Beslút fan Deputearre Steaten fan 9 desimber 2025 ta it wizigjen fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân

Deputearre Steaten fan de Provinsje Fryslân,

 

Mei it each op kêst 1.3, tredde lid, fan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022,

 

BESLUTE

 

De Subsidieregeling kultuer en mienskip Fryslân as neikomt te wizigjen:

Kêst I  

Haadstik 1 wurdt as neikomt wizige:

 

  • A.

    Kêst 1.1 ûnderdiel kk wurdt:

    • kk.

      VO: fuortset ûnderwijs, besteande út tmbû, hafû en twû.

Kêst II  

Paragraaf 2.4 wurdt as neikomt wizige:

 

  • A.

    Kêst 2.4.13 wurdt:

    Kêst 2.4.13 Prestaasjeferantwurding

    • 1.

      By it subsydzje wurdt in beskikking ta subsydzjeferliening jûn, mei opjefte fan de termyn dêr’t deputearre steaten it subsydzje uterlik fan amtswegen yn fêststelle.

    • 2.

      De subsydzjeûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, sjen dat de aktiviteit dêr't subsydzje beskikber foar steld is, útfierd is en dat foldien is oan de ferplichtings dy’t oan de subsydzjefêststelling ferbûn binne.

Kêst III  

Paragraaf 2.6 wurdt as neikomt wizige:

 

  • A.

    Kêst 2.6.11 wurdt:

    Kêst 2.6.11 Prestaasjeferantwurding

    • 1.

      By it subsydzje wurdt in beskikking ta subsydzjeferliening jûn, mei opjefte fan de termyn dêr’t deputearre steaten it subsydzje uterlik fan amtswegen yn fêststelle.

    • 2.

      De subsydzjeûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, sjen dat de aktiviteit dêr't subsydzje beskikber foar steld is, útfierd is en dat foldien is oan de ferplichtings dy’t oan de subsydzjefêststelling ferbûn binne.

Kêst IV  

Paragraaf 3.2 wurdt as neikomt wizige:

 

  • A.

    Kêst 3.2.5 earste lid, ûnderdiel b komt te ferfallen.

Kêst V  

Paragraaf 3.4 wurdt as neikomt wizige:

 

  • A.

    Kêst 3.4.7 ûnderdiel c, ûnderdiel e en ûnderdiel f wurde:

    • c.

      de produksje wurdt opfierd yn de moannen maaie oant en mei septimber en sil opfierd wurde yn it jier fan oanfreegjen;

    • e.

      taskôgers wurdt om yntreejild frege;

    • f.

      der wurdt mear as ien foarstelling fan it iepenloftspul jûn, ferspraat oer ferskate dagen.

  • B.

    Kêst 3.4.9 earste lid wurdt:

    • 1.

      Subsydzje foar aktiviteiten as bedoeld yn kêst 3.4.2, wurdt ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen.

Kêst VI  

Paragraaf 4.2 wurdt as neikomt wizige:

 

  • A.

    Kêst 4.2.1 wurdt:

    Kêst 4.2.1 Doel

    It subsydzje hat ta doel om Frysk yn in trochgeande line oan te bieden om it tal minsken dat Frysk ferstean, prate, lêze en skriuwe kin tanimme te litten en it stimulearjen fan it tanimmen fan it tal lesoeren yn it MBU en fuortset ûnderwiis yn bysûnder foar in fakdosint Frysk foar de learjierren fan it earste learjier oant en mei it eksamenjier.

  • B.

    Kêst 4.2.2 ûnderdiel a wurdt:

    • a.

      lesoeren dy’t ferbân hâlde mei it oanbieden fan it fak Frysk, mei yngong fan it earste learjier yn it VO oant en mei it eksamenjier;

  • C.

    Kêst 4.2.2 ûnderdiel d wurdt:

    • d.

      lesoeren dy’t ferbân hâlde mei it oanbieden fan it Frysk, tematysk of praktysk oanbean op it mêd fan skiednis, taal en kultuer, yn it spesjaal ûnderwiis fan it fuortset ûnderwiis dy’t ûnder de Wet op de expertisecentra falle;

  • D.

