Provinciaal blad van Fryslân
Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
---|---|---|---|
Fryslân | Provinciaal blad 2021, 1199 | Verordeningen |
Zoals vergunningen, bouwplannen en lokale regelgeving.
Adressen en contactpersonen van overheidsorganisaties.
U bent hier:
Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
---|---|---|---|
Fryslân | Provinciaal blad 2021, 1199 | Verordeningen |
Beslút fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân fan 9 febrewaris 2021 oangeande de subsydzje Frysk foar no en letter (Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2021-2024)
Deputearre Steaten fan Fryslân,
mei it each op kêst 1.3, fjirde lid, fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013;
oerwagende dat it yn it ramt fan it Taalplan Frysk-2030 winsklik is om de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis troch subsydzje fuort te sterkjen, sadat alle skoallen yn it Fryske taalgebiet de kearndoelen foar it Frysk uterlik yn 2030 oanbiede;
de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2021-2024 as neikomt fêst te stellen:
Haadstik 1 Algemiene bepalings
Yn dizze regeling en de bepalings dy’t dêrop berêste, wurdt ferstien ûnder:
frijroasterje: it ferfangen fan in learkrêft, dosint, ûnderwiisstiper of al as net pedagogysk meiwurker foarskoalske opfang dy’t in op grûn fan dizze regeling subsidiabel stelde skoallingsaktiviteit of opliedingsaktiviteit folgje sil. Dat ferfangen bart troch it tydlik yn leantsjinst nimmen of ynhieren fan in, lykweardich oan it te ferfangen personielslid, ferfanger;
kostesubsydzje: subsydzje dy’t beskikber steld wurdt foar spesifike subsidiabele kosteposten dy’t de subsydzjeûntfanger makket en betellet by it útfieren fan in subsidiearre aktiviteit. In subsydzje dy’t beskikber steld wurdt foar in yn paragraaf 2.1 fan dizze regeling omskreaune aktiviteit is in kostesubsydzje;
taalbeliedsplan: struktureel strategysk plan fan it skoalteam om de ûnderwiispraktyk oan te passen oan it ferlet fan de learlingen om taal te learen mei it each op it befoarderjen fan harren hiele ûntwikkeling en it ferbetterjen fan harren ûnderwiisresultaten mei spesifyk omtinken foar de Fryske taal en meartaligens;
Haadstik 2 Subsidiabele aktiviteiten
Paragraaf 2.1 It fergrutsjen fan kennis of praktysk gebrûk fan Fryske taal en kultuer yn foarskoalske opfanglokaasjes en it ûnderwiis
Mei dizze paragraaf wurdt it jaan en yntegrearjen fan de Fryske taal en kultuer yn de foarskoalske opfanglokaasjes en it ûnderwiis mei in folslein en kwalitatyf oanbod, wêrby’t it ûnderwiispersoniel it foech hat en betûft is om dat út te fieren, stimulearre.
Kêst 2.1.2 Subsidiabele aktiviteiten
Deputearre Steaten kinne op oanfraach in kostesubsydzje foar ien of meardere fan de neikommende aktiviteiten fan de oanfreger beskikber stelle:
Om foar in kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in skoallings- of opliedingsaktiviteit lykas fêststeld yn kêst 2.1.2, ûnder a, wurdt foldien oan de neikommende kritearia:
de skoallings- of opliedingsaktiviteit wurdt inkeld en allinne folge troch in yn leantsjinst by de oanfreger wurkjende pedagogysk meiwurker yn de foarskoalske opfang of learkrêft of ûnderwiisstiper yn it, al as net spesjaal, basisûnderwiis of dosint yn it al of net spesjaal, fuortset ûnderwiis, praktykûnderwiis, middelber of heger beropsûnderwiis of yn it wittenskiplik ûnderwiis;
Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.2.2, ûnder b, wurdt oan it neikommende kritearium foldien:
de oan te skaffen nije lesmetoaden, lêsboeken of oar ûnderwiismateriaal yn it Frysk binne oantoanber nedich foar it fersoargjen fan de ûnderwiistaak yn it Frysk en binne noch net of noch net genôch oanwêzich.
Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.2.2, ûnder c, wurdt oan it neikommende kritearium foldien:
der is sprake fan in organisearre aktiviteit kultueredukaasje yn groepsferbân, fersoarge troch in kwalifisearre saakkundige op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartaligens.
Kêst 2.1.4 Subsidiabele kosten
Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.1.2, ûnder c, komme foar subsydzje yn oanmerking de streekrjochte kosten, dy’t makke wurde yn it oantoanber dielnimmen oan in aktiviteit rjochte op kultueredukaasje, organisearre yn groepsferbân troch de oanfreger en besteande út studinten, learlingen of út pjutten.
Kêst 2.1.5 Net-subsidiabele kosten
Unfermindere wat yn kêst 1.10 fan de Asv 2013 fêststeld is, komme de neikommende kosten net foar subsydzje yn oanmerking:
Kêst 2.1.7 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger
Unfermindere de ferplichtings dy’t út de Awb en de kêsten 2.13 en 2.14 fan de Asv 2013 folgje, is de subsydzjeûntfanger ferplichte om:
Paragraaf 2.2 Frijroasterje, taalbeliedsplan, Fryske taal en kultuer fuortsterkje
Mei dizze paragraaf wurdt de skoalle of de foarskoalske opfanglokaasje by steat steld de rânebetingsten foar it yntegrearjen en ymplemintearjen fan it Frysk te beävensearjen. En kin in temjittekomming oanfrege wurde foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer.
Kêst 2.2.2. Subsidiabele aktiviteiten
Deputearre Steaten kinne op oanfraach in prestaasjesubsydzje beskikber stelle foar ien of mear fan de neikommende aktiviteiten fan de oanfreger:
Om foar prestaasjesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.2.2, ûnder b, wurdt oan it neikommende kritearium foldien:
der wurdt in noch net besteand taalbeliedsplan Frysk troch de skoalle of foarskoalske opfang opsteld of de Fryske taal wurdt yn it besteande taalbeliedsplan yntegrearre en ymplemintearre.
Om foar prestaasjesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.2.2, ûnder c, wurdt oan de neikommende kritearia foldien:
de fakdosint Frysk ynvestearret tiid yn it ferbetterjen fan it ûnderwiis yn it fak Frysk en de Fryske kultuer troch diel te nimmen oan kongressen of oare ynformative gearkomsten of oan ûndersiken of wurkgroepen, rjochte op de fierdere ûntwikkeling fan de didaktyk fan it fak Frysk en de Fryske kultuer.
Kêst 2.2.5 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger
Unfermindere de ferplichtings dy’t folgje út de Awb en de kêsten 2.13 en 2.14 fan de Asv 2013, is de subsydzjeûntfanger ferplichte om:
Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 9 febrewaris
Foarsitter drs. A.A.M. Brok
Sekretaris R.E. Bouius – Riemersma, MBA MCM
Taljochting op de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2021-2024
Om de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis fuort te sterkjen sadat neffens de doelstelling fan Taalplan Frysk 2030 alle skoallen yn it Fryske taalgebiet de kearndoelen foar it Frysk uterlik yn 2030 oanbiede, is de subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2021-2024 ynsteld.
Mei in bydrage út dy regeling wurde alle skoallen by steat steld om de rânebetingsten dy’t foar it oanbieden fan Frysk ûnderwiis nedich binne, op oarder te bringen en/of op nivo te hâlden. Dêrby moat tocht wurde oan it folgjen fan neiskoalling, it heljen fan in ‘foech Frysk’, it oanskaffen fan materiaal om it Frysk yn it ûnderwiis te yntegrearjen of it yn organisearre groepsferbân meidwaan oan in kulturele edukaasje-aktiviteit, dy’t mei de Fryske taal of kultuer te krijen hat. Dêrmei draacht de regeling by oan ien fan de doelstellingen fan Taalplan Frysk-2030: it realisearjen fan groei fan Frysktalich ûnderwiis op skoallen en yn de foarskoalske opfang, sadat alle kearndoelen foar it Frysk oanbean wurde en de trochgeande learline tusken sektoaren fuortsterke wurdt.
