Provinciaal blad van Fryslân
Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
---|---|---|---|
Fryslân | Provinciaal blad 2022, 11690 | ander besluit van algemene strekking |
Zoals vergunningen, bouwplannen en lokale regelgeving.
Adressen en contactpersonen van overheidsorganisaties.
U bent hier:
Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
---|---|---|---|
Fryslân | Provinciaal blad 2022, 11690 | ander besluit van algemene strekking |
Reglemint provinsjale prizen en beneaming 2022
Deputearre Steaten fan Fryslân,
de Feroardering provinsjale prizen en beneaming 2022
prizen takend wurde om kultuer, muzyk, literatuer, ûnderwiis en wittenskip te stimulearjen en it fakgebiet út te dragen,
in beneaming dien wurdt om Frysktalige poëzij te stimulearjen,
it Reglemint provinsjale prizen en beneaming 2022 as neikomt fêst te stellen:
Kêst 1 Beneaming advyskommisje
Foar alle prizen of de beneaming lykas bedoeld yn de Feroardering provinsjale prizen en beneaming 2022 wurdt in advyskommisje gearstald dy’t as taak hat om de wurken of fertsjinsten te beoardieljen en Deputearre Steaten te advisearjen oer it takennen fan de priis of oer de beneaming. Deputearre Steaten beneame en ûntslane de leden fan de advyskommisje. De advyskommisje is in kommisje as bedoeld yn kêst 82 fan de Provinciewet.
De leden fan de advyskommisje foarmje wat gearstalling en saakkundigens oanbelanget in goede ôfspegeling fan de dissipline, yn it gefal fan de Els Veder-Smit priis: saakkundigens van de Fryske polityk, en beskikke mei-inoar oer in brede kennis fan de dissipline of it netwurk fan de oanbelangjende priis of beneaming.
By de beneaming fan in lid fan de advyskommisje sil dy frege wurde om tastimming te ferlienen foar it ferwurkjen en it brûken fan dy syn persoansgegevens, as en foar safier’t dat nedich is of folget út it wurk fan it advyskommisjelid. It hjir bedoelde gebrûk kin slaan op it bekend meitsjen fan namme en wenplak, it meitsjen of brûken fan foto’s en/of oare ôfbyldings fan it advyskommisjelid en it bekend meitsjen dêrfan, bygelyks yn it ramt fan in priisútrikking of it bekend meitsjen fan in list fan nominearren foar de priis. In ferliende tastimming as hjir bedoeld kin altyd wer ynlutsen wurde. Yn dat gefal sil besjoen wurde oft en as dat sa is hokker gefolgen dat foar it funksjonearjen fan it oanbelangjende advyskommisjelid hat.
Kêst 2 Taken en foegen advyskommisje
Foar safier’t leden fan de advyskommisje by de útfiering fan harren taken de beskikking krije oer gegevens dêr’t sy it fertroulike karakter fan kenne of reedlikerwize witte kenne soene, binne sy ferplichte ta it geheim hâlden fan dy gegevens, of it moat wêze dat in wetlik foarskrift harren ta meidieling ferplichtet of dat de needsaak ta meidieling út harren taak folget.
Neist it prizejild ûntfangt de winner in promoasje- en ûntwikkelbudzjet fan op syn meast 5000 euro foar it befoarderjen of stimulearjen fan (it skriuwen/lêzen/belibjen fan) Frysktalige (jongerein)literatuer yn de provinsje. Dat budzjet is foar de winner frij te besteegjen as it bydraacht oan dat doel.
Kêst 15 Vredeman de Vries priis foar Arsjitektuer
Neist it prizejild ûntfangt de winner in promoasje- of ûntwikkelbudzjet fan op syn meast 5000 euro om de belangstelling foar arsjitektuer en de beboude omjouwing yn de Fryske kontekst by in breed publyk te stimulearjen en te fergrutsjen. It budzjet is foar de winner frij te besteegjen as it oan dat doel bydraacht.
Nei beneaming kriget de Dichter fan Fryslân it fersyk om in offerte te skriuwen. Underdiel fan dy offerte binne yn alle gefallen de jierlikse bydrage fan € 2.500,- en alle jierren op syn minst seis en op syn meast tsien Frysktalige gedichten fan € 250,- it stik en alle jierren op syn minst twa en op syn meast tsien optredens fan € 265,- it optreden as Dichter fan Fryslân. Oare aktiviteiten yn dy offerte binne troch de Dichter fan Fryslân yn oerlis mei de provinsje Fryslân frij yn te foljen, mar drage by oan de rol fan poëtysk ambassadeur yn de provinsje.
Mei yngong fan deselde datum wurde it Reglemint GERRIT BENNER priis foar Byldzjende Keunst, Reglemint Dichter fan Fryslân, Reglemint foar dielnimmen Anita Andriesenpriis, Reglemint Vredeman de Vriespriis foar Foarmjouwing, it Reglemint Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer en it Reglemint Els Veder-Smit priis ynlutsen.
Kopieer de link naar uw clipboard
https://zoek.officielebekendmakingen.nl/prb-2022-11690.html
De hier aangeboden pdf-bestanden van het Staatsblad, Staatscourant, Tractatenblad, provinciaal blad, gemeenteblad, waterschapsblad en blad gemeenschappelijke regeling vormen de formele bekendmakingen in de zin van de Bekendmakingswet en de Rijkswet goedkeuring en bekendmaking verdragen voor zover ze na 1 juli 2009 zijn uitgegeven. Voor pdf-publicaties van vóór deze datum geldt dat alleen de in papieren vorm uitgegeven bladen formele status hebben; de hier aangeboden elektronische versies daarvan worden bij wijze van service aangeboden.