Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafond en iepenstelling fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter dy’t heart by it beslút fan Deputearre Steaten fan 7 febrewaris 2023

Mei it each op kêst 1.5 fan de Algemiene subsydzjeferoardening provinsje Fryslân 2013,

 

stelle Deputearre Steaten fan provinsje Fryslân foar de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter it neikommende subsydzjeplafond en de iepenstelling fêst:

Kêst 1 subsydzjeplafond en iepenstelling

  • 1.

    It subsydzjeplafond foar de yn kêst 2.1. 3.1 en 4.1 fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter bedoelde subsidiabele aktiviteiten is fêststeld op € 400.000,-.

  • 2.

    It hjirfoar neamde subsydzjeplafond jildt foar oanfragen dy’t ûntfongen binne fan 13 febrewaris 2023 oant en mei 1 oktober 2023.

  • 3.

    De ferdieling fan de middels bart neffens kêst 1.5 fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter.

Kêst 2 Yngean en siteartitel

  • 1.

    Dit beslút wurdt neamt: Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafond en iepenstelling fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter fan 7 febrewaris 2023

  • 2.

    Beslút ta Iepenstelling fan dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is. Foar safier’t it buorkundich meitsjen fan dit beslút nei 13 febrewaris 2023 syn beslach krijt, wurket it werom oant 13 febrewaris 2023.

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 7 febrewaris 2023.

Foarsitter, drs. A.A.M. Brok

Sekretaris, A. Schepers Msc

Naar boven