Beslút fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân fan 14 desimber 2021 ta it wizigjen fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân

Deputearre Steaten fan Fryslân,

 

mei it each op kêst 1.3, fjirde lid fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013

 

Oerwagende dat it winsklik is om útfiering te jaan oan de beliedsnota ‘Nij Poadium’,

 

beslute

 

de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân as neikomt te wizigjen:

Kêst I  

A

Kêst 1.1 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Kêst 1.1, ûnderdiel j. oant en mei hh. wurdt ferlettere nei k. oant en mei ii.

  • 2.

    Nei kêst 1.1, ûnderdiel i, wurdt in ûnderdiel ynfoege, dat sa giet:

    • j.

      fiksje: fertelwize dy't op betochte eleminten berêst, net op 'e werklikheid berêstende foarstelling dy't men as útgongspunt oannimt. Dêr falle ûnder oare jongereinliteratuer en berneboeken ûnder.

  • 3.

    Kêst 1.1, ûnderdiel o, ferfalt.

  • 4.

    Kêst 1.1., ûnderdiel p. oant en mei ii. wurdt ferlettere nei o. oant en mei hh;

  • 5.

    Kêst 1.1, ûnderdiel s. oant en mei hh. wurdt ferlettere nei t. oant en mei ii.

  • 6.

    Nei kêst 1.1, ûnderdiel r, wurdt in ûnderdiel ynfoege, dat sa giet:

    • s.

      non-fiksje: literatuer wêryn’t de feiten beskreaun wurde. Dat kin yn de foarm fan in neislachwurk, in biografy of autobiografy of in wittenskiplik wurk;

  • 7.

    Kêst 1.1, ûnder bb., ferfalt.

  • 8.

    Kêst 1.1., ûnderdiel cc. oant en mei ii. wurdt ferlettere nei bb. oant en mei hh.

B.

Kêst 2.1.1 wurdt:

 

Kêst 2.1.1 Doel

It subsydzje hat as doel om it skriuwen fan Frysktalige fiksje, non-fiksje en toanielstikken te befoarderjen.

 

C.

Kêst 2.1.2 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Yn kêst 2.1.2 wurdt ‘sekondêre’ ferfongen troch: ‘sekundêre’.

  • 2.

    Kêst 2.1.2., ûnderdiel d, wurdt:

    • d.

      in yn de Nederlânske of bûtenlânske taal skreaun wittenskiplik wurk oer in ûnderwerp dat mei de frisistyk anneks is en dat ek yn de Fryske taal ferskynt;

D.

Kêst 2.1.6 wurdt:

 

Kêst 2.1.6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

    de aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.1.2 yn ‘e tiid fan ûntfangst fan de oanfraach al folslein klear is;

  • b.

    de aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.1.2 útsein ûnderdiel d, wurdt wegere as, yn it gefal fan in meartalige útjefte, de aktiviteit foarsjocht yn in skriuwen fan minder as 50% yn de Fryske taal;

  • c.

    de boektitel of it toanielstik al yn de oanbelangjende taal folslein oerset is;

  • d.

    de aktiviteit dy’t oanfrege is gjin subsidiabele aktiviteit is as bedoeld ûnder kêst 2.1.2 of de aktiviteit draacht net by oan it doel as bedoeld ûnder kêst 2.1.1;

  • e.

    net foldien wurdt oan de ûnder kêst 2.1.7 neamde hifkingskritearia;

  • f.

    de oanfreger earder al foar deselde aktiviteit subsydzje krige hat.

E.

Kêst 2.1.11 wurdt:

 

Kêst 2.1.11 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

 

  • 1.

    Oan de subsydzjefêststelling wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder a of b, yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it boek binnen twa jier nei de datum fan it fêststellen fan it subsydzje yn de hannel brocht is en it boek, al as net yn digitale foarm of as lûdsdrager, te krijen is by boekhannels, al as net fia harren webside, dy’t by de Koninklijke Boekverkopersbond oansletten binne.

  • 2.

