Iepenstellingsbeslút Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2024

Deputearre Steaten fan Fryslân,

 

mei it each op kêst 1.3, tredde lid, fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2022, en kêst 5 fan de fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2024,

 

BESLUTE:

 

It Iepenstellingsbeslút Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2024 as folget fêst te stellen:

Kêst 1 Subsydzjeplafond

  • a.

    It subsydzjeplafond foar de yn kêst 3, ûnderdiel a fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2024 neamde subsidiabele aktiviteiten bedraacht € 50.000,-.

  • b.

    It subsydzjeplafond foar de yn kêst 3, ûnderdielen b, c en e fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal neamde subsidiabele aktiviteiten is fêststeld op € 0,-.

  • c.

    It subsydzjeplafond foar de yn kêst 3, ûnderdiel d fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2024 neamde subsidiabele aktiviteiten bedraacht € 60.000,-.

Kêst 2 Aanvraagperiode en verdeelsystematiek Oanfraachperioade en ferdielsystematyk

  • a.

    It yn kêst 1 neamde subsydzjeplafonds jilden foar oanfragen dy’t ûntfongen binne fan 26 novimber 2024 oant en mei 10 desimber 2024.

  • b.

    De ferdieling fan de middels bart neffens kêst 7 fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2024.

Kêst 3 Yngean

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is.

Kêst 4 Siteartitel

Dizze regeling wurdt oanhelle as Iepenstellingsbeslút Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2024.

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 19 novimber 2024.

Foarsitter, drs. A.A.M. Brok

Sekretaris, J. Algra

Naar boven