Beslút fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân fan 18 desimber 2018, mei skaaimerk 01616100, ta it wizigjen fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân

Deputearre Steaten fan Fryslân,

 

mei it each op kêst 1.3, fjirde lid fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013

 

beslute

 

de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân as neikomt te wizigjen:

Kêst I  

A.

Kêst 2.1.2 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Yn kêst 2.1.2, ûnder a, wurdt ‘jeugdliteratuer’ ferfongen troch ‘jongereinliteratuer’.

     

  • 2.

    2. Kêst 2.1.2, ûnder b, wurdt:

     

    • b.

      de earste Frysktalige publikaasje fan in skriuwer of de earste Frysktalige publikaasje fan in skriuwer yn in foar dy skriuwer nij literêr sjenre;

B.

Yn kêst 2.1.7, tredde lid, ûnder a, ûnderdiel 10, wurdt oan de ein ‘;’ ferfongen troch ‘; of’ .

 

C.

Kêst 2.1.9 ferfalt.

 

D.

Kêst 2.1.10 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    It opskrift fan kêst 2.1.10 wurdt:

     

Kêst 2.1.10 Ferdielsystematyk aktiviteiten kêst 2.1.2

 

  • 2.

    Yn kêst 2.1.10, ûnder a, ferfalt ‘ , ûnder e, ’.

     

E.

Kêst 2.1.11, earste lid, wurdt:

 

  • 1.

    Oan de subsydzjeferliening wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder a en b, yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it boek binnen twa jier nei de datum fan it fêststellen fan it subsydzje yn de hannel brocht is en it boek te krijen is by boekhannels dy’t by de Koninklijke Boekverkopersbond oansletten binne of op in algemien tagonklik plak op ynternet of as lûdsdrager te krijen is.

     

F.

Kêst 2.2.3, ûnder a, wurdt:

 

  • a.

    foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 2.2.2. ûnder a, b en c: oan in erkende útjouwer of in organisaasje dy’t him foar it meastepart dwaande hâldt mei de Fryske taal of dy’t as erkende streektaalorganisaasje tsjinnet;

G.

Kêst 2.2.10, earste lid, wurdt:

 

  • 1.

    Oan de subsydzjeûntfanger wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder a oant en mei c, yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it boek binnen in jier nei de datum fan it fêststellen fan it subsydzje yn de hannel brocht is en it boek te krijen is by boekhannels dy’t by de Koninklijke Boekverkopers oansletten binne of op in algemien tagonklik plak op ynternet of as lûdsdrager te krijen is.

     

H.

Yn kêst 2.4.10 ferfalt ‘op syn meast’.

 

I.

Kêst 2.5.2, ûnderdiel c, wurdt:

 

  • c.

    it ûntwikkeljen of oersetten fan kommunikaasjemiddels rjochte op it publyk, nei de Fryske taal;

     

J.

Yn kêst 2.5.2, ûnderdiel d, ferfalt ‘, skriftlike, ‘.

 

K.

Kêst 2.5.3 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Kêst 2.5.3, ûnderdiel b, ferfalt.

     

  • 2.

    Yn kêst 2.5.3, ûnderdiel a, ferfalt letter a en wurdt de puntkomma oan de ein troch in punt ferfongen.

     

L.

Nei kêst 2.5.5 wurdt in kêst ynfoege, dat sa giet:

 

Kêst 2.5.5 a Wegeringsgrûnen

 

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

     de hichte fan it frege subsydzje net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

  • b.

     it projekt nei it oardiel fan Deputearre Steaten yn organisatoaryske, finansjele of technyske sin net helber is;

  • c.

     de oanfreger earder al foar deselde aktiviteit subsydzje krige hat;

  • d.

    der in oare provinsjale subsydzjeregeling is op grûn wêrfan ’t foar de aktiviteit subsydzje oanfrege wurde kin.

     

M.

Kêst 2.5.6, twadde lid, ferfalt.

 

N.

Kêst 2.5.7 wurdt:

 

Kêst 2.5.7 Subsidiabele kosten en hichte fan it subsydzje

  • 1.

