Provinciaal blad van Fryslân
| Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
|---|---|---|---|
| Fryslân | Provinciaal blad 2025, 9390 | algemeen verbindend voorschrift (verordening) |
Zoals vergunningen, bouwplannen en lokale regelgeving.
Adressen en contactpersonen van overheidsorganisaties.
U bent hier:
| Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
|---|---|---|---|
| Fryslân | Provinciaal blad 2025, 9390 | algemeen verbindend voorschrift (verordening) |
Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2025
Yn dizze regeling en de bepalings dy’t dêrop berêste, wurdt ferstien ûnder:
Meartalichheidskoördinator: De meartalichheidskoördinator is ûnôfhinklik en trunet de gemeenten oan it Frysk yn alle fasetten fan harren belied te brûken en fuort te sterkjen. De meartalichheidskoördinator hat de rol fan brêge tusken de oerheid en it taalfjild. Hy/sy siket ferbining mei organisaasjes yn de eigen gemeente op it mêd fan kultuer, ûnderwiis en it sosjale domein. De meartalichheidskoördinator lit dy organisaasjes de mearwearde fan it Frysk sjen en stipet harren by it yntegrearjen fan it Frysk yn harren wurk.
It subsydzje hat as doel om de sichtberens en it brûken fan ’e Fryske taal yn it iepenbiere libben en ’e publike romte yn Fryslân te fergrutsjen.
Kêst 3 Subsidiabele aktiviteiten
Subsydzje kin foar de neikommende aktiviteiten beskikber steld wurde:
Om foar in subsydzje foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 3, ûnder b, yn ‘e beneaming te kommen moat foldien wurde oan de folgjende kritearia:
Eksterne ferbiner: De wurksumens fan de meartalichheidskoördinator beheine harren net ta de muorren fan it gemeentehûs, mar de fokus leit ek op it fergrutsjen en fuortsterkjen fan de ferbining mei eksterne partijen. De meartalichheidskoördinator soarget derfoar dat relevante eksterne partners harren bewust binne fan de mearwearde fan it Frysk en de streektalen. De meartalichheidskoördinator bout oan in ekstern taalnetwurk en fungearret as in brêge tusken harren en de oerheid. Ek helpt in meartaligenskoördinator eksterne partijen mei it opsetten fan aktiviteiten en it finen fan subsydzje(-kânsen).
Ynterne ambassadeur en ferbiner: De meartalichheidskoördinator kreëarret ek draachflak foar de útfiering fan it taalbelied en soarget foar mear bewustwurding foar de taal yntern. De koördinator is in fraachbaak en tinkt mei de kollega’s mei oer hoe’t dy it Frysk yntegrearje kinne yn harren wurksumens en belied. As ynterne ambassadeur en ferbiner soarget de meartalichheidskoördinator derfoar dat alle beliedsfjilden harren bewust binne fan de mearwearde fan it Frysk en dêrom de taal meinimme yn harren belied.
Stiper fan belied: As spin yn ‘e gemeentlike organisaasje stipet in meartalichheidskoördinator de beliedsamtner by it soargjen foar in aktueel gemeentlik taalbelied en de útfiering dêrfan. De meartalichheidskoördinator is dêrmei in oanfolling op de beliedsamtner. De koördinator is op ‘e hichte fan it hjoeddeistige taalbelied (nasjonaal, provinsjaal en gemeentlik) en fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale talen en talen fan minderheden. Dêrneist is de koördinator ek út op ‘e ferplichtings fan de WGFT en sjocht mei de beliedsamtner mei foar de útfiering fan dy ferplichtings.
Kêst 12 Ferplichtings fan ’e subsydzjeûntfanger
As subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as bedoeld yn kêst 3, ûnderdiel c, is de subsydzjeûntfanger ferplichte de teksten oersette te litten troch in oersetter dy’t betûft is yn it Frysk, of de sels opstelde of oersette teksten kontrolearje te litten troch in oerset-/taalburo sa as neamd op Oersetburo’s » Afûk (afuk.frl), om der yn alle gefallen foar te soargjen dat de teksten yn geef Frysk en sûnder skriuwflaters te lêzen binne.
Kêst 13 Ferantwurding en fêststelling
By in subsydzje oant € 25.000,- wurdt in beskikking ta subsydzjeferliening jûn, mei opjefte fan de termyn dêr’t deputearre steaten it subsydzje uterlik fan amtswegen yn fêststelle. De subsydzjeûntfanger lit as dêr om frege wurdt sjen dat de aktiviteiten ferrjochte binne en dat oan de oan it subsydzje ferbûne ferplichtings foldien is.
By in subsydzje fan € 25.000,- ôf tsjinnet de subsydzjeûntfanger in oanfraach ta fêststelling fan it subsydzje yn. By de oanfraach wurdt in aktiviteiteferslach oerlein, dêr’t út bliken docht dat de aktiviteit dêr’t subsydzje beskikber foar steld is neffens it beslút ta subsydzjeferliening ferrjochte is en oan de subsydzje ferbûne ferplichtings foldien is. Deputearre steaten beslisse binnen 22 wike op in oanfraach om fêststelling fan it subsydzje.
Kêst 14 Ynlûken en Oergongsrjocht
De Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2024 wurdt ynlutsen, mei it betingst dat dy fan tapassing bliuwt op subsydzjes dy’t op grûn fan dy regeling beskikber steld binne.
Kopieer de link naar uw clipboard
https://zoek.officielebekendmakingen.nl/prb-2025-9390.html
De hier aangeboden pdf-bestanden van het Staatsblad, Staatscourant, Tractatenblad, provinciaal blad, gemeenteblad, waterschapsblad en blad gemeenschappelijke regeling vormen de formele bekendmakingen in de zin van de Bekendmakingswet en de Rijkswet goedkeuring en bekendmaking verdragen voor zover ze na 1 juli 2009 zijn uitgegeven. Voor pdf-publicaties van vóór deze datum geldt dat alleen de in papieren vorm uitgegeven bladen formele status hebben; de hier aangeboden elektronische versies daarvan worden bij wijze van service aangeboden.