It beslút ta wiziging fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter

Deputearre Steaten fan Fryslân,

 

mei it each op kêst 1.5 fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013, en dat it in goed ding is oanpassings troch te fieren foar de ferbettering fan de útfiering fan de regeling,

 

BESLUTE:

 

It beslút ta wiziging fan de SubsydzjeregelingFryskfoar no en letter fêst te stellen

Kêst I

De Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter wurdt sa wizige:

 

A

Kêst 1.3 wurdt wizige en wurdt as folget:

1.3 Oanfreger.

  • 1.

    Subsydzje kin oanfrege wurde troch in foechhawwend persoan, lykas bepaald yn de Wet op it primêr ûnderwiis, Wet op it fuortset ûnderwiis en Wet op it heger en wittenskiplik ûnderwiis, dy’t ferbûn is oan in yn de provinsje Fryslân fêstige sertifisearre foarskoalske opfanglokaasje, of skoallen yn it basisûnderwiis, fuortset ûnderwiis, spesjaal basisûnderwiis en spesjaal ûnderwiis, praktykûnderwiis, middelber of heger beropsûnderwiis of yn it wittenskiplik ûnderwiis.

B

Yn kêst 1.4 Oanfraach , tredde lid, wurdt it wurd ‘ien’ ferfongen troch ‘twa’.

 

C

Under kêst 1.6 Wegeringsgrûnen, oanhef wurd wizige:

  • 1.

    ûnder ûnderdiel b, wurdt it wurd ‘ien oanfraag’ ferfongen troch ‘twa oanfragen’,

  • 2.

    ûnder ûnderdiel f, wurdt ‘1.3, earste lid’ ferfongen troch ‘1.4, earste lid’.

D

Under kêst 2.3 wurdt wizige:

  • 1.

    Yn it tredde lid wurdt nei de tekst’ streekrjochte kosten‘, taheakke de tekst: ’, en de wurklik makke en betelle reiskosten foar maksimaal 50%’,

  • 2.

    Yn it fierde lid wurdt ‘1.3, earste lid’ ferfongen troch ‘1.4, earste lid’.

E

Yn kêst 2.4 Net-subsidiabele kosten, oanhef en ûnder b komt it wurd ‘reiskosten’ te ferfallen.

 

F

Kêst 2.5, earste lid, wurdt as folget wizige:

  • 1.

    Yn ûnderdiel b wurdt it sifer ‘80’ ferfongen troch ‘100’.

  • 2.

    Yn ûnderdiel c wurdt de tekst ‘50% fan de subsidiabele kosten;’ ferfongen troch ‘100% fan de subsidiabele kosten en 50% fan de wurklik makke en betelle reiskosten;’

G

Kêst 2.6, oanhef, ûnderdiel a wurdt as folget wizige:

  • a.

    it projekt binnen in termyn fan tolve moanne fan de datum fan de beskikking ta fêststelling ôf te realisearjen;

Kêst 2.6, oanhef, ûnderdielen b komt te ferfallen ûnder fernûmering van ûnderdielen c oant en mei f, dêr wurden neamt b oant en mei e.

 

Kêst 2.6, oanhef, ûnderdielen b wurdt as folget wizige:

  • b.

    as net foldien wurde kin oan de ûnder a neamde ferplichting kin de útfieringstermyn fan it projekt mei maksimaal seis moanne, of yn gefal fan opliedingsaktiviteit fjouwer jier, ferlinge wurde as dêrta in skriftlik en ûnderboud fersyk yntsjinne wurdt op syn minst ien moanne foarôfgeand oan it ôfrinnen fan de termyn;

H

Under kêst 3.3 wurdt wizige:

  • 1.

    Yn it tredde lid wurdt nei de tekst ‘streekrjochte kosten’, taheakke de tekst: ‘, en de wurklik makke en betelle reiskosten foar maksimaal 50%’,

  • 2.

    Yn it fierde lid wurdt ‘1.3, earste lid’ ferfongen troch ‘1.4, earste lid’.

I

Kêst 3.5, earste lid, wurdt as folget wizige:

  • 1.

    Yn ûnderdiel b wurdt it sifer ‘80’ ferfongen troch ‘100’.

  • 2.

    Yn ûnderdiel c wurdt de tekst ‘50% fan de subsidiabele kosten;’ ferfongen troch ‘100% fan de subsidiabele kosten en 50% fan de wurklik makke en betelle reiskosten;’

J

Kêst 3.6, oanhef, ûnderdiel a wurdt as folget wizige:

  • a.

    it projekt binnen in termyn fan tolve moanne fan de datum fan de beskikking ta fêststelling ôf te realisearjen;

Kêst 3.6, oanhef, ûnderdielen b komt te ferfallen ûnder fernûmering van ûnderdielen c oant en mei f, dêr wurden neamt b oant en mei e.