    Foar safier needsaaklik en adekwaat binne alle foar de útfiering fan de subsidiabele aktiviteit te meitsjen kosten subsidiabel.

  • 2.

     De hichte fan it subsydzje bedraacht maksimaal 80% fan de subsidiabele kosten de aktiviteit, mei in minimum fan € 250,- en in maksimum fan € 3000,-.

  • 3.

    Oars as yn it twadde lid bedraacht de hichte fan it subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.5.2, ûnderdiel c, € 0,15 it wurd, mei, ynklusyf ûntwikkelkosten, in minimum fan € 250,- en in maksimum fan € 3000,-

     

O.

Kêst 2.5.9, tredde lid, wurdt:

 

  • 3.

    As it subsydzje slacht op in aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.5.2, ûnderdiel b, wurdt oan de subsydzjeûntfanger yn alle gefallen de ferplichting oplein dat de webside op syn minst fjouwer jier nei de beskikking ta fêststelling fan it subsydzje yn stân hâlden wurde moat, wêrby’t de standertynstelling yn ‘e Fryske taal werjûn wurdt.

     

P.

Kêst 3.2.2, ûnderdiel g, wurdt:

  • g.

    it stimulearjen fan aktive kultuerpartisipaasje fan âlderen fan 65 jier en âlder.

     

Q.

Nei kêst 3.2.6, ûnderdiel e, wurdt in ûnderdiel tafoege, dat giet sa:

 

  • f.

    net foldien wurdt oan de ûnder 3.2.7 neamde hifkingskritearia.

     

R.

Kêst 3.2.7 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Efter kêst 3.2.7, seisde lid, ûnderdiel b, wurdt in puntkomma set.

     

  • 2.

    Nei kêst 3.2.7, seisde lid,  ûnderdiel c, wurde twa ûnderdielen tafoege, dy’t sa gean:

    • d.

      de aktiviteit moat fan foldwaande artistyk-ynhâldlik nivo wêze, yn alle gefallen garandearre trochdat der in professional út de keunstesektor by behelle is;

    • e.

       gearwurking mei in ûnderwiisynstelling, soarchynstelling of wolwêzensynstelling.

       

S.

Yn kêst 3.2.8, fiifde lid, wurdt ‘€ 8000’ ferfongen troch ‘€ 16.000’ .

 

T.

Yn kêst 3.3.12 wurdt ‘a’ ferfongen troch ‘a en b’.

 

U.

Kêst 3.3.13 wurdt:

 

Kêst 3.3.13 Prestaasjeferantwurding

  • 1.

    It subsydzje wurdt fêststeld sûnder dat oan de beskikking ta subsydzjefêststelling in beskikking ta subsydzjeferliening foarôfgiet.

  • 2.

    De subsydzjeûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, nei in yn de beskikking neamde termyn, sjen dat de aktiviteit dêr’t subsydzje foar beskikber steld is, útfierd is en hoe’t oan de ferplichtings foldien is dy’t mei it fêststellen fan it subsydzje anneks binne.

     

V.

Kêst 4.2.6, earste lid, ûnderdiel d, wurdt:

  • d.

    de groepsgrutte yn de learjierren 2 vmbo, 2 en 3 havo en 2 en 3 vwo foar it fak Frysk is op syn minst tsien learlingen, útsein aktiviteiten dy’t it fuortset spesjaal ûnderwiis as bedoeld yn de Wet op de expertisecentra oanbelangje.

     

W.

Kêst 4.2.8, twadde lid, wurdt:

  • 2.

    Oars as yn it earste lid oanjûn is, wurdt foar de learjierren 3 en 4 vmbo, 4 en 5 havo en 4, 5 en 6 vwo subsydzje beskikber steld foar it tal lesoeren yn ’e wike mei-inoar dat yn it ramt fan it eksamenprogramma fan it fak Frysk jûn wurdt.

Kêst II  

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it provinsjaal blêd, dêr’t sy yn stiet.

 

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 18 desimber 2018

 

 

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

 

Sekretaris R.E. Bouius-Riemersma, MBA MCM

Naar boven