Provinciaal blad van Fryslân
Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
---|---|---|---|
Fryslân | Provinciaal blad 2021, 7953 | algemeen verbindend voorschrift (verordening) |
Zoals vergunningen, bouwplannen en lokale regelgeving.
Adressen en contactpersonen van overheidsorganisaties.
U bent hier:
Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
---|---|---|---|
Fryslân | Provinciaal blad 2021, 7953 | algemeen verbindend voorschrift (verordening) |
Beslút fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân fan 31 augustus 2021, oangeande de fêststelling fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter
Deputearre Steaten fan Fryslân,
mei it each op kêst 1.3, fjirde lid, fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013;
oerwagende dat it yn it ramt fan it Taalplan Frysk-2030 winsklik is om de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis troch subsydzje fuort te sterkjen, sadat alle skoallen yn it Fryske taalgebiet de kearndoelen foar it Frysk uterlik yn 2030 oanbiede;
de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter as neikomt fêst te stellen:
Haadstik 1 Algemiene bepalings
Yn dizze regeling en de bepalings dy’t dêrop berêste, wurdt ferstien ûnder:
ferfangen: it ferfangen fan in learkrêft, dosint, ûnderwiisstiper of al as net pedagogysk meiwurker foarskoalske opfang dy’t in skoallingsaktiviteit of opliedingsaktiviteit rjochte op de Fryske taal en kultuer of meartaligedidaktyk folgje sil. Dat ferfangen bart troch it tydlik yn leantsjinst nimmen of ynhieren fan in ferfanger dy’t lykweardich is oan it te ferfangen personielslid sadat de wurksumheden net ûnderbrutsen wurde;
frijroasterjen: in personielslid fan in skoalle tiid jaan om op ien of oare wize it Frysk ûnderwiis te ferbetterjen, bygelyks troch it ûntwikkeljen fan materiaal, it ymplemintearjen fan it taalbeliedsplan, it dielnimmen oan kongressen, it ferfangen fan in learkrêft om in oplieding te folgjen, ensafuorthinne;
Mei dizze subsydzjeregeling wurdt it jaan en yntegrearjen fan de Fryske taal en kultuer yn de foarskoalske opfanglokaasjes en it ûnderwiis mei in folslein en kwalitatyf oanbod, wêrby’t it ûnderwiispersoniel it foech hat en betûft is om dat út te fieren, stimulearre.
Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan in yn de provinsje Fryslân fêstige sertifisearre foarskoalske opfanglokaasje, of skoallen yn it basisûnderwiis, fuortset ûnderwiis, spesjaal basisonderwiis en spesjaal ûnderwiis, praktykûnderwiis, middelber of heger beropsûnderwiis of yn it wittenskiplik ûnderwiis.
Haadstik 2: Foarskoalske sektor
Kêst 2.1 Subsidiabele aktiviteiten
Deputearre Steaten kinne op oanfraach in kostesubsydzje foar ien of mear fan de neikommende aktiviteiten fan de oanfreger beskikber stelle:
Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.1, ûnder b, wurdt oan it neikommende kritearium foldien:
de oan te skaffen nije lesmetoaden, lêsboeken of oar ûnderwiismateriaal binne oantoanber nedich foar it fersoargjen fan de ûnderwiistaak yn, of oer it Frysk en binne noch net of noch net genôch oanwêzich;
Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.1, ûnder d, wurdt oan it neikommende kritearium foldien:
De pedagogysk meiwurker of wurknimmer fan de foarskoalske lokaasje wurdt lykweardich ferfongen om in skoalling of oplieding folgje te kinnen op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk mei it each op it fuortsterkjen of fergrutsjen fan de posysje fan it Frysk op de foarskoalske lokaasje, sadat de wurksumheden fan de pedagogysk meiwurker of wurknimmer net ûnderbrutsen wurde.
