It beslút ta wiziging fan it Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân 2024

Deputearre Steaten fan Fryslân,

 

mei it each op kêst 1.5 fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013, en dat it in goed ding is oanpassings troch te fieren foar de ferbettering fan de útfiering fan de regeling, wêrby’t de paragrafen 2.1, 2.4, 2.6, 3.4, 4.2, 5.1 en 5.2 wizige wurde,

 

BESLUTE:

 

It beslút ta wiziging fan it Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân 2024 fêst te stellen

Kêst I  

It Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân wurdt sa wizige:

 

A

Yn kêst 1.1. begrypsbepalingen wurde neikommende leden wizige:

 

  • Yn ûnderdiel k, wurdt it wurd ‘reedride’ tafoege nei de tekst “Damjen Frysk spul, ”.

B

Yn haadstik 2 Fryske taal, Paragraaf 2.1 Frysktalige literatuer, kêst 2.1.10 Ferdielsystematyk aktiviteiten kêst 2.1.2 komt de tekst: ”Dêrby jildt dat de datum fan ynkommen de datum is dat de oanfraach folslein is.” te ferfallen.

 

C

Yn haadstik 2 Fryske taal, paragraaf 2.4 Promoasje Frysktalige boeken, wurdt yn kêst 2.4.1 wurdt de tekst ”hat te’n” ferfongen troch “hat ta doel”.

 

D

Yn haadstik 2, paragraaf 2.6 Útjaan Frysktalige literatuer wurde de neikommende kêsten wizige:

  • Yn kêst 2.6.2, wurdt yn sub-ûnderdiel a nei it tredde boltsje tafoege:

    • “4o in werprintinge.”

  • Yn Kêst 2.6.7 Hifkingskritearia wurdt wizige en wurdt sa:

    • Yn it twadde lid nei de tekst “útjûn,” de tekst tafoege “útsein as it giet om in werprintinge”, en

      It fiifde lid wurdt tafoege mei de tekst:

      • 5.

        "As de oanfraach in papieren werprintinge útjefte oanbelanget, wurdt allinne mar subsydzje jûn as de útjefte in minimumoplage hat fan 100 eksimplaren en allinne as it yn Fryske fiksje of non-fiksje útjefte oanbelanget.” , en

      • Yn kêst 2.6.8, wurdt it ûnderdiel b. tafoege “b. Fan in werprintinge yn boekfoarm: € 3000,-“, ûnder fernûmering fan de leden b. oant en mei d., dy’t c. oant en mei e. wurde.

E

Kêst 3.4.12 wurdt ferfongen en wurdt sa:

 

Kêst 3.4.12 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

Oan de subsydzjeûntfanger wurdt yn alle gefallen de ferplichting oplein dat de kommunikaasjemiddels, ornearre foar it berikken fan it publyk, yn alle gefallen yn de Fryske taal steld wurde.

 

F

Kêst 4.2.10 Ferplichtings wurdt ferfongen en wurdt sa:

 

Kêst 4.2.10 Ferplichtings

Deputearre Steaten lizze by de subsydzjeferliening foar in aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.2.2, ûnder a, as ferplichting op dat it fak Frysk yn it learjier, dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt, foar de doer fan in folslein skoaljier ûnderwiisd wurdt.

 

G

Yn haadstik 5, wurdt Paragraaf 5.1 Grutskalige sporteveneminten ferfongen en wurdt sa:

 

Paragraaf 5.1 Grutskalige sporteveneminten

 

Kêst 5.1.1 Doel

It subsydzje hat te’n doel om de organisaasje fan grutskalige sporteveneminten te befoarderjen, soks om de sportpartisipaasje yn Fryslân te fergrutsjen.

 

Kêst 5.1.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:

  • a.

    in ynternasjonaal sportevenemint;

  • b.

    in topsportevenemint;

  • c.

    in breedtesportevenemint.

Kêst 5.1.3 Doelgroep

Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan in rjochtspersoan mei folslein rjochtsfoech.

 

Kêst 5.1.4 Oanfraach

  • 1.

    In oanfraach foar subsydzje kin yntsjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.

  • 2.

    In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 5.1.5 [ ferallen ]

 

Kêst 5.1.6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

    de aktiviteit ferbân hâldt mei in útwikselingsprogramma, de reguliere kompetysje fan de feriening, al as net yn ynternasjonaal ferbân of play-offwedstriden;

  • b.

    de hichte fan it frege subsydzje net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

  • c.

    der in grûndearre reden is dat de aktiviteit yn organisatoaryske, technyske, finansjele of ekonomyske sin net helber is;

  • d.

    de oanfreger binnen ien oanfraachperioade al in subsydzje ûntfongen hat;

  • e.

    de oanfraach bûten de oanfraachperioade, dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is, ûntfongen is.

Kêst 5.1.7 Hifkingskritearia

Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen, wurdt oan de neikommende kritearia foldien:

  • 1.

    Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 5.1.2, earste lid:

    • a.

      de aktiviteit wurdt yn de provinsje Fryslân útfierd;

    • b.

      de aktiviteit is foar it publyk tagonklik;

    • c.

      by de aktiviteit giet it om in erkende sport;

    • d.

      der binne op syn minst 100 dielnimmers;

    • e.

      op syn minst 25% fan de dielnimmers komt út it bûtenlân;

    • f.

      by it evenemint binne op syn minst seis lannen fertsjintwurdige;

  • 2.

    Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 5.1.2, twadde lid:

    • a.

      de aktiviteit wurdt yn de provinsje Fryslân útfierd;

    • b.

      de aktiviteit is foar it publyk tagonklik;

    • c.

      by de aktiviteit giet it om in erkende sport;

    • d.

      der binne op syn minst 100 dielnimmers;

    • e.

      op syn minst 50% fan de dielnimmers wennet net yn Fryslân;

  • 3.

    Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 5.1.2, tredde lid:

    • a.

      de aktiviteit wurdt yn de provinsje Fryslân útfierd;

    • b.

      de aktiviteit is foar it publyk tagonklik;

    • c.

      by de aktiviteit giet it om in erkende sport;

    • d.

      der binne op syn minst 1.500 dielnimmers;

Kêst 5.1.7a Iepenstelling en subsydzjeplafond

  • 1.

    Deputearre Steaten stelle ien kear yn ‘t jier in iepenstellingsbeslút fêst.

  • 2.

    In iepenstellingsbeslút befettet op syn minst in oanfraachperioade en in subsydzjeplafond.

Kêst 5.1.8 Ferdielsystematyk

  • 1.

    Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen. De datum dat de oanfraach folslein is, jildt dêrby as datum fan ynkommen.

  • 2.

    Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar folsleine oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 5.1.9 Net subsidiabele kosten

De neikommende kosten komme net foar subsydzje yn ’e beneaming:

  • a.

    reis- en ferbliuwskosten, útsein reis- en ferbliuwskosten foar sjueryleden en skiedsrjochters;

  • b.

    kosten makke foar it yntsjinjen fan de oanfraach;

  • c.

    ynvestearrings;

  • d.

    kosten foar catering, lunches of diners, útsein de cateringkosten foar de frijwilligers, sjueryleden en skiedsrjochters by it evenemint;

  • e.

    kosten foar muzyk- en feestaktiviteiten;

  • f.

    personielskosten, útsein in fergoeding foar sjueryleden en skiedsrjochters en it ynhieren fan fakminsken foar ûnderdielen dy’t net troch frijwilligers útfierd wurde kinne;

  • g.

    oankeap fan shirts foar dielnimmers is net subsidiabel, of it moat wêze dat dizze oankeap foar frijwilligers, skiedsrjochters of sjueryleden is.

Kêst 5.1.10 Subsidiabele kosten

  • 1.

    Mei behâld fan wat yn kêst 1.10 fan de ASV en kêst 5.1.9 stiet, komme alle kosten foar subsydzje yn oanmerking, mids dy needsaaklik binne en yn relaasje ta it doel fan it subsydzje steane.

  • 2.

    As in subsydzjeûntfanger net as ûndernimmer foar de omsetbelesting oanmurken is, wurdt yn ôfwiking op kêst 1.10 lid 1, ûnderdiel d fan de ASV 2013 subsydzje foar de net te ferrekkenjen omsetbelesting jûn.

Kêst 5.1.11 Hichte subsydzje

  • 1.

    De hichte fan it subsydzje bedraacht op syn meast 25% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 5.000;

  • 2.

    De hichte fan it subsydzje bedraacht maksimaal 25% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 10.000, as de subsidiabele aktiviteit op syn minst seis dagen duorret, ferspraat oer in perioade fan maksimaal fjirtjin dagen efterinoar en in oantoanbere lokale ekonomyske ympuls teweibringt.

Kêst 5.1.12 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

  • 1.

    De aktiviteiten wurde útfierd yn it kalinderjier wêryn’t de subsydzje-oanfraach yntsjinne is.

  • 2.

    Nei in foar dat doel motivearre en skriftlik fersyk, kin de termyn, neamd yn lid 1, foar ien kear foar de doer fan op syn heechst 12 moanne ferlinge wurde.

Kêst 5.1.13 Steatsstipe

  • 1.

    As der sprake is fan steatsstipe, wurdt it subsydzje allinne mei tapassing fan de de-minimisferoardering jûn.

  • 2.

    De oanfreger follet yn dat gefal in de-minimisferklearring yn om fêst te stellen of it subsydzje mei tapassing fan de de-minimisstipe jûn wurde kin.

F

Yn haadstik 5, paragraaf 5.2 wurde de neikommende kêsten wizige:

 

  • Yn kêst 5.2.6 Wegeringsgrûnen wurdt de tekst ‘In subsydzje kin wegere wurde as´ ferfongen troch ‘In subsydzje wurdt wegere as’;

     

    Yn kêst 5.2.7 Hifkingskritearia wurdt nei de tekst “Fryske Sportbûn, de tekst “, de Elfstedenhal of Thialf.” tafoege.

Kêst II  

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is.

 

Oangeande de subsydzje-oanfragen dy’t yntsjinne binne foar it yngean fan dit beslút bliuwe de stelde regels fan krêft, sa’t dy foar it yngean wiene.

Kêst IV  

Dizze regeling wurdt oanhelle as It beslút ta wiziging fan itSubsydzjeregelingkultuer en mienskip Fryslân 2024.

 

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 12 desimber 2023.

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris drs. ing. J.J. Algra

Naar boven