Beslút fan 19 desimber 2017, mei skaaimerk 01475897 oangeande it fêststellen fan in regeling ta wiziging fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân

Deputearre Steaten fan Fryslân,

 

mei it each op kêst 1.3, fjirde lid, fan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2013;

 

beslút:

 

fêst te stellen de neikommende regeling ta wiziging fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân

 

I.

De Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân wurdt as neikomt wizige:

 

 

A.

Yn kêst 1.1 wurdt nei ûnder o, ûnder op ‘en nij nûmerjen fan ûnderdiel p oant en mei cc nei q oant en mei dd, in ûnderdiel ynfoege, dat sa giet:

  • p.

    novelle: in proazaferhaal fan beheinde omfang, mei in ienfâldige struktuer en in lyts tal personaazjes;

 

B.

Yn kêst 2.1.7, earste lid, ûnderdiel b wurdt nei “oerienkomst” ynfoege: of yntinsjeferklearring.

Yn kêst 2.1.7, twadde lid, ûnderdiel b wurdt nei “oerienkomst” ynfoege: of yntinsjeferklearring.

Yn kêst 2.1.7, tredde lid, ûnderdiel b wurdt nei “oerienkomst” ynfoege: of yntinsjeferklearring.

Yn kêst 2.1.7, fjirde lid wurdt “dy’t him oanwiisber beropsmjittich mei skriuwen dwaande hâldt” ferfongen troch: dy’t oanwiisbere ûnderfining hat op it mêd fan it skriuwen fan Frysktalige teksten.

 

C.

Yn kêst 2.1.11, earste lid, wurdt “ûnder a, b en d” ferfongen troch: ûnder a en b

Yn kêst 2.1.11, twadde lid, wurdt “ûnder c” ferfongen troch: ûnder c en d

It tredde lid fan kêst 2.1.11 wurdt as neikomt:

  • 3.

    Oan de subsydzjeferliening wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder e, yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it toanielstik binnen twa jier nei de datum fan it fêststellen fan it subsydzje troch in toanielferiening yn de provinsje Fryslân opfierd wurdt.

 

D.

Nei kêst 2.2.6, ûnderdiel e, wurdt, ûnder ferfanging fan de punt oan de ein fan ûnderdiel e troch in puntkomma, in ûnderdiel f ynfoege, dat sa giet:

  • f.

    de aktiviteit dy’t oanfrege is gjin subsidiabele aktiviteit is as bedoeld ûnder kêst 2.2.2.

 

E.

It twadde lid fan kêst 2.2.7, wurdt as neikomt:

  • 2.

    Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder d, jildt dat de oersetting útfierd wurdt troch immen dy’t oanwiisbere ûnderfining hat op it mêd fan it oersetten fan Frysktalige teksten.

 

F.

It twadde lid fan kêst 2.2.10 wurdt as neikomt:

  • 3.

    Oan de subsydzjeferliening wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.2.2 ûnder d yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it toanielstik binnen twa jier nei de datum fan fêststellen fan it subsydzje troch in toanielferiening yn de provinsje Fryslân opfierd wurdt.

 

G.

Yn kêst 2.5.2, ûnderdiel b, ferfalt “net-Frysktalige”.

Nei kêst 2.5.2, ûnderdiel c, wurdt, ûnder ferfanging fan de punt oan de ein fan ûnderdiel c troch in puntkomma, in ûnderdiel ynfoege, dat sa giet:

  • d.

    it ûntwikkeljen fan oarspronklike, skriftlike, kommunikaasjemiddels, bedoeld foar it publyk, yn de Fryske taal.

 

H.

Nei kêst 2.5.6, earste lid, ûnderdiel b, wurdt, ûnder ferfanging fan de punt oan de ein fan ûnderdiel b troch in puntkomma, in ûnderdiel ynfoege, dat sa giet:

  • c.

    is gjin aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.1.2 of kêst 2.2.2 fan dizze regeling.

 

I.

Yn kêst 2.5.7, twadde lid, wurdt “oersetaktiviteiten” ferfongen troch: de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.5.2, ûnderdiel c.

 

J.

Yn kêst 2.6.7 ferfalt “yn gefal fan in audityf boek,”

 

K.

Paragraaf 2.7 ferfalt, mei de betingst dat sy jilden bliuwt foar oanfragen dy’t foar it fan krêft wurden fan dizze regeling yntsjinne binne.

 

L.

Yn kêst 3.2.2, ûnderdiel d, wurde nei “fan de repetysjes en de” de neikommende wurden ynfoege: dêrút folgjende

 

M.

Kêst 3.2.3, earste lid, wurdt as neikomt:

  • 1.

    Subsydzje, mei útsûndering fan subsydzje as bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnderdiel g, wurdt allinne oan rjochtspersoanen mei folslein rjochtsfoech beskikber steld.

Yn kêst 3.2.3, tredde lid, ferfalt “, dêr’t hja net it grutste finansjele oanpart yn de projektkosten yn hawwe en as hja net de haadoanfreger binne”.

 

N. 

