Beslút fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân fan 10 desimber 2019, mei skaaimerk 01713807, ta it wizigjen fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân

Deputearre Steaten fan Fryslân,

 

mei it each op kêst 1.3, fjirde lid fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013

 

beslute

 

de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân as neikomt te wizigjen:

Kêst I  

A

 

Kêst 1.1 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Kêst 1.1, ûnderdiel a. oant en mei ff. wurdt ferlettere nei b oant en mei gg.

     

  • 2.

    Nei it opskrift fan kêst 1.1 Begrypsbepalings wurdt in ûnderdiel a. ynfoege, dat sa giet:

     

    • a.

      aktive kultuerpartisipaasje: alle foarmen fan it aktyf beoefenjen en artistyk ûntwikkeljen fan kultuer yn de frije tiid, dus bûten skoalle en wurk;

B.

Kêst 2.1.2, ûnderdiel a, wurdt:

 

  • a.

    oarspronklike Frysktalige literatuer dy’t him rjochtet op bern of jongerein fan 6 oant en mei 16 jier;

C.

Nei kêst 2.1.6, ûnderdiel d, wurdt in ûnderdiel ynfoege, dat sa giet:

 

  • e.

    de aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.1.2, útsein ûnderdiel d, wurdt wegere as, yn it gefal fan in meartalige útjefte, de aktiviteit foarsjocht yn in skriuwen fan minder as 50% yn de Fryske taal.

D.

Kêst 2.2.2, ûnderdiel c, wurdt:

 

  • c.

    it oersetten fan in manuskript fan in noch net ferskynd boek nei it Frysk;

E.

Kêst 2.2.7, earste lid, wurdt:

 

  • 1.

    Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder a, b en c jildt dat de oersetting útfierd wurdt troch in by it Nederlands Genootschap van Tolken en Vertalers of by de Auteursbond oansletten oersetter of troch in oersetter dy’t al ien selsstannige literêre oersetting makke hat neffens it modelkontrakt fan de Groep Algemene Uitgevers en de Auteursbond.

F.

Yn kêst 2.2.10, earste lid, wurdt ‘Koninklijke Boekverkopers’ ferfongen troch ‘Koninklijke Boekverkopersbond’.

 

G.

Kêst 2.4.9, ûnderdiel b, wurdt:

 

  • b.

    ferbliuwskosten;

H.

Kêst 2.4.10 wurdt:

 

Artikel 2.4.10 Hichte subsydzje

It subsydzje bedraacht de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 2.250.

 

I.

Kêst 2.5.1 wurdt:

 

Kêst 2.5.1. Doel

It subsydzje hat ta doel om de sichtberens en it hearren fan de Fryske taal yn it iepenbiere libben en de publike romte yn Fryslân te fergrutsjen.

 

J.

Kêst 2.5.2 wurdt :

 

Kêst 2.5.2. Subsidiabele aktiviteiten

 

Subsydzje kin foar de neikommende aktiviteiten beskikber steld wurde:

 

  • a.

    aktiviteiten dy’t de sichtberens en it hearren fan de Fryske taal struktureel en foar langere tiid yn de Fryske mienskip oanwiisber fergrutsje en dêrmei de posysje fan dy taal ferstevigje;

  • b.

    it ûntwikkeljen fan oarspronklike Frysktalige kommunikaasjemiddels, bedoeld foar it publyk;

  • c.

    it oersetten fan besteande kommunikaasjemiddels rjochte op it publyk, nei de Fryske taal.

K.

Kêst 2.5.7 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Kêst 2.5.7, earste lid, wurdt:

    • 1.

      Foarsafier’t it needsaaklik en gaadlik is, komme alle kosten foar subsydzje yn ‘e beneaming, útsein de kosten dy’t yn kêst 2.5.7 a neamd wurde;

  • 2.

    Kêst 2.5.7, tredde lid, wurdt:

    • 3.

      Oars as yn twadde lid bedraacht de hichte fan it subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.5.2, ûnderdiel c, € 0,20 it wurd, mei in minimum fan € 100,- en in maksimum fan € 1000,-.

L.

