It beslút ta wiziging fan it Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân 2022

[Dit wijzigingsbesluit zal vanwege de verschillende data van inwerkingtreding in twee verschillende publicaties verwerkt worden. In dit Provinciaal blad zullen de wijzigingen van artikel II verwerkt worden.]

 

[Deze bekendmaking is slechts een tekstplaatsing. De oorspronkelijke publicatie is op 21 december 2022 bekendgemaakt, beschikbaar via Provinciaal blad 2022, 15134.]

 

Deputearre Steaten fan Fryslân,

 

mei it each op kêst 1.5 fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013, en dat it in goed ding is oanpassings troch te fieren foar de ferbettering fan de útfiering fan de regeling, wêrby’t de paragrafen 3.6 en 4.3 komme te ferfallen en de paragrafen 2.2, 2.4, 3.2, 4.2, 5.1 en 5.2 wizige wurde,

 

BESLUTE:

 

It beslút ta wiziging fan it Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân 2022 fêst te stellen

Kêst I

It Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân wurdt sa wizige:

 

A

Yn kêst 1.1. begrypsbepalingen wurde neikommende leden wizige:

 

  • Yn ûnderdiel k, komt it wurd ‘, skoallereedride’ te ferfallen,

 

  • De neikommende leden wurde tafoege:

    • z.

      ‘profesjonele redakteur: dejinge dy’t op basis fan in formele oanstelling mei de (ein)redaksje fan ûnder oare in boek belêste is’, ûnder fernûmering fan de leden z. oant en mei ii., dy’t aa. oant en mei jj. wurde.

    • aa.

      redigearje: it yn oarder meitsjen, opstellen fan in deiblêd, tydskrift ensfh.’, ûnder fernûmering fan de leden aa. oant en mei jj., dy’t bb. oant en mei kk. wurde.

B

Yn haadstik 2 Fryske taal, paragraaf 2.2 Oersetten en bewurkjen fan literatuer, wurde de neikommende kêsten wizige:

 

  • Yn kêst 2.2.1 komt it wurd ‘oarspronklike’ te ferfallen,

 

  • Yn kêst 2.2.2, oanhef en ûnderdiel e, komme de wurden ‘nije oarspronklike’ te ferfallen,

 

  • Yn kêst 2.2.7, tredde lid, wurdt ‘earste’ ferfongen troch ‘twadde’,

C

Yn haadstik 2 Fryske taal, paragraaf 2.4 Promoasje Frysktalige boeken, wurde de neikommende kêsten wizige:

  • Kêst 2.4.8 komt te ferfallen,

 

  • Kêst 2.4.9 wurdt:

    • Kêst 2.4.9 (net)subsidiabele kosten

      • Foarsafier needsaaklik en gaadlik komme alle kosten foar subsydzje yn ’e beneaming útsein de neikommende kosten:

        • a.

          Ferbliuwskosten

        • b.

          Kosten dy’t ferbân hâlde mei de útjefte fan in boek.

  • Yn kêst 2.4.11, earste lid wurdt de sin ‘Dêrby jildt dat de datum fan ynkommen de datum is dat de oanfraach folslein is’ sa: ‘Inkeld en allinne foar it fêststellen fan de oardering jildt dat de datum fan ynkommen de datum is dat de oanfraach folslein is.’.

D

Yn haadstik 2, paragraaf 2.6 wurde de neikommende kêsten wizige:

  • Yn kêst 2.6.2, ûnder a, 1o wurdt ‘iksje’ ferfongen troch ‘fiksje’

 

  • Yn kêst 2.6.9, earste lid wurdt de sin: ‘Dêrby jildt dat de datum fan ynkommen de datum is dat de oanfraach folslein is.’ sa: ‘Inkeld en allinne foar it fêststellen fan de oardering jildt dat de datum fan ynkommen de datum is dat de oanfraach folslein is.’.