Foar kosten lykas neamd yn it earste, twadde of tredde lid dêr’t ferplichtings foar oangien binne foar it ûntfangen fan de oanfraach, op syn heechst trije moannen foarôfgeand oan de iepenstelling lykas neamd yn kêst 1.3, earste lid, kin yn ôfwiking fan itjinge dat fêststeld is yn kêst 1.10, earste lid, oanhef en ûnderdiel h, fan de Algemene subsidieverordening 2013, subsydzje ferliend wurde.
Kêst 2.4 Net-subsidiabele kosten
Unfermindere wat yn kêst 1.10 fan de Asv 2013 fêststeld is, komme de neikommende kosten net foar subsydzje yn oanmerking:
Kêst 2.6 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger
Unfermindere de ferplichtings dy’t út de Awb en de kêsten 2.13 en 2.14 fan de Asv 2013 folgje, is de subsydzjeûntfanger ferplichte om:
Kêst 2.7 Fêststelling en ferantwurding
Yn gefal fan in fersyk as fêststeld yn kêst 2.6 oanhef en ûnder f, jout de subsydzjeûntfanger alle troch Deputearre Steaten opfrege ynformaasje, mei dêrûnder yn alle gefallen:
as subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.1, ûnder d: bewiis fan dielnimmen oan in skoalling of oplieding as ferantwurding fan de ferfanging en kopyen fan de arbeidsoerienkomst en leanbriefkes fan de tydlik yn tsjinst nommen wurknimmer of de ynhieroerienkomst, faktueren of betelbewizen fan de ynhierde meiwurker.
Haadstik 3: Primêr, fuortset, spesjaal basis, spesjaal en praktyk ûnderwiis
Kêst 3.1 Subsidiabele aktiviteiten
Deputearre Steaten kinne op oanfraach in kostesubsydzje foar ien of mear fan de neikommende aktiviteiten fan de oanfreger beskikber stelle:
Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 3.1, ûnder b, wurdt oan it neikommende kritearium foldien:
de oan te skaffen nije lesmetoaden, lêsboeken of oar ûnderwiismateriaal binne oantoanber nedich foar it fersoargjen fan de ûnderwiistaak yn, of oer it Frysk en binne noch net of noch net genôch oanwêzich.
Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar it frijroasterjen fan in wurknimmer of meiwurker lykas fêststeld yn kêst 3.1, ûnder d, wurdt oan it neikommende kritearia foldien:
De wurksumheden dy’t yn de frijroastere tiid dien wurde sille, hawwe as doel it ferbetterjen fan it Frysk yn it ûnderwiis.
Foar kosten lykas neamd yn it earste, twadde of tredde lid dêr't ferplichtings foar oangien binne foar it ûntfangen fan de oanfraach, op syn heechst trije moannen foarôfgeand oan de iepenstelling lykas neamd yn kêst 1.3, earste lid, kin yn ôfwiking fan itjinge dat fêststeld is yn kêst 1.10, earste lid, oanhef en ûnderdiel h, fan de Algemene subsidieverordening 2013, subsydzje ferliend wurde.
Kêst 3.4 Net-subsidiabele kosten
Unfermindere wat yn kêst 1.10 fan de Asv 2013 fêststeld is, komme de neikommende kosten net foar subsydzje yn oanmerking:
Kêst 3.6 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger
Unfermindere de ferplichtings dy’t út de Awb en de kêsten 2.13 en 2.14 fan de Asv 2013 folgje, is de subsydzjeûntfanger ferplichte om:
Kêst 3.7 Fêststelling en ferantwurding
Yn gefal fan in fersyk as fêststeld yn kêst 3.6 oanhef en ûnder f, jout de subsydzjeûntfanger alle troch Deputearre Steaten opfrege ynformaasje, mei dêrûnder yn alle gefallen:
as subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 3.1, ûnder d: ferantwurding fan de frijroastere oeren of kopyen fan de arbeidsoerienkomst en leanbriefkes fan de tydlik yn tsjinst nommen wurknimmer of de ynhieroerienkomst, faktueren of betelbewizen fan de ynhierde meiwurker yn it gefal de wurknimmer of meiwurker ferfongen wurden is.