Nei kêst 3.2.7, fjirde lid, wurdt, ûnder it fernûmerjen fan it fiifde lid ta it seisde lid, in lid ynfoege, dat sa giet: 

  • 5.

    Foar de aktiviteit, as bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder e:

    • a.

      de aktiviteit moat rjochte wêze op in duorsume útwikseling;

    • b.

      de aktiviteit moat nei it oardiel fan deputearre steaten bydrage oan it fersterkjen fan de Fryske taal.

Yn de oanhef fan kêst 3.2.7, seisde lid, ûnderdiel c, wurdt “de oanfraach moat komponinten fan de neikommende wearden hawwe” wizige yn: de oanfraach moat him yn alle gefallen rjochtsje op ien fan de neikommende komponinten.

 

O. 

Yn kêst 3.2.8, fiifde lid, wurdt “€ 4.000” ferfongen troch: € 8.000

 

P. 

Yn kêst 3.5.3, twadde lid, ferfalt  “sûnder winsteachmerk,“.

 

Q.  

Kêst 3.5.6, ûnderdiel a, ferfalt.

 

Nei kêst 3.5.6, ûnder c, wurdt ûnder ferfanging fan de punt oan de ein fan ûnderdiel c troch in puntkomma, in ûnderdiel ynfoege, dat sa giet: 

  • d.

    it beskikber te stellen subsydzje minder as € 250 bedraacht.

 

R. 

Kêst 3.5.7, ûnderdiel b, ferfalt.

 

S. 

Kêst 3.5.9 ferfalt.

 

T. 

Kêst 3.5.10 ferfalt.

 

U. 

Kêst 3.5.11 wurdt as neikomt: 

Kêst 3.5.11 Hichte fan it subsydzje

It subsydzje bedraacht € 750 foar elke aparte foarstelling, mei in maksimum fan € 2.250 de oanfreger.

 

V. 

Kêst 3.6.13 ferfalt.

 

W. 

Kêst 3.7.3 wurdt as neikomt: 

Kêst 3.7.3 Doelgroep

Der wurdt gjin subsydzje beskikber steld oan rjochtspersoanen dy’t in boekjiersubsydzje fan de provinsje krije, of it moat wêze dat se as projektpartner diel útmeitsje fan in gearwurkingsferbân, dêr’t sy net it grutste finansjele oandiel yn de projektkosten yn hawwe en net de haadoanfreger binne.

 

X. 

Kêst 4.1.8, twadde en tredde lid, ferfalle.

 

Y. 

It twadde oant en mei achtste lid fan kêst 4.1.10, en ek de oantsjutting ‘1’ foar it earste lid ferfalle.

 

Z. 

De ûnderdielen b, c en d fan kêst 4.1.12 ferfalle, ûnder it fernûmerjen fan ûnderdiel e ta ûnderdiel b.

 

AA. 

Kêst 4.1.14 ferfalt.

 

BB. 

Yn kêst 4.2.2, ûnderdiel b, ferfalt “en yn it fuortset ûnderwiis foar it skoaltype praktykûnderwiis”. 

Nei kêst 4.2.2, ûnderdiel b, wurdt in ûnderdiel ynfoege en dat giet sa: 

  • c.

    lesoeren dy’t ferbân hâlde mei it oanbieden fan it Frysk, tematysk of praktysk oanbean op it mêd fan skiednis, taal en kultuer, yn it fuortset ûnderwiis foar it skoaltype praktykûnderwiis.

 

CC. 

Yn de oanhef fan kêst 4.2.6, tredde lid, wurdt nei “ûnder b” ynfoege: en c 

Yn de oanhef fan kêst 4.2.6, tredde lid, wurdt nei “moat” ynfoege: , mei útsûndering fan it spesjaal ûnderwiis.

 

DD. 

Yn kêst 4.2.9, earste lid, wurdt “ûnder b” ferfongen troch: ûnder a 

Yn kêst 4.2.9, twadde lid, ferfalt “op syn meast” 

Yn kêst 4.2.9, tredde lid, wurdt nei “it subsydzje” ynfoege: as bedoeld yn it earste en twadde lid 

Nei kêst 4.2.9, tredde lid, wurdt in lid tafoege, dat giet sa: 

  • 4.

    De hichte fan it subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.2.2, ûnderdiel c, bedraacht € 1.000 it lesoere.

 

EE. 

Kêst 4.2.10, twadde en tredde lid, ferfalle.

 

FF. 

Kêst 5.1.11, twadde lid, giet sa:

  • 2.

    De hichte fan it subsydzje bedraacht maksimaal 25% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 10.000, as de subsidiabele aktiviteit op syn minst seis dagen duorret, ferspraat oer in perioade fan maksimaal fjirtjin dagen efterinoar en in oantoanbere lokale ekonomyske ympuls teweibringt.

 

 

II.  

  • a.

    Dizze regeling wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it provinsjaal blêd, dêr’t sy yn stiet.

  • b.

    De wiziging fan kêst 3.2.8, fiifde lid, wurket werom oant en mei 19 jannewaris 2017.

Naar boven