    Oan de subsydzjefêststelling wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder c of d, yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it boek binnen fjouwer jier nei de datum fan it fêststellen fan it subsydzje yn de hannel brocht is en it boek, al as net yn digitale foarm of as lûdsdrager, te krijen is by boekhannels, al as net fia harren webside, dy’t by de Koninklijke Boekverkopersbond oansletten binne.

  • 3.

    As net oan de ferplichting foldien wurde kin, dy’t yn it earste lid neamd wurdt, kin de útfieringstermyn fan it projekt mei maksimaal 6 moannen ferlinge wurde, op betingst dat dêrta op syn minst ien moanne foar it ôfrinnen fan de termyn in deugdlik motivearre, skriftlikfersyk dien is.

  • 4.

    Oan de subsydjefêststelling wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder e, yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it toanielstik binnen twa jier nei de datum fan fêststellen fan it subsydzje troch in toanielferiening yn de provinsje Fryslân opfierd wurdt.

F.

Kêst 2.1.12, twadde lid, wurdt:

 

  • 2.

    De subsydzjeûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, sjen dat de aktiviteit dêr't subsydzje foar beskikber steld is, útfierd is en dat foldien is oan de ferplichtings dy’t oan de subsydzjefêststelling ferbûn binne.

G.

Kêst 2.2.1 wurdt:

 

Kêst 2.2.1 Doel

 

It subsydzje hat as doel om it oersetten fan Frysktalige fiksje, non-fiksje en toanielstikken te befoarderjen of it redigearjen of korrizjearjen fan oarspronklike Frysktalige fiksje en non-fiksje te befoarderjen.

 

H.

Kêst 2.2.2 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Kêst 2.2.2, ûnderdiel a, wurdt:

    • a.

      it oersetten fan Frysktalige fiksje en non-fiksje yn in oare taal of nei Fryske streektaal;

  • 2.

    Yn kêst 2.2.2, ûnderdiel d, wurdt ‘yn’ ferfongen troch: ‘nei’ .

  • 3.

    Kêst 2.2.2, ûnderdiel e, wurdt:

    • e.

      it redigearjen of taalkundich korrizjearjen fan nije oarspronklijke Frysktalige fiksje of non-fiksje.

I.

Yn kêst 2.2.3, ûnderdiel a, wurdt ‘a, b en c’ ferfongen troch ‘a, b, c of e’.

 

J.

Kêst 2.2.6 wurdt:

 

Kêst 2.2.6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

    de oanfreger net heart by de doelgroep lykas neamd yn kêst 2.2.3;

  • b.

    de boektitel of it toanielstik al yn de oanbelangjende taal folslein oerset is;

  • c.

    de aktiviteit dy’t oanfrege is gjin subsidiabele aktiviteit is as bedoeld ûnder kêst 2.2.2 of de aktiviteit draacht net by oan it doel as bedoeld ûnder kêst 2.2.1;

  • d.

    net foldien wurdt oan de ûnder kêst 2.2.7 neamde hifkingskritearia.

K.

Kêst 2.2.7. wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Kêst 2.2.7, earst lid oant en mei tredde lid wurde omnûmere ta twadde lid oant en mei fjirde lid.

  • 2.

    Kêst 2.2.7, earste lid, wurdt:

    • 1.

      Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 2.2.2., ûnder a, b, c of e, jildt dat de yn kêst 2.2.3, ûnder a, bedoelde doelgroep minimaal twa boeken earder yn it Frysk útjûn hat.

  • 3.

    Yn kêst 2.2.7, twadde lid, ferfalt de oantsjutting ‘literêre’.

  • 4.

    Nei it omnûmerjen fan it tredde en fjirde lid nei it fjirde en fyfde lid wurdt in lid tafoege, dat sa giet:

    • 3.

      Yn ôfwiking fan it earste lid, kin de oanfreger by syn oanfraach oantoane dat de oersetting útfierd wurdt troch immen dy’t oanwiisbere ûnderfining hat op it mêd fan it oersetten fan Frysktalige teksten.

L.

Kêst 2.2.8 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Yn kêst 2.2.8, earste lid, wurdt ‘€ 0,08’ ferfongen troch: ‘€ 0,10’.

  • 2.

    Kêst 2.2.8, tredde lid, wurdt;

  • 3.

