Beslút fan 11 desimber 2018, mei skaaimerk 01593514, ta wiziging fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân foar de paragrafen 5.1 (Grutskalige sporteveneminten) en 5.2 (Fryske sporten).

Deputearre Steaten fan Fryslân,

 

Mei yn acht nimming fan kêst 1.3, fjirde lid fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013

 

beslute

 

de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân as folget te wizigjen:

Kêst I

A.

Kêst 5.1.9 wurdt as folget wizige:

 

  • 1.

    Yn kêst 5.1.9, ûnderdiel f, wurdt de punt oan de ein ferfongen troch in puntkomma.

  • 2.

    Nei kêst 5.1.9, ûnderdiel f, wurdt in ûnderdiel taheakke, nammentlik:

     

    • g.

      oankeap fan shirts foar dielnimmers is net subsidiabel, of it moat wêze dat dizze oankeap foar frijwilligers, skiedsrjochters of sjueryleden is.

 

B.

Kêst 5.2.9 wurdt as folget wizige:

 

  • 1.

    Yn kêst 5.2.9, ûnderdiel f, wurdt de punt oan de ein ferfongen troch in puntkomma.

  • 2.

    Nei kêst 5.2.9, ûnderdiel f, wurdt in ûnderdiel taheakke, nammentlik:

     

    • g.

      oankeap fan shirts foar dielnimmers is net subsidiabel, of it moat wêze dat dizze oankeap foar frijwilligers, skiedsrjochters of sjueryleden is.

Kêst II

Dit beslút giet yn op de dei nei de datum fan útjefte fan it provinsjaal blêd dêr’t it beslút yn pleatst wurdt.

Naar boven