Kêst 4.1 Subsidiabele aktiviteiten
Deputearre Steaten kinne op oanfraach in kostesubsydzje foar ien of mear fan de neikommende aktiviteiten fan de oanfreger beskikber stelle:
Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 4.1, ûnder b, wurdt oan it neikommende kritearium foldien:
de oan te skaffen nije lesmetoaden, lêsboeken of oar ûnderwiismateriaal yn it Frysk binne oantoanber nedich foar it fersoargjen fan de ûnderwiistaak yn, of oer it Frysk en binne noch net of noch net genôch oanwêzich.
Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar it frijroasterjen fan in wurknimmer of meiwurker lykas fêststeld yn kêst 3.1, ûnder d, wurdt oan it neikommende kritearium foldien:
De wurksumheden dy’t yn de frijroastere tiid dien wurde sille, hawwe as doel it ferbetterjen fan it Frysk yn it ûnderwiis.
Foar kosten lykas neamd yn it earste, twadde of tredde lid dêr't ferplichtings foar oangien binne foar it ûntfangen fan de oanfraach, op syn heechst trije moannen foarôfgeand oan de iepenstelling lykas neamd yn kêst 1.3, earste lid, kin yn ôfwiking fan itjinge dat fêststeld is yn kêst 1.10, earste lid, oanhef en ûnderdiel h, fan de Algemene subsidieverordening 2013, subsydzje ferliend wurde.
Kêst 4.4 Net-subsidiabele kosten
Unfermindere wat yn kêst 1.10 fan de Asv 2013 fêststeld is, komme de neikommende kosten net foar subsydzje yn oanmerking:
Kêst 4.6 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger
Unfermindere de ferplichtings dy’t út de Awb en de kêsten 2.13 en 2.14 fan de Asv 2013 folgje, is de subsydzjeûntfanger ferplichte om:
Kêst 4.7 Fêststelling en ferantwurding
Yn gefal fan in fersyk as fêststeld yn kêst 4.6 oanhef en ûnder f, jout de subsydzjeûntfanger alle troch Deputearre Steaten opfrege ynformaasje, mei dêrûnder yn alle gefallen:
as subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 4.1, ûnder d: ferantwurding fan de frijroastere oeren of kopyen fan de arbeidsoerienkomst en leanbriefkes fan de tydlik yn tsjinst nommen wurknimmer of de ynhieroerienkomst, faktueren of betelbewizen fan de ynhierde meiwurker yn it gefal de wurknimmer of meiwurker ferfongen wurden is.
Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 31 augustus 2021
drs. A.A.M. Brok, foarsitter
R.E. Bouius – Riemersma, MBA MCM, sekretaris
Taljochting op de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter
Dizze regeling fasilitearret it ûnderwiisfjild yn de rânebetingsten om goed Frysk ûnderwiis jaan te kinnen. Under Frysk fersteane wy de Fryske taal, of in aktyf brûkte streektaal yn Fryslân. Dêrby kin tocht wurde oan it oanskaffen fan kwalitatyf goed ûnderwiismateriaal, it profesjonalisearjen fan de learkrêften of it frijroasterjen fan in taalkoördinator om it Frysk yn it taalbeliedsplan op te nimmen en te ymplemintearjen.
Lês foar it ynfoljen fan it formulier de regeling goed troch. Krús de aktiviteiten oan dêr’t jo subsydzje foar oanfreegje wolle. Folje alle fragen yn dy’t mei dy aktiviteiten te krijen hawwe en jou yn de taheakke dúdlik oan wêrom’t dy aktiviteiten it Frysk op in heger nivo bringe of hâlde kinne.
As jo subsydzje oanfreegje foar materiaal of foar kulturele aktiviteiten dan fersykje wy jo in offerte of de faktuer by it oanfraachformulier ta te heakjen. Op dy wize is it dúdlik wat de kosten krekt binne en kin jo subsydzje dêrop basearre wurde.