 

  • Yn kêst 2.6.11, twadde lid wurdt nei de tekst: ‘nei ôfrin fan de realisaasjetermyn fan de subsidiearre aktiviteiten’ de neikommende tekst tafoege: ‘, as dêrom frege wurdt,’.

 

  • Kêst 2.6.11, tredde lid ferfalt.

E

Paragraaf 3.2 wurdt ferfongen en wurdt sa:

Paragraaf 3.2 Leechdrompelige kulturele aktiviteiten , ûnderdiel ynternasjonale kontakten

 

Kêst 3.1.1 Doel

It subsydzje hat as doel om ynternasjonale kontakten oangeande taal en kultuer tusken jonge Friezen en oare Europeeske taalregio’s finansjeel mooglik te meitsjen. Doel fan dizze subsydzje is om it Frysk mei help fan ynternasjonale útwikseling del te setten as ien fan de Europeeske talen.

 

Kêst 3.2.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar útwikselings en kulturele aktiviteiten dy’t organisearre wurde tusken jonge Frysktaligen en Europeeske minderheidstaalgroepen.

 

Kêst 3.2.3 Doelgroep

  • 1.

    Subsydzje wurdt beskikber steld oan rjochtspersoanen mar ek oan net-rjochtspersoanen sûnder kommersjele ynstek. De doelgroep bestiet út skoallen (fuortset ûnderwiis, mbû, hbû) , jonge teätermakkers, jonge skriuwers, jonge sjoernalisten, jonge filmmakkers, jonge dichters en jonge muzikanten,

  • 2.

    Der wurdt gjin subsydzje oan rjochtspersoanen dy’t in boekjier subsydzje krije beskikber steld.

Kêst 3.2.4 Oanfraach

  • 1.

    In oanfraach foar subsydzje kin yntsjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.

  • 2.

    Subsydzje-oanfragen wurde wegere as dy bûten in perioade, dêr’t Deputearre Steaten in subsydzjeplafond foar fêststeld hawwe, ynkommen binne.

  • 3.

    In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 3.2.5 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

    de aktiviteit rekkene wurde kin ta de gewoane bedriuwsfiering of taak fan de oanfreger;

  • b.

    de aktiviteit ek sûnder subsydzje útfierd wurde kin;

  • c.

    de hichte fan it frege subsydzje net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

  • d.

    der in grûndearre reden is dat de aktiviteit yn organisatoaryske, technyske, finansjele of ekonomyske sin net helber is;

  • e.

    net foldien wurdt oan de ûnder 3.2.6 neamde hifkingskritearia.

Kêst 3.2.6 Hifkingskritearia

Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen wurdt oan de neikommende kritearia foldien:

  • a.

    de aktiviteit wurdt foar it grutste part útfierd troch de oanfregers sels;

  • b.

    de by de útwikseling behelle Fryske jongerein is by foarkar foar it grutske part net âlder as 30 jier;

  • c.

    by de op te setten útwikselingsaktiviteit is yn it programma omtinken foar it hawwen fan in eigen taal, taalrjochten (it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden (1998) en/of it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan Nasjonale Minderheden (2005);

  • d.

    yn de Europeeske regio fan útwikseling is lykas yn de Fryske kontekst ek in oarspronklike 2e (of meardere) taal;

  • e.

    by de útwikseling sil by in part fan it op te setten programma direkt kontakt wêze mei sprekkers fan dizze taal.

  • f.

    de ynstek fan de op te setten útwikseling is om ek op langere termyn in bân mei oanbelangjende taalregio te ûnderhâlden;

  • g.

    de aktiviteit moat nei it oardiel fan Deputearre Steaten bydrage oan it fersterkjen fan de Fryske taal as ien fan de Europeeske talen.

Kêst 3.2.7 (Net) subsidiabele kosten

  • 1.

