Beslút fan 30 oktober, mei skaaimerk 01582700, ta wiziging fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân

Deputearre Steaten fan Fryslân,

 

mei it each op kêst 1.3, fjirde lid fan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2013

 

beslute

 

de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân as neikomt te wizigjen:

Kêst I

A.

Kêst 3.6.5 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Yn kêst 3.6.5, ûnderdiel f, wurdt ‘21’ ferfongen troch: ‘42 ‘.

 

  • 2.

    Kêst 3.6.5, ûnderdiel g, giet sa:

     

    • g.

      de hichte fan it subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 3.6.2, ûnderdiel a, minder as € 80.000,- bedraacht foar it twa kear organisearjen fan in festival;

 

  • 3.

    Ûnder ferletterjen fan ûnderdiel h oant i, wurdt nei kêst 3.6.5, ûnderdiel g in ûnderdiel ynfoege, dat sa giet:

     

    • h.

      de hichte fan it subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 3.6.2, ûnderdiel b, minder as € 40.000,- bedraacht foar it twa kear organisearjen fan in festival;

 

  • 4.

    Yn kêst 3.6.5, ûnderdiel i, wurdt ‘€ 10.000,-’ ferfongen troch ‘€ 20.000,-’ ;

 

  • 5.

    Nei kêst 3.6.5, ûnderdiel i in ûnderdiel ynfoege, dat sa giet:

     

    • j.

      de aktiviteit set yn itselde kalinderjier útein as wêryn’t de subsydzje-oanfraach ûntfongen s.

 

B.

Kêst 3.6.6 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Kêst 3.6.6, ûnderdielen a en b, ferfalle, ûnder ferletterjen fan de ûnderdielen c en d ta a en b.

     

  • 2.

    Kêst 3.6.6, ûnderdiel b, giet sa:

     

    • b.

      de oanfraach hat te krijen mei in jierliks weromkommend festival dat op syn minst foar twa kalinderjierren efterinoar, direkt oanslutend op it kalinderjier dêr’t de subsydzje-oanfraach yn ûntfongen is, organisearre wurdt.

 

C.

Kêst 3.6.8 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Kêst 3.6.8, earste lid, giet sa:

     

    • 1.

      Foar de aktiviteit, as bedoeld yn kêst 3.6.2., ûnderdiel a, bedraacht de hichte fan it subsydzje maksimaal 50% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 200.000.

 

  • 2.

    Ûnder omnûmerjen fan it twadde lid wurdt in lid ynfoege, dat giet sa:

     

    • 2.

      Foar de aktiviteit, as bedoeld yn kêst 3.6.2, ûnderdiel b, bedraacht de hichte fan it subsydzje maksimaal 50% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 100.000.

 

D.

Kêst 3.6.9 wurdt as neikomt wizige:

 

  • 1.

    Kêst 3.6.9, earste lid, ûnderdiel a, ûnder 1º giet sa:

     

    • fakmanskip: steat fan tsjinst fan de festivalorganisaasje of fan de programmearre makkers en kuratoaren;

 

  • 2.

    Kêst 3.6.9, earste lid, ûnderdiel a, ûnder 3º giet sa:

     

    • oarspronklikheid: werkenbere sinjatuer fan de aktiviteit, tafoeging oan it besteande oanbod binnen it oanbelangjende festivalsjenre yn de provinsje Fryslân en, foar safier fan tapassing, yn de gemeente Ljouwert;

 

  • 3.

    Kêst 3.6.9, ûnderdiel a, ûnder 4º giet sa:

     

    • fernijing: artistike ûntwikkeling, fernijende programmearring of takomstpotinsje en -bestindigens;

 

  • 4.

    Kêst 3.6.9, ûnderdiel b, ûnder 1º giet sa:

     

    • edukaasje: oanwêzigens fan aktiviteiten oangeande keunst- en kultueredukaasje of talintûntwikkeling bedoeld foar spesifike doelgroepen;

 

  • 5.

    Kêst 3.6.9, twadde lid, giet sa:

     

    • 2.

      Der wurde maksimaal 10 punten de yndikator takend op in skaal fan 0 oant 10.

 

  • 6.

    Yn kêst 3.6.9, fjirde lid, wurdt ‘21’ ferfongen troch: ‘42’.

 

E.

Kêst 3.6.11 giet sa:

 

Kêst 3.6.11 Ferplichtings

Mei behâld fan de betingsten en ferplichtings yn paragraaf 2.3 fan de ASV wurdt oan de subsydzjeûntfanger de ferplichting oplein om alle jierren in festival te organisearjen fan likense aard en omfang yn finansjele, organisatoaryske en programmatyske sin.

 

F.

Kêst 3.6.12, twadde en tredde lid, ferfalle, ûnder omnûmerjen fan it fjirde lid ta twadde lid.

Kêst II

Dizze regeling wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it provinsjaal blêd, dêr’t sy yn stiet.

 

Naar boven