    Foar de aktiviteit, as bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder e, bedraacht it subsydzje € 0,02 it wurd, mei in maksimum fan € 2.000.

M.

Kêst 2.2.10 wurdt:

 

Kêst 2.2.10 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

 

  • 1.

    Oan de subsydzjefêststelling wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder a oant en mei c en e, yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it boek binnen in jier nei de datum fan if fêststellen fan it subsydzje yn de hannel brocht is en it boek, al as net yn digitale foarm of as lûdsdrager, te krijen is by boekhannels, al as net fia harren webside, dy't by de Koninklijke Boekverkopersbond oansletten binne.

  • 2.

    As net oan de ferplichting foldien wurde kin, dy’t yn it earste lid neamd wurdt, kin de útfieringstermyn fan it projekt mei maksimaal 6 moannen ferlinge wurde, op betingst dat dêrta op syn minst ien moanne foar it ôfrinnen fan de termyn in deugdlik motivearre, skriftlike fersyk dien is.

  • 3.

    Oan de subsydjefêststelling wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder d, yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it toanielstik binnen twa jier nei de datum fan fêststellen fan it subsydzje troch in toanielferiening yn de provinsje Fryslân opfierd wurdt;

N.

 

Kêst 2.2.11, twadde lid, wurdt:

 

  • 2.

    De subsydzjeûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, sjen dat de aktiviteit dêr't subsydzje beskikber foar steld is, útfierd is en dat foldien is oan de ferplichtings dy’t oan de subsydzjefêststelling ferbûn binne.

O.

Kêst 2.4.2 wurdt:

 

Kêst 2.4.2 Subsidiabele aktiviteiten

 

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:

 

  • a.

    aktiviteiten foar de promoasje fan it Fryske boek op in lokaasje yn Europa;

  • b.

    aktiviteiten foar de promoasje fan it Fryske boek op in lokaasje bûten Europa.

P.

Kêst 2.4.10 wurdt:

 

Kêst 2.4.10 Hichte subsydzje

 

  • 1.

    Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.4.2, ûnder a, bedraacht it subsydzje de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 2.250.

  • 2.

    Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.4.2, ûnder b, bedraacht it subsydzje de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 3.000.

Q.

Kêst 2.4.12 wurdt:

 

Kêst 2.4.12 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

 

Oan de subsydzjeûntfanger wurdt foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.4.2, ûnder a, de ferplichting ferbûn dat de skriftlike kommunikaasjemiddels, rjochte op it publyk, yn alle gefallen yn de Fryske taal steld wurde.

 

R.

Kêst 2.4.13, twadde lid, wurdt:

 

  • 1.

    De subsydzjeûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, sjen dat de aktiviteit dêr't subsydzje beskikber foar steld is, útfierd is en dat foldien is oan de ferplichtings dy’t oan de subsydzjefêststelling ferbûn binne.

S.

Kêst 2.6.1 wurdt:

 

Kêst 2.6.1 Doel

It subsydzje hat as doel om it útjaan fan Frysktalige fiksje en non-fiksje te befoarderjen.

 

T.

Kêst 2.6.2 wurdt:

 

Kêst 2.6.2 Subsidiabele aktiviteiten

 

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:

 

  • a.

    it útjaan fan in papieren boek yn de Fryske taal oangeande:

    1° fiksje of non-fiksje yn boekfoarm mei al as net byhearrende yllustraasje en redaksje;

    2° in dichtbondel;

    3° in novelle;

  • b.

    it útjaan fan in audityf of digitaal boek yn de Fryske taal.

U.

Kêst 2.6.6 wurdt:

 

Kêst 2.6.6 Wegeringsgrûnen

 

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

    oanfreger net ta de doelgroep heart lykas neamd yn kêst 2.6.3;

  • b.

    de aktiviteit dy’t oanfrege is gjin subsidiabele aktiviteit as bedoeld ûnder kêst 2.6.2 of de aktiviteit net bydraacht oan it doel as bedoeld ûnder kêst 2.6.1;

  • c.

    net foldien wurdt oan de ûnder kêst 2.6.7 neamde hifkingskritearia;

  • d.

    de oanfreger foar in aktiviteit, as bedoeld yn kêst 2.6.2, yn it rinnende kalinderjier al foar tolve boektitels subsydzje krigen hat.

