Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafonds en iepenstellings fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân, dy’t heart by it beslút fan Deputearre Steaten fan 13 desimber 2022,

 

Deputearre Steaten stelle foar de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân de neikommende subsydzjeplafonds en iepenstellings fêst:

 

Paragraaf 2.1 Frysktalige literatuer

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.1.2, ûnderdiel a oant en mei e, kinne fan 23 jannewaris 2023 oant en mei 28 septimber 2023 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond foar kêst 2.1.2, ûnderdiel a oant en mei e, is € 60.000, jildt fan 23 jannewaris 2023 oant en mei 28 septimber 2023.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.1.10 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

 

Paragraaf 2.2 Oersetten en bewurkjen fan literatuer

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.2.2 kinne fan 23 jannewaris 2023 oant en mei 29 maaie 2023 en fan 4 septimber 2023 oant en mei 12 oktober 2023 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond dat jildt fan 23 jannewaris 2023 oant en mei 29 maaie 2023 is € 18.000, en dat jildt fan 4 septimber 2023 oant en mei 12 oktober 2023 is € 18.000.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.2.9 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

 

Paragraaf 2.3 Frysk Mediafûns

[ferfallen]

 

Paragraaf 2.4 Promoasje Frysktalige boeken

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.4.2 kinne fan 23 jannewaris 2023 oant en mei 28 septimber 2023 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond is € 16.000, jildt fan 23 jannewaris 2023 oant en mei 28 septimber 2023.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.4.11 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

 

Paragraaf 2.5 Frysk taalgebrûk

[ferfallen]

 

Paragraaf 2.6 Utjaan Frysktalige literatuer

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.6.2 kinne fan 23 jannewaris 2023 oant en mei 25 april 2023 en fan 4 septimber 2023 oant en mei 12 oktober 2023 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond dat jildt fan 23 jannewaris 2023 oant en mei 25 april 2023 is € 72.000, en it plafond dat jildt fan 4 septimber 2023 oant en mei 12 oktober 2023 is € 72.000.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.6.9 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

 

Paragraaf 3.1 Brûsfûns

[ferfallen]

 

Paragraaf 3.2 Leechdrompelige kulturele aktiviteiten

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten kinne fan 3 april 2023 oant en mei 26 oktober 2023 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond is € 20.000, jildt fan 3 april 2023 oant en mei 26 oktober 2023.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 3.2.11 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

 

Paragraaf 3.3 Produksje profesjonele poadiumkeunsten en muzykkomposysjes

[ferfallen]

 

Paragraaf 3.4 Iepenloftspullen

  • a.

    Oanfragen foar subsydzje op grûn fan paragraaf 3.4 kinne fan 13 febrewaris 2023 oant en mei 25 april 2023 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond foar subsydzjes as bedoeld yn paragraaf 3.4 fan de regeling bedraacht € 134.000,- De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 3.4.11 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

 

Paragraaf 3.5 Útkeap teäter en muzyk

[ferfallen]

 

Paragraaf 3.7 Kulturele fernijing

[ferfallen]

 

Paragraaf 4.1 Meartaligens yn it ûnderwiis

[ferfallen]

 

Paragraaf 4.2 Lesoeren Frysk yn it ûnderwiis

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 4.2.2 kinne fan 3 april 2023 oant en mei 12 oktober 2023 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond is € 165.000, jildt fan 3 april 2023 oant en mei 12 oktober 2023.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 4.2.7 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

 

Paragraaf 5.1 Grutskalige sporteveneminten

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 5.1.2 kinne fan 2 jannewaris 2023 oant en mei 26 oktober 2023 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond is € 80.000, jildt fan 2 jannewaris 2023 oant en mei 26 oktober 2023.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 5.1.8 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

 

Paragraaf 5.2 Fryske sporten

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 5.2.2 kinne fan 2 jannewaris 2023 oant en mei 26 oktober 2023 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond is € 60.000, jildt fan 2 jannewaris 2023 oant en mei 26 oktober 2023.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 5.2.8 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

 

 

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is.

 

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 13 desimber 2022.

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris A. Scheper, MSc

Naar boven