Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafonds en iepenstelling fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter dy’t heart by it beslút fan Deputearre Steaten fan 25 maart 2025

Mei it each op kêst 1.3 fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2022;

Mei it each op kêst 5 fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter,

 

stelle Deputearre Steaten fan Fryslân foar de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter de neikommende subsydzjeplafonds en de iepenstelling fêst:

Kêst 1 Subsydzjeplafonds en iepenstelling

  • 1.

    De dielplafonds foar de subsidiabele aktiviteiten as beneamd yn kêst 7, oanhef, ûnderdielen a oant en mei d fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter binne sa fêststeld:

  •  

    Aktiviteit

    Dielplafonds

    Ferwizing

    Dielnimmen oan in skoallings- of opliedingsaktiviteit op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk

    € 50.000

    Kêst 7, oanhef, ûnderdiel a

    Oanskaffen fan fysike of digitale lêsboeken, lesmetoaden of oar ûnderwiismateriaal

    € 150.000

    Kêst 7, oanhef, ûnderdiel b

    It dielnimmen yn organisearre groepsferbân oan in aktiviteit mei as eachmerk kultueredukaasje

    € 100.000

    Kêst 7, oanhef, ûnderdiel c

    It frijroasterjen en/of ferfangen fan in wurknimmer of meiwurker

    € 300.000

    Kêst 7, oanhef, ûnderdiel d

  • 2.

    De hjirfoar neamde subsydzjeplafonds jilde foar oanfragen dy’t op ‘e tiid ûntfongen binne yn de iepenstellingsperioade fan 31 maart 2025 oant en mei 13 juny 2025, 17.00 oere.

  • 3.

    De ferdieling fan de middels bart neffens kêst 5 fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter.

  • 4.

    Deputearre Steaten meie, nei it sluten fan de iepenstellingsperioade, de dielplafonds feroarje.

Kêst 2 Yngean en siteartitel

  • 1.

    Dit beslút wurdt neamd: Beslút ta fêststelling fan subsydzjedielplafonds en iepenstelling fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter.

  • 2.

    Dit beslút giet yn mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is. Foar safier’t it buorkundich meitsjen fan dit beslút nei 31 maart 2025 syn beslach krijt, wurket it werom oant 31 maart 2025.

Kêst 3 Wurkingsdoer en oergongsrjocht

  • 1.

    Dit beslút ta iepenstelling ferfalt op 31 desimber 2025.

  • 2.

    Dit beslút ta iepenstelling bliuwt, fan de yn it earste lid neamde ferfaldatum ôf, fan krêft oangeande subsydzje-oanfragen dy’t foar 31 desimber 2025 op grûn fan dizze regeling yntsjinne binne.

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 25 maart 2025,

Drs. A.A.M. Brok, foarsitter

Drs. ing. J.J. Algra, sekretaris

Naar boven