Beslút fan Deputearre Steaten fan 22 maart 2022 hâldende wiziging fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân, paragraaf 3.4

Deputearre Steaten fan de Provinsje Fryslân,

 

Mei it each op kêst 1.3, fjirde lid, fan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2013,

 

 

BESLUTE

 

De Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân, paragraaf 3.4, as neikomt te wizigjen:

Kêst I  

A.

 

Kêst 3.4.6 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Underdiel a komt te ferfallen.

  • 2.

    Underdielen b, c en d wurde wizige nei ûnderdielen a, b en c.

B.

 

Kêst 3.4.8 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Yn lid 1 wurdt de oanhef:

    Foar safier’t it needsaaklik en adekwaat is yn relaasje ta it doel fan it subsydzje komme de neikommende kosten foar subsydzje yn oanmerking:

C.

 

Kêst 3.4.9 wurdt:

 

Unfermindere wat yn kêst 1.10 ASV stiet komme net foar subsydzje yn oanmerking:

  • a.

    reis- en ferbliuwskosten;

  • b.

    ynvestearrings.

D.

 

Yn kêst 3.4.10 wurdt ‘€ 5000,-’ troch ‘€ 10.000,-’ ferfongen.

 

E.

 

Kêst 3.4.12 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Underdielen a en c komme te ferfallen

  • 2.

    Underdiel b wurdt wizige nei ûnderdiel a

F.

 

Kêst 3.4.13 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Lid 2 wurdt:

    De subsydzjeûntfanger toant as dêrom frege wurdt oan, dat de aktiviteit, dêr’t subsydzje beskikber foar steld is, útfierd is en op hokker wize oan de oan it subsydzje ferbûne ferplichtings foldien is.

Kêst II  

Dizze wizigingsregeling giet yn mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal Blad dêr’t it yn pleatst wurdt.

 

Ljouwert, 22 maart 2022

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris R.E. Bouius – Riemersma, MBA MCM

Naar boven