Foar it oanskaffen fan reguliere ûnderwiismaterialen, nedich foar it Frysk, bliuwt de MYF (bydrage Materiële Ynstânhâlding Frysk) op it basisûnderwiis en it fuortset ûnderwiis fan tapassing. Dizze regeling kin dêr in oanfolling op wêze.
Taljochting yn folchoarder fan de kêsten
Kêst 1.1, oanhef en ûnderdiel o:
As der in saakkundige ynskeakele wurdt om de subsidiearre aktiviteit yn opdracht fan de oanfreger út te fieren, dan moat dy saakkundige op grûn fan oplieding en ûnderfining kwalifisearre wêze om dy opdracht út te fieren. Foar de beoardieling kin sjoen wurde nei de ûndernimmingsaktiviteiten fan it bedriuw dat ynhierd wurdt en/of de oantoanbere kennis en ûnderfining fan de persoan dy’t de opdracht útfiert. In saakkundige moat ek ûnôfhinklik wêze. Dat hâldt yn dat de saakkundige de opdracht dy’t jûn is, ûnôfhinklik útfiere kinne moat, wêrby’t gjin sprake wêze mei fan hokfoar foarm fan belangeferfrisseling dan ek. It giet der ek om dat de skyn fan belangeferfrisseling mijd wurde moat.
Underdiel s: Ienris yn ‘e fjouwer jier krije alle skoallen dy’t ûnder de Wet Primair Onderwijs en de Wet Voortgezet Onderwijs falle, en yn it Fryske taalgebiet fêstige binne besite fan in ûndersiker út namme fan it Taalplan Frysk projekt. Dy ûndersiker stelt nei oerlis mei de direkteur en nei oanlieding fan in earder ynfolle fragelist in taalprofyl op. It taalprofyl wurdt dêrnei troch Deputearre Steaten fêststeld. De profilen jouwe wer oan hokker Fryske kearndoelen de skoalle omtinken jout.
Ut: Rapport Taalplan Frysk • It is mei sizzen net te dwaan (Varkevisser, N. A. & Walsweer, A. 2018).
De provinsje hat de ambysje steld dat uterlik yn 2030 alle skoallen yn it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis op in A-profyl sitte.
Subsydzje kin inkeld en allinne beskikber steld wurde oan yn de provinsje Fryslân fêstige foarskoalske opfang of ûnderwiisynstellingen yn it basis-, fuortset en spesjaal ûnderwiis, it spesjaal basisûnderwiis, it praktykûnderwiis en it mbo, hbo en wittenskiplik ûnderwiis. Op de eask fan in fêstigingslokaasje yn de provinsje Fryslân is yn it twadde lid in útsûndering makke foar op de Fryske taal en kultuer rjochte opliedings oan de RUG, fanwegen it belang dat dy opliedings tsjinje yn it fergrutsjen fan de kennis oer en it ferbetterjen fan de Fryske taal en kultuer. Dy opliedings kinne wêze:
Educatie in de Taal- en cultuurwetenschappen - Friese Taal en Cultuur | Rijksuniversiteit Groningen (rug.nl) of de
Academische opleiding leerkracht basisonderwijs | Rijksuniversiteit Groningen (rug.nl) .
De subsydzje-oanfraach moat binnen de troch Deputearre Steaten fêststelde oanfraachperioade yntsjinne wurde. Dêrfoar moat gebrûk makke wurde fan it troch Deputearre Steaten fêststelde oanfraachformulier. In oanfraach moat bestean út in folslein ynfolle en ûndertekene oanfraachformulier, mei alle yn it oanfraachformulier foarskreaune taheakken. De oanfraach fan de skoalle kin yntsjinne wurde troch it foechhawwend gesach (skoalbestjoer) of de troch it foechhawwend gesach folmachtige direkteur fan in fêstigingslokaasje fan de oanbelangjende skoalle. Om’t de skoalle yn it Basisregister Instellingen (BRIN) registrearre wêze moat, moat it BRIN-nûmer fan de fêstigingslokaasje dêr’t it subsydzje foar oanfrege wurdt, ynfolle wurde. Foar de foarskoalske opfang jildt it opjaan fan it LRK-nûmer. Foar de foarskoalske opfang kin de oanfraach ek troch it bestjoer of de folmachtige direkteur fan de oanbelangjende fêstigingslokaasje yntsjinne wurde.