V.

Kêst 2.6.7 wurdt:

 

Kêst 2.6.7 Hifkingskritearia

Om foar subsydzje yn de beneaming te kommen, wurdt foldien oan de neikommende kritearia:

 

  • 1.

    Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 2.6.2, jildt dat de yn kêst 2.6.3 bedoelde doelgroep op syn minst earder twa boeken yn it Frysk útjûn hat;

  • 2.

    De boektitel is net earder yn de foarm, papieren of audityf of digitaal, der‘t subsydzje foar frege wurdt, útjûn.

  • 3.

    As de oanfraach in papieren útjefte oanbelanget, wurdt allinne mar subsydzje jûn as de útjefte in minimumoplage hat fan:

    • a.

      250 eksimplaren foar fiksje of non-fiksje;

    • b.

      100 eksimplaren foar dichtbondels of novelles.

  • 4.

    As de oanfraach in papieren útjefte yn in streektaal oanbelanget, wurdt allinne mar subsydzje jûn as de útjefte in minimumoplage hat fan:

    • a.

      125 eksimplaren foar fiksje of non-fiksje;

    • b.

      50 eksimplaren foar dichtbondels of novelles.

W.

Kêst 2.6.8 wurdt:

 

Kêst 2.6.8 Hichte subsydzje

 

  • 1.

    It subsydzje bedraacht foar de publikaasje:

    • a.

      fan fiksje en non-fiksje yn boekfoarm: € 2.500,-;

    • b.

      fan in audityf of digitaal boek: € 1.000,-;

    • c.

      fan in dichtbondel: € 1.000,-; of

    • d.

      fan in novelle: € 1.000,-.

  • 2.

    De oanfraach kinne op syn heechst foar seis fan de yn it earste lid neamde publikaasjes subsydzje jûn wurde.

X.

Kêst 2.6.10 wurdt:

 

Kêst 2.6.10 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger.

  • a.

    It boek binnen in jier nei de datum fan de subsydzjefêststelling yn de hannel brocht is en it boek, al as net yn digitale foarm of as lûdsdrager, te krijen is by boekhannels, al as net fia harren webside, dy't by de Koninklijke Boekverkopersbond oansletten binne;

  • b.

    as net oan de ferplichting foldien wurde kin, dy’t yn ûnderdiel a neamd wurdt, kin de útfieringstermyn fan it projekt mei maksimaal 6 moannen ferlinge wurde, op betingst dat dêrta op syn minst ien moanne foar it ôfrinnen fan de termyn in deugdlik motivearre, skriftlike fersyk dien is.

  • c.

    as dêrom frege wurdt, wurdt binnen fjouwer jier nei datum fan de subsydzjefêststelling op 31 desimber fan dat jier oan de provinsje ferslach útbrocht oer hoefolle publikaasjes úteinlik ferkocht binne.

Y.

Kêst 2.6.11 wurdt:

 

Kêst 2.6.11 Prestaasjeferantwurding

 

  • 1.

    In subsydje dy’t beskikber steld wurdt op grûn fan dizze regeling wurdt fêststeld neidat in beskikking ta subsydzjeferliening foarôf giet.

  • 2.

    De subsydzjeûntfanger jout nei ôfrin fan de realisaasjetermyn fan de subsidiearre aktiviteit oan dat de subsidiearre aktiviteit útfierd is neffens it beslút ta subsydzjeferliening en dat oan de ferplichtings dy’t oan de subsydzjeferliening ferbûn binne foldien is.

  • 3.

    Foar safier’t der minder boeken útjûn binne as dêr’t prestaasjesubsydzje foar ferliend is, wurdt it subsydzje fan amtswegen leger fêststeld nei it tal boeken dat subsydzjeûntfanger útjûn hat, wêrby’t foldien is oan de minimumoplage lykas neamd yn kêst 2.6.7, tredde of fjirde lid.

Z.