    Utsein it fêststelde yn kêst 1.10 fan de ASV en de kosten sa’t dy yn it twadde lid neamd binne, komme de neikommende kosten, foar safier needsaaklik en adekwaat, foar subsydzje yn ‘e beneaming;

    • a.

      Reiskosten foar learlingen, dosinten, muzikanten, dichters, skriuwers, teätermakkers foar maksimaal € 450 de persoan, mei in maksimum fan € 4.500 de oanfraach;

    • b.

      Ferbliuwskosten foar yn ‘e taalregio foar maksimaal € 70 de nacht de persoan, mei in maksimum fan fjouwer nachten de persoan, mei in maksimum fan € 2.800;

    • c.

      Kosten foar it organisearjen fan kulturele aktiviteiten mei fokus op Fryske taal as ien fan de Europeeske talen foar maksimaal € 1.500 de oanfraach.

  • 2.

    Leankosten en advyskosten komme net foar subsydzje yn ‘e beneaming.

Kêst 3.2.8 Hichte subsydzje

De hichte fan it subsydzje bedraacht 100% fan de totale subsidiabele kosten oant in maksimum fan:

  • a.

    € 4.500 foar de reiskosten;

  • b.

    € 2.800 foar de ferbliuwskosten yn de oanbelangjende taalregio;

  • c.

    € 1.500 foar it organisearjen fan kulturele aktiviteiten mei fokus op Fryske taal as ien fan de Europeeske talen.

Kêst 3.2.9 Ferdielsystematyk

  • 1.

    Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen.

  • 2.

    Foar it fêststellen van de folchoarder jildt dat de datum dat de oanfraach folslein is, jildt as datum fan ynkommen.

  • 3.

    Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar folsleine oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, oer it subsydzjeplafond hinnegien wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 3.2.10 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

  • 1.

    Oan de subsydzjeûntfanger wurdt yn alle gefallen de ferplichting oplein dat de aktiviteit binnen ien jier nei datum fan de subsydzjeferliening útfierd wurdt.

  • 2.

    As net oan de ferplichting foldien wurde kin, dy’t yn it earste lid neamd wurdt, kin deputearre staten beslute de útfieringstermyn fan it projekt mei maksimaal 12 moannen ferlinge wurde, op betingst dat dêrta op syn minst ien moanne foar it ôfrinnen fan de termyn in deugdlik motivearre, skriftlike fersyk dien is.

Kêst 3.2.11 Prestaasjeferantwurding

  • 1.

    It subsydzje wurdt fêststeld sûnder dat oan de beskikking ta subsydzjefêststelling in beskikking ta subsydzjeferliening foarôfgiet.

  • 2.

    De subsydzjeûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, nei in yn de beskikking neamde termyn, sjen dat de aktiviteit dêr’t subsydzje beskikber foar steld is, útfierd is en hoe’t oan de ferplichtings foldien is dy’t mei it fêststellen fan it subsydzje anneks binne.

F

Paragraaf 3.6 komt te ferfallen.

 

G

Yn haadstik 4, paragraaf 4.2 wurde de neikommende kêsten wizige:

 

  • Under kêst 4.2.1 wurdt it wurd ‘fanôf’ ferfongen troch ‘fan ôf’,

 

  • Under kêst 4.2.6, twadde lid, wurdt it wurd ‘fyftjin’ ferfongen troch ‘tsien’.

 

  • Under kêst 4.2.8, tredde lid wurdt it getal ‘15’ troch ‘12’ ferfongen.

     

  • Under kêst 4.2.9, earste en twadde lid, wurde de bedraggen ‘€ 1.400’ en ‘€ 1.200’ ferfongen troch respektivelik ‘€ 1.500’ en ‘€ 1.300’.

H

Paragraaf 4.3 Materiële ynstânhâlding Frysk komt te ferfallen.

 

I

Yn haadstik 5, paragraaf 5.1 wurde de neikommende kêsten wizige:

 

Kêst 5.1.4. wurdt ferfongen en giet sa:

Kêst 5.1.4 Oanfraach

  • 1.