Yn it tredde lid is fêststeld, dat in oanfreger op grûn fan dizze regeling op syn heechst ien oanfraach de oanfraachperioade yntsjinje kin. It giet dan om oanfragen mei itselde BRIN- of LRK-nûmer. Ien oanfraach kin te krijen hawwe mei subsidiabele aktiviteiten neamd yn haadstik 2.1 likegoed as neamd yn 2.2. It subsydzjebedrach is yn haadstik 2.1 likegoed as yn 2.2 maksimalisearre. In kostesubsydzje op grûn fan paragraaf 2.1 bedraacht, lykas fêststeld yn kêst 2.1.6 net mear as € 4000,- en it prestaasjesubsydzje op grûn fan paragraaf 2.2 net mear € 9500,-.
As yllustraasje: Stel der wurdt subsydzje oanfrege troch in yn de provinsje Fryslân fêstige skoalle yn it fuortset ûnderwiis foar de subsidiabele aktiviteiten:
Yn dizze subsydzje-oanfraach as foarbyld kin de skoalle, mitsdat mei de oanfraach oan de kritearia fan de regeling foldien wurdt, maksimaal € 4250,- oan subsydzje ûntfange.
De ferdielsystematyk is op basis fan it prinsipe ‘wa’t earst yn de roef komt, hat kâns fan plak’. De folsleinens fan de oanfraach is dêrby lykwols beskiedend foar de datum fan ynkommen. Dat betsjut dat yn gefal dat in ûntfongen oanfraach ûnfolslein is, de datum fan ûntfangst fan dy oanfraach fêststeld wurdt op it stuit dat de oanfraach folslein oanfolle is en dy folsleine oanfolling troch Deputearre Steaten op it kontaktadres dat yn it oanfraachformulier oanjûn is, ûntfongen is. Nei ûntfangst fan in folsleine oanfraach wurdt de oanfraach ynhâldlik beoardiele oan de hân fan de regeling en sil beoardiele wurde oft de oanfraach foar subsydzje yn oanmerking komt.
Sadree’t oer it subsydzjeplafondbudzjet, dat foar dizze regeling yn de troch DS fêststelde oanfraachperioade beskikber steld is, hinne gien wurdt troch in folsleine subsydzje-oanfraach te honorearjen, wurdt dy oanfraach, foar safier’t oer it subsydzjeplafond hinne gien wurdt, wegere. Ek al foldocht de oanfraach oan de easken om foar subsydzje yn oanmerking te kommen. Op foarhân is net oan te jaan wannear’t it subsydzjeplafond berikt wêze sil.
Der wurdt útgien fan in stelsel wêryn’t de beskikbere bedraggen ferparte wurde nei folchoarder fan ûntfangst fan in folsleine oanfraach. Net útsletten is dat op deselde dei meardere subsydzje-oanfragen ynkomme en dat honorearring fan al dy oanfragen derta liede soe dat oer it beskikber stelde subsydzjeplafond hinne gien wurdt. Dêrom is yn it twadde lid in foarsjenning opnommen om foar dy situaasje in neiere oardering yn de oanfragen fan de oanbelangjende dei oanbringe te kinnen. Dy oardering wurdt troch lotsjen fan folsleine oanfragen fêststeld. It lotsjen regelet de folchoarder wêryn’t de subsydzje-oanfragen behannele wurde; net de datum of it stuit fan ûntfangst. Alle oanfragen dy’t op deselde dei ynkommen binne, meitsje deselde kâns om foar subsydzje yn oanmerking te kommen. It makket net út hoe let de oanfraach op de oanbelangjende dei ynkommen is. As in oanfraach fanwegen ûnfolsleinens oanfolle wurde moat, jildt foar de ferdielsystematyk de datum fan ûntfangst fan de oanfolling, as datum fan ûntfangst fan de oanfraach.
Bygelyks: op de dei dat der noch € 10.000 yn de regeling sit, komme in tal oanfragen yn. Troch te lotsjen is in oanfraach fan € 13.000 útkeazen als eerste in de rangschikking . Dan wurdt dy oanfraach foar € 10.000 subsidiearre en wurde de oare oanfragen wegere.