    Kêst 4.2.3 wurdt:

    Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan skoallen yn Fryslân yn it fuortset ûnderwiis en middelber beropsûnderwiis, dêrûnder ek yn it middelber beropsûnderwiis de regionale opliedingssintra of de agraryske opliedingssintra en yn it fuortset ûnderwiis it skoaltype praktykûnderwiis of it spesjaal ûnderwiis dy’t ûnder de Wet op de expertisecentra falt.

  • E.

    Kêst 4.2.6 earste lid, ûnderdiel a wurdt:

    • a.

      de oanfraach hâldt inkeld en allinne ferbân mei ien of mear fan de neikommende learjierren:

      • (i)

        learjier 1, 2, 3 en 4 tmbû;

      • (ii)

        learjier 1, 2, 3, 4 en 5 hafû;

      • (iii)

        learjier 1, 2, 3, 4, 5 en 6 twû.

  • F.

    Kêst 4.2.6 earste lid, ûnderdiel d wurdt:

    • d.

      In lesoere fan it earste learjier wurdt allinnich takend as tagelyk in subsydzje-oanfraach foar de ferfolchlearjierren yntsjinne wurdt, sadat in trochgeande learline ûntstiet. Foar it tmbû en hafû betsjut dit dat der ek in oanfraach foar learjier 2 dien wurde moat; foar it twû betsjut dit dat der ek oanfragen foar learjier 2 én learjier 3 dien wurde moatte.

  • G.

    Kêst 4.2.8 twadde lid wurdt:

    • 2.

      Oars as yn it earste lid oanjûn is, wurdt foar de learjierren 3 en 4 tmbû, 4 en 5 hafû en 4, 5 en 6 twû subsydzje beskikber steld foar it tal lesoeren yn ’e wike mei-inoar dat yn it ramt fan it eksamenprogramma fan it fak Frysk jûn wurdt.

  • H.

    Kêst 4.2.9 twadde lid wurdt:

    • 2.

      De hichte fan it subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.2.2, ûnder b of d, bedraacht € 1.500 foar in ôfsûnderlik ûnderwiisblok by lesoeren fan 50 minuten.

  • I.

    Nei kêst 4.2.10 wurdt in kêst tafoege dat sa wurdt:

    4.2.11 Prestaasjeferantwurding

    • 1.

      In subsydzje oant € 25.000,- wurdt fêststeld sûnder dat oan de beskikking ta subsydzjefêststelling in beskikking ta subsydzjeferliening foarôfgiet. De subsydzjeûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, sjen dat de aktiviteit dêr't subsydzje beskikber foar steld is, útfierd is en dat foldien is oan de ferplichtings dy’t oan de subsydzjefêststelling ferbûn binne.

    • 2.

      By in subsydzje fan € 25.000,- ôf tsjinnet de subsydzjeûntfanger in oanfraach ta fêststelling fan it subsydzje yn. By de oanfraach wurdt in aktiviteiteferslach oerlein, dêr’t út bliken docht dat de aktiviteit dêr’t subsydzje beskikber foar steld is neffens it beslút ta subsydzjeferliening ferrjochte is en oan de oan it subsydzje ferbûne ferplichtings foldien is. Deputearre steaten beslute binnen 22 wike op in oanfraach om fêststelling fan it subsydzje.

Kêst VII  

Paragraaf 5.1 wurdt as neikomt wizige:

  • A.

    Kêst 5.1.6 earste lid, ûnderdiel f wurdt:

    • f.

      as der foar deselde aktiviteit al in subsydzje troch de provinsje Fryslân jûn is.

  • B.

    Nei kêst 5.1.6 earste lid, ûnderdiel f wurdt in ûnderdiel tafoege dat sa wurdt:

    • g.

      De aktiviteiten al hielendal of foar in part dien binne foardat de oanfraach ynkommen is;

  • C.

    Kêst 5.1.9 earste lid, ûnderdiel b en ûnderdiel c wurde

    • b.

      kosten dy’t makke binne om de oanfraach yntsjinje te kinnen;

    • c.

      reguliere eksploitaasjekosten;

  • D.

    Kêst 5.1.9 earste lid, ûnderdiel f komt te ferfallen.

