Provinciaal blad van Fryslân
Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
---|---|---|---|
Fryslân | Provinciaal blad 2023, 1785 | algemeen verbindend voorschrift (verordening) |
Zoals vergunningen, bouwplannen en lokale regelgeving.
Adressen en contactpersonen van overheidsorganisaties.
U bent hier:
Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
---|---|---|---|
Fryslân | Provinciaal blad 2023, 1785 | algemeen verbindend voorschrift (verordening) |
Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2023
Deputearre Steaten fan Fryslân,
kêst 1.3, fjirde lid, fan ’e Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013;
oerwagende dat it yn it ramt fan it Sichtberensakkoart (2022) en de Wet brûken Fryske taal (WBFT 2013) winsklik is om de posysje fan it Frysk troch subsydzje fuort te sterkjen, sadanich dat de sichtberens en it brûken fan ’e Fryske taal yn it iepenbiere libben en ’e publike romte yn Fryslân fergrutte wurdt en dat dêrfoar in nije regeling winsklik is;
de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal fêst te stellen:
Yn dizze regeling en ’e bepalings dy’t dêrop berêste, wurdt ferstien ûnder
Taalbeliedsplan: troch de gemeenterie of in oar yn Fryslân festige bestjoersorgaan fêststeld beliedsplan, lykas bedoeld yn ’e WBFT, kêst 5.2, dêr’t belied wat de Fryske taal oanbelanget yn útienset wurdt. Yn it beliedsplan wurdt oanjûn hoe’t de beskikbere middels ynset wurde sille om ’e doelstellings oangeande it fersterkjen fan ’e posysje fan ’e Fryske taal te heljen.
It subsydzje hat as doel om ’e sichtberens en it brûken fan ’e Fryske taal yn it iepenbiere libben en ’e publike romte yn Fryslân te fergrutsjen.
Kêst 3 Subsidiabele aktiviteiten
Subsydzje kin foar de neikommende aktiviteiten beskikber steld wurde:
In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch it brûken fan in oanfraachformulier dêr’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.
Om foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen, moat in oanfraach nei it oardiel fan Deputearre Steaten foldwaan oan ’e neikommende kritearia:
Kêst 11 Net-subsidiabele kosten
Mei behâld fan wat yn kêst 1.10 fan ’e Asf 2013 stiet, komme de neikommende kosten net foar subsydzje yn ’e beneaming:
Kêst 12 Ferplichtings fan ’e subsydzjeûntfanger
As it subsydzje ferbân hâldt mei in aktiviteit lykas bedoeld yn kêst 3, ûnderdiel b of d, dan wurdt oan ’e subsydzjeûntfanger yn alle gefallen de ferplichting oplein dat it kommunikaasjemiddel op syn minst foar de oarspronklike doelgroep sichtber wêze moat, salang’t it ûnderwerp dêr’t it ferbân mei hâldt, aktueel is.
De teksten oersette te litten troch in oersetter dy’t betûft is yn it Frysk, of kontrolearje te litten troch in Oerset buro sa as neamd op Oersetburo’s » Afûk (afuk.frl) om der yn alle gefallen foar te soargjen dat de teksten yn geef Frysk en sûnder skriuwflaters te lêzen binne.
Kêst 13 Prestaasjeferantwurding
De subsydzjeûntfanger lit, as dêrom frege wurdt, nei in yn ’e beskikking neamde termyn sjen dat de oersetaktiviteit dêr’t subsydzje foar beskikber steld is, útfierd is troch it tastjoeren fan it oersette kommunikaasjemiddel of in ferwizing nei it digitale fynplak fan it oersette middel, en hoe’t foldien is oan ’e ferplichtings dy’t mei it fêststellen fan it subsydzje anneks binne.
Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 7 febrewaris 2021,
foarsitter, drs. A.A.M. Brok,
secretaris, A. Schepers, Msc.
Kêst 1 Begrypsbepalings , ûnder c
De Wet Brûken Fryske Taal fan 2 oktober 2013 freget fan bestjoersorganen yn ’e provinsje Fryslân dy’t gjin diel útmeitsje fan ’e sintrale oerheid, dat sy regels en in beliedsplan opstelle oangeande de Fryske taal. Dat is subsidiearre ûnder de subsydzjeregeling Mei-inoar foar it Frysk. No jouwe de Fryske bestjoersorganen in konkreet ferfolch dêroan, troch oan ’e beliedsplannen in Wurkplan te keppeljen yn ’e foarm fan in Lange Termyn-aginda 2030. Yn ’e wurkplannen binne aktiviteiten opnommen dy’t útfierd wurde om stal te jaan oan it fêststelde taalbelied, mei in rintiid oant en mei 2030.
Earste lid: ûnder de doelgroep falle de yn ’e provinsje Fryslân festige bestjoersorganen dy’t net ûnder de sintrale oerheid falle. Dy beheining is ûntliend oan ’e Wet Brûken Fryske Taal fan 2 oktober 2013. De FUMO en Feilichheidsregio Fryslân binne iepenbiere lichems op grûn fan ’e Wet Mienskiplike Regeling en falle dêrmei ek ûnder dizze doelgroep.
Kêst 11 Net-subsidiabele kosten
Mei dizze regeling wol de provinsje it brûken fan ’e Fryske taal stimulearje. As soks fia in digitaal ynstrumint dien wurdt, kin dat, foarsafier’t it in digitaal produkt oanbelanget dat alhielendal op dy doelstellng – it stimulearjen fan it Frysk – rjochte is, bygelyks mei taalhelpmiddels. In foarbyld dêrfan is in app as “Praat mar Frysk” fan ’e Afûk. Foar kommunikaasjemiddels dy’t in breder doel hawwe en neist it Frysk ek yn oare talen beskikber binne, draacht de provinsje by, foarsafier’t it oersetkosten of oare kosten oanbelanget, dy’t mei de Fryske taal te krijen hawwe. Kosten foar de technyske ûntwikkeling fan apps of websiden en it ûnderhâld dêrfan binne net subsidiabel.
Kopieer de link naar uw clipboard
https://zoek.officielebekendmakingen.nl/prb-2023-1785.html
De hier aangeboden pdf-bestanden van het Staatsblad, Staatscourant, Tractatenblad, provinciaal blad, gemeenteblad, waterschapsblad en blad gemeenschappelijke regeling vormen de formele bekendmakingen in de zin van de Bekendmakingswet en de Rijkswet goedkeuring en bekendmaking verdragen voor zover ze na 1 juli 2009 zijn uitgegeven. Voor pdf-publicaties van vóór deze datum geldt dat alleen de in papieren vorm uitgegeven bladen formele status hebben; de hier aangeboden elektronische versies daarvan worden bij wijze van service aangeboden.