen en te skriuwen. De priis waard foar it earst yn it jier 2002 útrikt.
De dr. Joast Halbertsmapriis is op foardracht fan de Fryske Akademy yn 1947 ynsteld en ferneamd nei dr. Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869). Hy kaam fan Grou en wie fan berop dûmny, skriuwer, taalkundige. Hy wurdt ek wol ‘Mister Fryslân’ neamd omdat hy in soad ûndersyk die nei de Fryske skiednis en identiteit. Dêrneist is hy grûnlizzer fan it earste wittenskiplik Frysk wurdboek.
De dr. Joast Halbertsmapriis is in provinsjale priis foar skiednis, taal, literatuerwittenskip en sosjale wittenskip. It is de Fryske wittenskipspriis dy’t it hiele wittenskiplike fjild fan Fryslân beslacht.
De Teaterpriis is in provinsjale priis foar it brede Fryske toaniel. Dizze priis wurdt útrikt oan in persoan of in groep fan meardere persoanen dy't fan útsûnderlike betsjutting west hast foar it toaniel yn Fryslân.
De priis is nei de skilder Gerrit Benner ferneamd. Gerrit Benner (1897-1981) is berne yn Ljouwert. Hy wie de ferneamdste lânskipsskilder fan de 20e iuw. Syn wurk is bekend yn binnen- en bûtenlân en hy wûn in soad wichtige prizen. De wrâld dy’t Benner skildere, wie in dreamerige mearkewrâld mei kij, hynders, lân, wetter en wolken. Hy wie autodidakt, oplaat as ferver, mar ûntwikkele him ta in keunstskilder fan ynternasjonale alluere.
De GERRIT BENNER wurdt útrikt oan de keunstner dy’t in wichtige ûntwikkeling yn syn of har wurk ta stân brocht hat.
Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij yn it Frysk of in Fryske streektaal. Provinsjale Steaten hawwe yn 2015 in útstel oannommen om in Dichter fan Fryslân te beneamen. De Dichter fan Fryslân is dé ambassadeur foar 3 jier foar de Fryske poëzij, yn Fryslân likegoed as dêrbûten.
Provinciale Staten van Fryslân,
Overwegende dat prijzen worden toegekend voor bijzondere bijdragen aan of verrichtingen op het gebied van cultuur, muziek, literatuur, sport en wetenschap in Fryslân om deze te stimuleren en het vakgebied uit te dragen;
Gelet op artikel 145 Provinciewet;
Besluiten de Verordening provinciale prijzen en benoeming provincie Fryslân 2026 als volgt vast te stellen:
Artikel 1 De provinciale prijzen
De prijzen, het vakgebied waarvoor deze kunnen worden toegekend, de frequentie van uitreiking en de bedragen zijn:
dr. Joast Halbertsmaprijs: vierjaarlijkse prijs voor excellente wetenschapsbeoefening in de provincie Fryslân in het algemeen of wetenschapsbeoefening op het gebied van de Friese taal- en literatuurwetenschap, de historische of de sociale wetenschappen in het bijzonder, groot € 10.000,- en een beeldje;
De benoeming, de periode van de benoeming en taakgebied of vakgebied van de Dichter van Fryslân resulteren in de benoeming van een poëtische ambassadeur voor het stimuleren van poëzie in Fryslân voor een periode van drie jaar, groot € 2.700,- per jaar met aanvullende vergoeding voor gedichten, optredens en projecten.
Gedeputeerde Staten stellen per prijs en benoeming een adviescommissie samen die tot taak heeft om de werken of verdiensten te beoordelen en te adviseren over de toekenning van de prijs en stellen een Beleidsregel vast waarin de benoeming en de werkwijze van de adviescommissie voor de beoordeling wordt geregeld.
De ambitie van de provincie Fryslân is om een bloeiend cultureel leven met energie en het vermogen om Fryslân steeds weer in beweging te brengen. Cultuur laat ons kennismaken met andere ideeën, andere werelden, andere tijden. Het biedt een nieuw perspectief, laat ons anders zien, raakt ons. Cultuur – in de breedste zin van het woord – draagt bij aan de binding van mensen met de gemeenschap, zorgt voor sociale samenhang, voor plezier en talentontwikkeling. De rijke cultuur in onze provincie, in al zijn vormen, draagt bij aan onze brede welvaart.
Er zijn acht provinciale prijzen en een benoeming. Van literatuur, beeldende kunst tot amateurtheater en design. De provincie wil met haar grote diversiteit aan prijzen en benoeming waardering uitspreken voor de winnaar en zijn/haar werk, maar ook alle potentiële winnaars in zijn/haar discipline stimuleren. Daarnaast wil de provincie door middel van deze prijzen en benoeming zorgen voor meer bekendheid over de rijke Friese cultuur in Nederland en daar een podium aan geven.
De Gysbert Japicxprijs is de belangrijkste literaire prijs van Fryslân. De prijs werd in 1947 door het provinciaal bestuur ingesteld. Dichter Obe Postma was in dat jaar de eerste winnaar van de Gysbert Japicxprijs. De naam van de prijs verwijst naar de Friese dichter Gysbert Japicx (1603-1666), geboren in Bolsward. Gysbert Japicx is de bekendste Friese renaissanceschrijver en wordt gezien als de grondlegger van het Fries als geschreven taal. Het Fries dat in de middeleeuwen werd gebruikt om de wetten op te schrijven, was in de 17e eeuw namelijk verdwenen. Nederlands was toen de officiële taal van het bestuur. Gysbert Japicx schreef wél Fries en legde daarmee de basis voor de Friese schrijftaal.