Nei kêst 2.5.7 wurdt in kêst ynfoege, dat sa giet:

 

Kêst 2.5.7. a Net subsidiabele kosten

Mei behâld fan wat yn kêst 1.10 fan de Asv 2013 stiet komme kosten foar it ûntwikkeljen en ûnderhâlden fan websiden en apps en sa net foar subsydzje yn ‘e beneaming.

 

M.

Kêst 2.5.9 wurdt as nei komt wizige:

 

  • 1.

    Kêst 2.5.9, tredde lid, ferfalt.

  • 2.

    Nei kêst 2.5.9, twadde lid, wurde twa leden ynfoege, dat sa giet:

    • 3.

      As it subsydzje slacht op in aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.5.2, ûnderdiel c, wurdt oan de subsydzjeûntfanger yn alle gefallen de ferplichting oplein dat it materiaal op syn minst twa jier nei de beskikking ta fêststelling fan it subsydzje yn stân hâlden wurde moat.

    • 4.

      De teksten oersette te litten troch in oersetter dy’t betûft is yn it Frysk, of der yn alle gefallen foar te soargjen dat de teksten yn geef Frysk en sûnder skriuwflaters te lêzen binne.

N.

Kêst 2.5.10, earste lid, wurdt;

 

  • 1.

    It subsydzje wurdt direkt fêststeld en yn ien kear útbetelle.

O.

Kêst 2.6.7, earste lid, wurdt:

 

  • 1.

    Der wurdt gebrûk makke fan it modelkontrakt fan de Groep Algemene Uitgevers en de Auteursbond of, fan in kontrakt dat op it modelkontrakt basearre is.

P.

Kêst 2.6.8, ûnderdiel a, wurdt:

  • a.

    Foar de publikaasje fan fiksje en non-fiksje yn boekfoarm: op syn meast € 2.000;

Q.

Kêst 3.2.2, ûnderdiel g., wurdt:

 

  • g.

    it stimulearjen fan aktive kultuerpartisipaasje troch it kreëarjen fan kultureel oanbod.

R.

Nei kêst 3.2.6, ûnderdiel f., wurde twa ûnderdielen ynfoege, dat sa giet:

 

  • g.

    foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnderdiel g, de oanfreger earder al foar deselde aktiviteit subsydzje krigen hat;

  • h.

    foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnderdiel g, de aktiviteit foar ien kear is.

S.

Kêst 3.2.7, seisde lid, wurdt;

 

  • 6.

    Foar de aktiviteiten bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder g:

    • a.

      de aktiviteit hat in boppelokaal belang;

    • b.

      de aktiviteit rjochte is op de doelgroep minsken fan 65 jier en âlder of minsken mei in beheining of in groanyske sykte;

    • c.

      de ûnder b neamde doelgroep leveret in aktive bydrage oan de aktiviteit;

    • d.

      de aktiviteit moat fan foldwaande artistyk-ynhâldlik kwaliteit wêze, yn alle gefallen garandearre trochtdat der in professional út de keunstsektor by behelle is;

    • e.

      strukturele gearwurking mei in ûnderwiisynstelling, soarchynstelling of wolwêzensynstelling;

    • f.

      de aktiviteit is finansjeel likegoed as ynhâldlik en artistyk nei de subsidiearre perioade foar op syn minst in jier garandearre;

    • g.

      de aktiviteit hat in foarbyldfunksje;

    • h.

      út de oanfraach moat dúdlik nei foaren komme dat de aktiviteit nei ôfstimming mei de doelgroep fêststeld is.

T.

Artikel 3.2.12 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Artikel 3.2.12, foar de oanhef wurdt oantsjutting ‘1’ ynfoege.

  • 2.

    Nei kêst 3.2.12, earste lid, wurdt in lid ynfoege, dat sa giet:

    • 2.

      Oan de subsydzjeûntfanger wurdt yn it gefal fan in aktiviteit as bedoeld yn kêst 3.2.2., ûnder d, yn alle gefallen de ferplichting oplein dat de aktiviteit binnen in jier nei datum fan de subsydzjeferliening útfierd wurdt.

U.

Ûnder it omnûmerjen fan kêst 3.3.10, twadde lid ta tredde lid wurdt nei kêst 3.3.10, earste lid, in lid ynfoege, dat sa giet:

 

  • 2.

    Foarsafier ’t it om aktiviteiten as bedoeld yn kêst 3.3.2 ûnderdiel b giet komme allinne dy kosten foar subsydzje yn ‘e beneaming dy’t slagge op de oeren dy’t de komponist makket foar it skriuwen;

V.

