Regeling fan 10 jannewaris 2017, mei skaaimerk 01377882, oangeande de fêststelling fan in regeling ta wiziging fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân.

Deputearre Steaten fan Fryslân,

 

mei it each op kêst 1.3, fjirde lid, fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013;

 

beslút:

 

de neikommende regeling ta wiziging fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân fêst te stellen

 

I.  

De Subsidieregeling kultuer en mienskip Fryslân wurdt as neikomt wizige:

 

A.

 

Yn kêst 2.1.11, earste lid, wurdt “binnen in jier” ferfongen troch: binnen twa jier

 

Nei kêst 2.1.6, ûnderdiel c., wurdt in ûnderdiel ynfoege, mei de neikommende tekst:

 

  • d.

    de aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.1.2 yn ‘e tiid fan ûntfangst fan de oanfraach al foar mear as tweintich prosint klear is.

 

B.

 

Kêst 2.5.7, twadde lid, wurdt as neikomt:

 

  • 2.

    Yn ôfwiking fan it earste lid, bedraacht it subsydzje foar oersetaktiviteiten € 0,10 it wurd, mei in minimum fan € 100 en in maksimum fan € 750.

 

C.

 

Yn kêst 2.6.3 wurdt ‘stichting’ ferfongen troch: organisaasje.

 

Kêst 2.6.7 wurdt as neikomt:

 

Kêst 2.6.7 Hifkingskritearia

Om foar subsydzje yn de beneaming te kommen, wurdt foldien oan de neikommende kritearia:

  • 1.

    Der wurdt gebrûk makke fan it modelkontrakt fan de Groep Algemene Uitgevers en de Vereniging van Letterkundigen of, yn gefal fan in audityf boek, fan in kontrakt dat op it modelkontrakt basearre is.

  • 2.

    De boektitel is net earder yn de foarm dêr’t subsydzje foar frege wurdt, útjûn.

  • 3.

    As de oanfraach in papieren útjefte oanbelanget, wurdt allinne mar subsydzje jûn as de útjefte in minimumoplage hat fan:

    • a.

      250 eksimplaren foar ferhalebondels, fiksje-, non-fiksje-, berne- en jongereinboeken;

    • b.

      100 eksimplaren foar dichtbondels.

  • 4.

    As de oanfraach in papieren útjefte yn in streektaal oanbelanget, wurdt allinne mar subsydzje jûn as de útjefte in minimumoplage hat fan:

    • a.

      125 eksimplaren foar ferhalebondels, fiksje-, non-fiksje-, berne- en jongereinboeken;

    • b.

      50 eksimplaren foar dichtbondels.

  • 5.

    Yn ôfwiking fan it earste lid, kin de oanfreger by syn oanfraach oantoane dat de rjochten fan de auteur op oare wize goed fêstlein binne.

 

D.

 

Nei kêst 3.2.2, ûnderdiel e., wurde twa ûnderdielen, as neikomt, tafoege:

 

  • f.

    moetings, kulturele aktiviteiten en stúdzjedagen op it mêd fan muzyk, dy’t organisearre wurde tusken Frysktaligen en bûtelânske minderheidstaalgroepen.

  • g.

    it organisearjen fan in kulturele aktiviteit foar âlderen fan 65 jier en âlder.

 

Yn kêst 3.2.7, wurdt nei it fjirde lid, in lid tafoege, mei de tekst:

 

  • 5.

    Foar de aktiviteiten bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder g:

    • a.

      de aktiviteit hat in boppelokaal belang;

    • b.

      de aktitiveit is iepenbier tagonklik

    • c.

      de oanfraach moat komponinten fan de neikommende wearden hawwe:

      • 1°.

        yntergenerasjoneel: oerdracht tusken generaasjes;

      • 2°.

        sûnens en wolwêzen: kwaliteit fan libjen, fysyk en mentaal;

      • 3°.

        maatskiplike partisipaasje: mei dwaan en mei dwaan bliuwe yn de mienskip, ynteraksje en sinjouwing.

 

Kêst 3.2.8 wurdt as neikomt:

 

Kêst 3.2.8 Subsidiabele kosten

  • 1.

    Útsein it fêststelde yn kêst 1.10 fan de ASV en de kosten sa’t dy yn kêst 3.2.9 neamd binne, komme alle kosten, foar safier needsaaklik en adekwaat, foar subsydzje yn de beneaming.

  • 2.

    Foarsafier’t leankosten foar subsydzje yn ‘e beneaming komme, wurde de kosten op basis fan it brutolean berekkene neffens de leanstaat fan de oanbelangjende meiwurker, ferhege mei de wetlike of op grûn fan in cao ferplichte opslaggen foar sosjale lêsten, sa bedoeld dat útgien wurdt fan 1.650 produktive oeren jiers by in 40-oerige wurkwike.

