Beslút fan 26 juny 2018, mei skaaimerk 01533129, ta it wizigjen fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân

Deputearre Steaten fan Fryslân,

 

Mei it each op kêst 1.3 fjirde lid fan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2013

 

beslute

 

de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân as neikomt te wizigjen:

Kêst I

A

 

Mei it omletterjen fan de ûnderdielen u oant en mei dd nei v oant en mei ee wurdt yn kêst 1.1 nei ûnderdiel t in ûnderdiel ynfoege, dat sa giet:

 

  • u

    PO profyl: profyl A o/m G lykas foar it primêr ûnderwiis fêstlein yn de beliedsregel foar it krijen fan ûntheffing foar it fak Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis;

 

Nei ûnderdiel ee wurdt in nij ûnderdiel ynfoege dat sa giet:

 

  • ff

    VO profyl: profyl A t/m D lykas foar it fuortset ûnderwiis fêstlein yn de beliedsregel foar it krijen fan ûntheffing foar it fak Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis;

 

B

Yn it earste lid fan kêst 4.3.4 wurdt nei “Basisregister Underwiis” de neikommende sin tusken foege: as bedoeld yn kêst 24b fan de Wet op het onderwijstoezicht

 

C

 

Kêst 4.3.6 wurdt as neikomt wizige:

 

  • a.

    Yn it twadde lid wurdt de sin “wurdt evenredich ferparte oer it tal learlingen yn it primêr ûnderwiis dat it fak Frysk ûnderwiisd kriget.” ferfongen troch: wurdt ferparte neffens it oan in ûnderwiisynstelling foar primêr ûnderwiis takende profyl.

  • b.

    It fjirde en it fiifde lid ferfalle.

  • c.

    Mei it omnûmerjen fan it tredde nei it fjirde lid, wurdt nei it twadde lid in nij lid ynfoege, dat sa giet:

    • 3.

      in ûnderwiisynstelling mei:

      • a.

        profyl A kriget € 10,20 de learling;

      • b.

        profyl B kriget € 8,78 de learling;

      • c.

        profyl C kriget € 7,36 de learling;

      • d.

        profyl D kriget € 5,94 de learling;

      • e.

        profyl E kriget € 4,53 de learling;

      • f.

        profyl F kriget € 3,11 de learling.

 

D.

Nei kêst 4.3.6. wurde twa nije kêsten ynfoege, dy’t sa gean:

 

Kêst 4.3.7

  • 1.

    By de hichte fan it subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.3.2 ûnder b giet it om in bedrach foar in ôfsûnderlike learling foar it fak Frysk yn de earste klasse. Dat wurdt berekkene op grûn fan de bekostiging dy’t it Ryk alle jierren beskikber stelt yn it ramt fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer, foar materiële ynstânhâlding fan it Frysk yn it fuortset ûnderwiis.

  • 2.

    De bekostiging dy’t yn it earste lid neamd wurdt, wurdt ferparte neffens it oan in ûnderwiisynstelling foar fuortset ûnderwiis takende profyl.

  • 3.

    in ûnderwiisynstelling mei:

    • a.

      profyl A kriget € 12,36 de learling;

    • b.

      profyl B kriget € 8,89 de learling;

    • c.

      profyl C1 kriget € 5,42 de learling;

    • d.

      profyl C2 kriget € 1,96 de learling.

 

Kêst 4.3.8

It bedrach de learling yn kêst 4.3.6, tredde lid en kêst 4.3.7, tredde lid wurdt alle jierren troch Deputearre Steaten fêststeld mei it yn achtnimmen fan it fêststelde subsydzjeplafond. It bedrach de learling wurdt berekkene oan ‘e hân fan de troch Deputearre Steaten fêststelde ferdielkaai en it tal learlingen yn it basisregister ûnderwiis as bedoeld yn kêst 24b fan de Wet op het onderwijstoezicht.

Kêst II

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it provinciaal blad dêr’t it ynset wurdt.

Taljochting

Mei in wetswiziging ein 2014 hawwe Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân it foech fan it Ryk krigen om (parsjele) ûntheffing te ferlienen foar it fak Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis. Dat hâldt yn dat Deputearre Steaten no, neist in folsleine ûntheffing, ek in ûntheffing foar in part foar it fak Frysk jaan kinne. Mei it fan krêft wurden fan de ‘Beleidsregel voor het verkrijgen van ontheffing voor het vak Fries in het primair en voortgezet onderwijs’ yn 2015, binne yn de perioade dêrnei alle oanbelangjende skoallen, yn it ramt fan it Taalplan Frysk, besocht en yndield yn ien fan de profilen foar it primêr en fuortset ûnderwiis. Dy nulmjitting fan de status-quo docht rjocht oan de posysje fan it Frysk yn ‘e regio dêr’t de skoalle stiet en oan de wize wêrop’t it Frysk yn ‘e praktyk ûnderwiisd wurde kin op alle yndividuele skoallen. Dêrtroch wurdt ek it formulearjen en stypjen fan ambysjes op it mêd fan it fak Frysk better mooglik, wêrtroch ’t skoallen makliker oan de kearndoelen Frysk foldwaan kinne.

 

Om oan de posysje fan it Frysk, ek yn de ferdieling fan finânsjes, rjocht te dwaan, wurdt mei de wiziging fan de subsydzjeregeling de MYF ferparte oer de learlingen op grûn fan it profyl dêr’t de skoalle yn yndield is. It útgongspunt is hoe heger it profyl fan in skoalle, hoe heger it bedrach oan MYF de learling op grûn fan in evenredige opbou.

 

It bedrach de learling it profyl wurdt alle jierren troch Deputearre Steaten fêststeld. Útgongspunt dêrby is it bedrach dat alle jierren beskikber is foar de materiële ynstânhâlding fan it Frysk fan it Ryk foar it primêr en fuortset ûnderwiis yn it ramt fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer.

Naar boven