In oanfraach komt net foar it jaan fan subsydzje yn oanmerking as der sprake is fan in wegeringsgrûn. Ek al hat de subsydzje-oanfraach te krijen mei in yn kêst 2.1.2 en 2.2.2 neamde aktiviteit, as der sprake is fan in wegeringsgrûn dan kin der op grûn fan dizze subsydzjeregeling gjin subsydzje jûn wurde. Yn oanfolling op kêst 2.7 fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013 en kêst 4:35 fan de Algemene wet bestuursrecht is in tal wegeringsgrûnen opnommen.
Underdiel a giet yn op de doelgroep fan de regeling. Dy is yn kêst 3 fêstlein en neier taljochte yn de taljochting by dat kêst. As de oanfreger dêr net ûnder falt, wurdt de oanfraach wegere.
Underdiel d skriuwt foar dat in oanfraach wegere wurde kin as der in goede reden bestiet dat in aktiviteit net helber is. Dat kin bygelyks wêze omdat in aktiviteit net genôch (finansjeel) ûnderboud is, net realistysk is, der twivel is oer de finansjele helberens, it plan planologysk net helber is, ensfh.
Underdiel e makket dúdlik dat in oanfraach om subsydzje foar deselde aktiviteit dy’t earder al troch de provinsje Fryslân of troch in oare ynstânsje subsidiearre is, wegere wurdt, om kumulaasje oan subsydzjes foar te kommen en it ferskaat oan subsidiearre projekten te stimulearjen. As foarbyld kin tocht wurde oan de oanskaf fan itselde lesmateriaal Frysk, dêr’t al in bydrage Materiële Ynstânhâlding Frysk foar jûn wurdt of it folgjen fan in kursus, dêr’t al spesifyk in rykssubsydzje foar ûntfongen wurdt. Giet it om in oare aktiviteit, lykas de oanskaf fan oar lesmateriaal of it folgjen fan in oare kursus, dan jildt dizze wegeringsgrûn net.
Kêst 2.1.2 Subsidiabele aktiviteiten
Under skoallingsaktiviteiten lykas bedoeld ûnder a falle ûnder oare de kursus Klasse Frysk, de kursussen fan de Afûk Home, zie hiervoor onder“Afûk Kursussen” (afuk.frl), of in oare kursus dy’t mei de Fryske taal en kultuer of de meartalige didaktyk te krijen hat.
It ûnderwiismateriaal bedoeld ûnder b moat ynset wurde kinne foar it befoarderjen fan de Fryske taal en/of kultuer. It kin bygelyks brûkt wurde om materiaal oan te skaffen om in skiednisles yn it Frysk te jaan.
By in aktiviteit lykas bedoeld ûnder c kin tocht wurde oan bygelyks in stedskuier lâns histoaryske plakken of in gastkolleezje oer de Fryske skiednis.
As in oanfraach dien wurdt foar in skoallings- of opliedingsaktiviteit, lykas bedoeld yn kêst 2.1.2 ûnder a fan dizze regeling, dan moat de oanfreger op it oanfraachformulier oanjaan dat der op it stuit op de foarskoalske opfanglokaasje of yn it ûnderwiis ferlet is fan profesjonalisearring fan it personiel, lykas beneamd yn it earste lid ûnder b. Dat kin bygelyks wêze omdat de learkrêft it foech Frysk noch net hat of dat de pedagogysk meiwurker in kursus oer meartalige ûntwikkeling foar jonge bern folgje wol.
Kêst 2.1.4 Subsidiabele kosten
As subsidiabele kosten komme allinne dy kosten yn oanmerking sa’t dy in dit kêst neamd wurde en foar safier’t se needsaaklik en reedlik binne foar it realisearjen fan de subsidiabele aktiviteit as omskreaun yn kêst 2.1.2, mei útsûndering fan de kosten as neamd yn kêst 2.1.5 fan de regeling en kêst 1.10 fan de Asv 2013.
Kêst 2.1.5 Net-subsidiabele kosten
Yn dit kêst wurde de net-subsidiabele kosten opneamd dy’t yn in oanfraach begrutte wurde kinne. Dat is in net limitative opsomming fan net-subsidiabele kosten, om’t kosten lykas neamd yn kêst 1.10 fan de Asv 2013 ek net foar subsydzje yn oanmerking komme.