  • 3.

    Foarsafier’t it giet om aktiviteiten as bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder e., binne yn ôfwiking fan it earste lid, de neikommende kosten, foar safier’t needsaaklik en adekwaat, subsidiabel:

    • a.

      kosten foar de organisaasje fan ynternasjonale kontakten op it mêd fan de twataligens yn Fryslân, oant in maksimum fan € 2.250;

    • b.

      kosten, makke troch fertsjintwurdigers fan organisaasjes yn Fryslân, dy’t yn it ramt fan ynternasjonale útwikseling nei minderheidstaalgebieten yn it bûtelân geane, oant in maksimum fan € 750.

  • 4.

    Foarsafier’t it om aktiviteiten as bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder f., giet, binne yn ôfwiking fan it earste lid, de kosten foar de organisaasje fan in kulturele moeting tusken minderheidstaalgroepen op it mêd fan muzyk, foar safier needsaaklik en adekwaat, subsidiabel, oant in maksimum fan € 20.000.

  • 5.

    Foarsafier’t it giet om aktiviteiten as bedoeld yn kêst 3.2.2. ûnder g., binne yn ôfwiking fan it earste lid, foar safier needsaaklik en adekwaat, de kosten foar de organisaasje fan de aktiviteit subsidiabel, oant in maksimum fan € 4.000.

 

Kêst 3.2.10 wurdt as neikomt:

 

Kêst 3.2.10 Subsydzjehichte en kofinansiering

  • 1.

    De hichte fan it subsydzje as bedoeld yn kêst 3.2.2., ûnder a. oant en mei d. bedraacht maksimaal 90% fan de totale subsidiabele kosten oant in maksimum fan:

    • a.

      € 1.000 foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder a.;

    • b.

      € 2.000 foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder b. en c.;

    • c.

      € 1.000 foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder d.

  • 2.

    De hichte fan it subsydzje as bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder e., bedraacht 100% fan de op grûn fan kêst 3.2.8, tredde lid, yn de beneaming kommende subsidiabele kosten.

  • 3.

    De hichte fan it subsydzje as bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder f., bedraacht 100% fan de op grûn fan kêst 3.2.8, fjirde lid, yn de beneaming kommende subsidiabele kosten.

  • 4.

    De hichte fan it subsydzje as bedoeld yn kêst 3.2.2 ûnder g., bedraacht 50% fan de op grûn fan kêst 3.2.8, fyfde lid, yn de beneaming kommende subsidiabele kosten.

  • 5.

    Troch Deputearre Steaten beskikber stelde provinsjale middels kinne net as kofinansiering opfierd wurde by it krijen fan subsydzje op grûn fan oare provinsjale regelings.

 

E.

 

Nei kêst 3.3.6, ûnderdiel e., wurde twa ûnderdielen tafoege, mei de neikommende tekst:

 

  • f.

    oan de oanfraach by de oardering as bedoeld yn kêst 3.3.8, twadde lid, minder as 21 punten takend binne;

  • g.

    oan de oanfraach by de oardering as bedoeld yn kêst 3.3.8, tredde lid, minder as 15 punten takend binne.

 

Kêst 3.3.8 wurdt as neikomt:

 

Kêst 3.3.8 Ferdielsystematyk

  • 1.

    Deputearre Steaten oarderje de foar subsydzjeferliening yn de beneaming kommende folsleine oanfragen sa dat in oanfraach heger oardere wurdt nei’t dy mear foldocht oan de oanbelangjende hifkinskritearia yn ferhâlding ta de oare oanfragen.

  • 2.

    Oanfragen as bedoeld yn kêst 3.3.2, ûnderdiel a., wurde oan de neikommende hifkingskritearia hifke:

    • a.

      it nivo fan artistike kwaliteit fan de aktiviteit, mei it each op:

      • 1°.

        oarspronklikens: de eigenheid en de werkenbere artistike sinjatuer fan de produksje;

      • 2°.

        sizzenskrêft: yn hoefier sprekt de aktiviteit it publyk oan en witte de makkers it publyk te reitsjen, prikeljen of ferrassen.

    • b.

      it nivo fan ûndernimmerskip, mei it each op;

      • 1°.

        yn hoefier’t der sprake is fan finansjele bydragen út de merk;

      • 2°.

        de kwaliteit fan it marketing- en publisiteitsplan.

    • c.

      it nivo fan de útfieringspotinsje, mei it each op:

      • 1°.

        de kwaliteit van het projektplan;

      • 2°.

        de strategy om de produksje ta feitlike útfiering komme te litten;

    • d.

      yn hoefier’t de produksje bydraacht oan it ferskaat fan it oanbod fan produksjes yn Fryslân.

  • 3.

