Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafond en iepenstelling fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2021-2024 dy’t heart by it beslút fan Deputearre Steaten fan 9 febrewaris 2021

 

Deputearre Steaten fan provinsje Fryslân stelle foar de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2021-2024 it neikommende subsydzjeplafond en de iepenstelling fêst:

 

  • It subsydzjeplafond foar de yn kêst 2.1.2 en 2.2.2 fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2021-2024 bedoelde subsidiabele aktiviteiten is fêststeld op € 400.000,-.

  • It hjirfoar neamde subsydzjeplafond jildt foar oanfragen dy’t ûntfongen binne fan

  • 22 febrewaris 2021 oant en mei 18 maaie 2021.

  • De ferdieling fan de middels bart neffens kêst 1.4 fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2021-2024.

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is.

 

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 9 febrewaris 2021.

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris R.E. Bouius - Riemersma, MBA MCM

Naar boven