Beslút fan Deputearre Steaten fan 7 oktober 2025 mei dêryn wiziging fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2025

Deputearre Steaten fan de Provinsje Fryslân,

 

Mei it each op kêst 1.3, tredde lid, fan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022,

 

BESLUTE

 

De Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2025 as neikomt te wizigjen:

Kêst I  

Kêst 8, twadde lid, ûnderdiel d komt te ferfallen.

Kêst II  

Dit wizigingsbeslút giet yn mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal Blad dêr’t it yn pleatst wurdt en wurket werom oant en mei 13 juny 2025.

Ljouwert, 7 oktober 2025

drs. A.A.M. Brok, foarsitter

drs. ing. J.J. Algra, sekretaris

Naar boven