Beslút fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân fan 9 febrewaris 2021 ta it wizigjen fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân

Deputearre Steaten fan Fryslân,

 

mei it each op kêst 1.3, fjirde lid fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013

 

beslute

 

de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân as neikomt te wizigjen:z

Kêst I  

 

A

Kêst 1.1 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Kêst 1.1, ûnderdiel h. oant en mei gg. wurdt ferlettere nei i. oant en mei hh.

 

  • 2.

    Nei kêst 1.1, ûnderdiel g, wurdt in ûnderdiel ynfoege, dat sa giet:

     

    • h.

      fakdosint: in persoan mei in foech dy’t autorisearre is om in spesifyk fak oan learlingen te ûnderwizen;

B

Kêst 2.2.1 wurdt:

 

Kêst 2.2.1 Doel

It subsydzje hat as doel om it oersetten fan oarspronklike Frysktalige fiksje, non-fjiksje en toanielstikken te befoarderjen of it redigearjen of korrizjearjen fan oarspronklike Frysktalige fiksje te befoarderjen.

 

C

Nei kêst 2.2.2, ûnderdiel d, wurdt in ûnderdiel ynfoege, dat sa giet:

 

  • e.

    it redigearjen of taalkundich korrizjearjen fan nije oarspronklike Frysktalige fiksje

D.

Nei kêst 2.2.7, twadde lid, wurdt in lid ynfoege, dat sa giet:

 

  • 3.

    Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder e, jildt dat it redigearjen of taalkundich korrizjearjen troch in profesjonele redakteur of korrektor útfierd wurdt.

E.

Nei kêst 2.2.8, twadde lid, wurdt in lid ynfoege, dat sa giet:

 

  • 3.

    Foar de aktiviteit, as bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder e, bedraacht it subsydzje € 0.02 it wurd, mei in maksimum fan €2000.

F.

Yn kêst 2.2.10, earste lid, wurdt ‘a oant en mei c’ ferfongen troch ‘a oant en mei c en e’.

 

G.

Paragraaf 2.3 ferfalt, mei de betingst dat sy jilden bliuwt foar oanfragen dy’t foar it fan krêft wurden fan dizze regeling yntsjinne binne.

 

H.

Kêst 2.6.8. wurdt:

 

Kêst 2.6.8 Hichte subsydzje

 

It subsydzje bedraacht:

 

  • a.

    Foar de publikaasje fan fiksje en non-fiksje yn boekfoarm: € 2.000;

  • b.

    Foar de publikaasje fan in audityf of digitaal boek: € 1.600;

  • c.

    Foar de publikaasje fan in dichtbonde: € 1.000;

  • d.

    Foar de publikaasje fan in novelle: € 1.000,-.

I.

Paragraaf 3.1 ferfalt, mei de betingst dat sy jilden bliuwt foar oanfragen dy’t foar it fan krêft wurden fan dizze regeling yntsjinne binne.

 

J.

Paragraaf 3.3 ferfalt, mei de betingst dat sy jilden bliuwt foar oanfragen dy’t foar it fan krêft wurden fan dizze regeling yntsjinne binne.

 

K.

Paragraaf 3.5 ferfalt, mei de betingst dat sy jilden bliuwt foar oanfragen dy’t foar it fan krêft wurden fan dizze regeling yntsjinne binne.

 

L.

Paragraaf 4.1 ferfalt, mei de betingst dat sy jilden bliuwt foar oanfragen dy’t foar it fan krêft wurden fan dizze regeling yntsjinne binne.

 

M.

Kêst 4.2.1 wurdt:

 

Kêst 4.2.1 Doel

It subsydzje hat ta doel om Frysk yn in trochgeande line oan te bieden om it tal minsken dat Frysk ferstean, prate, lêze en skriuwe kin tanimme te litten en it stimulearjen fan it tanimmen fan it oantal lesoeren yn it MBU en fuortset ûnderwiis yn bysûnder foar in fakdosint Frysk foar de learjierren fanôf it twadde learjier oant en mei it eksamenjier.

 

N.

Nei kêst 4.2.2, ûnderdiel c, wurdt in ûnderdiel ynfoege, dat sa giet:

 

  • d.

    lesoeren dy’t ferbân hâlde mei it oanbieden fan it Frysk, tematysk of praktysk oanbean op it mêd fan skiednis, taal en kultuer, yn it spesjaal ûnderwiis fan it fuortset ûnderwiis dy’t ûnder de Wet op de Expertise Centra falle.

O.

Kêst 4.2.3 wurdt:

 

Kêst 4.2.3 Doelgroep

 

Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan skoallen yn Fryslân yn it fuortset

ûnderwiis en middelber beropsûnderwiis, dêrûnder ek yn it middelber beropsûnderwiis de regionale opliedingssintra of de agraryske opliedingssintra en yn it fuortset ûnderwiis it skoaltype praktykûnderwiis of it spesjaal ûnderwiis dy’t under de Wet op de Expertise Centra falt.

 

P.

Nei kêst 4.2.5 wurdt in kêst ynfoege, dat sa giet:

 

Kêst 4.2.5 a Wegeringsgrûnen

 

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

    net foldien wurdt oan de ûnder 4.2.6 neamde hifkingskriteria;

  • b.

    de hichte fan it frege subsydzje net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

  • c.

    der in grûndearre reden is dat de aktiviteit yn organisatoaryske, technyske, finansjele of ekonomyske sin net helber is.

Q.

Kêst 4.2.6, earste lid, ûnderdiel c, wurdt:

 

  • c.

    de lessen Frysk wurde fersoarge troch in fakdosint;

R.

Kêst 4.2.9, twadde lid, wurdt:

 

  • 2.

    De hichte fan it subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.2.2, ûnder b of d, bedraacht € 1.200 foar in ôfsûnderlik ûnderwiisblok by lesoeren fan 50 minuten.

Kêst II  

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it provinsjaal blêd, dêr’t sy yn stiet.

 

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 9 febrewaris 2021

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris R.E. Bouius-Riemersma, MBA MCM

Naar boven