De dr. Obe Postmaprijs is vernoemd naar Obe Postma (1868-1963). Hij was wiskundeleraar, geïnteresseerd in geschiedenis en ook dichter. Naast dichter was hij ook een bekwaam vertaler van poëzie. In 1947 kreeg hij de eerste Gysbert Japicxprijs voor zijn dichtbundel ‘It sil bestean’.
De prijs is op initiatief fan Provinciale Staten in 1984 ingesteld voor literaire vertalingen van of naar het Fries in alle genres (sinds 2022 specifiek voor volwassenenliteratuur).
Tiny Mulder (1921-2010) was een veelzijdige Friese schrijfster, dichteres, journaliste en vertaalster. Zij groeide in en buiten Fryslân op, leerde als tiener Fries en sloot zich in de Tweede Wereldoorlog aan bij het verzet. Na de oorlog werkte ze veertig jaar voor het Friesch Dagblad en was ze actief als correspondent, recensent en radiomaker. Haar literaire werk omvat poëzie, romans, verhalen, kinderboeken en veel vertalingen, waaronder Alice yn Wûnderlân. Haar bekendste roman is Tin iis, gebaseerd op haar ervaringen in de oorlog. Mulder werd vele malen bekroond, onder andere met meerdere Rely Jorritsmaprijzen en de Gysbert Japicxprijs. Zij geldt als een markante en invloedrijke stem in de Friese literatuur.
De prijs is in 2022 ingesteld voor literaire vertalingen van of naar het Fries in alle genres voor jeugd- en kinderliteratuur.
De Bernlefprijs is vernoemd naar de blinde Friese bard Bernlef uit de 8e eeuw. ‘Bard’ is een naam voor zanger en dichter in die tijd. Er is echter niet veel over hem bekend. Er zijn zelfs geen gedichten of liederen van hem overgeleverd. Bernlef leefde omstreeks 785 in de omgeving van Warffum, nu provincie Groningen, toen nog onderdeel van de Frieslanden.
De Bernlefprijs is de Friese provinciale muziekprijs voor artiesten en organisaties die een bijzondere bijdrage aan de Friese muziekcultuur leveren. De Bernlefprijs moet muzikanten en bands uitnodigen om meer Friese muziek te maken en te schrijven. De prijs werd voor het eerst in het jaar 2002 uitgereikt.
De dr. Joast Halbertsmaprijs is op voordracht van de Fryske Akademy in 1947 ingesteld en genoemd naar dr. Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869). Hij was afkomstig uit Grou en was van beroep dominee, schrijver, taalkundige. Hij wordt ook wel ‘Mister Fryslân’ genoemd, omdat hij veel onderzoek deed naar de Friese geschiedenis en identiteit. Daarnaast is hij de grondlegger van het eerste wetenschappelijke Friese woordenboek.
De dr. Joast Halbertsmapriis is een provinciale prijs voor geschiedenis, taal, literatuurwetenschap en sociale wetenschap. Het is de Friese wetenschapsprijs, die het hele wetenschappelijke veld van Fryslân omvat.
De Theaterprijs is een provinciale prijs voor het brede Friese toneel. Deze prijs wordt uitgereikt aan een persoon of een groep van meerdere personen die van uitzonderlijke betekenis zijn geweest voor het toneel in Fryslân.
De prijs is naar de schilder Gerrit Benner vernoemd. Gerrit Benner (1897-1981) is geboren in Leeuwarden. Hij was de beroemdste landschapsschilder van de 20e eeuw. Zijn werk is bekend in binnen- en buitenland en hij won veel belangrijke prijzen. De wereld die Benner schilderde, was een dromerige sprookjeswereld met koeien, paarden, land, water en wolken. Hij was autodidact, opgeleid tot huisschilder, maar ontwikkelde zich tot kunstschilder van internationale allure.
De GERRIT BENNER wordt uitgereikt aan de kunstenaar die een belangrijke ontwikkeling in zijn of haar werk tot stand heeft gebracht.
Met de benoeming van de Dichter fan Fryslân wil de provincie bij een breder publiek meer aandacht vragen voor de kunstvorm poëzie in het Fries of een Friese streektaal. Provinciale Staten hebben in 2015 een voorstel aangenomen om een Dichter fan Fryslân te benoemen. De Dichter fan Fryslân is dé ambassadeur voor 3 jaar voor de Friese poëzie, zowel in Fryslân als daarbuiten.
Kopieer de link naar uw clipboard
https://zoek.officielebekendmakingen.nl/prb-2026-19681.html
De hier aangeboden pdf-bestanden van het Staatsblad, Staatscourant, Tractatenblad, provinciaal blad, gemeenteblad, waterschapsblad en blad gemeenschappelijke regeling vormen de formele bekendmakingen in de zin van de Bekendmakingswet en de Rijkswet goedkeuring en bekendmaking verdragen voor zover ze na 1 juli 2009 zijn uitgegeven. Voor pdf-publicaties van vóór deze datum geldt dat alleen de in papieren vorm uitgegeven bladen formele status hebben; de hier aangeboden elektronische versies daarvan worden bij wijze van service aangeboden.