Mei de oanskaf fan hardware, lykas neamd yn it twadde lid, wurdt bedoeld it oanskaffen fan stuollen, digibuorden, tablets, pennen en oar fysyk materiaal dat net daliks ferbân hâldt it befoarderjen fan de Fryske taal en kultuer.
As in foarskoalske opfanglokaasje of in skoalle in festiviteit organisearje wol mei spesifyk omtinken foar de Fryske taal en kultuer, dan binne de kosten fan bygelyks it hieren fan in seal, it gebrûk fan in springkjessen of de ketering net subsidiabel.
Kêst 2.1.6 Maksimale subsydzjehichte en persintaazjes
In oanfreger kin foar in subsidiabele aktiviteit lykas neamd yn paragraaf 2.1 maksimaal mei-inoar € 4000,- krije. Dêrby jilde ûnderskate persintaazjes fan de subsidiabele kosten de ûnderskate aktiviteit. Wurdt der oanfrege foar it dielnimmen fan in wurknimmer oan in skoallingsaktiviteit dan wurdt it subsydzje foar dy aktiviteit berekkene op basis fan 100% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 2500,-. Wurdt subsydzje oanfrege foar it oanskaffen fan Frysktalige fysike lesboeken, lesmetoaden of oar ûnderwiismateriaal dan bedraach it subsydzje foar dy aktiviteit 80% fan de berekkene subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 1000,-. Giet it by in subsydzje-oanfraach om it dielnimmen yn organisearre groepsferbân oan in aktiviteit mei as eachmerk kultueredukaasje dan wurdt subsydzje foar dat ûnderdiel berekkene op basis fan 50% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 500,-. De subsidiabele kosten wurde fêststeld troch de net-subsidiabele kosten (sjoch kêst 2.1.5) fan de yn de oanfraach rûsde kosten foar in aktiviteit ôf te lûken.
Foarbyld: Der wurdt subsydzje oanfrege foar it folgjen fan de basiskursus Afûk Frysk Skriuwen troch twa learkrêften basis à € 119,-. Dat is in subsidiabele aktiviteit ûnder kêst 2.1.2 ûnder a: subsydzje is maksimaal 100% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 2500,-. Foar dit ûnderdiel: 100% fan 2 kear € 119,- = € 238,- oan subsidiabele kosten. Tagelyk wurde foar groep 3/4 lêsboeken út de Sweltsjerige oanskaft, trije ûnderskate boekjes mei AVI E3 nivo foar 16 learlingen à € 9,95 it stik (3 * 16 * 9,95 = € 477,60), 80% subsidiabel. Dus it subsydzje foar de oanskaf fan de boekjes is yn dit gefal € 382,08. Foar it folgjen fan de kursus en de oanskaf Frysk lesmateriaal mei-inoar is it totale subsydzjebedrach € 620,08.
Kêst 2.1.8 Fêststelling en ferantwurding
In yn it ramt fan dizze regeling beskikber stelde subsydzje wurdt daliks fêststeld. Dat betsjut dat de subsydzjeûntfanger nei realisaasje fan de subsidiearre aktiviteit gjin fêststellingsfersyk hoecht yn te tsjinjen, dêr’t sy (finansjele) ferantwurding oan Deputearre Steaten mei ôfleit.
Lykwols kinne Deputearre Steaten de yn it ramt fan de regeling beskikber stelde subsydzjes kontrolearje, al as net mei stekproeven. As in subsydzjeûntfanger kontrolearre wurdt, is hy ferplichte om oan te toanen dat de subsidiearre aktiviteit ferrjochte is en dat oan de ferplichtings dy’t oan it beskikber stellen fan it subsydzje ferbûn wiene, foldien is. Dêrta ferskaft de subsydzjeûntfanger alle ynformaasje dy’t Deputearre Steaten by har opfreegje. Dêrûnder falle yn alle gefallen de stikken lykas oanjûn. Yn oanfolling dêrop kinne ek oare stikken dy’t ferbân hâlde mei de kontrôle op de fêststelde subsydzjes opfrege wurde.