 

Kêst 3.6, oanhef, ûnderdielen b wurdt as folget wizige:

  • c.

    as net foldien wurde kin oan de ûnder a neamde ferplichting kin de útfieringstermyn fan it projekt mei maksimaal seis moanne, of yn gefal fan opliedingsaktiviteit fjouwer jier, ferlinge wurde as dêrta in skriftlik en ûnderboud fersyk yntsjinne wurdt op syn minst ien moanne foarôfgeand oan it ôfrinnen fan de termyn;

K

Under kêst 4.3 wurdt wizige:

  • 1.

    Yn it tredde lid wurdt nei de tekst ‘streekrjochte kosten’, taheakke de tekst: ‘, en de wurklik makke en betelle reiskosten foar maksimaal 50%’,

  • 2.

    Yn it fierde lid wurdt ‘1.3, earste lid’ ferfongen troch ‘1.4, earste lid’.

L

Kêst 4.5, earste lid, wurdt as folget wizige:

  • 1.

    Yn ûnderdiel b wurdt it sifer ‘80’ ferfongen troch ‘100’.

  • 2.

    Yn ûnderdiel c wurdt de tekst ‘50 % fan de subsidiabele kosten;’ ferfongen troch ‘100% fan de subsidiabele kosten en 50% fan de wurklik makke en betelle reiskosten;’

M

Kêst 4.6, oanhef, ûnderdiel a wurdt as folget wizige:

  • a.

    it projekt binnen in termyn fan tolve moanne fan de datum fan de beskikking ta fêststelling ôf te realisearjen;

Kêst 4.6, oanhef, ûnderdielen b komt te ferfallen ûnder fernûmering van ûnderdielen c oant en mei f, dêr wurden neamt b oant en mei e.

 

Kêst 4.6, oanhef, ûnderdielen b wurdt as folget wizige:

  • d.

    as net foldien wurde kin oan de ûnder a neamde ferplichting kin de útfieringstermyn fan it projekt mei maksimaal seis moanne, of yn gefal fan opliedingsaktiviteit fjouwer jier, ferlinge wurde as dêrta in skriftlik en ûnderboud fersyk yntsjinne wurdt op syn minst ien moanne foarôfgeand oan it ôfrinnen fan de termyn;

N

Yn de Taljochting wurdt de neikommende tekst taheakke nei de tekst; ’Dêrby kin tocht wurde oan it oanskaffen fan kwalitatyf goed ûnderwiismateriaal, it profesjonalisearjen fan de learkrêften of it frijroasterjen fan in taalkoördinator om it Frysk yn it taalbeliedsplan op te nimmen en te ymplemintearjen.’:

‘Oanfreger

De Wpû, Wfû en Whwû, bepale dat de direkteur it foech hat te hanneljen út namme fan de skoalle foar û.o. Managementtaken. Wy sjogge dy ynfolling ek tapasber op it foech om subsydzje út ûnderlizzende regeling oan te freegjen, sjoen it feit dat dat ûnderdiel útmakket fan it stal jaan fan it fak Frysk yn it ûnderwiis.‘

 

O

Yn de Taljochting ûnder ‘Kulturele aktiviteiten’ wurdt nei de tekst; ’By kulturele aktiviteiten kin ek tocht wurde oan erfgoed, histoarje of natuer. As de link mei Fryslân of de Fryske taal en kultuer mar dúdlik makke wurde kin. Jou dat yn de taljochting oan.’ tafoege: ’Foar safier't der sprake is fan it bekostigjen fan groepsferfier, falle dy kosten net ûnder net-subsidiabele kosten, lykas bepaald ûnder artikel 2.4, oanhef en ûnder b. Dêrby jildt dat allinnich werklike en betelle kosten subsidiabel steld wurde.’

 

P

Yn de taljochting ûnder de kop ‘Oanfraachformulier’ komt de folgjende tekst te ferfallen: ‘Foar alle aktiviteiten jildt no dat de kosten maksimaal trije moanne foardat de oanfraach yntsjinne wurdt makke wurde meie. As bygelyks in oplieding yn septimber start, en de subsydzjeregeling pas letter iepen is, dan kin dit efterôf noch oanfrege wurde.‘.

Kêst II

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is. Foar safier’t it buorkundich meitsjen fan dit beslút nei 13 febrewaris 2023 syn beslach krijt, wurket it werom oant 13 febrewaris 2023.

 

Oangeande de subsydzje-oanfragen dy’t yntsjinne binne foar it yngean fan dit beslút bliuwe de stelde regels fan krêft, sa’t dy foar it yngean wiene.

Kêst III

Dizze regeling wurdt oanhelle as It beslút ta wiziging fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter.

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 7 febrewaris 2023.

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris A. Scheper, MSc

Naar boven