Foar alle aktiviteiten jildt no dat de kosten maksimaal trije moannen foardat de oanfraach yntsjinne wurdt makke wurde meie. As bygelyks in oplieding in septimber start, en de subsydzjeregeling pas letter iepen is, dan kin dit efterôf noch oanfrege wurde.
Ek foar meartaligens kin subsydzje oanfrege wurde as it Frysk dêr in ûnderdiel fan is, bygelyks trije-talige materialen. Jou yn de taheakke dúdlik oan dat it om meartaligens giet en op hokker wize dat it Frysk ûnderwiis stipet.
Under de subsidiabele aktiviteit ‘materiaal’ kin, neist les- en lêsmateriaal, ek tocht wurde oan faktydskriften of oar materiaal wêrmei’t it personiel it hanneljen ferbetterje kin oangeande it Frysk ûnderwiis.
It materiaal mei ek brûkt wurde om oare fakken yn it Frysk oanbiede te kinnen.
By kulturele aktiviteiten kin ek tocht wurde oan erfgoed, histoarje of natuer. As de link mei Fryslân of de Fryske taal en kultuer mar dúdlik makke wurde kin. Jou dat yn de taljochting oan.
De subsidiabele aktiviteit ferfange, lykas beneamd yn kêst 2.1 ûnder d, hat as doel personiel by steat te stellen in skoalling of oplieding ûnder wurktiid te folgjen. Mei it subsydzje kin dan foar in part in lykweardige ferfanger ynhierd wurde.
Yn de haadstikken 3 en 4 is der gjin aparte aktiviteit foar it ferfangen, mar kin dat oanfrege wurde ûnder de aktiviteit frijroasterje. Dy aktiviteit is net allinnich bedoeld om in personielslid te ferfangen yn it gefal dat in skoalling of oplieding ûnder wurktiid falt, mar om in personielslid tiid te jaan om it Frysk ûnderwiis te ferbetterjen op allegear ferskate wizen.
Der kin tocht wurde oan it opstellen en ymplemintearjen fan it taalbeliedsplan, it bywenjen fan kongressen, it ûntwikkeljen fan lesmateriaal, it organisearjen fan aktiviteiten foar bygelyks lêsbefoardering, it netwurkjen mei oare skoallen mar ek tiid om as gastsprekker oer it Frysk ûnderwiis wat te fertellen, ensafuorthinne. Yn de taheakke by it oanfraachformulier moat dúdlik oanjûn wurde wat der yn de frijroastere tiid dien wurde sil, hoefolle oeren dêr krekt foar nedich binne en hoe’t dit it Frysk ferbetteret.
De berekkening fan it bedrach it oere is basearre op it gemiddeld oerelean. Der is sjoen nei de CAO fan de sektor, de funksje en de skaal dy't fan tapassing is by in learkrêft, dosint, of pedagogysk meiwurker. Op basis hjirfan is in gemiddeld bedrach berekkene.
Help by it yntsjinjen fan in oanfraach
Hawwe jo fragen oer it yntsjinjen fan in oanfraach? Binne jo bygelyks net wis oft de plannen dy’t jim hawwe al as net subsidiabel binne? Nim dan kontakt op mei it klante kontakt sintrum fan de provinsje Fryslân fia 058 – 292 59 25 of stjoer in e-mail nei provincie@fryslan.frl.
Kopieer de link naar uw clipboard
https://zoek.officielebekendmakingen.nl/prb-2021-7953.html
De hier aangeboden pdf-bestanden van het Staatsblad, Staatscourant, Tractatenblad, provinciaal blad, gemeenteblad, waterschapsblad en blad gemeenschappelijke regeling vormen de formele bekendmakingen in de zin van de Bekendmakingswet en de Rijkswet goedkeuring en bekendmaking verdragen voor zover ze na 1 juli 2009 zijn uitgegeven. Voor pdf-publicaties van vóór deze datum geldt dat alleen de in papieren vorm uitgegeven bladen formele status hebben; de hier aangeboden elektronische versies daarvan worden bij wijze van service aangeboden.