Beslút fan 1 juny 2021, ta it wizigjen fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân

Deputearre Steaten fan Fryslân,

 

Mei it each op kêst 1.3 fjirde lid fan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2013

 

beslute

 

de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân as neikomt te wizigjen:

Kêst I

 

A

 

Kêst 4.3.6, tredde lid, wurdt:

 

  • 3.

    in ûnderwiisynstelling mei:

    • a.

      profyl A kriget € 11,19 de learling;

    • b.

      profyl B kriget € 9,63 de learling;

    • c.

      profyl C kriget € 8,08 de learling;

    • d.

      profyl D kriget € 6,53 de learling;

    • e.

      profyl E kriget € 4,98 de learling;

    • f.

      profyl F kriget € 3,42 de learling.

B.

 

Kêst 4.3.7, tredde lid, wurdt:

 

  • 3.

    in ûnderwiisynstelling mei:

    • a.

      profyl A kriget € 14,01 de learling;

    • b.

      profyl B kriget € 10,11 de learling;

    • c.

      profyl C1 kriget € 6,22 de learling;

    • d.

      profyl C2 kriget € 2,32 de learling.

C.

 

Nei kêst 4.3.8 wurdt in kêst ynfoege, dat sa giet:

 

Kêst 4.3.9 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

 

Unfermindere de ferplichtings dy’t út de Awb en de kêsten 2.13 en 2.14 fan de Asv folgje, is de subsydzjeûntfanger ferplichte om:

 

  • a.

    oan de ein fan it skoaljier, mar op syn lêst op 1 septimber fan it oanbelangjende jier, melding te dwaan fan it hielendal bestege hawwe fan it ferliende subsydzjebedrach foar de oan oanskaf fan lesmateriaal foar it fak Frysk;

  • b.

    as dêr om frege wurdt, nei it ferstriken fan de eindatum fan de subsidiearre aktiviteit of nei it realisearjen fan de subsidiearre aktiviteit, oan te toanen dat de aktiviteit neffens de oanfraach syn beslach krige hat en dat oan de subsydzjeferliening ferbûne ferplichtings foldien is.

D.

 

Nei kêst 4.3.9 wurdt in kêst ynfoege, dat sa giet:

 

Kêst 4.3.10 Fêststelling en ferantwurding

 

  • 1.

    In subsydzje dy’t beskikber steld wurdt op grûn fan dizze regeling wurdt fêststeld neidat in beskikking ta subsydzjeferliening foarôf giet.

  • 2.

    Yn gefal fan in fersyk as fêststeld yn kêst 4.3.9 en ûnder b, jout de subsydzjeûntfanger alle troch Deputearre Steaten opfrege ynformaasje, mei derûnder yn alle gefallen kopyen fan faktueren en betelbewizen oangeande de makke en betelle kosten fan de subsidiearre aktiviteit en foto’s fan it oanskafte lesmateriaal.

Kêst II

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it provinciaal blad dêr’t it ynset wurdt.

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 1 juny 2021

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris R.E. Bouius-Riemersma, MBA MCM

Naar boven