Beslút fan 16 mei 2017, mei skaaimerk 01417493, oangeande de fêststelling fan in regeling ta wiziging fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân

Deputearre Steaten fan Fryslân,

mei it each op kêst 1.3, fjirde lid, fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013;

beslute :

de folgjende regeling fêst te stellen;

I.  

Paragraaf 2.7 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân wurdt as neikomt wizige:

 

A.

Yn kêst 2.7.1 wurde de wurden ‘brede programmearring‘ ferfongen troch: brede op it publyk rjochte programmearring.

 

B.

Nei kêst 2.7.1 wurdt ûnder in nij kêst ynfoege, dat giet sa:

Kêst 2.7.1a Begryp meartaligens

Yn ôfwiking fan kêst 1.1, ûnderdiel o, wurdt yn dizze paragraaf ûnder meartaligens ferstien: it brûken fan twa of meardere talen.

 

C.

Kêst 2.7.4 wurdt sa:

Kêst 2.7.4 Oanfraachperioade

In oanfraach foar subsydzje kin fan 1 maaie 2017 oant en mei 31 maaie 2017 yntsjinne wurde en fan 4 oktober 2017 oant en mei 1 novimber 2017.

 

D.

Kêst 2.7.6, ûnderdiel b en d, wurde sa:

  • b.

    de aktiviteit net in iepenbier tagonklike en op it publyk rjochte aktiviteit oanbelanget mei in ferwachte berik fan op syn minst 100 persoanen (al as net tsjin beteljen);

  • d.

    Deputearre Steaten foar dyselde aktiviteit al subsydzje jûn hawwe;

 

E.

Yn kêst 2.7.6, ûnderdiel f wurdt ‘kêst 2.7.9, sânde lid’ ferfongen troch: kêst 2.7.10, tredde lid.

 

F.

Kêst 2.7.9, earste lid, ûnderdiel b, ûnder 3°, wurdt sa:

  • 3.

    ûndernimmerskip: ferhâlding tusken frege subsydzje, ko-finansiering en private ynkomsten, gearwurkingsferbannen mei lokale ûndernimmers, oandacht foar duorsumens, oandacht foar ynnovative ûntwikkelings en oandacht foar marketing en kommunikaasje.

Yn it fiifde lid fan kêst 2.7.9 wurdt ‘ûnderdiel a’ ferfongen troch: ûnderdiel b.

 

G.

Yn kêst 2.7.10, twadde lid, wurdt ‘Keunstwurk’ ferfongen troch: De advyskommisje Lân fan taal.

 

H.

Kêst 2.7.11 wurdt sa:

Kêst 2.7.11 Ferplichtings

Oan de subsydzjeûntfanger wurde yn alle gefallen de folgjende ferplichtings oplein:

de subsydzjeûntfanger set aktuele ynformaasje oer de aktiviteit op it pripboerd foar projekten fan de webside fan Stipe, www.stipe.frl, yn alle gefallen foarôfgeand oan en nei ôfrin fan de aktiviteit;

de subsydzjeûntfanger begjint uterlik yn 2018 mei de aktiviteit.

II.  

Dit beslút wurdt mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it provinsjaal blêd dêr’t it yn stiet fan krêft en wurket werom oant 1 maaie 2017.

Naar boven