    Oanfragen as bedoeld yn kêst 3.3.2, ûnderdiel b., wurde hifke oan de neikommende hifkingskritearia:

    • a.

      de artistike kwaliteit fan de aktiviteit, mei it each op:

      • 1°.

        oarspronklikens: de eigenheid en de werkenbere artistike sinjatuer fan de produksje;

      • 2°.

        sizzenskrêft: yn hoefier sprekt de aktiviteit it publyk oan en witte de makkers it publyk te reitsjen, prikeljen of ferrassen.

    • b.

      it nivo fan de útfieringspotinsje, mei it each op:

      • 1°.

        de kwaliteit fan it projektplan;

      • 2°.

        de strategy om de produksje ta feitlike útfiering komme te litten.

  • 4.

    Foar elk yn it twadde en tredde lid neamde kritearium wurde maksimaal 5 punten takend op in skaal fan 0 oant en mei 5.

  • 5.

    Foar de yn it twadde en tredde lid bedoelde oardering weagje de hifkingskritearia like swier.

  • 6.

    De troch Deputearre Steaten ynstelde advyskommisje Kultuer advisearret oer de oardering fan de oanfragen.

  • 7.

    Op de advyskommisje is it Reglemint foar de Advyskommisje Kultuer fan tapassing.

  • 8.

    Deputearre Steaten ferpartsje it beskikbere bedrach yn de folchoarder fan de oardering. Foarsafier’t troch it jaan fan subsydzje, foar oanfragen dy’t like heech oardere binne, it subsydzjeplafon te boppe gien wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

  • 9.

    Der is gjin oardering as it bedrach fan it te ferlienen subsydzje fan de foar subsydzjeferliening in de beneaming kommende folsleine oanfragen leger is as it troch Deputearre Steaten fêststelde subsydzjeplafon.

 

Kêst 3.3.11 wurdt as neikomt:

 

Kêst 3.3.11 Subsydzjehichte

  • 1.

    De hichte fan it subsydzje as bedoeld yn 3.3.2, ûnderdiel a., bedraacht 50% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 20.000.

  • 2.

    Yn ôfwiking op it foargeande lid bedraacht it subsydzje foar in Frysktalige toaniel- of muzykproduksje 75% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 20.000.

  • 3.

    De hichte fan it subsydzje as bedoeld yn 3.3.2, ûnderdiel b., bedraacht 50% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum van € 10.000.

 

F.

 

Nei paragraaf 3.6 wurdt in nij paragraaf tafoege, mei de neikommende tekst:

 

Paragraaf 3.7 Kulturele fernijing

 

Kêst 3.7.1 Doel

It subsydzje hat as doel in ferskaat en fernijend kultureel produksjeklimaat yn Fryslân ta stân te bringen, om dêrmei de artistike ûntwikkeling fan makkers te befoarderjen en nije ideeën of inisjativen ta stân komme te litten.

 

Kêst 3.7.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar it ta stân bringen fan:

  • a.

    in aktiviteit dy’t in ynhâldlike, programmatyske, febining tusken kultuer en in oare sektor befettet, sadat dy sichtber bydraacht oan in nije ferbining of nije ferbinings tusken sektoaren, lykas technology, wittenskip en ekonomy;

  • b.

    in aktiviteit dy’t in dwersferbân befettet fan byldzjende keunst, nije media en/of design mei in oare disipline, sadat dy sichtber bydraacht oan (in) nije ferbining(s) tusken disiplines, lykas dûns, literatuer, muzyk.

 

Kêst 3.7.3 Doelgroep

  • 1.

    Subsydzje wurdt allinnich oan rjochtspersoanen mei folslein rjochtsfoech beskikber steld.

  • 2.

    Der wurdt gjin subsydjze beskikber steld oan rjochtspersoanen dy’t in boekjiersubsydzje fan de provinsje krije, of it moat wêze dat se as projektpartner diel útmeitsje fan in gearwurkingsferbân, wêryn’t sy net it grutste finansjele oandiel yn de projektkosten hawwe en net de haadoanfreger binne.

 

Kêst 3.7.4 Oanfraachperioade

In oanfraach foar subsydzje kin yn in troch Deputearre Steaten fêststelde oanfraachperioade yntsjinne wurde.

 

Kêst 3.7.5 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

    de hichte fan it frege subsydzje net yn ferhâlding is mei de resultaten dy’t hja foar eagen hawwe fan it projekt.

  • b.

    der in terjochte reden bestiet, dat de aktiviteit yn organisatoaryske, technyske, finansjele of ekonomyske sin net te heljen is.

  • c.

    der in oare provinsjale subsydzje foar de aktiviteit beskikber steld is.

  • d.

    de oanfraach bûten in yn kêst 3.7.4 bedoelde oanfraachperioade ynkommen is.

 

Kêst 3.7.6 Hifkingskritearia

  • 1.

