Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafond en iepenstelling fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal foar dy’t heart by it beslút fan Deputearre Steaten fan 26 oktober 2021

Deputearre Steaten fan provinsje Fryslân stelle foar de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal it neikommende subsydzjeplafond en de iepenstelling fêst:

 

  • It subsydzjeplafond foar de yn kêst 3, ûnder a, fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal bedoelde subsidiabele aktiviteiten is fêststeld op € 100.000,-.

  • It hjirfoar neamde subsydzjeplafond jildt foar oanfragen dy’t ûntfongen binne fan 5 novimber 2021 oant en mei 30 novimber 2021.

  • De ferdieling fan de middels bart neffens kêst 7 fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal.

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is.

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 26 oktober 2021.

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris R.E. Bouius - Riemersma, MBA MCM

Naar boven