Deputearre Steaten stelle foar de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân de neikommende subsydzjeplafonds en iepenstellings fêst:
Paragraaf 2.1 Frysktalige literatuer
- a.
Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.1.2, ûnderdielen a oant en mei e, kinne fan 15 jannewaris 2024 oant en mei 18 oktober 2024 yntsjinne wurde.
- b.
It subsydzjeplafond foar kêst 2.1.2, ûnderdiel a oant en mei e, is € 60.000, jildt fan 15 jannewaris 2024 oant en mei 18 oktober 2024.
- c.
De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.1.10 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.
Paragraaf 2.2 Oersetten en bewurkjen fan literatuer
- a.
Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.2.2, ûnderdielen a oant en mei e kinne fan 22 jannewaris 2024 oant en mei 31 maaie 2024 en fan 6 septimber 2024 oant en mei 18 oktober 2024 yntsjinne wurde.
- b.
It subsydzjeplafond foar aktiviteiten neamt ûnder a. dat jildt fan 22 jannewaris 2024 oant en mei 31 maaie 2024 is € 18.000, en dat jildt fan 6 septimber 2024 oant en mei 18 oktober 2024 is € 18.000.
- c.
De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.2.9 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.
Paragraaf 2.3 Frysk Mediafûns
[ferfalle]
Paragraaf 2.4 Promoasje Frysktalige boeken
- a.
Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.4.2 kinne fan 22 jannewaris 2024 oant en mei 4 oktober 2024 yntsjinne wurde.
- b.
It subsydzjeplafond foar aktiviteiten neamt ûnder a. is € 10.000, jildt fan 22 jannewaris 2024 oant en mei 4 oktober 2024.
- c.
De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.4.11 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.
Paragraaf 2.5 Frysk taalgebrûk
[ferfalle]
Paragraaf 2.6 Utjaan Frysktalige literatuer
- a.
Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.6.2 kinne fan 22 jannewaris 2024 oant en mei 10 maaie 2024 en fan 4 septimber 2024 oant en mei 18 oktober 2024 yntsjinne wurde.
- b.
It subsydzjeplafond foar aktiviteiten neamt ûnder a. dat jildt fan 22 jannewaris 2024 oant en mei 10 maaie 2024 is € 75.000, en it plafond dat jildt fan 4 septimber 2024 oant en mei 18 oktober 2024 is € 75.000.
- c.
De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.6.9 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.
Paragraaf 3.1 Brûsfûns
[ferfalle]
Paragraaf 3.2 Leechdrompelige kulturele aktiviteiten
- a.
Oanfragen foar aktiviteiten kinne fan 1 april 2024 oant en mei 25 oktober 2024 yntsjinne wurde.
- b.
It subsydzjeplafond foar aktiviteiten neamt ûnder a. is € 20.000, jildt fan 1 april 2024 oant en mei 25 oktober 2024.
- c.
De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 3.2.9 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.
Paragraaf 3.3 Produksje profesjonele poadiumkeunsten en muzykkomposysjes
[ferfalle]
Paragraaf 3.4 Iepenloftspullen
- a.
Oanfragen foar subsydzje op grûn fan paragraaf 3.4 kinne fan 26 februari 2024 oant en 26 april 2024 yntsjinne wurde.
- b.
It subsydzjeplafond foar subsydzjes as bedoeld yn paragraaf 3.4 fan de regeling bedraacht € 100.000,- De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 3.4.11 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.
Paragraaf 3.5 Útkeap teater en muzyk
[ferfalle]
Paragraaf 3.7 Kulturele fernijing
[ferfalle]
Paragraaf 4.1 Meartaligens yn it ûnderwiis
[ferfalle]
Paragraaf 4.2 Lesoeren Frysk yn it ûnderwiis
- a.
Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 4.2.2 kinne fan 1 april 2024 oant en mei 25 oktober 2024 yntsjinne wurde.
- b.
It subsydzjeplafond is € 150.000, jildt fan 1 april 2024 oant en mei 25 oktober 2024.
- c.
De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 4.2.7 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.
Paragraaf 5.1 Grutskalige sporteveneminten
- a.
Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 5.1.2 kinne fan 2 jannewaris 2024 oant en mei 25 oktober 2024 yntsjinne wurde.
- b.
It subsydzjeplafond is € 100.000, jildt fan 2 jannewaris 2024 oant en mei 25 oktober 2024.
- c.
De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 5.1.8 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.
Paragraaf 5.2 Fryske sporten
- a.
Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 5.2.2 kinne fan 2 jannewaris 2024 oant en mei 25 oktober 2024 yntsjinne wurde.
- b.
It subsydzjeplafond is € 60.000, jildt fan 2 jannewaris 2024 oant en mei 25 oktober 2024.
- c.
De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 5.2.8 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.
Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is.