    In oanfraach foar subsydzje kin yntsjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.

  • 2.

    In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 5.1.5 komt te ferfallen;

 

Kêst 5.1.6 wurdt ferfongen en giet sa:

Kêst 5.1.6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje kin wegere wurde as:

  • a.

    de aktiviteit ferbân hâldt mei in útwikselingsprogramma, de reguliere kompetysje fan de feriening, al as net yn ynternasjonaal ferbân of play-offwedstriden;

  • b.

    de hichte fan it frege subsydzje net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

  • c.

    der in grûndearre reden is dat de aktiviteit yn organisatoaryske, technyske, finansjele of ekonomyske sin net helber is;

  • d.

    de oanfreger binnen ien oanfraachperioade al in subsydzje ûntfongen hat;

  • e.

    de oanfraach bûten de oanfraachperioade, dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is, ûntfongen is.

Nei kêst 5.1.7 wurdt in kêst ynfoege dat giet sa:

  • Kêst 5.1.7a Iepenstelling en subsydzjeplafond

    • 1.

      Deputearre Steaten stelle ien kear yn ‘t jier in iepenstellingsbeslút fêst.

    • 2.

      In iepenstellingsbeslút befettet op syn minst in oanfraachperioade en in subsydzjeplafond.

Kêst 5.1.10 wurdt ferfongen en giet sa:

  • Kêst 5.1.10 Subsidiabele kosten

    • 1.

      Mei behâld fan wat yn kêst 1.10 fan de ASV en kêst 5.1.9 stiet, komme alle kosten foar subsydzje yn oanmerking, mids dy needsaaklik binne en yn relaasje ta it doel fan it subsydzje steane.

    • 2.

      As in subsydzjeûntfanger net as ûndernimmer foar de omsetbelesting oanmurken is, wurdt yn ôfwiking op kêst 1.10 lid 1, ûnderdiel d fan de ASV 2013 subsydzje foar de net te ferrekkenjen omsetbelesting jûn.

Kêst 5.1.12 wurdt ferfongen en giet sa:

  • Kêst 5.1.12 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

    • 1.

      De aktiviteiten wurde útfierd yn it kalinderjier wêryn’t de subsydzje-oanfraach yntsjinne is.

    • 2.

      Nei in foar dat doel motivearre en skriftlik fersyk, kin de termyn, neamd yn lid 1, foar ien kear foar de doer fan op syn heechst 12 moanne ferlinge wurde.

Kêst 5.1.13 wurdt ferfongen en giet sa:

  • Kêst 5.1.13 Steatsstipe

    • 1.

      As der sprake is fan steatsstipe, wurdt it subsydzje allinne mei tapassing fan de de-minimisferoardering jûn.

    • 2.

      De oanfreger follet yn dat gefal in de-minimisferklearring yn om fêst te stellen of it subsydzje mei tapassing fan de de-minimisstipe jûn wurde kin.

J

Yn haadstik 5, paragraaf 5.2 wurde de neikommende kêsten sa wizige:

 

Kêst 5.2.2. wurdt ferfongen en giet sa:

  • Kêst 5.2.2 Subsidiabele aktiviteiten

  • Subsydzje kin jûn wurde foar in sportevenemint dat in bydrage leveret oan de promoasje fan en it stimulearjen fan it dielnimmen oan de Fryske sporten.

Kêst 5.2.4. wurdt ferfongen en giet sa:

  • Kêst 5.2.4 Oanfraach

    • 1.

      In oanfraach foar subsydzje kin yntsjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.

    • 2.

      In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 5.2.5. komt te ferfallen.