Kêst 4.2.5 a wurdt:

 

Kêst 4.2.5 a Wegeringsgrûnen

 

In subsydzje wurdt wegere as:

 

  • a.

    oanfreger net by de doelgroep heart lykas neamd yn kêst 4.2.3;

  • b.

    de aktiviteit dy’t oanfrege is gjin subsidiabele aktiviteit as bedoeld ûnder kêst 4.2.2 is of de aktiviteit net bydraacht oan it doel as bedoeld ûnder kêst 4.2.1;

  • c.

    net foldien wurdt oan de ûnder kêst 4.2.6 neamde hifkingskritearia;

AA.

Kêst 5.1.4 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Kêst 5.1.4, twadde lid, wurdt omnûmere nei kêst 5.1.4, tredde lid.

  • 2.

    Nei kêst 5.1.4, earste lid, wurdt yn lid ynfoege, dat sa giet:

    • 2.

      In oanfreger kin binnen de yn it earste lid neamde oanfraachperioade net faker as ien kear subsydzje krije.

  • 3.

    Nei kêst 5.1.4, tredde lid, wurdt yn lid ynfoege, dat sa giet:

  • 4.

    Subsydzje-oanfraach wurdt wegere as de oanfreger al earder yn deselde, yn it earste lid neamde, oanfraachperioade in subsydzje krige hat.

BB.

Nei kêst 5.1.12 wurdt in kêst ynfoege, dat sa giet:

 

Kêst 5.1.13 Prestaasjeferantwurding

 

  • 1.

    It subsydzje wurdt fêststeld sûnder dat oan de beskikking ta subsydzjefêststelling in beskikking ta subsydzjeferliening foarôfgiet.

  • 2.

    De subsydzjeûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, sjen dat de aktiviteit dêr't subsydzje foar beskikber steld is, útfierd is en dat foldien is oan de ferplichtings dy’t oan de subsydzjefêststelling ferbûn binne.

CC.

Kêst 5.2.1 wurdt:

 

Kêst 5.2.1 Doel

 

It subsydzje hat as doel om de organisaasje fan eveneminten op it mêd fan de Fryske sporten te befoarderjen, soks om de partisipaasje oan de Fryske sporten te fergrutsjen.

 

DD.

Kêst 5.2.2 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Kêst 5.2.2, ûnderdiel b, ferfalt.

  • 2.

    Yn kêst 5.2.2, ûnderdiel a, ferfalt letter ‘a.’.

EE.

Kêst 5.2.4 wurdt as neikomt wizige:

  • 1.

    Kêst 5.2.4, twadde lid, wurdt omnûmere nei kêst 5.2.4, tredde lid.

  • 2.

    Nei kêst 5.2.4, earste lid, wurdt yn lid ynfoege, dat sa giet:

    • 2.

      In oanfreger kin binnen de yn it earste lid neamde oanfraachperioade net faker as ien kear in subsydzje krije.

  • 3.

    Nei kêst 5.2.4, tredde lid, wurdt yn lid ynfoege, dat sa giet:

    • 4.

      Subsydzje-oanfraach wurdt wegere as de oanfreger al earder yn deselde, yn it earste lid neamde, oanfraachperioade in subsydzje krige hat.

FF.

Yn kêst 5.2.7, earste lid, ûnder c, wurdt ‘75’ ferfongen troch: ‘100' en ‘trije’ wurdt ferfongen troch: ‘seis’.

 

GG.

Yn kêst 5.2.11, twadde lid, wurdt ‘€ 20.000,-’ ferfongen troch: ‘€ 15.000,-'.

 

HH.

Nei kêst 5.2.11 wurdt in kêst ynfoege, dat sa giet:

 

Kêst 5.2.12 Prestaasjeferantwurding

  • 1.

    It subsydzje wurdt fêststeld sûnder dat oan de beskikking ta subsydzjefêststelling in beskikking ta subsydzjeferliening foarôfgiet.

  • 2.

    De subsydzjeûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, sjen dat de aktiviteit dêr't subsydzje foar beskikber steld is, útfierd is en dat foldien is oan de ferplichtings dy’t oan de subsydzjefêststelling ferbûn binne.

Kêst II  

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it provinsjaal blêd, dêr’t it yn stiet.

 

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 14 desimber 2021

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris R.E. Bouius-Riemersma, MBA MCM

Naar boven