  • E.

    Nei kêst 5.1.10 earste lid wurdt in twadde lid tafoege dat sa wurdt: 

    • 2.

      Yn oanfolling op kêst 2.5 o/m 2.8 fan de Uitvoeringsregeling Asv provincie Fryslân 2022 komme as subsidiabele kosten de fergoedings foar sjueryleden en skiedsrjochters ek yn oanmerking.

  • F.

    Kêst 5.1.11 twadde lid wurdt:

    • 2.

      De hichte fan it subsydzje bedraacht maksimaal 25% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 10.000, as de subsidiabele aktiviteit op syn minst seis dagen duorret, ferspraat oer in perioade fan maksimaal fjirtjin dagen efterinoar.

  • G.

    Nei kêst 5.1.12 wurdt in kêst tafoege dat sa wurdt:

    5.1.12a Prestaasjeferantwurding

    • 1.

      By it subsydzje wurdt in beskikking ta subsydzjeferliening jûn, mei opjefte fan de termyn dêr’t deputearre steaten it subsydzje uterlik fan amtswegen yn fêststelle.

    • 2.

      De subsydzjeûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, sjen dat de aktiviteit dêr't subsydzje beskikber foar steld is, útfierd is en dat foldien is oan de ferplichtings dy’t oan de subsydzjefêststelling ferbûn binne.

Kêst VIII  

Paragraaf 5.2 wurdt as neikomt wizige:

  • A.

    Kêst 5.2.6 earste lid, ûnderdiel f wurdt:

    • f.

      as der foar deselde aktiviteit al in subsydzje troch de provinsje Fryslân jûn is.

  • B.

    Nei kêst 5.2.6 earste lid, ûnderdiel f wurdt in ûnderdiel tafoege dat sa wurdt:

    • g.

      De aktiviteiten al hielendal of foar in part dien binne foardat de oanfraach ynkommen is;

  • C.

    Kêst 5.2.9 earste lid, ûnderdiel b en ûnderdiel c wurde:

    • b.

      kosten dy’t makke binne om de oanfraach yntsjinje te kinnen;

    • c.

      reguliere eksploitaasjekosten;

  • D.

    Kêst 5.2.9 earste lid, ûnderdiel f komt te ferfallen.

  • E.

    Nei kêst 5.2.10 earste lid wurdt in twadde lid tafoege dat sa wurdt: 

    • 2.

      Yn oanfolling op kêst 2.5 o/m 2.8 fan de Uitvoeringsregeling Asv provincie Fryslân 2022 komme as subsidiabele kosten de fergoedings foar sjueryleden en skiedsrjochters ek yn oanmerking.

  • F.

    Kêst 5.2.11 twadde lid wurdt:

    • 2.

      De hichte fan it subsydzje bedraacht maksimaal 35% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 15.000, as de subsidiabele aktiviteit op syn minst seis dagen duorret, ferspraat oer in perioade fan maksimaal fjirtjin dagen efterinoar.

  • G.

    Nei kêst 5.2.12 wurdt in kêst tafoege dat sa wurdt:

    5.2.13 Prestaasjeferantwurding

    • 1.

      By it subsydzje wurdt in beskikking ta subsydzjeferliening jûn, mei opjefte fan de termyn dêr’t deputearre steaten it subsydzje uterlik fan amtswegen yn fêststelle.

    • 2.

      De subsydzjeûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, sjen dat de aktiviteit dêr't subsydzje beskikber foar steld is, útfierd is en dat foldien is oan de ferplichtings dy’t oan de subsydzjefêststelling ferbûn binne.

Kêst IX  

  • 1.

    Dit wizigingsbeslút giet yn mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal Blad dêr’t it yn pleatst wurdt.

  • 2.

    Op de ûnder it Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafonds en iepenstellings fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân, dy’t heart by it beslút fan Deputearre Steaten fan 17 desimber 2024, ferliende subsydzjes bliuwt de subsydzjeregeling sa't dy no jildt fan krêft.

Ljouwert, 9 desimber 2025

drs. A.A.M. Brok, foarsitter

drs. ing. J.J. Algra, sekretaris

Naar boven