As út de (stekproef)kontrôle ûngeregeldheden bliken dogge en/of konstatearre wurdt dat net oan de ferplichtings dy’t oan it beskikber stellen fan it subsydzje ferbûn wiene, foldien is, dan kin dat gefolgen hawwe foar de subsydzjefêststelling. In subsydzjefêststelling kin yn it neidiel fan de subsydzjeûntfanger wizige of ynlutsen wurde. Boppesteande kin derta liede dat útbetelle subsydzjebedraggen weromfoardere wurde.
Dizze paragraaf hat as doel om it gebrûk fan de Fryske taal en kultuer yn de foarskoalske opfanglokaasjes en it ûnderwiis yn de provinsje Fryslân te ferbetterjen. Yn dizze paragraaf kin oanfraach dien wurde foar it frijroasterjen fan ûnderwiispersoniel mei as doel it ûnderwiispersoniel de romte te jaan foar profesjonalisearring op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of de meartalige didaktyk. Ek kin der subsydzje oanfrege wurde foar it opstellen fan in Frysk taalbeliedsplan of it yntegrearjen en ymplemintearjen fan de Fryske taal yn it besteande taalbeliedsplan op de skoalle of yn de foarskoalske opfanglokaasje. Fryske fakdosinten yn it fuortset of middelber beropsûnderwiis kinne in temjittekomming krije foar de ekstra ynset dy’t sy foar it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer leverje. As lêste kinne skoallen dy’t by it netwurk Meartalich Fuortset Underwiis oanslute wolle in fergoeding krije foar ekstra wurk dat sy op skoalle leverje ûnder begelieding fan Cedin.
Kêst 2.2.2 Subsidiabele aktiviteiten
De aktiviteit ûnder b is it opstellen of it oanpassen fan it taalbeliedsplan op de skoalle, wêryn’t spesifyk omtinken foar de Fryske taal en oare talen is (meartalige didaktyk). It doel fan dat subsydzje is de skoalle of it team te stimulearjen in oanpak te betinken om de Fryske taal en kultuer in yntegraal plak te jaan yn it deistich hanneljen fan de learkrêften of dosinten en dat yn in beliedsplan fêst te lizzen.
Fanwegen de ambysje dy’t de provinsje steld hat, moat der yn de praktyk in soad ûndersyk dien wurde en moatte (nije) (les)metoaden probearre wurde. Fanwegen it lytse netwurk Fryske (fak)dosinten wurdt der in soad fan dy groep ferwachte. In soad dosinten sitte yn wurkgroepen of netwurken om op de ien of oare wize de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis te ferbetterjen. Ek wurde sy, faker as fakdosinten mei in oar fakgebiet, frege om foarljochting te jaan foar bygelyks de provinsje of it Ryk oer it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer. Dat is wurk dat dosinten foar oare fakken net hawwe. Dêrom kinne dy dosinten in bydrage krije fan de provinsje. Dat is de aktiviteit beskreaun ûnder c.
Kêst 2.2.6 Fêststelling en prestaasjeferantwurding
Sjoch de taljochting op it soartgelike kêst 2.1.8. De ferantwurding fan de dosint dy’t in subsydzje-oanfraach docht foar in aktiviteit lykas bedoeld ûnder kêst 2.2.2 ûnder c is ûnder oare ferslaggen fan bygelyks oerlizzen mei de skoalstiper. De skoalstiper is de kontaktpersoan fan de skoalle dy’t de skoalle begelaat om it Taalplan Frysk profyl omheech te bringen.
Kopieer de link naar uw clipboard
https://zoek.officielebekendmakingen.nl/prb-2021-1199.html
De hier aangeboden pdf-bestanden van het Staatsblad, Staatscourant, Tractatenblad, provinciaal blad, gemeenteblad, waterschapsblad en blad gemeenschappelijke regeling vormen de formele bekendmakingen in de zin van de Bekendmakingswet en de Rijkswet goedkeuring en bekendmaking verdragen voor zover ze na 1 juli 2009 zijn uitgegeven. Voor pdf-publicaties van vóór deze datum geldt dat alleen de in papieren vorm uitgegeven bladen formele status hebben; de hier aangeboden elektronische versies daarvan worden bij wijze van service aangeboden.