Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafonds en iepenstellings fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân, dy’t heart by it beslút fan Deputearre Steaten fan 9 desimber 2025

Deputearre Steaten stelle foar de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân de neikommende subsydzjeplafonds en iepenstellings fêst:

 

Paragraaf 2.1 Frysktalige literatuer

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.1.2 fan de regeling kinne fan 12 jannewaris 2026 oant en mei 9 oktober 2026 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond foar aktiviteiten lykas neamd kêst 2.1.2 fan de regeling is € 60.000,-, en jildt fan 12 jannewaris 2026 oant en mei 9 oktober 2026.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.1.10 fan de regeling.

Paragraaf 2.2 Oersetten en bewurkjen fan literatuer

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.2.2 fan de regeling kinne fan 19 jannewaris 2026 oant en mei 29 maaie 2026 en fan 17 augustus 2026 oant en mei 23 oktober 2026 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond foar aktiviteiten neamd yn kêst 2.2.2 fan de regeling dat jildt fan 19 jannewaris 2026 oant en mei 29 maaie 2026 is € 20.000,-, en dat jildt fan 17 augustus 2026 oant en mei 23 oktober 2026 is € 20.000,-.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.2.9 fan de regeling.

Paragraaf 2.3 Frysk Mediafûns

[ferfallen]

 

Paragraaf 2.4 Promoasje Frysktalige boeken

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.4.2 fan de regeling kinne fan 12 jannewaris 2026 oant en mei 9 oktober 2026 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.4.2 fan de regeling is € 15.000,- en jildt fan 12 jannewaris 2026 oant en mei 9 oktober 2026.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.4.11 fan de regeling.

Paragraaf 2.5 Frysk taalgebrûk

[ferfallen]

 

Paragraaf 2.6 Utjaan Frysktalige literatuer

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.6.2 fan de regeling kinne fan 19 jannewaris 2026 oant en mei 29 maaie 2026 en fan 17 augustus 2026 oant en mei 23 oktober 2026 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.6.2 fan de regeling dat jildt fan 19 jannewaris 2026 oant en mei 29 maaie 2026 is € 75.000,-, en it plafond dat jildt fan 17 augustus 2026 oant en mei 23 oktober 2026 is € 75.000,-.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.6.9 fan de regeling.

Paragraaf 3.1 Brûsfûns

[ferfallen]

 

Paragraaf 3.2 Leechdrompelige kulturele aktiviteiten

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 3.2.2 fan de regeling kinne fan 30 maart 2026 oant en mei 16 oktober 2026 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 3.2.2 fan de regeling is € 20.000,- en jildt fan 30 maart 2026 oant en mei 16 oktober 2026.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 3.2.9 fan de regeling.

Paragraaf 3.3 Produksje profesjonele poadiumkeunsten en muzykkomposysjes

[ferfallen]

 

Paragraaf 3.4 Iepenloftspullen

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 3.4.2 fan de regeling kinne fan 2 febrewaris 2026 oant en mei 2 april 2026 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 3.4.2 fan de regeling is € 102.600,- en jildt fan 2 febrewaris 2026 oant en mei 2 april 2026.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 3.4.9 fan de regeling.

Paragraaf 3.5 Utkeap teäter en muzyk

[ferfallen]

 

Paragraaf 3.7 Kulturele fernijing

[ferfallen]

 

Paragraaf 4.1 Meartaligens yn it ûnderwiis

[ferfallen]

 

Paragraaf 4.2 Lesoeren Frysk yn it ûnderwiis

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 4.2.2 fan de regeling kinne fan 1 april 2026 oant en mei 30 oktober 2026 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 4.2.2 fan de regeling is € 200.000,- en jildt fan 1 april 2026 oant en mei 30 oktober 2026.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 4.2.7 fan de regeling.

Paragraaf 5.1 Grutskalige sporteveneminten

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 5.1.2 fan de regeling kinne fan 2 jannewaris 2026 oant en mei 30 oktober 2026 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 5.1.2 fan de regeling is € 140.000,- en jildt fan 2 jannewaris 2026 oant en mei 30 oktober 2026.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 5.1.8 fan de regeling.

Paragraaf 5.2 Fryske sporten

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 5.2.2 fan de regeling kinne fan 2 jannewaris 2026 oant en mei 30 oktober 2026 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 5.2.2 fan de regeling is € 110.000,- en jildt fan 2 jannewaris 2026 oant en mei 30 oktober 2026.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 5.2.8 fan de regeling.

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is.

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 9 desimber 2025.

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris drs. ing. J.J. Algra

Naar boven