Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafonds en iepenstellings fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân, dy’t heart by it beslút fan Deputearre Steaten fan 17 desimber 2024

Deputearre Steaten stelle foar de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân de neikommende subsydzjeplafonds en iepenstellingsdata fêst:

 

Paragraaf 2.1 Frysktalige literatuer

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.1.2, ûnderdielen a oant en mei e, kinne fan 13 jannewaris 2025 oant en mei 17 oktober 2025 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond foar kêst 2.1.2, ûnderdiel a oant en mei e, is € 60.000, jildt fan 13 jannewaris 2025 oant en mei 17 oktober 2025.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.1.10 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Paragraaf 2.2 Oersetten en bewurkjen fan literatuer

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.2.2, ûnderdielen a oant en mei e kinne fan 20 jannewaris 2025 oant en mei 23 maaie 2025 en fan 1 septimber 2025 oant en mei 17 oktober 2025 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond foar aktiviteiten neamt ûnder a. dat jildt fan 20 jannewaris 2025 oant en mei 23 maaie 2025 is € 20.000, en dat jildt fan 1 septimber 2025 oant en mei 17 oktober 2025 is € 20.000.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.2.9 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Paragraaf 2.3 Frysk Mediafûns

[ferfalle]

 

Paragraaf 2.4 Promoasje Frysktalige boeken

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.4.2 kinne fan 20 jannewaris 2025 oant en mei 10 oktober 2025 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond foar aktiviteiten neamt ûnder a. is € 15.000, jildt fan 20 jannewaris 2025 oant en mei 10 oktober 2025.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.4.11 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Paragraaf 2.5 Frysk taalgebrûk

[ferfalle]

 

Paragraaf 2.6 Utjaan Frysktalige literatuer

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.6.2 kinne fan 20 jannewaris 2025 oant en mei 23 maaie 2025 en fan 3 septimber 2025 oant en mei 17 oktober 2025 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond foar aktiviteiten neamt ûnder a. dat jildt fan 20 jannewaris 2025 oant en mei 23 maaie 2025 is € 75.000, en it plafond dat jildt fan 3 septimber 2025 oant en mei 17 oktober 2025 is € 75.000.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.6.9 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Paragraaf 3.1 Brûsfûns

[ferfalle]

 

Paragraaf 3.2 Leechdrompelige kulturele aktiviteiten, ûnderdiel ynternasjonale kontakten

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten kinne fan 31 maart 2025 oant en mei 17 oktober 2025 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond foar aktiviteiten neamt ûnder a. is € 20.000, jildt fan 31 maart 2025 oant en mei 17 oktober 2025.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 3.2.9 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Paragraaf 3.3 Produksje profesjonele poadiumkeunsten en muzykkomposysjes

[ferfalle]

 

Paragraaf 3.4 Iepenloftspullen

  • a.

    Oanfragen foar subsydzje op grûn fan paragraaf 3.4 kinne fan 24 febrewaris 2025 oant en mei 24 april 2025 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond foar subsydzjes as bedoeld yn paragraaf 3.4 fan de regeling bedraacht € 101.100,- De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 3.4.11 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Paragraaf 3.5 Útkeap teater en muzyk

[ferfalle]

 

Paragraaf 3.7 Kulturele fernijing

[ferfalle]

 

Paragraaf 4.1 Meartaligens yn it ûnderwiis

[ferfalle]

 

Paragraaf 4.2 Lesoeren Frysk yn it ûnderwiis

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 4.2.2 kinne fan 1 april 2025 oant en mei 31 oktober 2025 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond is € 178.000, jildt fan 1 april 2025 oant en mei 31 oktober 2025.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 4.2.7 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Paragraaf 5.1 Grutskalige sporteveneminten

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 5.1.2 kinne fan 21 jannewaris 2025 oant en mei 31 oktober 2025 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond is € 125.000, jildt fan 21 jannewaris 2025 oant en mei 31 oktober 2025.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 5.1.8 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Paragraaf 5.2 Fryske sporten

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 5.2.2 kinne fan 21 jannewaris 2025 oant en mei 31 oktober 2025 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond is € 100.000, jildt fan 21 jannewaris 2025 oant en mei 31 oktober 2025.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 5.2.8 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is.

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 17 desimber 2024.

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris drs. ing. J.J. Algra

Naar boven