Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafond en iepenstelling fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2023

Deputearre Steaten fan Fryslân,

 

mei it each op kêst 1.5 fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013, en kêst 5 fan de fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2023,

 

BESLUTE:

 

foar de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2023 it neikommende subsydzjeplafond en de iepenstelling fêst te stellen:

Kêst I  

  • a.

    It subsydzjeplafond foar de yn kêst 3, ûnderdielen a oant en mei d fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal neamde subsidiabele aktiviteiten is fêststeld op € 100.000,-.

  • b.

    It hjirfoar neamde subsydzjeplafond jildt foar oanfragen dy’t ûntfongen binne fan 1 maart 2023 oant en mei 28 septimber 2023.

  • c.

    De ferdieling fan de middels bart neffens kêst 7 fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal.

Kêst II  

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is. Foar safier’t it buorkundich meitsjen fan dit beslút nei 1 maart 2023 syn beslach krijt, wurket it werom oant 1 maart 2023.

Kêst III  

Dizze regeling wurdt oanhelle as Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafond en iepenstelling fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2023.

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 7 febrewaris 2023.

Foarsitter, drs. A.A.M. Brok

Sekretaris, A. Schepers Msc

Naar boven