Kêst 3.5.3., earste lid, wurdt:

 

  • 1.

    Subsydzje wurdt inkeld en allinne oan in útkeaporganisaasje of kulturele sintrum, as rjochtspersoan mei folslein rjochtsfoech, beskikber steld, dy’t yn it rinnende kalinderjier op syn minst trije foarstellings op ôfsûnderlike data programmearje.

W.

Nei kêst 3.5.11 wurdt in kêst ynfoege, dat sa giet:

 

Kêst 3.5.11 a Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

 

Oan de subsydzjeûntfanger wurdt yn it gefal fan in aktiviteit as bedoeld yn kêst 3.5.2 yn alle gefallen de ferplichting oplein dat de produksje binnen twa jier nei datum fan it beskikber stellen fan it subsydzje yn Fryslân útfierd wurdt.

 

X.

Paragraaf 3.7 ferfalt, mei de betingst dat sy jilden bliuwt foar oanfragen dy’t foar it fan krêft wurden fan dizze regeling yntsjinne binne.

 

IJ.

It opskrift fan paragraaf 4.1 wurdt:

 

Paragraaf 4.1 Frysk en meartaligens yn it ûnderwiis

 

Z.

Kêst 4.1.1. wurdt:

 

Kêst 4.1.1. Doel

It subsydzje hat ta doel om aktiviteiten te stypjen dy’t ornearre binne om it Frysk, de streektalen yn libben gebrûk en it meartaligens yn it ûnderwiis fan de provinsje Fryslân te befoarderjen.

 

AA.

Kêst 4.1.2 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Kêst 4.1.2, ûnderdiel a, ûnder 2o, wurdt:

    • 2°.

      it ûntwikkeljen of by de tiid hâlden fan lesmateriaal en -metoaden.

  • 2.

    Kêst 4.1.2, ûnderdiel b, ûnder 30, wurdt:

    • 3°.

      It ûntwikkeljen of by de tiid hâlden fan lesmateriaal en – metoaden;

  • 3.

    Kêst 4.1.2, ûnderdiel c wurdt:

    • c.

      it útfieren fan wittenskiplik (ûnderwiis)ûndersyk op it mêd fan Vroeg- en Voorschoolse Educatie (VVE), primêr en fuortset ûnderwiis.

BB.

Nei kêst 4.1.6, ûnderdiel b, wurdt in ûnderdiel ynfoege, dat sa giet:

 

  • c.

    it projekt nei it oardiel fan Deputearre Steaten net foarsjocht yn it ferlet fan de skoallen binnen it ûnderwiis oangeande de aktiviteiten ûnder kêst 4.1.2., ûnderdiel a ûnder 20 of kêst 4.1.2., ûnderdiel b, ûnder 30 of 40.

CC.

Kêst 4.1.8, ûnderdiel b, wurdt:

 

  • b.

    kosten foar de technyske ûntwikkeling of trochûntwikkeling fan digitaal lesmateriaal en -metoaden.

DD.

Kêst 4.2.6 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Kêst 4.2.6, earste lid, ûnderdiel d, ferfalt.

  • 2.

    Kêst 4.2.6. twadde lid, ferfalt.

  • 3.

    Kêst 4.2.6, tredde lid omnûmere nei twadde lid.

EE.

Nei kêst 4.3.8 wurdt in kêst ynfoege, dat sa giet:

 

Kêst 4.3.9 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

Mei behâld fan de ferplichtings dy’t folgje út de Awb en de kêsten 2.13 en 2.14 fan de Asv 2013 wurdt oan de subsydzjeûntfanger foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 4.3.2. yn alle gefallen de ferplichting oplein dat:

  • a.

    it foechhawwend gesach en de oanbelangjende skoallen it subsydzje besteegje foar it kommende skoaljier en net reservearre meie foar in oar skoaljier;

  • b.

    it foechhawwend gesach de oanbelangjende skoallen op ’e hichte bringt fan it takende subsydzje en de bestegingsbetingsten.

Kêst II  

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it provinsjaal blêd, dêr’t sy yn stiet.

 

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 10 desimber 2019

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris R.E. Bouius-Riemersma, MBA MCM

Naar boven