Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafonds en iepenstellings fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân, dy’t heart by it beslút fan Deputearre Steaten fan 14 desimber 2021

Deputearre Steaten stelle foar de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân de neikommende subsydzjeplafonds en iepenstellings fêst:

 

Paragraaf 2.1 Frysktalige literatuer

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.1.2, ûnderdiel a oant en mei e, kinne fan 19 jannewaris 2022 oant en mei 30 septimber 2022 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond foar kêst 2.1.2, ûnderdiel a oant en mei e, is € 55.000, jildt fan 19 jannewaris 2022 oant en mei 30 septimber 2022.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.1.10 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Paragraaf 2.2 Oersetten en bewurkjen fan literatuer

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.2.2 kinne fan 19 jannewaris 2022 oant en mei 26 maaie 2022 en fan 1 septimber 2022 oant en mei 13 oktober 2022 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond dat jildt fan 19 jannewaris 2022 oant en mei 26 maaie 2022 is € 15.000, en dat jildt fan 1 septimber 2022 oant en mei 13 oktober 2022 is € 11.000.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.2.9 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Paragraaf 2.3 Frysk Mediafûns

[ferfalle]

 

Paragraaf 2.4 Promoasje Frysktalige boeken

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.4.2 kinne fan 19 jannewaris 2022 oant en mei 30 septimber 2022 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond is € 10.000, jildt fan 19 jannewaris 2022 oant en mei 30 septimber 2022

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.4.11 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Paragraaf 2.5 Frysk taalgebrûk

[ferfalle]

 

Paragraaf 2.6 Utjaan Frysktalige literatuer

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.6.2 kinne fan 19 jannewaris 2022 oant en mei 28 april 2022 en fan 1 septimber 2022 oant en mei 13 oktober 2022 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond dat jildt fan 19 jannewaris 2022 oant en mei 28 april 2022 is € 65.000, en dat jildt fan 1 septimber 2022 oant en mei 13 oktober 2022 is € 65.000.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.6.9 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Paragraaf 3.1 Brûsfûns

[ferfalle]

 

Paragraaf 3.2 Leechdrompelige kulturele aktiviteiten

  • a.

    It subsydzjeplafond foar kêst 3.2.2, ûnderdiel a is € 0.

  • b.

    It subsydzjeplafond foar kêst 3.2.2, ûnderdiel b is € 0.

  • c.

    It subsydzjeplafond foar kêst 3.2.2, ûnderdiel c, is € 0.

  • d.

    It subsydzjeplafond foar kêst 3.2.2, ûnderdiel d, is € 0.

  • e.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 3.2.2, ûnderdiel e, kinne fan 1 april 2022 oant en mei 28 oktober 2022 yntsjinne wurde.

  • f.

    It subsydzjeplafond foar kêst 3.2.2, ûnderdiel e, is € 4.000, jildt fan 1 april 2022 oant en mei 28 oktober 2022.

  • g.

    It subsydzjeplafond foar kêst 3.2.2, ûnderdiel g, is € 0.

  • h.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 3.2.11 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Paragraaf 3.3 Produksje profesjonele poadiumkeunsten en muzykkomposysjes

[ferfalle]

 

Paragraaf 3.4 Iepenloftspullen

It subsydzjeplafond is € 0.

 

Paragraaf 3.5 Útkeap teater en muzyk

[ferfalle]

 

Paragraaf 3.7 Kulturele fernijing

[ferfalle]

 

Paragraaf 4.1 Meartaligens yn it ûnderwiis

[ferfalle]

 

Paragraaf 4.2 Lesoeren Frysk yn it ûnderwiis

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 4.2.2 kinne fan 1 april 2022 oant en mei 14 oktober 2022 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond is € 170.000, jildt fan 1 april 2022 oant en mei 14 oktober 2022.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 4.2.7 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Paragraaf 5.1 Grutskalige sporteveneminten

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 5.1.2 kinne fan 18 jannewaris 2022 oant en mei 28 oktober 2022 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond is € 80.000, jildt fan 18 jannewaris 2022 oant en mei 28 oktober 2022.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 5.1.8 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Paragraaf 5.2 Fryske sporten

  • a.

    Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 5.2.2 kinne fan 18 jannewaris 2022 oant en mei 28 oktober 2022 yntsjinne wurde.

  • b.

    It subsydzjeplafond is € 60.000, jildt fan 18 jannewaris 2022 oant en mei 28 oktober 2022.

  • c.

    De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 5.2.8 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is.

 

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 14 desimber 2021.

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris R.E. Bouius - Riemersma, MBA MCM

Naar boven