 

Kêst 5.2.6 wurdt ferfongen en giet sa:

  • Kêst 5.2.6. Wegeringsgrûnen

  • In subsydzje kin wegere wurde as:

    • a.

      de aktiviteit ferbân hâldt mei in útwikselingsprogramma, de reguliere kompetysje fan de feriening, al as net yn ynternasjonaal ferbân of play-offwedstriden;

    • b.

      de hichte fan it frege subsydzje net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

    • c.

      der in grûndearre reden is dat de aktiviteit yn organisatoaryske, technyske, finansjele of ekonomyske sin net helber is;

    • d.

      de oanfreger binnen ien oanfraachperioade al in subsydzje ûntfongen hat;

    • e.

      de oanfraach bûten de oanfraachperioade, dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is, ûntfongen is.

Kêst 5.2.7 wurdt ferfongen en giet sa:

  • Kêst 5.2.7. Hifkingskritearia

  • Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen wurdt oan de neikommende kritearia foldien:

    • a.

      de aktiviteit wurdt yn de provinsje Fryslân útfierd;

    • b.

      de aktiviteit is foar it publyk tagonklik;

    • c.

      oan de aktiviteit dogge op syn minst 100 dielnimmers mei út op syn minst seis doarpen of stêden.

    • d.

      de aktiviteit wurdt opnommen yn de wedstriidaginda fan in Fryske Sportbûn.

Nei kêst 5.2.7 wurdt it neikommende kêst ynfoege:

  • Kêst 5.2.7a Iepenstelling en subsydzjeplafond

    • 1.

      Deputearre Steaten stelle ien kear yn ‘t jier in iepenstellingsbeslút fêst.

    • 2.

      In oanfraach foar subsydzje kin yntsjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.

    • 3.

      In iepenstellingsbeslút befettet op syn minst in oanfraachperioade en in subsydzjeplafond.

Kêst 5.2.10 wurdt ferfongen en giet sa:

  • Kêst 5.1.10 Subsidiabele kosten

    • 1.

      Mei behâld fan wat yn kêst 1.10 fan de ASV en kêst 5.2.9 stiet komme alle kosten foar subsydzje yn oanmerking, mits dy needsaaklik binne en yn relaasje ta it doel fan it subsydzje steane.

    • 2.

      As in subsydzjeûntfanger net as ûndernimmer foar de omsetbelesting oanmurken is, wurdt yn ôfwiking op kêst 1.10 lid 1, ûnderdiel d fan de Asv 2013 subsydzje foar net te ferrekkenjen omsetbelesting jûn.

Kêst 5.2.12 wurdt ferfongen en giet sa:

  • Kêst 5.2.12 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

    • 1.

      De aktiviteiten wurde útfierd yn it kalinderjier wêryn’t de subsydzje-oanfraach yntsjinne is.

    • 2.

      Nei in foar dat doel motivearre en skriftlik fersyk, kin de termyn neamt yn lid 1 foar ien kear foar de doer fan op syn heechst 12 moanne ferlinge wurde.

    • 3.

      De aktiviteit wurdt yn de provinsje Fryslân útfierd;

    • 4.

      De aktiviteit is foar it publyk tagonklik;

    • 5.

      Oan de aktiviteit dogge op syn minst 100 dielnimmers mei út op syn minst seis doarpen of stêden.

Kêst II

Paragraaf 5.1 Grutskalige sporteveneminten komt te ferfallen op 31 desimber 2023, wêrby’t dizze paragraaf fan krêft bliuwt foar oanfragen dy’t dêrûnder foar 31 desimber 2023 yntsjinne binne.

Kêst III

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is.

 

Oangeande de subsydzje-oanfragen dy’t yntsjinne binne foar it yngean fan dit beslút bliuwe de stelde regels fan krêft, sa’t dy foar it yngean wiene.

Kêst IV

Dizze regeling wurdt oanhelle as It beslút ta wiziging fan itSubsydzjeregelingkultuer en mienskip Fryslân 2022.

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 13 desimber 2022.

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris A. Schepers, MSc

Naar boven