    Om foar subsydzje yn de beneaming te kommen as bedoeld yn kêst 3.7.2 ûnder a., wurdt oan de neikommende kritearia foldien:

    • a.

      der is in ynhâldlike, programmatyske, ferbining fan de sektor kultuer mei op syn minst ien oare sektor; en

    • b.

      de aktiviteit kin yn de provinsje Fryslân as fernijend sjoen wurde as bedoeld yn oanpak, gearwurkingsferbannen, foarm of produkt-merkkombinaasjes.

  • 2.

    Om foar subsydzje as bedoeld yn kêst 3.7.2 ûnder b. yn de beneaming te kommen, wurdt oan de neikommende kritearia foldien:

    • a.

      der is in ynhâldlike, programmatyske, ferbining fan de disipline byldzjende keunst, nije media of design mei op syn minst ien oar disipline; en

    • b.

      de aktiviteit kin yn de provinsje Fryslân as fernijend sjoen wurde as bedoeld yn oanpak, gearwurkingsferbannen, foarm of produkt-merkkombinaasjes.

 

Kêst 3.7.7 Subsidiabele kosten

Foar safier’t needsaaklik en adekwaat, komme alle kosten foar subsydzje yn de beneaming, útsein de kosten neamd yn kêst 3.7.8.

 

Kêst 3.7.8 Net subsidiabele kosten

De neikommende kosten komme net foar subsydzje yn ‘e beneaming:

  • a.

    reis- en ferbliuwkosten;

  • b.

    kosten foar it oanskaffen fan apparatuer;

  • c.

    buro- en organisaasjekosten;

  • d.

    marketing- en publisiteitkosten;

  • e.

    net spesifisearre kosten.

 

Kêst 3.7.9 Subsydzjehichte en kofinansiering

De hichte fan it subsydzje bedraacht 75% fan de totale subsidiabele kosten, oant in maksimum fan € 5.000.

 

Kêst 3.7.10 Ferdielsystematyk

  • a.

    Subsydzje foar aktiviteiten as bedoeld yn kêst 3.7.2, wurdt ferparte op folchoarder fan datum fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen, wêrby’t de datum dat de oanfraach folslein is, jildt as datum fan ynkommen.

  • b.

    Foarsafier’t troch it jaan fan subsydzje foar folsleine oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafon te boppe gien wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan de oanfragen troch lotsjen fêststeld.

 

Kêst 3.7.11 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

Oan it jaan fan subsydzje wurdt yn elk gefal de ferplichting ferbûn dat de aktiviteit in jier nei de datum fan de subsydzjefêststelling útfierd is.

 

Kêst 3.7.12 Prestaasjeferantwurding

  • 1.

    It subsydzje wurdt fêststeld sûnder dat oan de beskikking ta subsydzjefêststelling in beskikking ta subsydzjeferliening foarôf giet.

  • 2.

    De subsydzjeûntfanger toant, as der nei frege wurdt, nei in yn de beskikking neamde termyn, oan dat de aktiviteit, dêr’t subsydzje foar beskikber steld is, west hat, troch it oerlizzen fan in ynhâldlik ferslach of fan uterings yn de media.

 

G.

 

De kêsten 4.1.13 en 4.1.15 ferfalle.

 

H.

 

Kêst 4.2.6, earste lid, ûnderdiel d., wurdt as neikomt:

 

  • d.

    de groepsgrutte yn de learjierren 2 vmbo, 2 en 3 havo en 2, 3 en 4 vwo foar it fak Frysk is op syn minst tsien learlingen, útsein aktiviteiten dy’t it fuortset spesjaal ûnderwiis as bedoeld yn de Wet op de expertisecentra oanbelangje.

 

I.

 

Nei kêst 5.1.11 wurdt in kêst ynfoege, mei de neikommende tekst:

 

Kêst 5.1.12 Steatsstipe

  • 1.

    Subsydzjes as bedoeld yn kêst 5.1.2, ûnderdielen a. en b. wurde beskikber steld mei tapassing fan de de-minimisferoardering.

  • 2.

    De oanfreger follet in de-minimisferklearring yn om fêst te stellen oft it subsydzje mei tapassing fan de-minimisstipe beskikber steld wurde kin.

  • 3.

    It foardiel mei tapassen fan de de-minimisstipe mei nea heger wêze as € 200.000 oer in perioade fan trije belestingjierren de selstannige ûndernimming en moat oars ek foldwaan oan de betingsten foar de de-minimisstipe.

  • 4.

    De yn dit kêst neamde de-minimisstipe giet om it bruto subsydzje-ekwivalint, lykas omskreaun yn de de-minimisferoardering.

 

 

II.

 

  • 1.

    Dizze regeling wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it provinsjaal blêd dêr’t er yn stiet.

  • 2.

    It taheakken fan kêst 5.1.12 (part I) wurket werom oant 2 jannewaris 2017.

Naar boven