Beslút fan deputearre steaten fan 28 januari 2024 ta wiziging fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân, paragraaf 3.4 Iepenloftspullen

Deputearre Steaten fan Fryslân,

 

mei it each op kêst 1.3 fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2022, en dat it in goed ding is oanpassings troch te fieren foar de ferbettering fan de útfiering fan de paragraaf 3.4 Iepenloftspullen,

 

BESLUTE:

 

It beslút ta wiziging fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân, paragraaf 3.4 Iepenloftspullen fêst te stellen.

Kêst I  

It Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân wurdt sa wizige:

 

A

 

Yn kêst 1.1 begrypsbepalingen wurdt it lid n wizige en wurdt sa:

 

  • n.

    Iepenloftspul: Frysktalige (muzyk)teäterproduksje, of in (muzyk)teäterproduksje yn in Fryske streektaal dy’t yn de iepen loft is;

B

 

Kêst 3.4.6 wurdt ferfongen en wurdt sa:

 

Kêst 3.4.6 Wegeringsgrûnen

Yn oanfolling op kêst 2.4 Asv 2022 kin subsydzje wegere wurde as de aktiviteit bedoeld is foar it ta stân bringen fan in byld- of lûdregistraasje.

 

C

 

Kêst 3.4.7 Hifkingskritearia wurdt sa wizige:

 

  • 1.

    de tekst yn ûnderdiel c wurdt:

    • c.

      de produksje wurdt opfierd yn de moannen maaie oant en mei septimber en sil opfierd wurde yn it jier fan oanfreegjen;.

  • 2.

    it ûnderdiel f. wurdt tafoege mei de tekst:

    • f.

      der wurdt mear as ien foarstelling fan it iepenloftspul jûn, ferspraat oer ferskate dagen..

D

 

Kêst 3.4.8 en 3.4.9 komme te ferfallen ûnder fernûmering fan artikels 3.4.10 oant en mei 3.4.13 oant artikelen 3.4.8 oant en mei 3.4.11.

 

E

 

Kêst 3.4.8 wurdt ferfongen en wurdt sa:

 

Kêst 3.4.8 Hichte subsydzje

  • 1.

    It subsydzje bedraacht € 10.000,- foar de produksje en de útfiering fan in iepenloftspul.

  • 2.

    It subsydzje bedraacht nea meer as de folsleine begrutte kosten of as oanfrege wurdt.

F

 

Kêst 3.4.9 wurdt ferfongen en wurdt sa:

 

Kêst 3.4.9 Ferdielsystematyk

  • 1.

    Subsydzje foar aktiviteiten as bedoeld yn kêst 3.4.2, wurde ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen

  • 2.

    As in subsydzje-oanfraach noch net folslein is, jildt foar it fêststellen fan de ûnderlinge oardering foar de ferdieling fan it subsydzje de dei dat de subsydzje-oanfraach folslein is as datum fan ynkommen.

  • 3.

    Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst II  

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is.

 

Oangeande de subsydzje-oanfragen dy’t yntsjinne binne foar it yngean fan dit beslút bliuwe de stelde regels fan krêft, sa’t dy foar it yngean wiene.

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 28 januari 2024.

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris drs. ing. J.J. Algra

Naar boven