Beslút ta wiziging fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter, fan 25 maart 2025

Deputearre Steaten fan Fryslân

 

mei it each op kêst 1.3, tredde lid, fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2022, en dat it in goed ding is oanpassings troch te fieren foar de ferbettering fan de útfiering fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter,

 

BESLUTE:

 

It beslút ta wiziging fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter, fêst te stellen.

Kêst I  

De Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter wurdt sa wizige:

 

A

 

Yn kêst 1.1 begrypsbepalings

  • a.

    wurdt yn sub a ‘2013’ ferfongen troch: ‘2022’;

  • b.

    wurdt tusken sub n ‘skoallingsbewiis’ en sub o ‘ûnderwiisstiper’ in nij begryp ynfoege, dat sa giet: UAsv: Utfieringsregeling Asv provinsje Fryslân 2022;

  • c.

    wurde sub o en p ferlettere nei p en q.

B

 

Yn kêst 7

  • a.

    wurdt yn de oanhef ‘kostesubsydzje’ ferfongen troch: ‘subsydzje’.

  • b.

    wurdt yn sub b ‘it oanskaffen fan Frysktalige fysike of digitale lêsboeken’ ferfongen troch: ‘it oanskaffen fan fysike of digitale lêsboeken’.

  • c.

    wurdt yn sub d ‘It frijroasterjen en/of ferfangen fan in wurknimmer of meiwurker om dizze persoan by steat te stellen in kursus of oplieding folgje te litten op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk mei it each op it fuortsterkjen of fergrutsjen fan de posysje fan it Frysk op de fêstigingslokaasje’ ferfongen troch: ‘It frijroasterjen en/of ferfangen fan in wurknimmer of meiwurker mei it each op it fuortsterkjen of fergrutsjen fan de posysje fan it Frysk op de fêstigingslokaasje. It frijroasterjen en/of ferfangen stelt dizze persoan by steat om

    • -

      in kursus of oplieding te folgjen op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk of;

    • -

      op ien of oare wize it Frysk ûnderwiis op syn/har skoalle te ferbetterjen, bygelyks troch it ûntwikkeljen fan materiaal, it ymplemintearjen fan it taalbeliedsplan, it dielnimmen oan kongressen, it organisearjen fan aktiviteiten foar lêsbefoardering ensafuorthinne;’

C

 

Yn kêst 8

  • a.

    wurdt yn lid 1, 2, 3 en 4, ‘kostesubsydzje’ ferfongen troch: ‘subsydzje’.

  • b.

    wurdt lid 5 taheakke en komt te lieden: ‘De aktiviteiten dêr't subsydzje foar oanfrege wurdt, fine plak nei de startdatum fan it iepenstellingsbeslút, lykas neamd yn kêst 4, lid 1.’

D

 

Yn kêst 9

  • a.

    komt lid 4 folslein te ferfallen;

  • b.

    wurdt lid 5 omnûmere nei 4.

E

 

Yn kêst 10

  • c.

    wurdt yn de oanhef ‘yn kêst 1.10 fan de Asv 2013’ ferfongen troch: ‘yn kêst 2.4 fan de UAsv’

  • d.

    komt lid d folslein te ferfallen.

F

 

Yn kêst 12 wurdt yn de oanhef ‘en de kêsten 2.13 en 2.14 fan de Asv 2013’ ferfongen troch: ‘de ASV en de UAsv’;

 

G

 

Yn kêst 13

  • a.

    wurdt yn lid 1 ‘‘kostesubsydzje’ ferfongen troch: ‘subsydzje’.

  • b.

    wurdt yn lid 1 ‘paragraaf’ ferfongen troch: ‘regeling’;

  • c.

    wurdt yn lid 2 ‘yn kêst 12 oanhef en ûnder f’ ferfongen troch: ‘yn kêst 12 oanhef en ûnder e’;

  • d.

    wurdt yn lid 3 ‘liedt yn alle gefallen ta’ ferfongen troch: ‘kin liede ta’

H

 

Yn de taljochting wurdt yn kêst 9 ‘en kêst 1.10 fan de Asv 2013’ ferfongen troch: ‘en kêst 2.4 fan de UAsv 2022’.

 

I

 

Yn de taljochting wurdt yn kêst 10 ‘kosten lykas neamd yn kêst 1.10 fan de Asv 2013’ ferfongen troch: ‘kosten lykas neamd yn kêst 2.4 fan de UAsv 2022’.

Kêst II  

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is.

 

Oangeande de subsydzje-oanfragen dy’t yntsjinne binne foar it yngean fan dit beslút bliuwe de stelde regels fan krêft, sa’t dy foar it yngean wiene.

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 25 maart 2025

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris drs. ing. J.J. Algra

Naar boven